Boekoankundiging

Vergilius: Georgika

ferfrysking

Klaas Bruinsma: Lânwurk

De diktatuer fan heden en aktualiteit is foarby! De ferkeap fan kranten rint werom. Wa't noch al in abonnemint hat, besteget hieltyd minder minuten oan dy wynhannel yn bedrukt (tryst) papier. Oaren helje leaver fergees de Spits en de Metro fan it stasjon. De kranten ha har bêst dien om alle omtinken foar it ferline mei woartel en tûke út te roegjen. Krekt as soe it ferline net trochlibje yn it heden. Der net relevant foar wêze. Yn dat klimaat koe Bruinsma, tweintich jier ferlyn, syn oersettingen fan klassike wurken oan de strjitstiennen net kwyt. De "progressive" hearen fan de macht woene der gjin bek op sette.

De ferrjochtsing fan Nederlân, dy't ik as Fryslâns iennichste rjochtse yntellektueel bejubelje, hat dêr feroaring yn brocht. Al sûnt in pear jier ferskynt fan Bruinsma de iene oersetting nei de oare. Trije útjouwerijen fjochtsje om wat der noch by de masteroersetter yn 'e kast leit. Der is sels praat fan as soe Bruinsma de Ilias en de Odyssee beide yn hanskrift kompleet ha. Achter de skermen wurdt fûneinich ûnderhannele.

Underwylst komt as foarpreauke in oersetting fan de Georgika fan Vergilius út de skatkeamer fan de klúzner fan Aldemardum. It is in opmerklike útjefte om twa redenen. Yn it foarste plak is de útjefte net ta stân brocht mei in wolfeartsmaatskiplike oerheidssubsydzje. Nee, in keunstmesenas dy't anonym blliuwe wol, hat der jild yn set. Oer ferrjochtsing sprutsen ... De twadde reden dat it in opmerklike útjefte is betreft de kwaliteit. Wie sok swier papier al ris earder brûkt yn 'e Fryske literatuer? In prachtich bûn boek, ûntwurpen troch de fameuze Gert Jan Slagter. Syn hannelsmerk liket wol it brûken fan skutblêden te wêzen. "Lânwurk" bestiet nammentlik út fjouwer parten, en dy ha har eigen skutblêd. Is der no al as net sprake fan kleursymbolyk? It part oer de bijen hat in giel skutblêd, dat men tinkt fan al. Mar it part oer de wynbou en de maitiid hat in blau skutblêd, dat men tinkt fan net. Hawar, dat mei hinnebruie.

De Georgika sels is in rynsk deskriptyf wurk, de ûnderfining fan it plattelân mei geuren en bylden yn 'e taal werskepen. It gehiel wurdt as in leardicht oanbeam, en yndie in beskaat Klazien-út-Zalk gehalte kin men de Georgika net ûntstride. Of sa't Vergilius sels syn eigen wurk gearfettet:

Dat wat de rispingen rykdom jout en yn hokker seizoen it
gaadlik is d'ierde te kearen, de wynstok te pearjen oan d'iper,
en hokker soarch it fee en it fokken fan lytsfee fereasket
en hoe'n betûftens foar it hâlden fan digere bijen, Mecenas,
sil ik besjonge.

It wurk is, sa't út dizze oanhelling allyk bliket, opdroegen oan de rike held dy't Vergilius in baan joech dat dy in grut part fan syn tiid oan de dichtkeunst besteegje koe: in foarbyld dat neifolging fertsjinje soe, as de keunstners der sels ta by steat wiene.

Der wurdt altyd sein dat Vergilius it plattelân te ydillysk werjout, as soe it earder út it perspektyf fan in stêdsminske wei skreaun wêze. De Georgika stipet dat foaroardiel net. It tredde part jout in wiidweidige skets fan feepest en de ellinde dy't sykte jout foar wa't yn en fan 'e natuer libje moat. De oare parten sjonge de lof fan de sintugen op it plattelân, mar fingerwize ek gauris nei it risiko fan in mislearre rispinge. In stealtsje fan dat lêste (rigel 181 en fierder):

Alderlei naasje pleaget jo oars; in skiterich mûske
hat faken ûnder de grûn syn hûs boud en spynkeamers makke.
... ; de nôtwjirm fernielt in ûnbiidge
bulte nôt


Likegoed is by einsluten it libben op it plattelân no ienris folle nofliker as it stêdslibben. As ik myn dochter op 'e fyts nei skoalle bring, is it oars net as stank fan útlitgassen, leven fan optrekkende en remjende auto's, ferkearsljochten, yn sân hasten oerstekkende skoalbern, files fan bussen by it busstasjon, en gean sa mar troch: it jinsels yn 'e stêd bewege liket wol in fideospultsje.

Wat seagen Vergilius, en de âlde Romeinen, as lok? De ein fan it twadde part (490-502) jout ús in antwurd.

Sillich is hy dy't de oarsaken fan de dingen trochgrûnje
kin en sa alle eangsten en 't ûnferbidlike needlot
en de skreau fan 't begearich deaderyk ûnder de foet smoart.

Kennis jout blykber lok: kennis, alteast dy kennis dy't macht jout om it eigen libben better yn te rjochtsjen. Kennis is net yntrinsyk goed, mar pas as it helpt om de eangst te oerwinnen. Wat noch mear?

Lokkich is hy ek dy't ken de goaden fan de lânsdouwen:
Pan en de âlde Silvanus en 't susterlik selskip fan Nimfen.
Dy wurdt troch de eare fan 't folk net krombûgd, noch 't poarper fan foarsten,
noch troch twaspjalt ... :

It oansluten by de tradysje jout lok, want it jout eare en iendracht. It probleem dat eare ek ferfeling jaan kin wurdt net besprutsen ... By folk en foarst is men fansels net altyd wis fan eare. Wat is eare? Selsbewûndering, bewûndering fan oaren, hjir ek bewûndering foar de goaden: koartsein, in noflik fiellen fan selsrespekt.

En wat jout Vergilius fierder as skaaimerk fan de lokkige? Tige nijsgjirrich:

him smertet
gjin begrutsjen mei d'earme of oergeunst en haat tsjin de rike.

Dat is nochris wat oars as sosjalisme dat no krekt as skaaimerken hat: begrutsjen mei de earme en haat tsjin de rike. Tiden ha tiden.

En by einsluten helpt de wille fan it plattelân jin om de frustraasjes út de stêd te ferjitten:

Fruchten dy't tûken fan beammen ... frijwillich him brocht ha
út harsels, kin er ploaitsje; hy sjocht net de izeren wetten,
noch de dwylsin fan 't forum of d'amtlike administraasje.

Wie Vergilius krekt as Theo van Gogh fortunist? Wa sil it sizze? Yn alle gefallen is "Lânwurk" in relaxed klassyk boek oer it plattelân. En troch de slagge poëtyske foarm kriget men wer it sjongsume kontakt mei de taal werom dat men troch proaza en krantetaal kwytrekke wie.

[eh]