In boargerman fermoedsoent him mei syn lot.

Besprek fan Willem Elsschot syn Tsiis, oerset troch Frank Dijkstra

 

Tsiis is de Fryske oersetting fan Elsschot syn ferneamde novelle Kaas, in boek dat hžnderttžzenen middelbere skoalbern mei smaak foar de literatuerlisten lze. Frank Dijkstra hat it oerset, en it is him boppedat slagge en lit it œtjaan troch Atheneum & Polak, oars gjin spiler yn 'e Fryske œtjouwerswr‰ld. En noch sterker, hy hat syn oersetting oanbiede kinnen oan de Fryske Kommissaris fan 'e Keninginne, Ed Nijpels.

 

Elsschot is in populre skriuwer yn it Nederl‰nske taalgebiet. De kombinaasje fan sinisme en in bewyske fan romantyk, dy't wy ommers ek kinne œt it wurk fan Nescio en Reve, falt blykber yn 'e smaak by œs literre yntellektuelen.

 

Tsiis is in apart boek. It iepent mei in gedicht foar Jan Greshoff, dat de dichter oantrœnt syn satiryske jeften net te bedimjen:

 

Ik folgje de hoeken fan dyn mžle

in kwealik tochtwoeksen mžle

...

Toe dan, Jan jong, bržk de rym

en jou dat soadsje strym op strym!

 

Yn Tsiis falt it mei de satire wol ta. It is folle earder in ynholden boek, en mocht it sa wze dat de skriuwer trillet fan ynholden lilkens of wanhoop, dan fernimt de lzer dr net folle fan. Deselde toan dy't œt it gedicht te beharkjen is, falt ek op by de Ynlieding. Dryn docht de skriuwer nammentlik syn fisy op keunst en keunstnerskip œt 'e doeken. Dat komt by Elsschot del op in kombinaasje fan tragyk/autentisiteit oan de iene kant, en in ritme yn it plot sadanich dat de lzer hieltyd ferrifele wurdt yn syn ferwachtings. Elsschot (13) toant him in fij‰n fan it eksperimint, oars o sa yn 'e moade:

 

Yn keunst mei nea besocht wurde. ... Men kin besykje in b™le te bakken, mar men besiket gjin skepping. Men besiket ek net te bernjen. Dr't it swierwzen bestiet, komt it bernjen fansels, op tiid en bar.

 

No, dat kinne de eksperimintelen yn 'e bžse stekke. Mar noch set de novelle net œtein. Der folget earst noch in side mei in list fan personaazjes, as betrof it hjir in toanielstik. En der folget in side mei in list fan eleminten, dr't wat objekten en lokaasjes œt 'e novelle yn opnommen binne. Dat jout in boartlike ynstek, benammen de list fan gearstallings mei tsiis-. Yndie soe de novelle ta toanielstik bewurke wurde kinne. (Of is dat al ris dien?)

 

De novelle bestiet œt 24 lytse haadstikjes. It earste haadstikje iepent mei ‰lderdom en sinleazens. De protagonist beskriuwt yn de ik-persoan de dea fan syn mem. Se wie al demint, en syn suster joech har earpels te skilen, en letter kapok en wol te plœzjen.

 

en mem wie sels ien en al plœs. Sa gong it hieltyd mar troch, nachts likegoed as deis: slomje, plœzje, slomje, plœzje.

 

It is suver in metafoar foar it libben fan 'e minske yn œs maatskippij, yn alle gefallen kin it maklik op it kantoarwurk fan 'e haadpersoan slaan. Dat wurdt noch beklamme troch in oare passaazje. De ‰ld mem is hast alles fergetten mar makket har noch wol soargen om in hypotheek, dat ommers de grutste soargepost foar de middeklasse is. Ut en troch br‰nt der noch in fonkje yn har. En dat docht tinken oan it ferset dat de haadpersoan sels tsjin syn nuete kantoarbaan plege sil, ear't er him oan de ein definityf deljout. Ik tink drom dat Elsschot hjir in skriuwerstechnyk hantearret, al bekend œt de ‰ldste Romeinske romans (bygelyks yn Achilles Tatios syn De leafdesleafdesperikelen van Leukippe en Kleitofon. sjoch s.13 fan de ynlieding), nammentlik dat in sne oan it begjin yn it lyts de tematyk dy't folgje sil op metafoarysk-symboalyske wize oankundiget en gearfettet.

