Eric Hoekstra

 

Mear as rekreative smart.

Resinsje fan Bouke van der Hem syn Stille Tochten

 

In resinsint giet ornaris krekt as de Consumentenbond foarby oan ien fan wichtichste aspecten fan in literatuer: hoe hČldt en draacht it produkt him op de lange termyn? By de Consumentenbond hearre wy noait wat oer produkten dy’t mei de tiid oan krźft en populźrens oanwinne. Doe’t ik Bouke syn tredde lies, ‘Stille Tochten”, fernaam ik dat syn twa eardere boeken my noch farsk yn it ěnthČld leine. Krekt as wyn dus: it oantinken oan Bouke syn boeken wint mei de jierren oan krźft, dźr’t oare boeken faak ferblikt of sels folslein fergetten binne.

 

Dźr komt by dat er in orisjinele en werkenbere styl hat. Hy makket fan taal in konsintraat. Mei modieuze frasen en sinyske oerwagings wurde karakters en tiidgeast delset. Yn “Sloppe Opels” wie de sintrale figuer “a hollow man”, in oplichter, dy’t troch in sensibel njonkenpersonaazje sawol bewěndere as (letter) trochsjoen waard. Dy wat ěngemaklike kombinaasje fan bewěndering en sinisme (ferachting) karakterisearret it wurk fan Van der Hem, en makket it nijsgjirrich want skerp en humoristysk analysearjend. It is in lěd dat wy oars net in protte hearre yn de bytiden wat nuete Fryske fertelliteratuer.

 

By Bouke’s twadde, “It poadiumbist”, spile ek wer it kontrast tusken bewěndering en sinisme in rol. Diskear rjochte de sinyske grime syn pylken op de Člde polityk, en waard de bewěndering foar in poadiumbist ferběn mei de bewěndering foar Fortuyn. Dźrmei roerde de skriuwer oan in taboe. Want de trochsneed yntellektueel koe (kin?) net bewěndering foar Fortuyn tajaan sěnder himsels yn de eagen fan de communis opinio běten spul te setten. My komt noch hieltyd it swijen fan myn petearpartners op it wurk yn it sin doe’t ik sei dat ik twa boeken fan Fortuyn lźzen hie. Of de anekdoate fan in famyljelid: hy treau in kunde in boek fan Fortuyn yn ‘e hannen en dy lźste liet it boek mei fysike wearze op de tafel falle, woe it sels net ynsjen. Eins fyn ik dy hČlding ferachtlik, mar tagelyk paste ik yn myn resinsje fan “It poadiumbist” behoarlik wat selssinzuer ta. Ik bin ek in kuddedier.

 

Bouke’s tredde is ek wer ěngemaklik troch de morele fragen en tsjinstellingen dy’t it opropt. Krekt dat makket de auteur yn myn eagen ta in grut skriuwer. “Stille Tochten” is in gefal fan in skiednis dy’t him werhellet.  As teatermakkers oan ‘e haal geane mei it ferhaal fan IJe Wykstra (IJe Wijkstra uit Grootegast / Schoot vier agentjes door de ribbekast) , falle der op ‘e nij deaden. Yn dizze roman krěpt Van der Hem mear as yn eardere romans yn ‘e hěd fan ferskate personaazjes. Dat fěn ik by it frouljusportret net hielendal oertsjěgjend, mar oer it ginneraal kinne skriuwers net maklik yn de hěd fan de oare sekse krěpe. By de stúdzje Ingelsk waard soks as iennichst kritykpunt neamd op melden fan de “great tradition” lykas Lawrence (NOT T.E., mar D.H.) en Joseph Conrad

mar oarsom wie it manljusportret fan (frou) G. Eliot yn Middlemarch ek wer te idealisearjend.

 

Yn dizze roman besiket Van der Hem mear op konvinsjonele wize in ferhaal te fertellen, en dat te dwaan troch de haadpersoanen sels oan it wurd te litten. Der is minder satire en humor as yn syn eardere boeken, de bewěndering en it sinisme binne minder grut. Eins sprekt der allinne in beskate ek wol polityk-korrekte bewěndering foar de sterke frou Alida út.

