Gedichten fan 'e Grinslanner dichter Siemon van Wattum.


Yn 1980 kamen de sammele gedichten fan Siemon van Wattum út, mei as titel: "Twijstried. Tussen wenst en wereld." (Lykele Jansma, Buitenpost). Siemon van Wattum is nei alle gedachten de bekendste Grinslânske dichter fan nei de Twadde Wrâldkriich. Hy is dúdlikernôch besibbe oan de ginneraasje fan Marsman, Camus, en oaren dyt earne op e eksistintialistyske trijhoeke tusken fitalisme, eangstme en absurdisme te pleatsen binne. De gedichten fan Van Wattum binne hoekich en koart. As ik se lês, moat ik tinke oan de skilderijen van Munch, yn de swartste gedichten of de art-deko fan Lindberg, as it om de wat minder swarte gedichten giet. Ik ha hjirûnder seis gedichten oerset, dyt earder it gefoel foar humor fan de dichter werjouwe of syn útsûnderlike mear lyrysk / leafdefolle gedichten. Op de oersettingen folgje de gedichten yn har oarspronklike Grinslânske foarm, mei it sidenûmer dêr't se yn 'e niisneamde útjefte op te finen binne. It earste gedicht Snie soe ik as lyrysk absurdisme karakterisearje wolle, in positive eksistintiële ferwûndering. De gedichten Singeliersk testamint en Rust binne in yllustraasje fan Van Wattum syn appresjaasje fan (folks)humor. In plant is ien fan syn selsume suver lyryske gedichten. Dizze keamer is in gedicht dêrt ferlies, ferwûndering en herinnering inoar yn lywicht hâlde. By in graafmasine, by einsluten, is in gedicht dêrt op subtile wize it fertriet om it ferlies fan taal en selsbesef yn trochkringt. It kin net oars as Van Wattum moat ekstra iensum west ha; de mienskip fan Grinslânske skriuwers is heul wat minmachtiger as de Fryske. Dat jout oan syn dichterskip in ekstra diminsje. De gedichten steane op 'e neikommende folchoarder.
 

  • Snie
  • Singeliersk testamint
  • In plant
  • Rust
  • Dizze keamer
  • By in graafmasine

  •  

     
     
     

    Snie


    O wûnder
    no snei ik ûnder

    n Tek fan snie
    komt stil en lij
    út e himel wei
    en twirrejeit
    dêrt it each ek sjocht
    yn it ryk fan t ljocht..

    En lij en licht
    op myn gesicht
    hieltyd oernij
    mear snie derby.

    En sûnder ein
    tink ik dit refrein:
    O wûnder
    no snei ik ûnder.
     
     

    Singeliersk testamint


    Us doarpsgenoat Jobk Mozzel
    lêstlyn út e tiid rekke
    hat in singeliersk testamint neilitten.
    Us wurdt skreaun dat J. Mozzel
    beskikt ha soe, syn jiske
    moast om fiif oer tolve middeis
    by hurde westewyn út it tsjerkerút wei
    de doarpsstrjitte oerwaaie.

    Neffens grutinge kaam Jobk Mozzel
    boargemaster ta de noastergatten út.
    Der wie al jierren spul.
     
     

    In plant


    Gjin plant dyt libbet
    bin ik sa besibbe
    as de roggeblom
    dyt sûnder rom
    mar út en blauens berne
    yn it grau fan ieren wennet
    en de boer syn bealgjen leannet
    troch moai te wêzen.
     
     

    Rust


    Letters kalke
    op in bret
    yn Benningwolle:
    Al leauwe jy neat
    en nearne yn, lit
    it earrebarrenust
    mei rust.
     
     

    Dizze keamer


    Dizze keamer ammet dy
    de jûns dat ik deryn
    kom en fyn dy op e nij
    de oere fan dy en my.

    Fierwei stietsto my by:
    foar my oer stiet
    dyn stoel. Reinderwiet,
    en skruten skûlst by my.

    t Is stil as no. Wat wy
    bepraten, rekket gjin wurd
    dat stikem fuort,
    as wolkens, by my wei.

    De rein lûkt foarby,
    dyn hân ûntflechtet mines,
    koele fingers, elts sines,
    en de wrâld is foar dy.

    Dizze keamer ammet dy;
    de jûns kom ik deryn,
    ôfstân en tiid swine
    de oere fan dy en my.
     
