Koarte resinsje fan Tsjêbbe Hettinga syn "Fan oer see en fierder". Utjouwerij MONTAiGNE, Gasselternijveenschemond. 36 siden.

Is it net moai om te sjen hoe't lytse ienmans útjouwerijkes de prachtichste boeken produsearje? MONTAiGNE (Piter Bergstra) skoart mei twa prachtich foarmjûne boeken. Mei de gedichten fan Fryslâns ferneamdste dichter Tsjêbbe Hettinga en mei de essays fan Freark Bergstra oer it Frysk en de Beweging (dy't ik op in oar plak koart besprutsen ha). It boek fan Tsjêbbe Hettinga hat in prachtige blauwe kleur op it omslach, dy't sûnder mis ferwiist nei de see en de himel. Tsjêbbe is fansels ek in kleuredichter, krekt lykas Albertina Soepboer. By Tsjêbbe fleane de kleuren jin om de earen, letterlik want dy syn poëzy is skreaun om foardroegen te wurden en ûntlient dêr by de measten ek syn sterkste effekten oan. Want hokfoar dichter is dizze Tsjêbbe? Ik weagje in hipteze. Der binne twa soarten dichters. Oan de iene kant binne der dichters dy't harsels ferkenne, en harsels as frjemde en eksoatyske lannen oan de lêzer oanbiede. Somtiden fine sokke dichters yn harsels in frjemde, noch net ûntdutsen mar ek foar oaren jildige universele wierheid. It idiosynkratyske dûnset mei it universele. Sa'n dichter is Tsjisse Hettema, dy't de skerpe en pynlike hoeken fan syn spesifike psyche fol skuld en ynersje ferkent. Of iksels, dy't de fuotangels fan syn spesifike bewûndering ûntmaskeret om de emoasje sels te suverjen fan konvinsjenele ûngerjochtichheid. Mar der binne ek dichters dy't as persoan dizich bliuwe, dy't net oer harsels skriuwe mar dy't Poezy skriuwe. Sokke dichters binne, yn myn eagen, Albertina Soepboer en Tsjêbe Hettinga. Se geane daalks foar it universele, foar de poëzy. Se skriuwe objektive poëzy. De parallel giet fierder. It binne ek beide retoarisy dy't de bombast net ba binne. Mar fierder rinne se útinoar. Dêr't Albertina har konformearret oan it gemekker oer taal dat sûnt de oarloch de Hollânske poëzy ûnlêsber makket, besiket Tsjêbe de klassiken te imitearjen. Yndie, in neifolger fan Homeros. Yn de tekst sels komt, as wie it ferplicht, mar it spilet yn Grikelân en dan IS it ferplicht, dizze ferwizing nei Homeros foar (út "Oankomst", s.9):

... sa't mei grize wynbrau it strân
Noch socht om in float dy't útgie om in frou.

Jawisse, Homeros, de bline dichter sels, de sjonger fan de Ilias en de Odyssee. En op s.11 (út "It skipssjoernaal") dan daalks ek mar in referinsje oan dy odyssee:

En hoenear't mei de see it blauwe ljocht
Ier ûnder skiere seefûgels oanspielt op
It eilân syn sprakeleaze kusten,
Slacht it de griene eagen op en makket
Him ree foar de odyssee fan 'e dei,
Dy't hannen en fuotten kriget yn 'e haven,

Dizze oanhelling is ek nijsgjirrich om't in ieuwenâld poëtysk prosedee brûkt. Dat is de trúk om saken oaninoar te relatearjen dy't yninoar feroarje. Yn de niisjûne oanhelling feroaret it blauwe ljocht fan de lucht yn griene see yn griene eagen yn eagen mei hannen en fuotten. De gearbinende faktor is dat dit it libben fan de minske beskriuwt: Fan de see fan de sliep ("it eilân syn sprakeleaze kusten"), nei it wekker wurden, de eagen opslaan, en dan de bealch brûke. It gewoane, it universele, poëtysk beskreaun dus. Saken wurde oaninoar relatearre troch se yninoar feroarje te litten, sa't yn de ûnderfining fan it minsklik subjekt de dingen yninoar feroarje, gearbûn troch it ik. In konvinsjoneler foarbyld fan dit feroaringsprosedee, dat Tsjêbe brûkt op side 12 ("It skipssjoernaal"), giet sels letterlik werom op Homeros:

Fan in man waans skip en mêst yn rûzjende
Bosken stean te widzjen en te wachtsjen
Op wrede bile, skomjend wiid en thúskomst.

