Eric Hoekstra

Oer "In Komeedzje fol Fersinnen".

Is "In Komeedzje fol Fersinnen" in ûn-Shakespeareaanske komeedzje?
"In Komeedzje fol Fersinnen" of, sa't de oarspronklike titel is, "The Comedy of Errors", wurdt gauris fan sein dat it de earste komeedzje is dy't Shakespeare (1564-1616) skreau. De reden dêrfoar is dat it stik yn beskate opsichten oars is as syn oare komeedzjes. Sa hâldt it stik him oan 'e regels, beskreaun troch Aristoteles, dy't foar it toaniel yn 'e klassike Aldheid gouwen: de ienheid fan tiid, plak en hanneling. Dat wol sizze dat it toanielstik op ien plak spilet, dat de hanneling binnen ien dei beslikke is en dat der mar ien hanneling (plot) is. Lykwols bekroade sels yn 'e Aldheid lang net elkenien him om Aristoteles syn estetysk ideaal. Yn 'e gauris wat skoalske Renêssânse wurdt Aristoteles op 'e nij ûntdutsen en wurde de regels gauris wat al te skoalsk en strang preskriptyf ynterpretearre.

Omdat Shakespeare him allinnich yn dit stik om dy skoalske regels bekroadet, wurdt oannommen dat it syn earste stik wie. Alhiel wis is soks net, mar it is wol moai wis dat dit ien fan syn eardere stikken is. It waard nammentlik foar it earst opfierd in 1594. "In Komeedzje fol Fersinnen" kipet der ek yn oare opsichten wat út. De ferbale humor, oars sa karakteristyk, is net prominint oanwêzich. De humor sit him fral yn 'e slapstick, teweibrocht troch de ferwikseling fan 'e twillingen sûnder dat immen dat troch hat, ek de twillingen sels net. By einsluten is dizze komeedzje ek it koartste stik dat Shakespeare skreau. It stik is frijwat populêr by it grutte publyk: de ferwikselingssênes binne no ien kear och sa grappich op in ûnkomplisearre wize.

De woartels fan 'e komeedzje.
De komeedzjes fan Shakespeare komme net út 'e loft fallen. De man ûntlient it plot fan syn komeedzjes gauris oan klassike skriuwers. Wichtiger is lykwols dat der yn Ingelân yn 'e tiid fan Shakespeare gjin tradysje fan kwalitatyf heechsteande komeedzje wie. Dy wie der lykwols al yn Itaalje. Dat feit is minder bekend, en kriget net genôch omtinken, om't de measte kritisy gjin Italiaansk lêze en de Ingelske kritisy boppedat net frij binne fan in nasjonalistysk foaroardiel dat alles ôfwiist wat ek mar yn 'e fierste fierte ôfbrek liket te dwaan oan 'e godlike genialiteit fan "the bard". It is lykwols moai wis dat Shakespeare in protte opstutsen hat fan Italiaanske en Spaanske komeedzjes. Shakespeare moat dêrom net inkeld as in eksponint fan 'e (oant dan frijwat primitive) Ingelske komyske tradysje sjoen wurde, mar likegoed as in eksponint fan 'e tradysje fan Italiaanske en Spaanske komeedzjes: mei oare wurden, Shakespeare is krekt as Erasmus en de measte skriuwers fan dy tiid net yn in nasjonale tradysje te fangen mar earder in eksponint fan in Europeeske tradysje.

It plot fan "In Komeedzje fol Fersinnen" hat Shakespeare ûntliend oan 'e Romeinske komeedzje "Menaechmi" ("Twillingen"), skreaun troch Plautus (likernôch 254 - 184 foar Kristus). It hat alle kâns dat Shakespeare it stik yn it Latyn lêzen hat, want in Ingelske oersetting kaam pas yn 1595 út en doe wie Shakespeare syn stik al ris opfierd. Shakespeare hat it plot radikaal oanpast: by Shakespeare binne de twa slaven fan 'e twillingen sels ek twillingen en dat makket ekstra fersinnen tusken baas en slaaf mooglik. In oare oanpassing fan Shakespeare is dat de frou (Adriana) fan 'e iene twilling in dúdlik karakter kriget en in suster. Dat makket it plot komplekser mei't de oare twilling (Antipholus fan Syracuse, oansjoen foar de echtgenoat fan Adriana, Antipholus fan Efeze) stiket om de hân fan har suster Luciana. En der is in ekstra plotline taheakke dêr't de heit en mem fan 'e twillingen noch yn libje, wylst dat by Plautus net sa wie. Wichtiger is dat Plautus syn stik klearebare komeedzje is, wylst der yn Shakespeare syn ferzje ek in tsjustere tragyske ûndertoan sit (sjoch de neikommende seksje). Shakespeare hat ek materiaal fan oare boarnen oernommen. De sêne dat de wiere echtgenoat bûtensletten is wylst syn twillingbroer yn 'e hûs sit te iten liket in protte op in sêne út in oar stik fan Plauto, nammentlik "Amphitruo". Yn dat stik wurdt ek in echtgenoat út syn eigen hûs keard wylst Jupiter syn liiflike foarm oannommen hat en binnendoar is. De toan fan 'e komeedzje liket op 'e toan fan Italiaanske komeedzjes út dy tiid.

