ehoekstra visser 2310 wurden = 5/6 siden (+ yll.)

+ twa foto's:
1. (oer ienkolom): G.N. Visser, 1980 (foto lc/argyf flmd)
2. (oer twa kolom): Ein jierren fjirtich: Garmant Nico Visser (twadde fan links) mei Teake Hoekema, Klaes Dykstra en Durk J. Heddema by it Jongereinkamp Wierskn op Skylge. (foto argyf flmd)

Froulju, ferfeling en nasjonalisme
De poÎzy fan Garmant Nico Visser


Eric Hoekstra

Garmant Nico Visser waard berne yn 1910 te Jiskenhuzen en libbet noch. Syn generaasjegenoaten binne Tamminga, Hoekema, Van der Goot en Fan Wering of lykas er yn in gedicht seit: "Ik skriuw oan Douwe, Teake, Bouke, Juw." ('Noeging ta it súd', 127) Dat bringt ús daalks op in earste observaasje. It persoanlike elemint is sterk op 'e foargrûn yn dizze poëzy. De dichter bestribbet gjin eksperiminten nei foarm of ynhâld: syn foarm is de metryske regel mei rym, syn ynhâld is foar twa tredde klassik te neamen. Want froulju en ferfeling binne klassike temata, nasjonalisme dÍr foar oer is in tema dat folle beheinder is en by útstek keppele oan de tiid foar de twadde wrâldkriich ­ alteast yn dit part fan 'e wrâld. Men treft nasjonalisme as tema likegoed oan yn it wurk fan bygelyks Yeats, de Ierske dichter, dy't net om 'e nocht ek út in kultureel minderheidsgebiet kaam, of om it oars te sizzen, by de 'losers' wei. Mar Ierl’n is te'n minsten ûnôfhinklik wurden en safier is it mei Fryslân noch net.
Ik sil no efterinoar de trije temata yn Visser syn wurk beljochtsje, te begjinnen mei ferfeling.*

1. Ferfeling en oare 'ûnlustgefoelens'

"om my is de mantel fan neat en nacht." ('Don Juan', 25)

Ferfeling, dat is IT tema fan de 'poéte maudit', de 'gedoemde dichter'. Foarbylden fan dat type binne ûnder oaren Slauerhoff, Van der Wal en Baudelaire. Ik rekkenje Visser dêr ek by.
It tema fan de ferfeling komt it meast en it moaist nei foaren yn Visser syn earste bondel, Jolm (1947). Dat betsjut "aanspoelsel", en tsjut op it tema fan it ferlern wêze. Ik beskôgje dit as in gearhingjende tematyske betsjuttingskloft: ferfeling, ûnfoldienens, wurgens, tstjittenens, ferdommenis, ferdwaald wêze. Yn it twadde gedicht fan Jolm wurdt dit tema daalks al oansnien ('Myn broer', 7):

En letter, wer op 'en paad, en letter, wer dwalend,
dûnker de eagen nei in fier doel, ûnfoldien
en altyd wer nei it ûnberikbere talend,
sa ha ik dy sjoen, myn broer, en sa dy ferstien.

'Mêd', it tredde gedicht t dy bondel slút by it foargeande oan:

God, ik bin mêd, ik bin mêd.
Is der dan nearne in frou en
is der dan nearne in wyt bêd
en gjin witten, gjin rotsfêst leauwen
en gjin dûnker en nommel fielen
yn libbene sielen?

Wat is dit foar langstme nei wissichheid? Is it wurgens fan de eigen malkerige aard? Mar yn de mienskip fielt de dichter him net thús, fielt er him útstjitten ('Pas', 9):

Ferlake, húnd, melaatsk,
sa dwaal ik oan de rân
fan dizze mienskip en der is gjin hân
dy't mei my fûstket, ik wie te min karaatsk.

