TANKWURD dr. ERIC HOEKSTRA by it winnen fan de dr. Obe Postma priis, 8 oktober 2002, Ljouwert.

Alderearst tige tank foar jim oanwêzigens.
Lit my begjinne mei de omstannichheden te beskriuwen doe't ik it nijs fan 'e priis hearde.
It wie op in woansdeitemiddei, en ik siet der aardich trochhinne. Ik hie e-mail krigen fan 'e resepsjoniste dat ik Bertus Mulder werom belje moast. No hie ik kontakt hân mei de Provinsje oer in grut kompjûterprojekt. Allinnich wie net Bertus Mulder mar Frâns Kuipers dêr mei anneks. Dat ik tocht, soe Mulder him no mei dat kompjûterprojekt dwaande hâlde? Oare gedachten hie ik net.
Dat doe't ik lang om let mei Mulder prate, kaam it my as in folsleine ferassing oer it mad dat ik de Obe Postma priis wûn hie. Hy stelde my ek noch de fraach: "nimme jo de priis oan?" Fansels nim ik dy priis oan. Ik wie suver misledige, mar Mulder lei my út dat soks altyd frege wurdt, yn ferbân mei it al of net organisearjen fan de plechtichheid fan 'e priisútrikking sels. En it skynt net ûngewoan te wêzen dat in skriuwer in priis wegeret.
Guon minsken kinne har net yntinke dat men Nietzsche oerset. Se sykje der wat achter. Se tinke dat it idealisme is. Idealisme te'n geunste fan it Frysk. Of se tike dat it sosjale ambysje: in filosoof hat status, dus set mar in filosoof oer. Ik kin allinnich mar herhelje wat ik yn it neiwurd by de Nietzsche-oersetting skreau: "it wie willewurk". Nietzsche is ommers myn favorite skriuwer en filosoof, yn feite myn learmaster. It Frysk is myn favorite taal. Oersette is ien fan myn favorite beuzichheden. Wat leit dan mear foar de hân as dat ik Nietzsche oerset. Ik daagje elkenien út: ha jo in favorite skriuwer, en binne jo serieus, set dy favorite skriuwer dan oer.
Ik ha by in lêzing fan it skriuwersbûn, dy't lêzen wurde kin op de ynternetside fan it tydskrift Kistwurk, al ris sein dat oersettingen yn it Frysk oan de krapper ein komme. Dat is oer de hiele liny wier. It mei makliker wêze om in roman yn it Frysk te publisearjen as yn it Hollânsk. Mar foar in oersetting is dat krekt oarsom. It is makliker om in oersetting yn it Hollânsk publisearre te krijen as yn it Frysk. Sels in oersetting fan in bestsellerauteur lykas Stephen King of Dean Koontz kriget men yn it Frysk hast net printe. Henk Wolf sutelt bygelyks al skoften mei in oersetting fan Dean Koontz.
As it sa dreech is en krij in oersetting publisearre, hoe komt it dan dat de Nietzsche oersetting al publisearre waard? Ik ha stom gelok hân. Gelok dat Louw Dijkstra (dy't tegearre mei Robert Seton Utjouwerij Bornmeer foarmet) oait noch in dissertaasje skriuwe soe oer de ynfloed fan Nietzsche op ekspresjonistyske keunstners. Dy dissertaasje is net troch gongen mar yn plak dêrfan hat Louw tegearre mei Robert Seton de Friese oersetting fan 'Also Sprach Zarathustra' útjûn.
Fierders ha wy geluk hân dat de subsydzjejouwers niget oan it projekt hiene. Wy ha rynske stipe krigen fan de Provinsje, de Douwe Kalma Stifting en it Jukema-Siderius fûns. Sadwaande koe ek master-foarmjouwer Gertjan Slagter ynhierd wurde foar de foarmjouwing. Gertjan hat in prachtich boek ôflevere, sa't elkenien sjen kin by de útstalling fan It Fryske Boek, dêr't de oersetting te keap leit. Kwa oersetting sels wol ik op dit plak ek in spesjaal wurd fan tank útsprekke oan de korrektoaren, en yn it bysûnder oan Jantsje Post. Dy hat my foar in protte falske Dútske freonen behoede.