It sintrale tema: frij of bûn te wêzen.
Shakespeare is derom ferneamd dat er ek gauris wat komeedzje yn syn trageedzje docht en oarsom. By dit stik is dat allyksa. Der rint in tsjustere ûndertoan troch de komeedzje. Yn it begjin wurdt de heit fan 'e twillingen, Ægeon, ta de dea feroardiele troch de hartoch fan 'e stêd. De eksekúsje sil oan 'e ein fan 'e dei plakfine. It stik iepenet mei de jammerklachten fan Ægeon. Yn 'e figuer fan Adriana, de frou fan Antipholus fan Efeze, komt de posysje fan 'e frou op it aljemint. Hja moat har skikke ûnder de man en dat is lang net altyd maklik. Boppedat hat Antipholus ek noch wol wat fertier bûtenhûs, en fansels docht dat Adriana sear. Fierders krije de twillingen bytiden ek bêst op 'e bealch fan har masters, mar faaks wie sok fysyk geweld foar Shakespeare net sa raar as dat it foar ús is. En net te ferjitten, de oerhoer komt op it aljemint. De helte fan 'e twillingen dy't frijfeint is (Antipholus fan Syracuse), wurdt fereale op 'e suster (Luciana) fan 'e frou (Adriana) fan 'e oare twilling (Antipholus fan Efeze). Antipholus fan Syracuse stiket fûl om Luciana en is flau en ûnferskillich foar Adriana oer. Mar om't Luciana en Adriana net fan it bestean fan twillingen witte, tinke se dus dat de man fan Adriana efter Luciana oansit. Dêrtroch slûpt der efkes in tragysk elemint yn dizze komeedzje. It is suver wreed sa't Adriana troch har oergeunst te lijen hat:

Adriana
O Luciana, stie hy sa fûl oan?
Koest it syn eagen oansjen, wierlik wier,
Dat hy it miende, of wie it mar fertoan?
En like er read of bleek, beneare of blier?
Hoe rûn en skeat syn herte' himelfjoer,
Safier asto it seachst, syn antlit oer?
Luciana
Foarst hold er út, jo hiene op him gjin rjocht.
Adriana
Hy weeg'ret it, dêr't hy my leed mei docht.
Luciana
Doe swarde hy, hy wie hjir frjemd, oars neat.
Adriana
Dat swarde er wier, en dochs, o ynferkeard!
Luciana
Doe pleite ik fûl foar jo.
Adriana
En wat sei hy?
Luciana
Wat ik foar jo him frege, frege er my.
Adriana
As hy om jo wier stike hat, hoe gie 't?
Luciana
Yn wurden, dy't men oars faaks net fersmiet.
Myn moaiens priizge er earst, doe myn petear.
Adriana
En do giest dêrop yn?
Luciana
Kom, gjin gebear.
Adriana
Mar stil my hâlde wol 'k net, kin ik net;
Frij sil myn tonge ha, al brekt myn hert! (IV,2)

Dizze passaazje giet net allinnich oer de machteleazens fan 'e skeinde leafde. Yn 'e lêste sin "Frij sil myn tonge ha" komt it tema fan 'e frijheid fan froulju op it aljemint. Luciana ferkundiget yn 'e diskusje mei har suster it idee fan absolute trou en hearrichheid oan 'e man, it tradysjonele idee:

Dier, fisken, al de frije fûgelwrâld,
By alles fiert it manlike it bewâld;
Want manlju, godliker, heech boppe it dier,
As hearen oer de see en al wrâlds tier,
Fol grut begryp en sels in siele ryk,
Yn alles ealst, gjin fisk of fûgels lyk,
Bin hear en master oer har frouljufolk;
Dat, foegje jo nei har en bûch jo nolk. (II,1)

Luciana hat maklik praten want dy is sels noch frijfaam. Adriana set fraachtekens by de al te grutte frijheid fan manlju, en it brek dêroan by de froulju:

Adriana
Myn man jit net werom? Ek net myn slaaf,
Dy't ik yn hasten útstjoerde om syn master?
Wis, Luciana, al oer twaën is 't!
Luciana
...
Syn master is de tiid; hy komt en giet
Lyk dy it wol; dat, suster, nim dit sa.
Adriana
Wêrom ha hja sa'n stik mear frij as wy?
Luciana
Har droktme bûtendoar draacht dêrta by.
Adriana
Mar hy is lilk, as ik sa tsjin him bin.
Luciana
Syn wil, betink it, teammet ek jo sin.
Adriana
Allinnich ezels duldzje faaks dy team. (II,1)

Dy lêste rigel soe de titel fan in feministysk essay wêze kinne. De ideeën oer it houlik dy't Adriana en Luciana op it aljemint bringe geane tebek op ideeën fan Erasmus. De tragyske ûndertoan en de tematyk fan 'e frijheid fan 'e frou jouwe it stik mear kont yn 'e broek as by in oerflakkige komeedzje it gefal wêze soe. Lykwols duorret it lijen fan Adriana net al te lang, en wurdt alles oan 'e ein wer yn it lyk brocht (sanet, dan soe it in trageedzje wêze).

