Eric Hoekstra

De ferbining hersteld.

Resinsje fan Johannes Spyksma 'It bêste lân fan 'e ierde. Oer Fryslâns leefberheid.' Koperative Utjowerij, Easterein.

1. De ferbining ferbrutsen.

Daalks nei de Twadde Wrâldkriich kaam Fedde Schurer yn de Tsjerne mei it artikel 'De ferbining ferbutsen'. Yn dat artikel stelde er dat de Fryske literatuer him losmeitsje moast fan de Fryske Beweging. It wie, soe men sizze kinne, in emansipatwaar artikel. Tenei soe de keunst net langer de tsjinstfaam fan de Fryske Beweging wêze. En dat is in goed ding. Mar troch de krinkelgongen fan tiid en kultuer is der yn de lêste fyftich jier in sitewaasje ûntstean dat literatuer him net allinnich net bekroadet om polityk, en amper om maatskiplike kwestjes. En dat is raar. Wêrom soe de keunst systematysk beskate tema's mije? It is oan de iene kant net goed as de keunst de tsjinstfaam fan religy of fan in Beweging is. Mar it is oan de oare kant ek net goed as de keunst systematysk swijt oer beskate tema's. En dat is no it gefal, hjoeddedei, no't skriuwers net skriuwe oer polityk, maatskippij en oer it ginneraal net oer de Macht. Keunst moat oeral oer gean meie. Dy bangens foar polityk en besibbe saken kin ik mei anekdoaten yllustrearje. Doe't Giphart yn de Harmony wie, waard er frege nei syn politike foarkar, allinne mar lofts of rjochts waard nei frege, mar sels dêr woe er gjin andert op jaan. Syn goed rjocht, dêr net fan, mar it yllustrearret it taboe op polityk dêr't skriuwers ûnbewitten oan konformearje. Oan de oare kant binne der ek tekenen dat de tiid oan it feroarjen is. Geert Mak hat okkerdeis in pamflet útbrocht (mei de sloppe titel 'Gedoemd tot kwetsbaarheid') dat in flamjende oanklacht is tsjin de hjoeddeistige, rjochtse kleikultuer dy't al mar oan trochsangeret oer regels en allochtoanen. Mak is fansels part fan de kontrakultuer dy't dêre wer al mar oan oer trochsangeret. Yn Mak ha wy dan in skriuwer dy't him dat út nei polityk en maatskippij ta beweecht. Yn Spyksma ha wy it tsjinoerstelde: in politikus dy't him dat út nei de literatuer en it essayistyske ta beweecht. Spyksma siet nammentlik foar de PvdA yn Provinsjale Steaten. Nei skeel gie er allinne as ienmansfraksje troch. Fierder hat er ek noch dosint maatskippijlear west.

2. Essays

'It bêste lân fan de ierde' befettet 21 koarte stikjes om it tema leefberheid hinne. Se binne útkommen yn de ûnfolpriizge DOKURIGE fan de Q, in rige dy't der op út is en wês in klankboerd foar yntellektueel Fryslân. Yn de yntinsjeferklearring hjit it alteast: 'de teksten beslane in wiid fjild: wittenskip, polityk, maatskippij, keunst, kultuer, taal en literatuer.' Dat, oan ambysje gjin gebrek, en it is goed dat der sokke foarums besteane om te behinderjen dat yntellektuelen en tinkers fermeald wurde ta de ienheidswurst dy't naivere sielen de maatskippij oanprate wolle. Spyksma syn stikjes binne helder skreaun. Mar benammen oan it begjin fan de stikjes is gauris te fernimmen dat er ek dosint maatskippijlear west hat, en in protte soksoartige boeken lêzen hat. Sawol sokke literatuer as sokke lessen begjinne gauris mei in heap gemienplakken, sâltleaze abstraksjes en iepen doarren. Ik fûn benammen de stikjes oan it begjin swak. Nim bygelyks de earste sin fan 'Wy Friezen':

De omstannichheden dy't op de leefberheid fan Fryslân ynwurkje, ha fansels ek te krijen mei it hâlden en dragen fan de provinsjebewenners.

Ja fansels. Gjin spetterjend begjin. Of de earste sin fan 'Fan 't iene nei 't oare':

Nei it foargeande docht him fansels de fraach foar ynhoefier't de tastân fan de leefberheid yn de provinsje Fryslân mear en better oan de trije yn it foargeande haadstik brûkte leefberheidsmjitstêven beänderje kin.

