Eric Hoekstra

 

It evangeelje as humoristyske satire.

 

Resinsje fan Henk Wolf "Youmir, soan fan in tœnslang" (Utjouwerij Venus).

 

"'Wa't oansjen hat, dy leauwe se!' bearde Pyt yn in kroech tsjin Lotsy, ien fan 'e oare oarspronklike folgelingen. Tsjoch!

(side 23)

 

De tekst op de efterflap wol ha, "Henk Wolf fertelt yn dizze humoristyske novelle oer de opkomst en žndergong fan in persoanskultus." Dat is in eufemistyske manier om te sizzen dat "Youmir" in satiryske werfertelling is fan it ferhaal fan it libben fan Jezus. Oer it ginneraal h‰ldt de novelle fol dat it gewoan giet om in willekeurige stifter fan in monote•styske godstsjinst. Mar op side 13 wurdt sein dat it gehiel him ™fspilet yn de ieu fan Tiberius, en fierderop wurdt nochris nei de Griken (side 75) ferwiisd. Hoewol Youmir model stiet foar alle pryster-ferriferlderij, is it Kristendom wol op it foarste plak model foar dit ferhaal. Mar dat is oer it ginneraal kundich ferhimmele.

 

It is in apart en meinimmend ferhaal. As sjenre is dit fansels al in apart boekje: satire wurdt amper skreaun yn de hjoeddeistige literatuer, likemin yn it Holl‰nsk as yn it Ingelsk. En satire dy't in streekrjochte oanfal is op godstsjinst al likemin. Frjemdern™ch kin men makliker it Kristendom oanfalle as de Islam. Kristenen smite net mei bommen. Dat binne eins krekt minsken, krekt as wysels: wy smite inkeld mei ferbale bommen. En mei de kristenen libje wy al fjirtich jier yn frede (sžnt de studinterevolœsjes), nei't se ԜsÕ twatžzen jier ferfolge ha ... dat lste mei nea fergetten wurde en soe eins op de deadebetinking fan 4 maaie meinommen wurde moatte. Mar hawar.

 

Satire dus. Mar it skerpe, ja by in protte minsken unfreonlike en hurde fan satire, wurdt hjir ferhimmele troch in mylde toan, in mylde humor en in heech ferhaaltempo. Want nochris sein, de toan mei myld wze, mar de ynh‰ld liicht der net om. Sa wurdt it žnsympatike liichbist Youmir, de Jezusfiguer, op side 9 al frijwat ržch behanle:

 

Fjouweresom foelen se oer Youmir gear, skuorden him de broek fan 'e kont en hongen him op oan syn krœs. Youmir syn geraas wie milen fierderop te hearren.

Doe't se in pear dagen letter yn 'e skuorre kamen, wat kalmer en fetsoenliker, wie Youmir fuort. Alteast, hast. Op trije meter hichte bongele oan in ein tou noch in lyts stikje Youmir.

 

Dit is frijwat rou, benammen foar de jeugdige lzerkes. Dochs krije wy gjin momint begrutsjen mei Youmir, noch mei de oare figueren. Youmir is te žnsympatyk foar begrutsen, en it ferhaal giet te hurd as dat men jin mei jins emoasjes yn in figuer jaan kinne. Sok ynlibjen heart ek net by satire. Satire is yn feite in primr yntellektueel sjenre. De iennichste emoasje dy't dr in rol spilet is wierheidsleafde, dyÕt ynholden en nea utere wurdt, troch alle emoasje mei disipline en selsbehearsking op ™fst‰n te h‰lden. It ferst‰n moat dan koel beseffe: wat in hypokrisy is dre.

 

It žnderwerp is swier, mar it wurdt licht en flot makke troch in ferskaat oan techniken. Wy ha it al h‰n oer it hege ferteltempo, dat identifikaasje mei de karakters žnmooglik makket, wat ek net winsklik is by satire. Fierders bringt Wolf distansjearring (dus oerwicht fan de rede mar ek killens) ta st‰n troch frjemde nammen te bržken. It ferhaal spilet him bygelyks net ™f yn Bethlehem yn Israel, mar te Bie yn it l‰n fan Ie. De std yn Nederl‰n dr't Youmir hinne swalket hjit Ulmar Treikta. Himel en hel binne Haisle en Paisle. De Youmirprysters binne Regardy (meartal fan Regardus). En de persoanen yn it boek ha absurde nammen lykas: Lotsy, Lurdt, Cohn, Joddes, Ysky, en sa mear.

 

En by einsluten wurdt distansjearring troch humor ta st‰n brocht. In moai en slagge foarbyld fan dat prosedee is te finen op side 23:

 

'Wa't oansjen hat, dy leauwe se!' bearde Pyt yn in kroech tsjin Lotsy, ien fan 'e oare oarspronklike folgelingen. Tsjoch!