Frijheid is it sintrale tema fan dizze komeedzje. It stik begjint ommers mei it finzen setten fan 'e heit fan 'e twillingen, en it einiget dermei dat dy syn frijheid kriget. Adriana bringt it brek oan frijheid foar froulju op it aljemint. De slaven fan 'e twillingen meitsje gauris grappen oer it feit dat se "bûn" binne oan har hearen. As de betizingen mei de twillingen út 'e hân rinne en betizing yn jildsaken teweibringe (betizing om in gouden keat hinne), besykje oaren de twillingen fêst te setten en dat slagget ek. Oan 'e ein wurdt de betizing opheldere, en kriget elkenien syn frijheid werom.


Oer "Leafde's Lêst net Leanne".

Eftergrûn en datearring fan "Leafde's Lêst net Leanne".

Yn 'e jierren 1592 - 1597 likernôch wie Shakespeare profesjoneel nau en miskien ek yntym bûn oan Henry Wriothsley, de greve ("Earl") fan Southampton. Earder, yn 1582 wie er troud mei in âldere frou, Anne Hathaway, en dêr hie er trije bern by. Wat er tusken 1582 en 1592 krekt die witte wy net, mar der binne oanwizingen dat er alderhanne baantsjes hie. Yn 1590 ferliet er syn famylje tydlik om yn Londen as akteur en toanielskriuwer oan it wurk. Yn Londen learde er de Earl fan Southampton kennen. Yn 1592-1593 wie der fierder in útbrek fan 'e pest. Dat wie fan dy gefolgen dat de teaters fan Londen sletten wiene. Der wurdt troch in protte kritisy grute dat Shakespeare dy tiid trochbrocht mei niisneamde Southampton. Shakespeare soe yn 'e tiid dat de teaters sletten wiene al it materiaal skreaun ha dat net foar it teater is. Dêrby hearre de lange, fertellende gedichten "Venus and Adonis", "The Rape of Lucrece", de sonnetten en it ûnteatrale toanielstik "Leafde's Lêst net Leanne". Hoe dat sa, in ûnteatraal toanielstik? Wolno, it stik hat sa'n protte "inside jokes" en it hat sa'n hofeftige toan dat it hat alle eigenskip dat it in privee toanielstik wie foar de groep om Southampton hinne, yn besletten romte opfierd of foardroegen doe't de teaters fanwegen de pest sletten wiene. Letter soe it stik mear foar it teater oanpast wêze kinne, doe't Shakespeare ienris ferneamd wie. Dêrmei soe de earste ferzje fan it stik út 1592-1593 datearje. Likegoed as it yn oarewei atypyske "In Komeedzje fol Fersinnen" soe "Leafde's Lêst net Leanne" it earste stik fan Shakespeare wêze kinne. Wis is dat it in ier stik is.

Emansipaasje.

Yn "Leafde's Lêst net Leanne" hat Shakespeare, of leaver, ha froulju de gek mei de healwize beloften fan jonge mannen, en benammen fan fereale jonge mannen. Opfallend is dat der yn it stik hielendal gjin krityk op froulju is. It binne de froulju dy't krityk jouwe en gekoanstekke, mar har mooglike wredens of har eigen lekken en brekken komme sels net op it aljemint. Dat soe in oanwizing wêze kinne dat Shakespeare as persoan him earder mei froulju as mei manlju identifisearre. Yn "In Komeedzje fol Fersinnen" foel it ek al op dat Adriana, de frou dy't tinkt dat har man it mei in oar hâldt, mei safolle sympaty delset wurdt. Dy identifikaasje mei froulju is in sterke oanwizing foar it idee dat Shakespeare gjin sljocht en rjochte hetero wie, hoe graach oft de tradisjonele Ingelske kritisy soks ek foarûnderstelle wolle. Yn alle gefallen wurdt de posysje fan 'e frou nearne sa skerp analysearre en útbylde, en mei safolle sympaty beskreaun, as by Shakespeare.

"Love is a battlefield."

It plot is alsa. De kening en syn freonen (Biron, Longaville en Dumain) dogge in belofte dat se in jier studearje sille, yn askeze, dus sûnder kontakt mei froulju. It is fansels in healwiis plan, want allinne de steatssaken fan 'e kening sille soks al gau trochkruse. Boppedat, wêrom soene hite jonge mannen soks samar dwaan? Om't har de 'deugden' fan wiisheid en askeze oanpraat binne. Ynderlike oanlis ha se der lykwols net foar.