In djippe driuwfear is it selsmeilijen dat út dizze regels sprekt. En ja, sa bedarje wy dan wer by de ferfeling ('Advys', 21), mei in wranghumoristyske winding yn regel 9 ("Doe haw ik him op it hinnehâlden wiisd"):

Ik kuiere mei him, hy sei my somber:
Wat moat ik mei myn libben dwaan, wêrom
libje ik eins, 'k ha alles dien, de som
wie altyd wer ferfeling, spleen; ûntwondere

is hiel dit wrâld-al, sels de would-be sfinx
Frou, dêr't wy earst sa hyperdom foar knibb'lje.
Oaren lykwols sil' fleurich fierder libje,
hja trouwe, krije bern, ­ krijt men dan niks?

Doe haw ik him op 't hinneh’lden wiisd,
[...]

Mar fierders falt der net folle te laitsjen yn de poëzy fan G.N. Visser en dat is spitich: it is no wol tige skriemerich. En it lêste gedicht fan Jolm is bitter, tige bitter (33):

Anno 1946

Ek dit oanfurdigje ik, in toar bestean
iensum, allinne ta de ein te gean.
Ek dit oanfurdigje ik, gjin gloede mear,
o hert, o roas, dy't alle read ferlear.
Ek dit oanfurdigje ik, alle hoop ferlern
Fryslân jit ienris jong en grien te sjen.
Ek dit oanfurdigje ik, ek dit: de ein,
froast oer myn fielen, nacht yn dit brein.

De bondel Agger (1964) ferskilt ynhâldlik suver net fan Jolm. Oant en mei de titel. Tsjutte jolm ('aanspoelsel') derop dat de skriuwer gjin hege pet fan syn gedichten op hat, agger ('het even rijzen van de zee tijdens eb') is al like larderich en enerzjyleas. It tema fan de 'gemiste kans' kriget stal yn it iepeningsgedicht, 'Kantoarjuffer' (37), mei as memorabele regel: "Mar hokfoar kânsen hat dit toarre fleis". Och, hoe skansearret de dichter himsels mei syn eigen ferachting. "Is that all there is?" Is dit alles dat ik bin? Is dit it libben? Ut 'Iensum te wêzen. . .' (43):

Iensum te wêzen, bitter tinkend oan
eigen ferachtlikens, jins ûndergong
sinysk te akseptearjen

En dan it fielen dat je ferdomme binne, net sûnder in beskate grutskens, dy't him in inkelde kear ris mingt mei in eroatyske oanstriid (út itselde gedicht):

O fammen, glimkjend, bloeiend, ûnbewust,
in flearmûs is it, dy't lâns jim finsters glûpt.
[...]
En, wer op bêd, fersinke yn in dream
deadelik swier en del en aloan del
yn 't ryk te gean, dêr't jin in feale stream
bylâns tsjocht fan ferdoemden, Hel, o Hel.

De ferfeling hat te krijen mei it stellen fan te hege easken, mei in ynberne oantefredenens mei de realiteit. Ut 'Episoade' (44):

Haw ik har leave? Faaks yn it begjin?
Ik wit it net. Wol wit ik dat oplêsten
in djippe ûntefredenheid him nestle
en kankre en friet. 'k Wie machteleas dertsjin.

De ynhâld fan 'Post coitum' (45) sil ik de lêzers besparje: de teneur is klear.
Wyldewrang, de titel fan Visser syn tredde en lêste bondel (1978) is alhiel yn deselde styl kwa betsjuttingsassosjaasjes as Jolm en Agger: Wyldewrang is ommers 'bitterswiet'. Mar der is in radikaal ferskil kwa toan en ynhâld tusken de earste twa bondels en dizze lêste. Yn Jolm en Agger is der in beskaat, sels al stiet it faai, lykwicht tusken de ferskate temata fan Visser: froulju, Fryslân en ferfeling. Der komt sels noch wolris in tel fan wille, in tel fan nocht foar. Of lykas de dichter yn 'Riten' (9) skriuwt: "en skoarjend jout er ta: soms binne der goede riten". Slaan acht op dat "skuorjend", minsken. Yn de tredde bondel is it lykwicht fuort: wat oerbliuwt is in hysterysk nasjonalisme, in skellen op al dat ûnfrysk is, it is gewoanwei minne poëzy. Dêr komme wy aansen noch op werom.