Hjir wurdt in poëtyske ferbining makke tusken beammen dy't yn skippen feroarje, wat ek by Homeros foarkomt. Letter soe it Kristendom yn har metaforyk it hout fan it krús ek wer oan de libbene beam relatearje, en sa stikem oanslute by de libbensbeam fan de heidenen. Tsjêbe skriuwt klassike poëzy.
Ek ynhâldlik is de tematyk klassyk. Wat jin opfalt oan klassike poëzy is dat it strang elitêr is yn de kar fan sênes dy't beskreaun wurde meie. Der wurdt bygelyks net skiten, net miigd, der binne gjin fiellingen fan minder- of mearweardichheid, it is net subjektyf ynfolle. Dat jildt foar alle klassike poëzy, likegoed as men no yn Sina of yn Grikelân bivakearret. Dat is ek by Tsjêbe it gefal. Hy kiest klassike ûnpersoanlike sênes, lykas in beskriuwing fan frouljusboarsten dêr't it wetter by del rint, oan see, mar hy mingt it (jukstaponearret it) ferrassend mei in fiskbaksêne en in sêne dêr't er him foarstelt hoe't de tiid minskene hûd strûpt.

... en bak se (wylst lyk
Foar my oer in lije wyn dyn dripkjende
Boarsten druit) op selsmakke roaster, en
Strûp se dy, as tiid de minskene, de hûd

De klassike sêne fan it droegjen fan de dripkjende boarsten en it bakken fan de fisken op it roaster beljochtet wer it like klassike tema fan de feroaring fan de minske yn de tiid. Achter de bombast sit knappe poëzy, dêr't de opienfolgjende sênes inoar as metafoarysk kommentaar beljochtsje oant net mear dúdlik is wat wurklikheid, wat ynterpretaasje is. It gehiel wurdt in symboal fan in allinne yn it abstrakt oan te tsjutten proses. It proses dat metafoaren har ferbine ta in symboal is de kearn fan hoe't knappe poëzy wurket. Sa wurket it ek yn de gedichten fan Cornelis fan der Wal. Ek dêr beljochtsje meardere sênes inoar dy't yn in mateforyske ferhâlding tainoar steane en sa in symboal oproppe, in symboal dat saken oantsjut dêr't gjin besteande wurden foar binne. Allinne binne by Van der Wal de metafoaren kompleet idiosynkratysk, morbide en orisjineel. Dêr wurde ek oare mentale tastannen stal jûn as by Tsjêbbe, dy't neffens ynhâld klassyk is, want wat is in âlder tema as de feroaring en it opdroegjen ta âlderdom mei de tiid.

Dizze poëzy wol de lêzer platslaan mei syn machtige retoaryk. Dat makket de foardrachten sa ymposant. De harkers wurde meisleept en troch in see fan wurden oerspield dêr't de syntax yn ûnderdutsen is. Mar ik stel my tsjin Tsjêbbe syn dionysyske oerweldigingsdrang tewar, en it knyft fan myn yntellekt wol alle goardiaanske knopen fan syn syntaksis únttiizje. De syntaktyske sin strekt him by dizze dichter faak oer in protte regels út, as in lange wil ta macht. De bondel iepenet mei in sin fan 14 regels, as wie de dichter de Proust fan de poëzy. Hoewol't de syntaks doocht, is de struktuer meast net daalks trochsichtich. Dy ûntrochsichtige syntax wol jin hieltyd ferliede om jin dan mar driuwe te litten. Mar wa't him net driuwe lit, kriget as rynskere beleanning de prachtige symboalen dêr't Tsjêbe it gewoane libben syn mystearje mei werom jout. Ja, dat is knap, om it gewoane ûnderfinen fan it libben wer mei in kompleks fjoer fan poëzy yn de ûne fan de geast te rekre-earjen. Dizze poezy kin twa soarten rekreanten oanlûke: de platte mearderheid dy't har oerweldigje litte wol en de ekswize ferwulften dy't brea en wyn fan in Master priuwe wolle.