Eric Hoekstra

 

Leve Alles en de identifikaasje mei elk.

In besprek fan Walt Whitman syn "Leaves of Grass" oerset troch Hedzer Oostra as "Leaten fan Gers".

 

"De rook fan dizze oksels, in aroma riker as wijreek"

 

 

Ha, alwer in oersetting fan in klassyk boek yn it Frysk. Hedzer Sake Oostra fan Purmerein sette it gedicht "Leaves of Grass" oer nei it Frysk. De bondel fan Whitman befettet ek noch oar gedichten, mar dy binne net oerset. As ik it goed begryp, hjit de bondel "Leaves of Grass" en it haadgedicht drt allyksa.

 

Eins giet it hjir om de beta-ferzje fan de oersetting. De oersetting is tjn as in A4-copyshop produkt fan Oostra syn tjouwerij "De Rosse Plomp", dy't earder al in meinimmende stdzje oer Douwe Kalma en de Jongfriezen tbrocht. It gedicht is 36 siden A4, mar soe as printe boek sa'n 72 siden telle, rs ik.

 

De bondel "Leaves of Grass" ferskynde yn 1855. De tjefte fn plak yn eigen behear, krekt as Oostra syn oersetting fan 2007, 152 jier letter. It soe de opstap wze kinne foar in boektjefte, as in tjouwer deryn stappe woe. It soe aardich wze as dan de hiele bondel oerset waard.

 

It is eins bysnder dat in minske dy't lst deade freonen ha kin, dy't dochs ta him sprekke. De Fryske oersetting is in goede gelegenheid om my ris yn Whitman te ferdjippen.

 

Foarmtechnysk besjoen is Whitman in minne dichter. De oerflakkige foarmskaaimerken fan pozy misse: gjin rym, gjin metrum, net folle alliteraasjes. Mar ek de djipsinniger foarmskaaimerken fan metafoar en symboal misse. Dizze pozy wurket oars. Yn termen fan it foarm-of-fint debat soene wy sizze kinne: Whitman is ien en al fint, en wat foar ien!

 

Whitman syn pozy is ien en al sintglike ympresjes dy't de brnstof foarmje foar it ferhearlikjen fan alles dat ierdsk is en minsklik is (haadstikje 31):

 

Ik leau dat in leat fan gers neat minder betsjut as in deihier foar de stjerren,

En in mychammel is allike perfekt as in kerreltsje sn en it aai fan it winterkeninkje

En de beamfrosk is in masterstik ta de heechste,

En de leaten fan de krpende toarnbei soene de moaie keamers fan de himel siere,

En de knierbn fan myn hn set alle masines foar gek

 

En sa giet de opsomming, hjir fan sinnen yntrodusearre mei it wurdsje EN, noch efkes troch. En drmei ha wy dan dochs in stylskaaimerk fan Whitman ntdutsen: de opsomming. Yn itselde haadstikje komt in opsomming fan 9 regels dy't allegear begjinne mei "om 'e nocht". Yn 33 giet Whitman wat my oanbelanget oer se skreef fan wat de lzer noch ferneare kin oan opsommings. As Whitman op stoom is, krije wy achterinoar: 3 Dr't-rigels, 5 Oer-rigels, twa losse, 8 Dr't-rigels, in losse, 7 Wr't-rigels. En dan hat Oostra it opsommerige fan it orisjineel yn de oersetting ek noch what ferhimmele. Want yn It Ingelske orizjineel steane 16  rigels dy't mei where begjinne, en dat hat Oostra yn it Frysk dan fwikseljend mei dr't of wr't oerset.