 

It twadde haadstik beskriuwt de frijwat hilaryske stjersne. Hilarysk want de haadpersoan kriget lijen fan it bier dat opspilet krekt as er net efkes by it stjerbd fuort kin. It ferstjerren fan syn mem (eins de begraffenis) bringt de protagonist yn kontakt mei Van Schoonebeke, in man fan 'e wr‰ld. Van Schoonebeke sil dat de haadpersoan opstokelje dat er in eigen bedriuwke begjint, in tsiishannel, en alsa feroaret fan in grize kantoarmžs yn 'e ultime held fan œs maatskippij: de žndernimmer, dy't ommers eigen baas is. Yn it ferrin fan 'e roman moat de haadpersoan der dan ta komme om syn fersin yn te sjen: hy is nammentlik folslein žngeskikt om in eigen bedriuw te hawwen, en lit him by žnderhannelingen figuerlik de tsiis fan 'e b™le ite, kin net haadsaken fan bysaken žnderskiede, en lang om let sjocht er pas yn wat syn frou en syn broer de dokter folle earder al troch hiene: dit wurdt neat. Aldergeloks kin de protagonist weromkomme by it kantoar dr't er al syn libben wurke, en it is him as in waarm baad. It liket It Buro fan Voskuyl wol.Op side 110 realisearret er him:

 

't Is frjemd, yn al dy jierren haw ik net witten dat it op kantoar sa smžk wze kin. Yn dy tsiis moast ik smoare, wylst ik hir, tusken twa bryfkes yn, eefkes harkje kin nei inerlike stimmen.

 

It lste haadstik slœt wer oan by it earste. Laarmans (sa hjit er) besiket dan it grf fan 'e mem, waans ferstjerren oan it begjin fan it boek beskreaun waard. Dr docht oars noch in kear bliken hoe žngaadlik as Laarmans foar it hannels- en žnderhannelingslibben is. Hy sil nammentlik blommen keapje foar it grf en (s.114):

 

En al beloerde ik de lytse, dochs hat er my de grutte ferkocht, en wol tolve stik.

 

Der komme meardere soksoarte snes, bewizen fan in swakke žndernimmingsgeast, yn it boek foar. En hy skammet him ek noch hieltyd dat er him wer ferrifele litten hat, dat eins hat er ek noch net safolle leard. Dat bekrompene hat Elsschot goed beskreaun. Mar wol is Laarmans oan de ein tankber foar syn boargerbestean en wurdearret syn frou en bern namstemear. Dy dogge har bst om net oer de mislearre tsiisskiednis te praten en sette him pas moannen letter tsiis foar, en dat in Fr‰nske. It boek einiget mei de wurden:

 

Brave. bste bern.

Leave, leave frou.

 

Elsschot is by œtstek in tragikomikus. Syn wurk befettet in protte stille komeedzje en trageedzje. De lste tsiisdei is dr in foarbyld fan. Oan de iene kant lit Elsschot de haadpersoan žnder de finsterbank džke, dat er mar net hoecht iepen te dwaan foar Hornstra, de tsiisleveransier (komeedzje). En tagelyk de trageedzje, it meilijen, it selsynsjoch, as Hornstra wer fuort is (108):

 

Ik gean op har ta en slaan myne arms om har hinne. En as myn earste triennen op har ferware antlit falle, sjoch ik dat sy nei my weromgžlt.

En ynienen is de keuken fuort. It is nacht, en wy stean wer allinnich, sžnder bern, yn in iensume oarde, sa as tritich jier lyn doe't wy in stil plakje opsochten om yn frede skrieme te kinnen.

De tsiistoer is ynstoart.

 

Net om 'e nocht ferwiist Elsschot, mei syn sels- en minskeferachting en -meilijen, yn syn Ynlieding nei Job, want de sfear œt dat bibelboek is besibbe oan de sfear dy't de lzer œt dizze roman temjitte komt.

 

In pear opmerkingen oer de oersetting. It is in slagge oersetting. It Frysk ademt deselde Elsschotiaanske sfear as it Holl‰nsk. Op side 18 ls ik lykwols dat de protagonist oer syn mem skriuwt: om te besykjen sadwaande it libben yn har wer wat oan te boazjen. Mar oanboazje is negatyf, lykas fan in stoarm, in kontekst dy't hjir net oan de oarder is. Better hie west oan te fiterjen. En in rute reiskostœm (107) hie moaier kinnen: in rœtsjese reiskostœm. Net sa moai is (22): tink dy ris yn dat ik alles derœt jage hie. Dr hie koarre moaier west, tinkt my. It Hollanisme iderkear (29) liket my stylbrek ya omdat it Frysk fan 'e oersetting fierder tige geef, suver boekjefrysk is mei foarmen lykas harren, en dan is iderkear in te leech register. No ja, it binne mar lytsichheidsjes. It is moai dat wy Frysklzers nei Wolkers (Turks Swiet, oerset troch Nynke Beetstra) no ek fan Frank Dijkstra Elsschot yn it Frysk krigen ha.