Willem Tjerkstra "Ridder fan Snits". Histoaryske roman oer Rienck Bockema. Diel 1 "Rom". Kristlik Fryske Folks Bibleteek 406.

Bildungsroman oer Manlikheid.
KFFB skoart mei "Ridder fan Snits"

Justus syn oardiel: ****

De KFFB kin men lid fan wurde fia de webside www.kffb.nl, al liet de site him op myn i-Mac (8.3) net besjen, spitigernôch. Want wa soe net lid wurde wol fan in bibleteek anneks boekeklub dy't de trije dielen "Ridder fan Snits" yn 'e rige opnommen hat. Dat is nochris wat oars as dy sloppe moderne hap fan dy oare boekeklub, dy't no op 'e reet leit, de Koöperative Utjouwerij.

"Ridder fan Snits" is knap en mei masterskip skreaun. De skriuwer giet nearne oer de skreef, ferliest him net yn triviaal gemoralisear, saaie beskriuwingen of dialogen, of sels moderne foarûnderstellingen dy't jin steure by it lêzen. It earste diel fan diel 1 (side 1-55) sit boppedat symboalysk analysearre izersterk yninoar.

It ferhaal draait om in jonge haadling dy't eins gjin besef fan goed en kwea hat, en allinnich syn dream fan striidber ridderskip yn 'e holle hat, of modern sein "groots en meeslepend wil ik leven". Dêrby wurdt er al gau in ordinêr misdiediger en willeas slachtoffer fan syn jonge driften. Dat is nochris in nijsgjirrich kommentaar op de wurklikheid achter allerhanne soarte fan dwylsinnich idealisme, likefolle oft it no oer de krústochten tsjin 'e Turken (moslims) of de betogingen tsjin oarloch giet - om oer burokratyske machtssintra as Amnesty mar te swijen.

Ja, in misdiediger. Mar earst wat eftergrûn. Mei syn manlike dream fan rom en eare hat er it thús tige krap. Syn heit (Bocke Doedinga) is in sloppe sek, suver in moderne Nederlanner dy't gjin striid wol, en omwille fan it hongerjende folk de belêstingen leech hâlde wol. Soks giet te'n koste fan de glory dy't oars yn 'e bou fan in machtich opriizjende stins stal krije kinnen hie (dêr't de soan fan dreamt). "Hy liet de eagen omheech glide, taaste de trije mânske tuorren [yn Londen] ôf en seach yn ferbylding syn eigen stinstoer. Wa soe him noch tsjinhâlde as er ienris de macht hie?" De soan dreamt fan macht en gloary. Hy wit dealske goed dat er soks inkel bouwe kin mei jild dat ornaris nei de tsjerke ta giet.

Fansels is de heit dêr foar oer tige koöperatyf nei tsjerke en wiif ta, dat al. Oer de mem dan sprutsen (Reynke Donia), dy hat de broek oan, en dêr kin er min mei oer de wei. Op in kear sil se him mei de bôge (symboal fan manlikheid en kriich) ôfseame. Hy skuort har de bôge út 'e hannen en stekt de bôge heit ta. "As er ôfseame wurde moast, dan troch in man!" (s.11) Syn heit is lykwols gjin man: "Mar Bocke Doedinga skodholle en wiisde nei syn frou. 'It rjocht is oan de kant fan jim mem,' hied er sein. Doe wie de ban fan it fiifde gebod ferbrutsen."

Mei de lilke kop kaapt er in boat en boomt dermei de stêd út. Underweis wurdt er sjoen troch in famke út itselde doarp (Goïngasweagen) as dêr't de boat dy't er taakt hat weikaam.

"Syn sterke lea giselen fierder as dy fan in rôfdier op jacht nei syn proai. Mei in sprong kaam er op it fine famke del en soalde har op 'e grûn. ... Hy treau har holle nei foaren oant se swei, om't har gesicht weiwurden wie yn de dridze. Syn driften makken him blyn en skokten syn sterke lea op en del".