 

Dochs is it boek wer děbel want Alida wurdt as in idioat delset as men har toanielfragmint lźst. Dat moat toaniel wźze, mar der komt amperoan dialooch yn foar, it is ien grutte egotripperij, dy’t neat mei IJe Wijkstra te krijen hat. It is wat ěngebrěklik dat sy, objekt fan ymplisite satire, op oare plakken ophemele wurdt as sterke frou, krekt foar’t se slachtoffere, want fermoarde, wurdt. Mar krekt dy ěngebrěklike psychologyske bewegingen fassinearje, krekt omdat se ěngebrěklik binne. Is se no wier in ‘sterke’ frou of is se in egotripper? O de ambiguēteiten fan it bestean en fan de ynterminsklike gemy. En hoe’t ien syn moraal en ynskatting fan oaren troch syn aard en eigenbelang beskaat wurde … feit bliuwt lykwols dat memmejonkje Joop Zwart in ordinźre moardner wurdt, en Alida tragysk slachtoffer.

 

Dat wurdt allegear ferpakt yn sźnes mei in protte humoristyske en sinyske skokeffekten. In moaie fěn ik dizze. Skriuwer Gjalt van der Meer sil oer IJe Wijkstra skriuwe en noteart (23-24):

 

Ik notearje: IJe Wijkstra heart minsken op it hiem omskaaien, hy krěpt oer jammerjende Aaltsje hinne de bedstee út, nimt syn wapen, laadt it troch, rint nei de doar dźr’t roppen wurdt fan ‘folluk, wy sille dy by Aaltsje weihelje’, hy docht it rútsje iepen, de pet fan in plysje ferskynt en hy rekket him tusken de eagen, dea. Hy nimt de efterdoar en by syn slach om it hěs hinne sjit er de oare plysjes del, de lźste wit út de sleat wei noch werom te sjitten, doe’t IJe even stroffele en foel, hy ferwěnet IJe en krijt dźrnei dus it genedeskot én de hals trochsnien.

Mar hjir kin ik fierders neat mei, sorry dat ik it sa sis: dat is te gewoan, deagewoan.

 

Dat is te gewoan, yndie! It wrČldsk sinisme fan ús tiid slacht sa alle Člderwetske krante- en doarpssensaasjesucht dea. Ik moast laitsje om dy hommelse feroaring fan perspektyf. It is wier: goed en kwea is ek in kwestje fan perspektyf. Dy’t de emoasje net fielt, hoecht ek net te gělen.

 

Hiel sinysk is ek de ein fan it boek, mar dat sil ik fierder net ferklappe. Maatskippijkrityk, licht as in fearke, ěntbrekt ek net. It heucht de wethČlder dat Wijkstra, swier ferwěne, by in sikehěs oankomt (68):

 

oant er oankaam dźre by it roomske sikehěs en ôfpoeiere waard, want der wie gjin ferwiisbriefke fan de húsdokter

 

De wethČlder tinkt dan:

 

En no betink ik der as beliedsferantwurdlike noch by: doe ek al in burokratyske tizeboel yn ‘e gesondheidssoarch!

 

Van der Hem is op syn bźst as er de draak stekt mei sokke selsfoldiene figueren, en mei de sinikus dy’t yn ús moderne minsken allegear skělet, wy kalkulearjende boargers dy’t troch de media folslein ěngefoelich foar ellinde wurden binne. Fanút dat sinysk fiellen wurdt troch de wethČlder ek in deadlik ferbaal skot ôffierd op it ferskynsel fan de stille tochten (72):

 

Nee, sokke tochten: rekreative smart, oars net!

 

Tsja, fysyk geweld leit yn de taboesfear; namste mear bekweadigje wy ús oan subtyl ferbaal geweld. Mar stroffelt men oer in ěnnoflike wierheid, dan moat men, nei dy wierheid efkes besjoen te hawwen, tsjin jinsels sizze (111):

 

Gau hjirwei.

 

Dit boek is wer in echte Van der Hem. Humoristysk, ‘subtly disturbing’, ‘food for thought’: hy begjint no al yn it ěnthČld te rypjen.