It koe sa yn in learboek, wylst it jongfolk ferfeeld nei bûten sjocht, en it is ek net de manier om lêzers yn te nimmen. De titels fan de haadstikjes binne ek net altyd like sterk. In goede titel is idealiter tagelyk in slogan en it jout in yndikaasje fan de ynhâld. Myn favorite foarbyld is 'Jenseits von Gut und Böse (Oarekant Goed en Kwea). Fansels kin it titel net altiten sa moai en helder wêze. Spyksma hat oars ek wol sprekkender haadstiktitels: 'Fryslân is syn skiednis', 'Wat minsken bynt' en 'de natuer as partner' sprekke daalks en krieme koart. It is fansels karakteristyk foar in politikus dat er nuet begjint. Politisy wolle ommers sa lang mooglik oan it wurd bliuwe. Hoe langer se prate, hoe mear de wjerstân tsjin har ideeën, troch wurgens by de harkers, ôfnimt. En nuetens ropt gjin wjerstân op: alsa ferriedt Spieksma syn skriuwwize de politikus yn him.

Hoewol't it begjin faak wat nuet wie, waarden de stikjes mei't men trochlêst wol hieltyd nijsgjirriger. En it is ek moai om te sjen hoe't in politikus syn fisy besiket op hieltyd nije mêden stal te jaan, likefolle oft it no om wurk of natuerbehâld giet. Fierder is it sa dat der ek in protte feiten yn steane dêr't ik fan tink, dy soene wol algemien bekend wêze meie. Foarbylden. Aart Jan de Geus sei yn 2003 dat de oplossing foar de grutte wurkleasheid fan Friezen is dat se nei de Rânestêd ferfarre. Prachtich feit. Spyksma springt dêr nei myn smaak net genôch boppe op. It makket dúdlik dat de belangen fan Fryslân net yn Den Haach behertige wurde (mar men kin der ek foar kieze en jou it begryp Fryslân op, en sjoch it gewoan as in willekeurich stikje grûn yn wat net willekeurich is, NEDERLAN). De hiele problematyk fan Fryslân fersus Rânestêd, dy't oeral op de eftergrûn meispilet, giet Spyksma net op yn, mar dat is ek net it direkte ûnderwerp fan syn boek.

Leefberheid is it sintrale tema. En dat betsjut foar Spyksma hiel wat oars as foar in bedriuwsmanager dy't op syn fjirtichste 'binnen' wêze wol. Spyksma hat as ideaal in frijwat koperative mienskip, dêr't de minsken goed foarinoar soargje. Yn sa'n mienskip kin men lykwols ek net 'binnen' wêze op jins fjirtichste. En de koperative mienskip sil fansels ek syn kontroleurs nedich wêze, plak dêr't de lytse diktatorkes har tige thúsfielle sille. Oan de oare kant, as men der net nei stribbet en meitsje de wrâld better, wurdt er minder; safolle ha wy fan de njoggentjinde ieu wol leard.

By dy leefberheid heart ek, faak wat ymplisyt, de fizy dat minsken rjocht op in goede bân ha moatte mei wat se produsearje, in marksistysk idee. De essinsje fan alle kapitalistyske 'útbuting' is dat direkteuren de produkten fan de arbeiders stelle (= foar in prikje keapje) en der sels troch spekulaasjes en manipulaasjes ryk mei wurde. Dat is Marx syn analyse yn in nutedop, en dy is ymplisyt yn Spyksma syn stikken. Dêr hie er om my wol eksplisiter wêze meien. Marx syn analyse is korrekt, mar in oplossing hat er net: it yninoar klappen fan it kommunisme makket dat nochris dúdlik. By Spyksma miste ik ek wat de heldere oplossingen. De probleemstellingen binne almeast korrekt, faak foarsjoen fan niujsgjirrige feiten en somtiden sifers, mar der wurde net folle kreative oplossingen útsteld. Gauris rint it út op in ferwizing nei in boek dêr't ferslach fan in eksperimint earne yn it bûtenlân dien wurdt. Frijwat frijbliuwend en ûnbefredigjend. Dokter Spyksma stelt goeie diagnoazes, mar foar it better wurden ferwiist er nei de hânboeken. Dat lit lykwols ûnferlet dat de diagnoazes steld binne. En de polityk-maatskiplike kwestjes dy't besprutsen wurde binne neffens my kwestjes dêr't elke himsels respektearjende Fryske boer en yntellektueel him djipper op ynlêze moat as krantenivo. Dy't gjin tiid hat, slacht de krante marris in wike oer, en lêst yn dy snuorje it boek fan Spyksma mar!

De ferbining wersteld.

De ferbining ferbrutsen? Nee, de ferbining moat wersteld wurde want polityk-maatskiplike kwestjes binne fiersten te wichtich om oan jachtsjende sjoernalisten en skoarende politisy oer te litten, wat no wenst is. It binne krekt minsken dy't tinke (skriuwers? wittenskippers? wa't himsels ta tinker útropt!) dy't tiid en nocht ha en gean djipper op de dingen yn, of dol de ynformaasje op dy't nedich is om ferstanniger dingen oer maatskiplike kwestjes sizze te kinnen. Alsa kinne Spyksma syn boek en dizze resinsje lêzen wurde as in oprop om de ferbining te werstellen, sûnder te wollen dat literatuer de tsjinstfaam fan de polityk of in emansipaasjebeweging wurdt.