De wrâld fan krante en sjoernaal, dus de wrâld dêr't deistige petearen oer geane, is my frjemd. Ik sil nea begripe wat ik mei in slûpskutter yn New York te krijen ha, of in ramp mei in fearboat op in plak hjir fier wei. De kar fan ûnderwerpen yn de krante liket my faak arbitrêr. En de diskusjes yn 'e krante en yn 'e maatskippij benearje my om't der suver gjin romte foar ôfwykjende tinkbylden is.
Dan is in oersetting fan in klassyk boek in útkomst. Ynienen blike der hiele oare mieningen mooglik en tastien te wêzen. Wurken út oare tiden en kultueren meitsje jins blik breder. En dêrom ha ik mei Henk Wolf en Siebren de Boer in stichting oprjochte dy't oersettingen fan klassike wurken permanint op Ynternet en as boek beskikber meitsje wol: de Stichting Elektroanyske Letteren Fryslân, dy't de Utopia fan Thomas More en de Lof fan de Healwizens fan Erasmus (beide oerset troch Brouwer), útbrocht hat. Fierders beheart de Stichting ELF ek seis oare oersettingen útkommen by oare útjouwerijen. Al dy 8 boeken op de webside fan de Stichting ELF binne sawol op Ynternet te besjen as as boek te bestellen.
Yn dat ramt woe ik as fertsjintwurdiger fan 'e Stichting ELF it neikommende plan nei foaren bringe. Alle jierren komt der in macht oan Fryske boeken út. Wat bart dêrmei? Se lizze trije jier yn 'e boekhannel en dêrnei binne se útferkocht en allinnich mei geluk antykwarysk te besetten. No wurkje útjouwers tsjintwurdich digitaal. Belangrike fraach is no: Wat bart der mei de digitale ferzje fan al dy Fryske boeken dy't ferskine. No, dy ha foar de útjouwer gjin doel mear, dat dy digitale ferzjes fan boeken fertutearzgje, ferdwine, reitsje yn it ûnleech.
No myn idee: soe it gjin goede saak wêze as alle útjouwers har digitale boeken nei in sintrale ynstânsje stjoerden? Dy ynstânsje kin dan de digitale ferzjes fan boeken beheare en bewarje. Dy ynstânsje kin, as de auteur en de útjouwer it tasteane, de digitale ferzje op Ynternet sette. As it boek op Ynternet stiet, is it beskikber foar wittenskiplik ûndersyk (literêr, sosjologysk, taalkundich, kultureel). As it op Ynternet stiet kin it algemien brûkt wurde foar edukative doeleinen. En it is beskikber foar sneupers.
Mei de technyk fan printing-on-demand kinne sokke boeken op Ynternet eventueel sels as papierren boek útdraaid en ferkocht wurde. Op dit stuit wurde digitale ferzjes fan boeken lykwols net beheard. En dus is in ûntyglike soad wurd fan útjouwers en skriuwers gewoan ta weismiten keard om't dy digitale fersjes net beheard wurde. De Stichting Elektroanyske Letteren Fryslân kin sa'n taak net oan, en dy beheint him ta oersettingen. Mar miskien is it in idee dat grutte Fryske ynstânsjes har ris op dit idee beriede. Enfin, ik lis it idee hjir oan jim foar, om it, om it sa mar te sizzen, yn de weak te lizzen want der moat earst ris goed oer neitocht wurde fansels.
Dêrmei kom ik oan de ein fan myn tankwurd. Ik woe de Provinsje, har fertsjintwurdigers en de oanbelangjende kommisjeleden betankje dat sy my de Obe Postmapriis taskikt ha. De priis hat in enoarme stimulearjende wurking op my. Ik bin fêst fan doel fierder te gean mei it oersetten fan Nietzsche en it útjaan fan klassike oersettingen. Wat Nietzsche oanbelanget, kin ik sizze dat ik twa manuskripten fan oersettingen net yn de kast mar yn de kompjûter lizzen ha: Götzendämmerung, oerset as "Twiljocht foar de Ofgoaden" en "Jenseits von Gut und Böse" oerset as "Oarekant Goed en Kwea". Nochrisom ik tank jim allegear foar de priis en foar jim oanwêzigens.

[]