Eric Hoekstra

 

Leafdesroman yn Limbo tusken Sadisme en Sentimentalisme.

Jan Wolkers syn “Turks Swiet”, oerset troch Nynke Beetstra

 

De flaptekst seit: “Gjin inkelde roman fan Jan Wolkers hat sa’n opskuor jěn as ‘Turks fruit” (1969).

 

Yndie, en yn dy tiid joegen romans ek noch gauris opskuor. Tsjintwurdich is dat spitigernôch net mear sa. It boek is ek noch altyd in evergreen (jimmergrien), want ien fan myn pypjonge Fryske studintes blykte it lźzen te hawwen. It boek lźst ek hiel maklik. Allegear koarte sintsjes. En fol nijsgjirrige of lugubere barrens. Dat hČldt it omtinken fan de lźzer wol fźst.

 

It boek is suver en allinnich it ferhaal fan in romance. It is gjin Bildungsroman, it giet net oer de minske as ěnderdiel fan de maatskippij of fan in hěshČlding, der komme gjin nijsgjirrige petearen yn foar, it giet net oer famyljeferhČldings: de iennichste famyljeferhČlding dy’t der yn foar komt (skoanmem) is ien grut klisjee (skoanmem = heks dy’t dochter bedjert). Dźrom ha ik it in leafdesroman yn limbo neamd, dizze wiete dream fan elke man dy’t dreamt fan einleaze seks, fan elke frou dy’t dreamt fan einleaze mar (om’t it oer in oare frou giet?) tragyske leafde. Wolkers wit wat de lźzers ha wolle. Sa’t de efterflap seit:

“It is lźstich te sizzen wat de measte yndruk makke op de lźzers: de frijmoedige seks of it ferskuorrend tragyske leafdesferhaal.”

De man-frou ferhČlding is yn de 20ste ieu it ideaal likegoed as yn de 19e. It ferskil is dat de man-frou ferhČlding yn de 20ste ieu út syn sosjale kontekst losweakke is, yn limbo bestiet, boargerlik bang foar alles dat fan běten komt. En in oar ferskil is dat de seks no, hoewol klisjeemjittich, eksplisyt is, wylst dźr in ieu ferlyn net oer praat waard.

 

It boek bestiet út 19 haadstikjes dy’t ek apart lźzen wurde kinne. Modern docht it boek ek oan, om’t der safolle Ingelsk yn foarkomt. In pear haadstiktitels meitsje dit dúdlik: “Someday Sweetheart”, “Peel me a grape”, “ Miss Wespetaille”, “Nice dolls & Judaspoppen”, “Fuck me, I’m desperate”. De titels sprekke ta de ferbylding, en de titel hat gauris in metafoaryske betsjutting dźr’t yn it haadstik sels noch efkes op weromkommen wurdt, of los omhinne weefd wurdt. In slagge foarbyld is it haadstikje “Feilichheidslúsjefers”. De haadpersoan hat in skoft in leafdesrelaasje mei de frou fan syn libben Olga, sy is alles foar him. At se by him weigiet, siket er it fjoer earst noch by oare froulju. Op de búk fan in Sweedske skriuwt er mei lipstick it iennichst Sweedsk dat er ken: “Säkerhets Tändstickor”. Sadwaande feilichhheidslúsjefers: mar mei de Sweedske kin er gjin wier fjoer oanstekke, it is allegear risikoleas en feilich. Nei Olga wurdt it him net mear. No dat alles, passyleas geneuk, is wol moai loswei útdrukt mei it symboal fan “feilichheidslúsjefers”. Dat Wolkers hat beslist de jefte fan it krekte wurd en symboal, allegear hiel natuerlik. Betěft skriuwerswurk.

 

In Wolkeriaanske nuveraardichheid is it teměke of iepentlike sadisme dat him yn suver alle haadstikjes oppenearret. Sa’t jim freudianen witte, lizze sadisme en sentimentalisme ticht byinoar. En as de beide kanten fan in magneet fine wy yn elk haadstik dy oskillaasje tusken sadisme en sentimentalisme werom.

 

Yn it haadstik “In měs mei in trauma” rjochtet it sadisme him op bisten, mei de lźzers as meiplichtige voyeurs. Dat haadstik komt in měs yn foar dy’t troch in kat tamtearre is. Silich! Mar dy wurdt dan wer opwoutere troch Olga en de ferteller. Leaf! En hoe rint it mei dy měs ôf, nei’t se him frijlitten ha? Side 100:

 

Letter hearde ik dat er nei alle gedachten in ferskriklike dea stoarn is. Dat mězen elke frjemde soartgenoat dy’t har domein ynkringt fan kant meitsje. En dat net troch even syn kiel út te biten, mar se begjinne gewoan ergens te iten want dat frjemde elemint moat sa gau mooglik ferdwine.

 

Yn itselde haadstik komme ek naaiende dowen foar. Dy krije dan aaien. Leaf!

 

Olga koe mar net fan de aaien ôfbliuwe. En se tocht dat der prachtige fěgeltsjes mei fearkes út komme soene. In soarte fan mětele tomkes of lytse pykjes.