2. Froulju

"It is foarby, ik bin wer pessimistysk" ('Post coitum', 45)

In minder prominint tema yn de gedichten binne froulju. Foar har oer nimt de dichter yn de earste twa bondels in Don Juaneftige pose oan. De toan is dan ynienen lichter en net sa stinnerich en klaaisk. Yn de lêste bondel ­ ik sil dat mar de nasjonalistyske neame ­ is dat net mear sa. Dêr komt Fryslân wol in inkelde kear as frou foar, mar dy identifikaasje betsjut earder dat alle nasjonalistyske dregens op froulju oerdroegen wurdt, of alle "ûnlustgefoelens", as dat oarsom de lustgefoelens de tema's fan nasjonalisme en ferfeling oerwjukkelje.
Lit ús earst wat oanhellingen út de earste twa bondels jaan om it Don Juan tema te yllustrearjen. Ut it earste gedicht fan Jolm (7):

En haw ienkear no swier, wês in Don Juan
en stek in dauw'ge knop blier en útdaagjend
yn dyn revers, o, dat sit Eva haagje.
Wês blier en dryst, dat sil har haagje, man!
[...]
Wês ienkear sultan op in karnaval,
yn haremtint' in man fan oansjen en prestaasjes!

De blidens moat fier wei komme by Visser. Hy moat him der dúdlikernôch ta sette: "wês blier en dryst, dat sil har haagje, man!"
In fers mei in wat lichtere toan, en in wat mear útsprutsen erotyk is it koarte gedicht 'Achilles' út Agger (44):

Frjemd, frjemd dat in ymportant
man mei in lofterkant
fol stjerren en krusen, frjemd,
'k sis it jitris, dat ien stees neamd
as in man fan formaat, sa krimpt,
sa lyts wurdt, sa minuskúl
as syn sikteresse nimt
har blocnote en wite tulen
boarstkes noegje sa gol:
'As ik my mar betsjinje wol'.
Siden skonken dogge my wit:
'Eilaas, dat nimmen ús besit. . .'

Fansels hat de dichter mei dizze eroatyske taskriuwing ek in ferburgen aginda: pommeranten moatte eefkes swart makke wurde. Dat erotyk jin swart makket is fansels karakteristyk foar kristlike noarmen en wearden ("do silst net begeare"), dy't in pear generaasjes hingjen bliuwe sels al leaut men net mear yn God. Lykwols komt yn Agger sels in gedicht foar dêr't de dichter sels foar syn eroatyske fielingen útkomt, wat in seldsum ferskynsel is by dizze generaasje (48):

Ik woe

Ik woe dat ik har kaam wie,
of dat ik har poeierdûns wie,
of dat ik har sjarretel wie . . .
Nee, dat ik it wetter hel wie
dat hiel her lichem ken en

it talústerje mei by it swimmen.

Dit is in gedicht dêr't de erotyk suver, dus amoreel, yn beskreaun wurdt, sûnder byminging fan satire, nasjonalisme of ferfeling. In kombinaasje fan de tema's frou en ferfeling, dêr't de frou de rol fan treaster taspile wurdt, kin fûn wurde yn 'Amarins' (52), mei de karakteristike regel: "Tútsje my, Amarins, want ik bin wurch". Al mei al is Agger faaks noch wol de fleurichste fan de trije publisearre bondels. Lykwols is de titel fan it lêste gedicht 'Flokspreuk', in foarskaad fan de 'nasjonalistyske' bondel Wyldewrang, dêr't oanienwei yn ferflokt wurdt.

3. Nasjonalisme

"Fryslân is de bitterheid, / is it wurd dat alles seit." ('Fryslân, 13)

It nasjonalisme rint as in reade trie troch de gedichten fan Visser, sawol yn syn positive ferskiningsfoarm (heitelânsleafde) as yn syn negative ferskiningsfoarm (hystearje). Mar komt it nasjonalisme yn de earste twa bondels ynsidinteel oan de oarder, njonken de ûnlustgefoelens en de froulju, yn de lêste bondel is oan de titels allinne al te sjen wat it dominante tema wurden is. In greep: 'Stins fan ús hert', 'Frysk magistraat', 'Nordyske geast', 'Nei it Noarden', 'Striidsang' en 'Striidliet'.
En sels yn gedichten mei minder sizzende titels as 'Fiif kwatrinen', 'Efter de kym', 'De keapman', 'Novimber' is it ien en al geklei en gekliem oer Fryslân. Ik sil eefkes wat oanhellingen jaan:

Sjoch 'k foar mysels gjin takomst mear omdat
foar Fryslân ik gjin ink'le takomst sjoch,
of is it krekt oarsom?