 

Mar sa't ik earder sei, Whitman moat it net ha fan it foarm-aspekt, mar fan it fint-aspekt. Wr sit him dat yn? Dat sit him yn syn universele identifikaasje mei de meiminske. By dy identifikaasje is de dichter (de persona eins) op meardere plakken tagelyk, as in multymediale kamera, as in samling tillevyzje-shots (15):

 

De boer bliuwt Sneins by de sltbeam stean en oerskget de hjouwer en de rogge;

De gek wurdt lang om let nei it gesticht brocht, in fdiene saak,

(Hy sil nea wer sliepe sa't er wend wie yn it ledikantsje yn memme sliepkeamer;)

De kranteprinter mei grau antlit en hoekige kaken wurket oan syn letterbak,

Hy lit syn tabaksprom fersjitte wylst er nei it manuskript stoareaget;

It misfoarme liif leit fiestbn op 'e operaasjetafel,

Wat weihelle is falt heislik yn in amer;

It healbloed fanke wurdt publyk oanbeam - de splap knikkebollet by de kachel fan 'e taap;

De masinist strpt de mouwen op

 

Dizze opsomming is effektyf. En Whitman is sa byldzjend: je soene it sels ferfilmje kinne!

 

De massa is dichter wurden, mar net de massa yn syn aspekt fan ienfoarmigens, mar de massa yn syn aspekt fan Samling Oaren, dy't troch de sintugen de holle fan de dichter ynstappe en ien mei him wurdt (24):

 

Troch my de mannichte oan stomme stimmen;

Stimmen fan de neige generaasjes oan slaven;

Stimmen fan prostituees, en misfoarme minsken

Stimmen fan de siken en helpleazen, en fan de dieven en dwergen

 

Op in oar plak (33) seit er nei in lyksoartige opsomming: "dit alles fiel ik of bin ik". En yn (37): "Ik ha yn my alle foarmen fan it tskot of de benearden".

 

Whitman wiist alles wat sekundr is f, wat t twadde hn ta s komt. Sa't er sels seit (2):

 

Do silst ek net troch myn eagen sjen, noch dingen fan my oernimme:

Do silst nei alle kanten harkje, en se tsjemzje t dysels.

 

Hy hldt fan it liif en alles wat drmei te krijen hat:

 

Goadegelyk bin ik fan binnen en fan bten, en ik hilligje alles wat ik oanreitsje of troch oanrekke wurd;

De rook fan dizze oksels, in aroma riker as wijreek;

Dizze holle hldt mear yn as tsjerken, bibelboeken en alle kredo's.

 

Troch it liif komt de wrld yn s, as in leafdesfeint, troch it liif komme wy yn de wrld, as in leafdesfeint.

 

Goed en kwea binne suver fwzich yn dizze pozy. Der is in lde religieuze twist yn it tinken fan it minskdom: de semityske religys (christendom, joadedom, islam) nimme goed en kwea as primr, en sette God boppe wrld & liif. Alde Griken, Hindoes, Boeddisten nimme wrld en liif as primr, en achtsje goed & kwea en goaden as sekundr. Whitman liket him yn syn tinken by de lste groep oan te sluten, mar yn syn pozy identifisearret er him (fansels) mei alle goaden (43).

 

Yn de dieren sjocht er fredige en selsbewuste wzens, net minderweardige wzens. Sa kin er oer dieren sizze:

 

Se wurkje har net yn it swit en seure net oer har bestean;

Se lizze nachts net yn it donker te prakkesearjen oer har snden;

Se meitsje my net siik mei geamel oer har plicht God tsjinoer

 

Syn pozy krige dan ek gjin positive resinsjes fan syn kristlike tiidgenoaten, mar de moderne protestantske teology soe der wol wakker oer te sprekken wze; dy binne dan ek tige romtinkend.

 

It gedicht wurket nei in klimaks ta yn it lste part: 37-52. In soarte fan universele leafde wurdt de dichter suver oermnsk, en hy soe wol fan elk yndividu de leafdesfeint wze wolle (soe Jezus it sa oarspronklik bedoeld ha mei Syn "God is Leafde"?). Ut 40:

 

Betink! Ik jou gjin preken of in lytse jefte;

As ik my jou, dan jou ik mysels.

 

Jimme dr, nmachtich, mei sloppe knibbels!