     

    By in graafmasine


    Dêr stiet er docht it wurk fan tsien,
    no skep yn djip de glycerine,
    dat sûnder splitten bliuwe de hannen
    dyt wapperje oan e graafmasine.

    Wa hat noch aan fan Jispenhuzen,
    heul dei op e skep en earm as luzen.
    No sitte guons heech op it hynder
    en litte de graafmasine strûze.

    Yn t swit wrotte ik my, yn lijen en pine
    bloed kostte it en san graafmasine
    freget allinne in mingeltsje oalje
    en in tankje mei bensine.

    Efter it gerdyn de kearseskyn
    de man mei it kopke fan in knyn
    en follen hannen skeppen grut
    foar him te let it graafmasyn.

    Bertegrûn, hoe faak fergraafd
    hoe djip is bûgd troch alle braven
    om dij te flijen, sniene stoet,
    pas troch t mesyn waarsto in gave.

    Och Grinslân, wurdst noch wat miskien
    ast djipper graafst as ot en sien
    oant wêrst dyn eigen wille rekkest.
    Och Grinslân, wês san graafmasyn.
     
     

    Oarspronklike Grinslânske fersen

     

    Snij (s.18)


    O wonder
    nou snij ik onder

    n klaid fan snij
    dy stil en lij
    uut hemel doalt
    en dwirreldwoalt
    woar of ik kiek
    in t prille ryk.

    En lij en licht
    op mien gezicht,
    aal overnij
    de fiene snij.

    En zunder en
    gaait t deur mie hen:
    O wonder
    nou snij ik onder.
     
     

    Singelier testament (s. 265)


    Ons ploatsgenoot Jobk Mozzel
    körstleden oet tied komen,
    het n singelier testament noaloaten.
    Men schrift ons dat J. Mozzel
    bepoald hebben zol, zien aaske
    mos om vief noa twaalm des middoags
    bie haarde westewind vanof t hoogholtje
    de dörpsstroat overwaaien.

    Noar verluudt haar börgemaster
    de ogen vol Jobk Mozzel.
    Der was al joaren kwestie.

    n Plant (s. 286)


    Gain plant
    bin k zo verwant
    as korenbloum
    dij zunder roum
    moar blaauw geboren
    in t graauw fan oaren
    as loon op boer zien pezen
    zo mar mooi staait te wezen.
     
     

    Rust (s.267)


    Mit kaalken letters
    schilderd op n bred
    in Benningwolle:
    Al leuf ie nait
    en naargens in
    loat t aaibersnust
    mit rust.
     
     

    Dis koamer (s.205)


    Dis koamer oademt die
    de oavends dat ik binnen
    kom om die weer te vinden
    het uur van die en mie.

    Wiedweg staaist doe mie bie:
    doar staait dien stoule tegen
    mie over. Nat van regen,
    verlegen, schoelst bie mie.

    t Is stil as nou. Wat wie
    beproaten, rakt gain woorden,
    dij stiekom overvoaren
    as wolken, weg van mie.

    De regen trekt veurbie,
    dien haand ontvlucht aan mienent,
    koule vingers, elk zienent
    en wereld is veur die.

    Dis koamer oademt die;
    des oavends kom ik binnen,
    ofstand en tied verzwinnen
    veur t uut van doe bie mie.
     
     

    Op n groafmesien (s.279)


    Doar staait e en dut t waark veur tiene,
    nou schup in daip de glycerine,
    den zunder bôrsten blieven d handen,
    dij wuiven aan de groafmesiene.

    Wel het nog wait van Jipsenhoezen,
    hail dag op schup en aarm as loezen.
    Nou zitten gounent hoog in t soadel
    en loaten groafmesiene broezen.

    In swait heb k wröt, in muit en piene,
    bloud kostte t en zon groafmesiene
    vragt bloots n kan of wat roeg eulie
    en hoogstens n klippe mit benzine.

    Achter t gerdien bie keerzenschien
    ol man mit t kopke van n knien
    en vollen handen schuppen groot,
    veur hom te loat kwam t groafmesien.

    Geboortegrond, hou voak vergroaven,
    hou daip is bogen deur aal broaven
    om die te vlijen, sneden stoet,
    eerst deur t mesiene wuiren t goaven.

    O Grunnen, wörst nog wat misschien
    ast daiper grafst as ot en sien
    tot woarst dien aigen wille rakst.
    O, Grunnen, wees zon groafmesien.