Eric Hoekstra

Boekbesprek
Jelke Bos "Tinzen oer it libben en oer de dea". Koperative Utjouwerij, 2001. 77 siden. E 8.85

"Tinzen oer it libben en oer de dea" is de filosofyske delslach fan in hûnelibben. It boartlike en dochs serieuze boekje is skreaun troch Jelke Bos, in Labrador. In foto fan 'e auteur pronket de omslach fan it boekje op.

Doe't ik begûn te lêzen, tocht ik op side 10, dy styl komt my bekend foar. En ek de ynhâld. As de bern meilijen mei hûn Jelke sjen litte om't er hast fersûpt is, moat Jelke daalks grof wurde ("Soal op, meitsje jim húswurk, doch wat nuttichs"). Ik werkoe daalks de stereotype Fryske reaksje op sentimint en sei tsjin mysels: "Jelke Bos de skriuwer? Nee, dit koe wolris in pseudonym fan rûge bast geve pit Riemersma wêze". Ynearsten like it derop dat de bibliografyske gegevens my gelyk joegen: copyright Tr. Riemersma, Frjentsjer. Mar de ynhâld fan it boekje sels sprekt dat tsjin:

"Mar mei it publyk meitsjen fan dizze oertinkingen ferklap ik dochs mysels en alle oare hûnen, miene jim? Welnee, jim leauwe net dat ik dut boekje skreaun ha, jimme tinke dat omkoal it dien hat, ek al stiet myn namme op omslach en titelblêd."

Sa is it mar krekt: de hûn hat it skreaun.

Yn 1919 publisearre Thoman Mann, dy't yn 1929 de Nobelpriis foar literatuer krije soe, it boekje "Herr und Hund". Yn 2001 publisearre Jelke Bos, dy't nea de Nobelpriis foar literatuer krije sil, it boekje "Tinzen oer it libben en oer de dea". Beide boeken geane oer de relaasje tusken baas en bist. Mar dêr't Thomas Mann syn boekje út it perspektyf fan 'e baas skreaun is, is dat fan Riemersma/Bos út it perspektyf fan 'e hûn wei skreaun.

De hûn komt ta syn filosofyske tinzen nei't er hast fersûpt is en de dea yn 'e eagen sjoen hat. Dat jout oanlieding ta in lichtfuottich filosofysk boekje en in opheljen fan wat men as hûn oan goeds en ferkeard yn it libben meimakket. De baas wurdt konsekwint "omkoal" neamd (al wer dat Frysk-manlik anty-gefoelselemint).

Jelke hûn sjocht del op de ambysjes fan 'e minsken en har jachtsjen. Dat se bern nimme en dan har bern nei de kres bringe. Jelke jout boartlike krityk op it sinleaze krewearjen fan minsken om fragen te beantwurdzjen dy't net te beantwurdzjen binne: oer it libben foar of nei de dea, oer God, en sa fierder. Of, sa't Jelke it licht parodiearjend seit:
"De hypostasearring fan it tinken, en dan net it tinken oer de wêzentlikheid, mar it tinken oer de ûnwêzentlikheid, is skaaimerkjend foar de minsklike teloargong."
Woef en no sa! Want "wy hûnen moatte der om tinke ús net fan de ierde ôffiere te litten mar ierdsk te bliuwen yn al ús dwaan en litten". Dat is punt dat Nietzsche oars ek fûl ferdigene hat, yn "Also sprach Zarathustra" en oar wurk.

Yn it morele ferdigenet Jelke / Riemersma de middenwei:
"Libben betsjut dústen ompartsje en dústen oprinne, en it is fierwei it bêste as dy beide wat meiinoar yn it lykwicht binne."
Gjin "groots en meeslepend leven" dus as earste prioriteit. Ynstee dêrfan wurde wy fan Jelke oantrúnd it libben te nimmen sa't it is, en fral sûnder al tefolle te kleien:
"Planten en bisten flije har noflik yn it bestean, mar minsken dogge oars net as klieme en kleie."
Mar sels dizze morele ymperatyf is noch altyd like ambisjeus as alle oare minsklike ambysjes en ymperativen: as Jelke him oan syn eigen filosofy hold, dan soe er it net besykje en oertsjûgje oaren fan syn fizy. Hawar, soks mei hinnebruie yn in ferdivedearjend en boartlik-filosofysk wurkje dat dit ego-dokumint fan in labrador is.

Kwa foarm is it boekje ûnpretensjeus. It is skreaun yn linich Frysk, lykas wy wend binne fan Riemersma, dat it lêst as in trein. De toan is myld en dat sil wol it byprodukt fan 'e relativearjende âlderdom wêze. Of sa't Jelke seit "... om't ik mysels oertsjûgje moat fan it gelyk dêr't ik myn hele libben fan oertsjûge west haw, mar dêr't ik op myn âlde dei oan begjin te twifeljen. Wurd ik senyl?"

Nee, noch net. De lêzers kinne mar ta de ponge om har dit fraaie kadoboekje fan 'e Q oan te túgjen.

[]