As de prinsesse fan Navarra mei trije moaie fammen op besite komt, rint de belofte al gau kwels. De kening wurdt op 'e prinsesse fereale en syn freonen op har fammen (Rosaline, Katharina, Maria). De kontakten tusken de manlju en de froulju ha it karakter fan in wurdestriid. Mei 'geast', mei ferbaal fjoerwurk, besiket de man de frou ôf te troevjen en oarsom. Mar hoewol't it publyk wille fan it ferbale fjoerwurk ha mei, giet efter dy wille in tsjuster Shakespeariaansk boadskip beskûl: "love is a battlefield". En de absolute winners op dat slachfjild binne dyen dy't sels net fereale binne, de froulju dus.

De leafde makket de manlju dimmen en skou dat se alle ferbale fjildslaggen ferlieze. En as de mannen har as Moskoviten fermomme, krije de froulju it yn 'e rekken en maskerje har. En dat net allinnich, de froulju roalje inoars kado's, dat de as Moskoviten fermomme manlju (dy't har oan 'e kado's werom tinke te kennen) by de ferkearde froulju stykje en dûbel sa wreed ôfstegere wurde. Want it is makliker en wês wreed tsjin in oar syn frijer as tsjin jins eigen, sa't de berekkenjende froulju mar al te goed witte.

Ferachting foar fereale manlju?

Yn in normale komeedzje soene de manlju mei de froulju trouwe oan 'e ein fan it stik. Mar Shakespeare dûkt wol faker tusken komeedzje en trageedzje yn. As de manlju alle respekt, ek selsrespekt, en hoop ferlern ha, liket der in kear te'n goede te kommen, as de legerein in fertoaning opfiert, de "Njoggen Helden". Troch dy te belekjen en te beskoaien krije de manlju har selsrespekt werom:

Kening
Biron, hja sille ús beskamme meitsje, lit har net tichterby komme.
Biron
De skande binne wy treast, hear, en it is sa min net fûn,
En fertoan eat, minder as wy, as de kening en syn bûn. (V,2)

En yndie, as de amateurs har keunsten fertoane, dogge de mannen en benammen Biron oars net as spotte. It is hast beskamsum: Shakespeare ropt hast al te bot ús ferachting op foar soksoarte dwaan. Yn suver al syn stikken presentearret Shakespeare ús op syn minst ien perspektyf dat alle fereale folk bespotlik makket. Mar de wat grimmitige sfear tusken manlju en froulju is brutsen no't se tegearre om de hampelmannen laitsje kinne en alles liket op in goede ein ta te gean. Mar nee, der komt hommels tynge dat de heit fan 'e prinsesse ferstoarn is en de froulju moatte werom nei Navarra. De kening stiket gau noch efkes om in belofte. De prinsesse seit dat se tocht dat it net serieus wie, mar no't it al sa blykt te wêzen, leit se de kening op in jier foar har yn askeze te libjen. Allyksa de oare stikers. Dogge se dat en bewize se sa de serieuzens fan har leafde (nei har healwize fiten), dan meitsje se in goede kâns.

Fereale en ûnryp.

It is wol iroanysk dat it stik begjint mei in gelofte dy't net holden wurdt (foar de wiisheid) en einiget mei in gelofte dêr't wy net fan witte oft er holden wurde sil (foar de leafde). Leafde en wiisheid wurde hjir foarinoar oer set. Leafde makket minsken healwiis, mar it stribjen nei wiisheid, leardens, makket har noch folle healwizer. Leardens wurdt folslein bespotlik makke yn dit stik. De gelofte fan 'e fjouwer manlju om har oan leardens te wijen wurdt daalks brutsen, en allegear learde byfiguren (Don Armado, Holofernes) wurde bespotlik makke. En it learde ferbale fjoerwurk fan stikers wurdt troch Biron (deselde fan 'e fjouwer manlju dy't de haadrol spilet) sels ferflokt, as eat dat ôfbrek docht oan it wiere libben. As blykt dat de froulju de mannen op alle fronten te pakken hân ha, wurdt Biron ynienen bitter en klaget:

O, pleagen reint it foar ús iedbrek al!
Kin sels in koop'ren antlit soks wjerstean?
Hjir stean ik, frouwe; los no op dit stal,
Tref my mei spot, ferhún dit lyts bestean!
Trochboarje frij myn ûnwit mei dyn geast,
Snij my yn stikken mei dyn skerp fernim,
En nea freegje ik te dûnsjen dy, foar treast,
Nea kom ik wer as Rus ferklaaid by jim.
Fuort, elts betrou op taspraken, al skreaun,
Op foardrachtskeunst fan skoallejonges-tongen;
Fuort, maskers, by 't besykjen fan in freon,
En leafde op rym, oft bline barden songen.
Jim, siden siswizen, sêft wurd-beskreppen,
Fyn mûle-riuwen, gabjen sûnder ein,
Wanwize bylde-preal, of hieltyd heappen
Dy simmer-miggen maitsen yn myn brein;
Neat mear dêrfan! Tenei, by dizze want
(En o, hoe blank de hân dêryn, wit wa?),
Is al dat skynmoai út myn stykjen band;
Fyfskaften nee is 't no of sarjes ja;
Dat ik set yn, faam - no, God stypje my!
Sûn, sine limite, is myn hert foar dy.
Rosaline
Gjin sinen, bid ik jo.
Biron
Dat wie in steal
Fan d' âlde kwaal; (V,2)

Biron syn reaksje lit sjen dat er as in wiere fereale jongfeint oerdriuwt en yn 'e âlde flater fan al te grutte beloften ferfalt. No't se de slach ferlern ha en beskamsum yn 'e rekken krije hoe't de froulju har te fiter hân ha, ferfalt Biron earst ta ekstreme selsferachting en deawinsken ("los op dit stal", " Snij my yn stikken" en sa fierder). Dêrnei nimt er net sels ferantwurdlikheid foar it barren, mar jout de skuld oan 'e gewoante om mei de skynmoaiens fan ferbaal fjoer te stykjen ("foardrachtskeunst fan skoallejonges-tongen"). Wyls wiist dy seldichste ferwizing nei skoaljonges op 'e ûnripens en oerhastigens fan 'e kening en syn bûn. En oan 'e ein fan syn ferhaal docht Biron nota bene foar de tredde kear in belofte (neat mear ferbaal fjoerwurk en sokke keunsten) dy't er net hâlde sil! Syn hert is foar Rosaline, seit er, mar hy kin it net litte en brûk de oerdreaune skynmoaiens fan Latyn en seit "sine limite" ('sûnder begrinzging'), wat fansels noch ris in typyske oerdriuwing is. Rosaline nimt him fansels daalks geweken op dat punt troch de spot mei dat skynmoaie Latyn fan Biron te driuwen ("Gjin sinen, bid ik jo").

Alles rint kwels: is Shakespeare in synikus?

Yn in subplot dat parallel rint wurdt it haadplot nochris mei de gek beslein. Sa't yn it haadplot alle manlike plannen mislearje, allyksa yn it minystikje "De Njoggen Helden" dat de legerein foar de hegerein opfiert. Don Armado en syn maten binne de kening en syn freonen yn in gniisspegel. De ferbale ambysjes fan Don Armado mislearje hieltiten, syn ferlikingen lykje nearne nei en elkenien hat de gek mei him. Hy wurdt fereale op it plattelânsfamke Jaquenetta, mar dy lit ek net blike dat se him serieus nimt. It is hast as nimt Shakespeare yn dit stik mei humor wraak op alle geast, miskien om't er dêrtroch lijt? En lykas de kening en syn freonen oan 'e ein fan it stik in gelofte dwaan moatte oan har fammen, moat Don Armado dat ek: hy sil trije jier ploegje foar Jaquenetta: it liket der hast op dat healwizens gewoan útbute wurde moat. It learde petear fan skoalmaster Holofernes en Nathaniël is allyksa in satire op it ferbale fjoerwurk fan 'e hegerein.

Alles rint kwels yn dit stik, tenminsten foar de leavers. Foar de berekkenjende froulju giet alles neffens plan ...? De titel is net om 'e nocht "Leafde's Lêst net Leanne". It synisme fan Shakespeare komt alderdúdlikst ta utering yn 'e ein fan it stik. Der wurdt dan in liet songen oer de maitiid en de winter. Mar de maitiid wurdt as in bange tiid beskreaun:

Maitiid.
As bûtergieltsje en finneblom
En plomlewierke, sêft en kein,
Fioeltsje blau en Pinksterrom
De mieden siere, fier en hein,
Dan sjongt de koekút, klear fan liet,
Wat in troud man te wachtsjen stiet:
Koekút,
Koekút, koekút! O lûd sa near,
Unnoflik foar in troud mans ear! (V,2)

It is as wol Shakespeare sizze: de jonkheid, de ûnripens set de wrâld op syn kop. En dochs is it Shakespeare syn gruttens dat er net allinne mar synikus is. Njonken it negative plaatsje fan 'e maitiid komt it positive plaatsje fan 'e ripens, de winter, en de treast te stean:

As lûd de wyn him hearre lit,
En dûmnys wurd yn 't hoastjen swynt,
It fûgelt stiif op 't sniefjild sit,
En Nynke' noas fan readens skynt,
As apels siizje en elts hat sin,
Hoe't de ûle jûns dan kleie kin:
Oe-hoe,
Oe-hoe, oe-hoe, in wolkom liet,
As Japke by de bierpôt stiet. (V,2)

De fjildslach tusken manlju en froulju rint by einsluten miskien út yn in goede relaasje at se âlder binne (winter). De yllúzje fan moaie wurden is dan faaks trochsjoen, as "dûmny's wurd yn 't hoastjen swynt".