 

No rjochtet it teměke sadisme fan de ferteller him sawol op Olga, en belěkt dźrby de skuldich-meiplichtige lźzer, as der wer in weach fan orgiastyske wearze oankomt:

 

Mar doe leine der op in moarn twa fan dy walchlike keale termsekken mei fan dy prehistoaryske koppen yn it nźst. Se wie freeslik teloarsteld. En se waard der mislik fan as de Člden mei fan dy kokhalslěden har it heal fertarde foer yn de bekjes koarren.

 

En sa giet de beskriuwing noch efkes troch.

 

Yn in oar haadstik rjochtsje de wearze en it sadisme him op de hegerein, mei’t ien fan harren de nije freon fan Olga is. De ferteller is der letterlik siik fan dat er syn hertsje kwytrekket. Hy moat koarje (124):

 

Doe spuite it der by my út. Ik seach de spatten op ‘e boarden en tsjin de glźzen sitten. En op ‘e klean fan ‘e minsken foar my oer. ... Doe kaam my in weach fan tomatesopachtige brij ta de měle út dy’t yn in reuzepankoekgrut plakkaat op it taffelslekken klettere mei yn ‘e midden dúdlik werkenber in brij-achtige massa fan stikjes fleis, taugee en de troch magesoppen heal fertarde resten fan de bakte bokking fan tusken de middei. In walchlik soere lucht fersprate him troch it restaurant.

 

Hokke krachtige haat en wraaksucht sprekt út dit fragmint! Hok ěnnuansearre fijČnbyld! Ik sjoch dit boek dan ek as it hillich boek fan de NederlČnske kultuer fan de jierren sechtich oant ... no? Minsken dy’t yn har yndividualiteit ôfsnien binne fanne maatskiplike en famyljeferbannen. De asosjale keunstner yn syn plasticwrČld mei syn idiosynkratyske byldsjes en syn neukobsesje. It hearlike lit-mar-waaie en it libjen tusken mězekeutels en jiske. Ah, hearlike frijheid! En de paranoia foar elkenien oer dy’t dy paradyslike autistyske wrČld binnenkringt: de skoanmem, de nije minnaar. En de wiete heteroseksuele dream sa’t dy mei it ferfal fan it Kristendom as ideaal oerbleaun is: de passionearre ferhČlding fan mantsje en wyfke, isolearre fan ‘e rest fan ‘e wrČld. 

 

Prachtige hilaryske sźnes smyt dit alles op. At Olga en de ferteller útinoar binne, komt de ferteller noch ien kear op besite by har, at se by har mem wennet, yn it haadstikje “De Heksesintrale”. Dy moarns krěpt er stikem by har op bźd en ha se noch seks, en dan stoot de mem de keamer yn (138).

 

Doe luts se de tekkens fan ús ôf. Op datselde stuit fielde ik hoe’t dat hurde fźstklamme stik fan my mei it běnzjen fan myn bloed yn har ferstive lichem spuite. En nettsjinsteande alle eangst en ferkramping hearde ik Olga deunby myn ear stinnen: Aaahh! It like wol as seach har mem it oan myn byinoar knypte reet dat ik yn har dochter klearkaam want mei har hannen om myn ankels begěn se oan my te skuorren en te lěken.

 

Dźr is wol in film fan it meitsjen, soe ik sizze. En dan ha ik it noch net iens hČn oer “de kut útstjonkende aaistokken”: soksoarte saken tilt it boek fan op. Ut en troch wurdt dit sadisme ôfwiksele mei wat sentimentele patetyk, paslik by it aard fan de ferteller. As Olga mei in oar is (158):

 

En ik moast tinke oan wat ien tsjin my sein hie dy’t har net lang dźrfoar troffen hie:”dy waarme blik is út har eagen.” Ik seach dat it wier wie en it woe my gewoan net oan.

 

Sadwaande tusken sadisme en sentimentalisme, al slacht it sadisme foar master op. Oar foarbyld fan patetyk is as de ferteller op de skiedingsakte skriuwt (145):

 

watst dien hast, wat dochst of dwaan silst, werst ek hinne giest, ik sil altyd fan dy halde!

 

Tsjintwurdich soe sa’n eks al gau foar stalking oppakt wurde of in strjitferbod krije. Fansels wurdt Olga paslik straft foar it feit dat se by de ferteller fuortrint: se kriget kanker en giet stadichoan dea, wylst de ferteller altyd oan har stjerbźd sit op de oeren dat se besite ha mei. Se rekket har hier kwyt, har ferstČn, har ěnthČld. Krekt as allegear bisten yn dit boek, giet se op in ôfgryslike manier dea. De iennichste dy’t dit deadefeest oerlibbet is de ferteller, krekt sa’t yn allegear misdiefilms hast elkenien fermoarde wurdt útsein de Held.

 

Fansels is al dat ěnsublimearre sadisme en dy wraaksucht gjin beswier tsjin literatuer: it is krekt in oanrekommandaasje. Mar it hinget fan de lźzer syn eigen psychologyske driuwfearren ôf oft dit boek mei himsels en syn of har smaak oerienkomt. Dit boek is in treflik literźr masterwurk, dat tagelyk in ynsjoch jout yn hoe’t it dominante minsktype fan ús tiid/kultuer psychologysk besjoen yninoar stekt.