Iepenje jim skeinde kaken sadat ik jim in kearn fan libben ynblaze kin;

 

...

 

Ik nim de stjerrende op, en til him omheech oft er wol of net.

 

O moedeleaze, hn om myn hals;

By God! Do silst net ferkomme! Jou dy mar oan my oer.

 

Whitman syn homo- of biseksualiteit wurdt yn it gedicht omfoarme ta in universele liiflike leafde foar alle yndividuen fan it minskdom: identifikaasje mei elk. Yn Whitman (syn gedichten) wurde it liif, it spul fan 'e sintugen en it universum ta religy makke. It bestean wurdt fergodlike. It abstrakte en it ding wurde nei de minske ta weromkeppele:

 

Gjin rtinewurden brk ik,

Mar snder mear de fraach, om tichterby te kommen en te ferddlikjen:

Dit printe en ynbne boek - mar de printer en de jonge fan de drukkerij dan?

De moai fdrukte foto's - mar dyn frou of freon omsletten yn dyn earmen dan?

It swart skip, stjoerd oer de telegraaf, har machtige koepels op 'e geskutkoepels - mar de moed fan de kaptein en offisieren dan?

 

Je soene dit fiellen en dit yn-'e-wrld-stean omskriuwe kinne as religieus humanisme.

 

Fierders wurd ik benammen yn de twadde helte fan "Leaves of Grass" allegear passaazjes gewaar dy't my tinke dogge oan passaazjes yn "Also sprach Zarathustra". Ik fyn by Whitman it ivige ja-sizzen werom, it idee fan de "Ivige Wiederkehr", it idee fan de religieuze ynterpretaasje fan liif en universum en it idee fan de Freon as symboal fan groei fan sawol it yndividu as fan it minskdom. "Leaves of Grass" hat neffens my in ynspiraasjeboarne foar Nietzsche by syn haadwurk west, mar dit is net it plak om dat fierders sjen te litten, al hoopje ik dr al noch ris in aparte stdzje oan te wijen. 

 

Ja, "Leaves of Grass" is in masterwurk en de oersetting "Leaten fan Gers" mei der ek wze. Oostra syn oersettingsstyl stiet my tige oan. Yn de "Ferantwurding en ynlieding" bekent er him ta it prinsipe dat de Fryske oersetting op in Fries deselde yndruk meitsje moat as it orisjineel op in Ingelsktalige, en dan moat der wolris in letterlike oersetting oan in wat frijere opoffere wurde. Nim bygelyks de titel. "Leaves of grass" is op syn Hollnsk "Grasbladen". No stiet yn it Ingelsk "leaves of grass" yn opposysje ta "leaves of paper": natuer tsjinoer kultuer, dr't Whitman foar de natuer kiest fansels. "Grasbladen" mjokselt natuer en kultuer trochinoar, troch de kombinaasje fan it natuerlike gers mei it kulturele blden. De emosjonele wearde fan "leaves of grass", yn opposysje ta leaves of paper, is yndie it bliere-natuerlike. En dat sit ek yn it wurd "leaten", dat de klam leit op de spontane groei fan de natuer.

 

Wat foar yndruk hat it gedicht op my makke? Nei it lzen fan Whitman bin ik fan resinsint wer minske wurden. Ik fiel my lyts en tagelyk ... ferljochte. "Leaten fan Gers" is eins in religieus wurk, mar dan eigentiids. Ik slt f mei in oanhelling t 52:

 

Ik betrou mysels ta de grn, om te groeien t it gers dat ik leaf ha.

Ast my werom ha wolst, sykje dan nder dyn skuonsoallen.

 

Do silst amper begripe wa't ik bin, of wat ik betsjut;

Mar ik sil likegoed sn foar dy wze,

En dyn bloed filterje en fibrearje litte.

 

Ast my net fuortendaalks fynst, hld goede moed,

Ast my op it iene plak net fynst, besykje in oar;

Ik sil earne stean, wachtsjend op dy.