De manlju ha yn alle gefallen ynsjoen dat har eardere gelofte oan 'e leardens en de wiisheid sinleas wie en dy ferfongen foar in gelofte út leafde. Shakespeare wurdt troch de kritisy faak as in moralist delset. De moraal fan "Leafde's Lêst net Leanne" soe neffens har wêze dat men jins beloften hâlde moat. Dat is net sa. It ferbrekken fan in dwaze belofte (om leardens) wurdt troch Shakespeare net as ferkeard beskreaun - eksit simpelmans moraal. It knappe fan Shakespeare is no krekt dat moraal en synisme yn syn stikken njonken inoar steane sûnder inoar te biten.

Humor, hypokrisy en wiisheid.

Yn 'e ferbale útwikselingen sit in protte humor, mei de wenstige platte seksuele ferwizingen dêr't Shakespeare en syn publyk sa sljocht op wiene:

Maria
In kostlik besketten wyt, dat beide treflik rekken.
Boyet
Ja, it wyt! Dat moat men wite! Wyt, lyk de juffer sei!
Mar in prikke moat deryn, dêr mjit men better mei.
Maria
Nee, dat is te fier fan 'e bôgehân; jo binne bûten, hear.
Jobbe
Ja, hy moat neier sjitte, want oars komt it net klear. (IV,1)

Mar der is ek in fantastyske sêne dat de mannen faninoar noch net witte dat se fereale binne. Elk tinkt dat hy de iennichste is dy't fereale is en dêrtroch syn belofte brutsen hat. Biron sit yn 'e beam en heart hoe't de kening syn leafde bedeklamearret. Dan komt Longaville, de kening ferberget him, en de kening en Biron sjogge (en Biron sjocht hoe't de kening sjocht) hoe't Longaville syn leafde foar Maria bedeklamearret. Dan komt Dumain en fan itselde. As Dumain klear is, komt Longaville foar it ljocht en sil Dumain de mantel útfege om't er fereale is. Hiel dûbelhertich want hy seit net dat er sels ek fereale is. Dan komt de kening foar it ljocht dy't beide geweken nimt. En dan komt Biron dy't de oare trije bestraffend tasprekt. Biron syn bedroch komt letter út, as in leafdesbrief fan Biron yn 'e kening syn hannen komt. Wat in hypokriten! In belofte yn 'e hjitte hei dien rint sa fansels op hypokrisy út. Mar leaut Shakespeare echt dat sokke flaters fan jonkheid en ferealens foarkommen wurde kinne? Fansels net: sa is it libben no ienris!

Ferealens as boarne fan ûntrou yn "De Twa Eallju fan Verona".

Ferealens (leafde) fersus trou.

It tema fan Verona liket in tradysjoneel tema te wêzen, nammentlik leafde fersus freonskip. Mar yn dy tiid wie it perspektyf fan 'e man folle wichtiger as dat fan 'e frou, dat leafde fersus freonskip komt del op in konflikt tusken de relaasje fan in man mei in man en de relaasje fan dyselde man mei in frou. Yndie, Proteus is de freon fan Valentyn, mar hy wurdt fereale op 'e faam fan Valentyn, Silvia. Hy moat kieze. Hy kiest foar de frou; eins kiest er hielendal net: de ferealens, altyd in dynamysk fiellen, is folle sterker as it wat stadige fiellen fan freonskip.

En dêrmei komme wy by it eigentlike tema, it haadtema fan Shakespeare yn al syn stikken: leafde fersus trou. Leafde bringt ûntrou tewei: ferlykje ek de sang oan 'e ein fan "Leafde's Lêst net Leanne", dêr't it maitiidske djoeien as in neare tiid foar troude manlju delset wurdt! En de leafde (ferealens eins) is folle sterker as de trou, en dat is Shakespeare syn grutte fertriet. It dûbele karakter fan leafde kwelt de ûnstjerlike bard: al it geniet, wille en fiellen komt út leafde, mar ek ûntrou, pine en oergeunst. En hoewol't de minske tradysjoneel yn 'e frijheid fan wil kieze kin, liket Proteus likemin as de oare karakters in kar te hawwen: Proteus wurdt in ferkearden ien troch leafde, en Valentyn net. En miskien hat de fatalistyske bard wol gelyk, want men kiest der dochs net foar om al of net fereale te wurden?

