Kom mei dy apels

Resinsje fan Baukje Wytsma "Kom mei in koer".

Ja, lang om let en by einsluten wer ris in echt lyryske dichter, Baukje Wytsma, mei har lêste bonnel "Kom mei in koer". Eins is lyryk de iennichste soarte fan poezy dy't ik ferneare kin. Lyryk kin simpel wêze of gekompliseard, it besjongt hichtepunten fan it libben. It tsjinoerstelde is de trageedzje. In grut part fan Gorter syn gedichten is supersimpel, oant ferfelens ta. Yeats is hiel yngewikkeld.

Alles oan dizze bondel is gewoan. In fleurich giel boekje mei dêrop in plaatsje fan in koer mei apels. Ja, in binne wat ronfelige apels, mei hjir en dêr wat rûpstekken, mar sa sjogge apels út eigen tún der no ienkear út. En boppedat binne sokke apels, dy't der wat minder útsjogge, de lekkersten, lykas kenners witte. Ommers, it kosmetyske Barbyfruit dat optheden de supermerken feroveret mei dan it each hage, op 'e tonge meitsje se in leffe yndruk.

De foarm fan de gedichten is gewoan: sjongsume, simpele poezy, sa't Herman Gorter ek in protte skreaun hat, dy't syn boadskip daalks oerbringt. Alle Literêre Swierwichten soene dus op sokke gedichten delsjen. Want se binne net kompleks. Mar it is ek mar in foaroardiel fan in te akademyske smaak dat poëzy kompleks wêze moat, lykas yn de Ingelske tradysje fan literatueranalyse (Leavis) sa't dy op universiteit oanleard wurdt. Doe't ik Ingelsk studearre waard ik ek al mei dat foaroardiel narre, en hjoeddei kom ik it sels yn de redaksje fan respektabele tydskriften tsjin!

Nei de foarm binne de gedichten ienfâldich: gjin gedichten sûnder ynterpunsje dus. En in protte rym en assonânsje. Wol aardich is dat de rym faak ferburgen is, dat wol sizze, de rym komt net oan de ein mar sit yn 'e midden. Nim bygelyks in fragmint fan "Aaisykje":

Fan famkesdingen hiesto
gjin ferstân, gongst mei myn broer te fiskjen
of nei it lân. As jim ús hiem oprûnen stie ik op
frjemde grûn, noait hast mei my ien ljipaai fûn.

Der is gjin einrym: "hiesto / fiskjen / op / fûn". It rym sit binnenyn: "ferstân / lân", en allinne it lêst rymwurd stiet oan de ein: "grûn / fûn".
Boppesteand fragmint lit ek sjen dat dizze poëzy gauris te maklik wurdt en ferfalt ta proaza (oantinkens oan eartiids) dy't mei wat klanktrúkjes ta poëzy omfabrisearre wurdt.

Ik sei, alles oan de bondel is gewoan. Mar net hielendal. Opfallend is de ôfwêzigens fan morele of religieuze pretinsjes. Hjir wurdt net besocht it eigen lijen, dat troch ferfeling en sleur teweibrocht wurdt, te falsifearjen en as morele krityk op de oare slachte of op de wrâld (Aggie van der Meer!) te ferkeapjen. It syklike selsmeilijen dat by Harmen Wind sa irritearret is ek folslein ôfwêzich. Hjir is gewoan in dichter oan it wurd mei grip op harsels en op de realiteit, dy't it net nedich hat te flechtsjen yn morele of politike metafysika.

De poëzy hâldt in beskaat nivo trochdat se ticht bliuwt by direkte sintúglike of mentale ûnderfiningen. De sintúglike ûnderfiningen wurde rynsk beskreaun, net orisjineel, wol akkuraat (út "Gleonhastich"):

Al wer sa'n gleone dei, wynstil.
Lomich dûnsje de ealjebijen boppe
de lege boarden. In frou hapt yn
it ripe fleis fan in meloen.
Har lippen sûchtútsje de skyl,
dy't snien as in giele simmerboat,
stjoerleas út har hân werom driuwt
nei it fruchtwetter dat ryklik
fan de tinne skalen dript.

De letterlike beskriuwing fan de sintúglike ûnderfining fan it meloeniten giet oan de ein fan it fragmint oer yn metafoaryske beskriuwing. Dan wurdt de meloenskyl ferlike mei in boat dy't wat ferlern op it fruchtwetter driuwt. Yn it ferfolch krijt it dripkjende fruchtwetter in seksuele konnotaasje, want it gedicht ferfettet mei:

Har minnaar lûkt de túndoar
rimpen yn it slot.
Hy hat net langer as in oere tiid.