('Fiif kwatrinen', 57)

Fryslân, dan sille wy yn dyn wulven wer sjonge in
sang fan trou en ienriedigens, dat is de bêste sang.
Sterk bin' ús stimmen en fris en o, de jonge
gloede op it wang!
('Stins fan ús hert', 58)

Wat oaren dwaan meie, krankyl
hâlde wy 't op d' âldfryske styl.

O Fryslân, âld Fryslân, ús dream,
('Novimber', 63)

Retteketetteketet. Fansels binne ditsoarte gedichten ek te finen mank dyen dy't yn de tydskriften publisearre binne of dy't út it hânskrift komme. Nim mar titels as 'Fryslân dat stjert'. It is mar goed dat ik dizze fersen net op 'e kompjûter ha: oars koe ik sizze hoe faak sels de wurden "Frysk" en "Fryslân" der yn foarkomme. De gefoelens binne echt, mar de poëzy is falsk. Net om't heitelânsleafde ferkeard wêze soe, mar om't de heitelânsgedichten of klisjees of neatsizzende frazen yn ha, mei har "sterke stimmen" en "gloede op it wang" en har "âldfryske styl", en mear fan ditsoarte propagandamateriaal.

4. Utliedende opmerkingen

"myn jeugdheld wie net Kalma, mar Lord Lister." ('Utflecht', 31)

De Samle fersen befetsje nêst de trije publisearre bondels ek noch 'Fersprate fersen (1933­1987)', dy't yn tydskriften publisearre binne, fersen 'út it hânskrift' en 'Oersettingen (1952­1987)' fan gedichten út Romaanske kontreien, benammen KataloniÎ en BraziliÎ. Watte? Katalonië? Brazilië? Ik hie tocht dat Visser wol út echte 'Nordyske' talen fan ús Germaanske stambruorren oersette soe! Wy sljochtsje dit oer...
Op side 293 stiet in 'Ferantwurding' fan in heal a-fjouwerke fan D.A. Tamminga en dat is it dan. Ik fyn dat fierstente summier. As ik de samle fersen fan ien lês, wol ik ek wat oer de man of frou sels witte. De útjeften yn de rige Fryske Klassiken hawwe allegearre in kreaze útlieding fan in saakkundich ekspert dy't ynformaasje oer skriuwer, boek en tiidrek jout, krekt as by de Ingelsktalige swarte Pinguins dêr't oersettingen út de wrâldliteratuer yn steane.
Jawohl: ferfeling, froulju, nasjonalisme en oare ûnlustgefoelens: dêrmei is de tematyk fan Visser wol ûnder wurden brocht. De foarm fan syn poëzy is oars net as flot en sjongsum te neamen. It rint as in trein, en wurdt dochs mar komselden in meganyske kadâns. Mei oare wurden, de man kin dichtsje! "In poete maudit út de earste helte fan de tweintichste ieu dy't yn de mûklaach fan it nasjonalisme rûn", sa soe ik G.N. Visser net sasear gronologysk mar al psychologysk karakterisearje wolle.

Noat

Dit oersjoch is basearre op 'e Samle fersen (1989), gearstald troch D.A. Tamminga en finansiere troch de Douwe Kalma Stifting en it Anjerfûns Fryslân. De bondel is net mear yn 'e boekhannel te besetten, en ek antikwarysk koe ik der net oankomme dat ik moast de gong nei de Provinsjale Bibleteek meitsje om dy treflike útjefte te rieplachtsjen.
Ik kom hjirop om't it yn ús kompjûtertiidrek dochs net ûnmooglik wêze moatte soe om klassikers oanienwei te keap oan te bieden fia in printing-on-demand formule. Potinsjele keapers soene it boek yn in digitale boekhannel op Ynternet ynsjen kinne, en keapje it, as it har noasket.