Ja, in misdiediger: ferkrêfting en moard, of yn alle gefallen, writen ta moard. Dêrnei komt amper berou, wol oanstriid om te bychtsjen, te fertellen, kwyt te reitsjen, mar hy wjerstiet it ferlied en bychtsje yn de tsjerke. De tsjerke is symboal fan 'e twang dy't syn mem op him útoefenet. Dy wurdt suver as in smoarende fagina beskreaun: "It swarte gat fan 'e doariepening waard stadichoan grutter, de yngong fan in sûgjende leechte dy't alles út him helje soe en dêr't gjin ûntkommen oan wie."(23)

It is in striid om 'e macht (de macht oer himsels) en wjerstean dy oanlearde twang om te bychtsjen. En troch dy striid leart de jongfeint him de earste begjinsels fan selsopleine disipline oan. Sa wurdt de ûnbesnoeide manlikheid foarme; in konsept dat yn ús tiid alhiel weiwurden is en de tanimming fan sinleas fierhinne ferklearret. Uneinliks bychtet de jonge Rienk by in freondintsje, dy't him neat kwea-ôf nimt. Ik hoopje al dat dizze tema's út it begjin fan diel 1 yn dielen 2 en 3 op weromkommen wurde.

Symboalysk is ek de sêne dat er in mislearre pearring fan twa einen sjocht, as er krekt de boat stellen hat. "Hy sichte en feroare yn syn holle it byld fan de pearjende einen, it eintsje boppe de jerke. Hy seach syn bazige mem dy't ...". En fierderop blykt it bist yn it wapen fan syn famylje de ... ein te wêzen. allegear hiel aardich. Spitich is wol is dat dat goed dosearre symboalisme him fral yn 'e earste fyftich siden oppenearret. Dêrnei is it aventuer flakker, mist de symboalyske lading dêr't de psychologyske prosessen yn 'e holle fan 'e haadpersoan mei oantsjut wurde.

Oare knappe symboalyske motiven binne it pylk-motyf dat eins troch it hiele boek weromkomt, en it motyf fan 'e kleur swart, fan 'e tsjusterens, symboal fan it kwea dat him út en troch as besef fan sûnde oppenearret mar almeast kundich ferkrongen wurdt, lykas paslik foar in ambysjeus jongkeardel. Ik lit de analyze dêrfan hjir lykwols gewurde.

It boek ferhellet fierders fan earst Rienk syn tsjinst by de lieder fan in smjunte- en ferkrêftersbinde fan Walle Galama. Dêr klimt er op ta twadde man. Dochs hat er yn de selde tiid dat er feitliks stelt en ferkrêftet de dream: "Opkomme foar minsken dy't bedrige waarden, dat hied er him al earder foarnommen." (57) De kleau tusken dream en wurklikheid wurdt nearne eksplisyt makke, wat ik wol tige subtyl en iroanysk fyn. Letter ek, as er krúsridder is, is it yn feite de sucht nei persoanlike rom en eare dy't him driuwt, it ûnbewuste motyf dat achter it gerdyn anneks de moaiskyn fan syn kristlike idealen skûlet. Ik sjoch dat yn ús tiid allyk, dêr't in machtspolitikus himsels as tsjinner fan it folk sjocht, mar yn feite út is op de heechste machtsposysje fan it lân (nim in Kok bygelyks, immen dy't opklimt ta direkteur mar ûntkent dat it om leafde foar de macht giet - ûnbegryplik dy hypokrisy).

Oare manlju moatte it lege plak fan 'e ôfwêzige want slop moderne heit ynnimme. Earst is dat de smjunt Galama, letter de Fries dy't as hôveling yn Ingelân tahâld en him begeliedt.

Moai iroanysk binne ek de fjochtsênes. Rienk dreamt fan fjochtsuksessen, mar beide kearen dat it der wier op oankomt wurdt er binnen in minút útskeakele. Syn sukses yn de krústocht is yn feite oan dom geluk te tankjen. Hy boarret de noas fan syn skip yn in Turksk skip. Fan dat rare fyt wurde de Turken frijwat kjel, en de aksje jout de meistriders bod om him te befrijen. Foar itselde jildt hie er syn skip ta sinken brocht, ûnder lûd laitsjen fan hiele Turkske fleat. Realistysk en fan in subtile humor dus. Mar enfin, it beteart no goed en ús Rienk wurdt de held fan de krústocht.

Yn alle gefallen is diel 1 in tige slagge histoaryske roman, dy't in treffend byld fan 'e midsieuwen opropt. Justus is benijd oft dizze skriuwer de spanning yn de oare dielen fêsthâlde kin. Hy is wylst lid wurden fan 'e KFFB en hat de oare twa dielen fan 'e trilogy ek besteld.

[]