 

It "tsjoch" is net om 'e nocht sžnder skrapkes opskreaun. It wurdt net inkeld troch de pryster yn de kroech sein. Mar de skriuwer seit it ek, iroanysk, tsjin de lzer.

 

Noch in foarbyld fan distansearring is as de skriuwer bžten it ferhaal stapt en kommentaar jout op syn eigen ferhaalfigueren (side 28):

 

De man wie syn tiid fier foarœt, en dat kin men fan in bulte figueren yn dit ferhaal net sizze.

 

In oar foarbyld fan distansearring bržkt it stylmiddel fan de humor: as Youmir ris yninoar slein wurdt, kriget de dieder Joddes berou en lze wy dizze dialooch (side 8):

 

De ein fan it sankje wie dat Youmir heal yn 'e sžs yn syn eigen lichemsfochten dreau en dat Joddes syn lilkens saksearre wie.

'Eh ... Youmir?'

'Kroan'.

It spyt my, Youmir. Hoe is it mei dy?'

'Reuh ...'

 

Troch dy stripferhaalgjalpen kin men it ferhaal emosjoneel net serieus nimme, men kin it inkeld mei it ferst‰n benei komme en dat is krekt wat satire, diadaktysk en yntellektualistysk-wierheidsleavjend as it is, be-eaget.

 

Ik fžn de swakste stee‘n dan ek as Wolf de grinzen fan it satirysk sjenre skeint en œs emosjoneel besiket te manipulearjen troch sjen te litten hokker rotsekken de prysters fan Youmir binne. Lykas op side 32:

 

Joub hie gen™ch heard. Fynfielich as er wie, joech er Gœs in earb‰n, dat dy fan 'e fuotten rekke en mei de holle tsjin 'e muorre sloech. Bliedend sakke er žnderœt. It koe de Regardus net folle skele.

 

Sjoch, dit kin net yn satire. Benammen de sintsjes "Bliedend sakke er underyt. It koe de Regardus net folle skele". Dy sintsjes lizze it der te dik boppe-op. En se besykje te abbelearjen oan in emoasje dy't Wolf no krekt œtband hie, dy't net by satire heart. Eksplisite feržntweardiging is de dea foar satire. Dit hie ek op myld-iroanyske toan ferteld wurde moatten. Net mei de emosjonele toan fan morele feržntweardiging dy't no trochskimeret. In goed alternatyf foar de niisneamde sinnen hie west: "Jassus, in flek op de muorre, no moast de skilder ek wer komme". Dan hie de žngefoelichheid fan de pryster op humoristyske en emosjoneel-distansearre wize œtkommen, wat folle better past by de rest fan it ferhaal. Dit bart noch in pear kear, dat de skriuwer in emosjoneel stylmiddel tapast dat flokt mei it wzen fan dizze satire. Allyksa op side 45 dat ek besiket œs feržntweardiging op te roppen oer in rotstreek. By dizze satire heart no krekt dat de feržntweardiging nearne eksplisyt oproppen wurdt, it moat in yntellektuele eksersysje bliuwe, clean, op ™fst‰n.

 

Oer it ginneraal slagget dat fierder ek aardich. De sfear yn it boek die my ek bot tinken oan Steven Sterk syn boek "Regaad yn 'e himel". It demaskee fan godstsjinst heart blykber by de Fryske Zeitgeist. Der wurde oeral mar omraak maskers ™fropt, it eanjen fan "the invention of tradition" is de ein fan it leauwe yn tradysje. Binne wy ryp foar in nij leauwe, nije maskers en nije tradysjes.

 

Twa steurende flaters. ÒGarmÓ yn Òdat Garm op slach nei in preester moastÓ op side 41 žnderoan moat ÒGwinÓ wze. Op side 79: ferbuch => ferburch. Wat is der no leuker as wiis in AFUK-korrektor op korreksjes? Apart fžn ik ҞnsterflikÓ foar ҞnstjerlikÓ en Òde sydsulverÓ foar Òit sydsulverÓ.

 

Wolf syn boek, ™fsjoen fan in pear hurde nuten, hapt maklik wei. It is luchtich en flot, al mei in al in slagge satire. Ik begryp net wierom as de œtjouwers fan Venus op de efterflap ÒVenusFari‘teeÓ set ha. Jouwe se in kear in serieus boek œt by Venus en dan sa? Mar dat sil ek wol humor wze. It boekje is moai foarmjžn, it plaatsje fan Van der Leest op de omslach is treflik keazen. En by einsluten, it boekje hie in fantastysk boekegeskink west!