Niis skreau ik dat tradysjoneel allinne it perspektyf fan 'e man telde. Op dat punt is Shakespeare krekt ek wer modern. Hy jout ek de perspektiven en karakters fan froulju wer. Proteus ferriedt net allinne syn freon troch syn ferealens en troch syn hanneljen op grûn fan syn ferealens. Hy ferriedt ek syn eardere faam Julia, dy't oprjocht en trou (!) fan him hâldt. Valentyn dêrfoaroer bliuwt yn alles trou, sels oan 'e freon dy't him ferrette. Valentyn fermoedsoenet him oan 'e ein daalks mei Proteus:

Proteus
Myn skande en skuld benearje myn earm hert.
Ferjou my, Valentyn. As djip fertriet
Foar sok grut tsjoed foldwaande losjild is,
Dan bied ik 't dy; ik lij wier likefolle,
As ik misdien ha kin.
Valentyn
Dan bin wy soend,
En leau ik yn dyn earlikheid fannijs.
Dy't net foldien is mei berou, heart net
By ierde of himel thús; want dy bin bliid,
En sels Gods grime wykt fan him dy't boetet;
En datsto freonskips macht wer fielste yn my,
Jou ik, wat mines wie yn Silvia, dy. (V,4)

Valentyn giet yn 'e lêste rigel (hjirboppe) sels sa fier om as teken fan syn fermoedsoening te sizzen dat er al wat sines wie yn Silvia oan Proteus jout. Dat hat in protte lêzers skokt. It sil ek wol net letterlik bedoeld wêze, mar mear as in teken fan hoaskens, in symboalysk kado dat net bedoeld is om wier oannommen te wurden. Mar likegoed is it in aparte rigel, en eins jout it gjin foech, benammen foar Silvia oer. Is it in teken dat de bard freonskip foar de man heger oanslaan woe as leafde foar de frou?

De ein fan it ferhaal is lykas paslik foar in tradysjonele komeedzje: fermoedsoening rûnom, en it goede wint. Valentyn wurdt ommers beleanne foar syn trou: hy kriget permisje fan 'e hartoch en trou mei syn Silvia. Proteus ûntrint straf troch Valentyn syn fiellingen foar him, mar wurdt wis net beleanne foar al syn minne dieden. Julia, de eardere faam fan Proteus dy't er ferriedt, wurdt ek beleanne foar har trou: se kriget har Proteus werom.

Boarnen, datearring en eftergrûn.

It tema fan leafde fersus freonskip wie tradysjoneel goed bekend, dat der binne meardere boarnen foar dit stik. Der is in Spaanske pastorale românse, "Diana Enamorada", skreaun troch Jorge de Montemayor (1542), dy't in protte oerienkomsten mei "De Twa Eallju fan Verona" hat, en dy't Shakespeare grif koe. Shakespeare hat ek parten ûntliend oan oare boarnen. Sa komt de monolooch fan Proteus yn (II,5) tige oerien mei dy fan in Titus yn in ferhaal fan Boccaccio.

"Verona" wurdt algemien beskôge as ien fan Shakespeare syn eardere stikken. It wurdt neamd troch Francis Meres yn syn "Wit's Treasury" (published in 1598), dat it moat yn alle gefallen foar dy datum skreaun wêze. Omdat it stik hjir en dêr wat simpel is en al te fluch troch de bocht giet, wurdt tocht dat it ien fan syn earste stikken is.

Der sitte wat ynkonsistinsjes yn dit toanielstik. Guon kritisy tinke dêrom dat in earste ferzje letter hastich werskreaun is troch Shakespeare.

Sublimearre biseksualiteit as boarne fan ynspiraasje.

Der wurdt faak útholden dat in skriuwer syn persoanlik aard neat fan dwaan ha soe mei syn Keunst mei grutte K. Dat bart dan troch minsken dy't bang binne dat in keunstwurk oan gewicht ferliest as men it ferbynt mei leech-by-de-grûnske autobiografyske details fan 'e skriuwer. Dy bangens is net reëel: in skriuwer is ek mar in minske en mei it wêze. En fierder, fansels is it wurk fan in skriuwer te'n djipste ferbûn mei syn aard en dus ek mei syn seksualiteit en emosjoneel patroan. Shakespeare is dêr gjin útsûndering op. Boppedat docht psychologisearjen oer de auteur neat ôf oan 'e krêft fan it wurk.

Likegoed as yn "Leafde's Lêst net Leanne" is der ek yn "Verona" sprake fan in sterke identifikaasje fan 'e skriuwer mei froulju, benammen mei de lijende Julia. Julia hâldt fan Proteus nettsjinsteande dat er net mear fan har hâldt. Mei sok lijen liket Shakespeare him sterk te identifisearjen; ferlykje ek it sterk ynfield portret fan 'e troch leafde en ferrie lijende Adriana yn "In Komeedzje fol Fersinnen". Ja, Shakespeare hat miskien de stikel fan sear en oergeunst út eigen ûnderfining wol kend. En allyksa op in wiffe man fereale west. De sonnetten lykje dêrfan te tsjûgjen. Der wurdt wol grute dat syn grutte leafde de Earl fan Southampton west ha soe, njoggen jier jonger as Shakespeare. Okkerdeis is der in nij portret fan 'e man boppe wetter kommen. It is sa nichterich dat it fûle diskusjes oproppen hat oer Shakespeare syn seksualiteit yn 'e Ingelske kranten.