De letterlike sintúglike beskriuwing fan niiskrekt, en de beskriuwende metafoar fan meloenskyl as driuwende boat, krije no in seksueel-psychologyske konnotaasje. De seksuele konnotaasje komt fan it dripkjende fruchtfleis dat yn kombinaasje mei de minnaar it dripkjende fleis fan de frouljusfrucht opropt. It psychologyske sit yn de kombinaasje fan it seksuele byld mei it wurd "stjoerleas". De frou fielt har stjoerleas trochdat har partner aansen fuort is: hy hat har wol iten, lykas de frou de meloen, mar it moast allegear te fluch. In oere is net genôch: men wol langer frije, en dan tegearre wat ite, in film sjen. Mar de minnaar moat hastich fuort en lit in leechte achter:

Ik lit dy net allinnich, seit er as er giet
en troch de iepen túndoar slûpt de dea,
gysgobbet yn it earste pearsblau fan de asters.

De ferliking fan leechte mei de dea en mei de hurde kleur pearsblau ("blautsje") is konvinsjoneel, mar dat let net. It past by de styl. It is in gedicht dat daalks sprekt, sûnder troch te slaan yn ta poezy opsnolke beskriuwing. It hat in beskriuwende laach, in metafoaryske en in symboalyske: en it is noch daalks te begripen ek!
Dizze poëzy wol foar ienfâldige poëzy trochgean, mei in breed berik. As sadanich is it treflik slagge. It soe fan in kritikus in fersin wêze om dit mei de easken fan kompleksiteit te mjitten. Is kompleksiteit better as ienfâld? Och, en wat kin it kwaliteitskeurmerk fan kritisy skele? My neat, en lit de poeten har ek neat fan oardielen oanlûke. Wat my befalt oan de gedichten is krekt it gebrek oan pretinsjeus gedoch. Nim no dit fragmint (út "De froulju fan Rincon").

Om waarm te bliuwen tink ik om de froulju fan Bonaire
dy't my om it libben laitsje lieten.

Laitsje om it libben? Ja, dat is no ienkear bepaald net de stijl fan libjen yn Nederlân, yn Fryslân. Laitsje om it libben, as je dat dogge wurde je hjir delsketten, letterlik of figuerlik. It binne de mediterrane kultueren dy't laitsje om it libben. De dichter is har fan har eigen útwrydskens bewust (út "Noarderbreid"):

Ik fiel my fan dit lân in frjemde breid, ien dy't
wanhopich dûnset om har eigen deadewein

Op in oar plak sprekt de dichter fan in ober dy't "mei ûnfryske graasje" de glêzen op it blêd steapelet. De frase "mei ûnfryske graasje" jout ymplisyt krityk op it brek oan wurdearring foar liiflike skientme yn ús kultuer.

Lykas lyryske dichters yn it algemien kin Baukje Wytsma it erotyske moai stal jaan (út "Ivoar op ivoar"):

Rûtineus lit de jonge de keu tusken
de fingertoppen gliidzje, ree om te stjitten.
Hy spant de spieren foardat er de ballen
mei faasje oer it griene lekken jaget.

Efkes hâldt it folk de siken yn,
in hymjende stilte,
it hurde geile tikjen fan ivoar op ivoar.

Loom komt de jonge oerein.
De froulju slaan de skonken oer mekoar,
sjogge fansiden.

It giet lyrisy om hichtepunten. Dêrom binne lyrisy orgiastyske dochters. Dy sucht nei hichtepunten bringt fansels ek ferfeling mei, tusken hichtepunten. En ferfeling bringt ôfhinklik fan karakter in beskaat ûngeduld of in beskate wurgens mei, fiellingen dy't mei de âlderdom oanboazje. Sleur en ferfeling is dan ek in tema dat yn de gedichten fan Baukje Wytsma gauris op it aljemint komt (bygelyks yn de gedichten "Strjitte", "Psalm 73", "En oars net ien") Dêr tsjin oer steane orgiastyske fersen lykas "Heechsimmer", "Ivoar op ivoar". Meast geane de gedichten lykwols net oer it orgiastyske sels mar oer de langst nei it orgiastyske, lykas paslik is foar de dichter op jierren (yn 'e âlderdom baarnt it bloed minder fûl). In protte gedichten ha in wat weemoedige ûndertoan fan langstme nei it orgiastyske, lykas yn "Strjitte":

"Wêrom slaan ik net
op 'e tromme oant de ruten rinkelje, draaf ik net blynseach
de dyk del en sjong my de longen út it liif."

It ferset tsjin de saaiens fan it bestean en de langst nei it orgiastyske is allyksa it haadtema fan "Altyd deselden":

"God lit it waaie oant ik loskom
lit it stoarmje oant ik flean".

Hoewol't de dichter lijt oan de ferfeelsumens fan it bestean, wurdt der net in falske oarsaak by socht fan it type "de minske doocht net" of "de wrâld doocht net" of sels "ik dooch net". Dy hiele treurige morele problematyk fan de skuldfraach bliuwt ús besparre, en de falske treast, dy't mei sokke skuldfragen mank rint, fan polityk idealisme of religy allyksa.

Mei dizze sensuele, bytiden eroatyske gedichten is Baukje Wytsma in eksponint fan de lyryske poëzy, in genre dat weromgiet op de religieuze fruchtberheidssankjes dy't al op Babyloanyske klaaitabletten oantroffen binne, en dat te uzes fertsjintwurdige is troch dichters lykas Sjoerd Spanninga en Jan Kooistra.

Eric Hoekstra