Mar de grutte bard makket fan syn persoanlike ynstek altyd in funksjoneel-literêre. Om Proteus nei te reizgjen beslút Julia har yn manljusklean te stekken. In frou allinnich kin ommers net maklik frij omreizgje. Shakespeare is him bewust fan slachtebûne sosjale rollen, oars as gewoane skriuwers, en stelt se sa oan 'e oarder. Mei't Proteus it feintsje (Julia as paazje) wol oantreklik fynt, en oare manlju ek (de Weard), stelt er de sosjale beheiningen fan seksuele rollen oan 'e oarder. Gjin skriuwer dy't soks docht. Shakespeare lit him dúdlikernôch as in "gender-bender" kenne, lykas wannear't Lucetta Julia freget en kies har manljusklean út:

Lucetta
Nei hokfoar moade, frouwe, moat jins broek?
Julia
Dat heart hast krekt sa moai as "eale hear,
Hoe wiid begeare jo jins hoeperok?"
Ei, kies de moade, dy't dy bêst' foldocht. (II,7)

Julia hat der wol nocht oan en tsjoch manljusklean oan. En hoe moai heart it eins om te hearren "eale hear / Hoe wiid begeare jo jins hoeperok?"

Yn 'e bosk is de ynfloed fan it sosjale, goed of ferkeard, der net. Proteus lit him dêr fan syn minste kant sjen as er driget Silvia mei geweld te nimmen. Valentyn dêrfoaroer bliuwt himsels, in man waans deugd út himsels komt, net ôftwongen wurdt troch de maatskippij lykas by de fûgelfaaien ta in hichte it gefal is. Yn 'e bosk wurdt dúdlik wa't fan natuere deugdsum is.

Julia moat harsels uterlik feroarje om Proteus nei te reizgjen en dêrtroch brekt se in sosjale konvinsje: froulju moatte ommers frouljusklean oan ha. It is lykwols Proteus syn skuld dat se yn manljusklean efter him oan moat, en sa't se sels seit:

O Proteus, readzje soest ta dit habyt!
Beskamje dy, dat ik sa skûl gean moast
Yn dit ûnsedich klaad, as 't skamsum is
Sa leafde te fermomjen!
Want sa tinkt sedichheid: sa slim is 't net,
Feroarje froulju 't klaad, as manlju 't hert. (V,4)

Sa wurdt it tema fan trou en ûntrou yn it gruttere ramt pleatst fan it tema fan stabiliteit en feroaring, en fan skyn en wurklikheid. Want Proteus hinget noch in lang skoft de deugdsume út wylst er dwaande is Valentyn syn delfal te bewurkmasterjen. En Julia giet foar man troch wylst se in frou is.

Yn 'e midsieuwen waard de man as stabyld en betrouber sjoen, de frou as malkerich en ûnbetrouber. By Shakespeare, ûnkonvinsjoneel sjeny, sjogge wy it omkearde. Yn "In Komeedzje fol Fersinnen" is Adriana trou, Antipholus ûntrou, yn "Leafde's Lêst net Leanne" binne de fjouwer manlju ûntrou oan har earste gelofte, en yn "Verona" is Proteus ûntrou. Yn dy gefallen is de man yn 'e leafde ûntrou, de frou trou. Dat patroan typearret de iere Shakespeare. En it hat alle kâns dat op it stik fan trou en ûntrou Shakespeare syn fisy korrekter is as de midsieuske fizy, lykas yn ús tiid út wittenskiplike stúdzjes wol bliken dien hat. Alsa klaget Shakespeare de ûntrou fan 'e man oan. En dêrom ferfettet Proteus alsa Julia har rede:

Want sa tinkt sedichheid: sa slim is 't net,
Feroarje froulju 't klaad, as manlju 't hert.
Proteus
As manlju 't hert! O, wier is 't! Wie de man
Mar trou, hy wie folmakke; mar dat iene
Laadt skande en skuld op him, sa slim as 't kin;
Syn wifsin wykt foar leafdes wier begjin. (V,4)

Julia har manljusklean, in oerflakkige feroaring en allinnich yn skyn in slim brek, kontrastearret mei de ynderlike feroaring fan Proteus, dy't de skyn fan deugd hâldt mar yn wurklikheid in slim brek fertoant. Sa stelt de Bard net allinne de geslachtlike rollen oan 'e oarder mar brûkt se ek daalks om de tema's fan trou en ûntrou, skyn en wurklikheid wer te jaan.

Eric Hoekstra, Mexico Ciudad, 30 juny 2003.