Ynlieding by Friedrich Nietzsche "Oarekant Goed en Kwea".

Krisis yn it moderne tinken: wat is goed, wat is ferkeard?
Dêr't oare filosofen har gauris dwaande hâlde mei fragen dy't allinnich foar filosofen nijsgjirrich binne, en dat yn ûnlesber proaza, skriuwt de fassinearjende tinker Friedrich Nietzsche (1844 - 1900) meinimmend oer fragen dêr't de moderne minske mei omrint. Eartiids waarden sokke fragen troch de godstsjinst beandere. It kristendom joech it westerske tinken en dus de gewoane minsken in tinkramt. Mar hjoeddedei is it kristendom net mear as in godstsjint njonken de Islam, it Joadedom, astrology, New Age en wat der fierder op de religieuze merk te keap is. As God en de Bibel net langer mear foar master opslagge, wa moat ús minsken dan de wet stelle? Wat skriuwt ús foar wat goed en ferkeard is? In foarbyld. Wat of wa behinderet ús om te stellen? Miskien gjinien, en der hat wolris in party west dy't it proletarysk winkeljen ferdigene. En is it hanneljen op de Beurs net in foarm fan stellerij, of it spekulearjen? Gjin gebod is mear absolút. Alles is relatyf wurden, ôfhinklik fan omstannichheden, ôfhinklik fan de persoan dy't oardielet.

Dochs doarmje der noch skimen fan it kristendom om: humanisme, reedlikheid, etyk, demokrasy, respekt, it binne allegearre biedwurden dêr't tinkers in (yn histoaryske sin) op it kristendom weromgeand of dêroan besibbe systeem fan morele regels mei besykje ôf te skermjen. Om 'e nocht: der is gjin ienriedichheid oer de ynhâld fan de regels. Yn kranten en op de televyzje koe men yn 2002 bygelyks neikomme hoe ûngelyk oft der yn Nederlân bygelyks oardiele waard oer in fenomeen as Pim Fortuyn. Foar de midsieuske kristen soe it oardiel oer sa'n ferskynsel net yn bestân stean: dêr wie de duvel mei anneks. Hjoeddedei oardielet elkenien der oars oer, bewiis dat der oer noarmen en wearden tige ûngelyk tocht wurdt. It is de fertsjinste fan Nietzsche dat er dy krisis yn it tinken foarm jûn hat, dat er de Westerske minske bewust makke hat fan de hiele problematyk om de moraal hinne en alles wat dêr mei mank giet. Tagelyk wiist er, njonken de negative kant fan de betizing en de destruksje, op in positive kant: it libben, it morele libben, leit wer iepen, is wer aventoer wurden dêr't it yndividu dingen ûntdekke kin, oer himsels en oer oaren.

Tema fan Oarekant Goed en Kwea
It tema fan it problematyske aspekt fan de moraal komt ta utering yn de titel fan it boek, dat tagelyk ek in slogan is en in gearfetting fan de sintrale stelling fan Nietzsche: "Jenseits von Gut und Böse" (1886), ofwol, "Oarekant Goed en Kwea". Dat soe men parafrasearje kinne as: oarekant fan de moraal, want de moraal, dy is der net (mear), - lit ús it aventoer oangean en sykje nei nije moralen.

Lykwols beheint Nietzsche him yn syn boeken net ta ien tema. Yn feite besprekt er yn elk fan syn boeken alles wat him dwaande hâldt. De eardere boeken ("Menschliches, Allzumenschliches", 1878 en "Morgenröte", 1881) ha lykwols in wat mear ferkennend karakter. Yn "Oarekant Goed en Kwea" wit Nietzsche krekt wat er sizze wol. Stap foar stap lûkt er de konsekwinsjes út de delgong fan de moraal. Dêr't oaren mar al te graach leauwe wolle en it dêrom mei de wierheid net sa nau nimme, is it by Nietzsche krekt oarsom: al sil er der ek foar lije en stjerre, de wierheid moat foar it ljocht.

Wierheid as ideaal.
As der dan ek ien ideaal is, dat by Nietzsche oerein bliuwt, om't er net oars kin, dan is it it wierheidsideaal. En hy kin net oars om't syn wierheidsleafde sa grut is. En dêrmei ha wy Nietzsche syn sterke en syn swakke punt te pakken. Troch syn wierheidsleafde koe hy ûnmeilydsum sjen en oantoane dat der gjin ienriedichheid oer goed en kwea, gjin algemien jildige moraal mear is. Nietzsche pripte oeral trochhinne.

Mar by einsluten is wierheidsleafde ek noch in foarm fan idealisme dy't stridich wêze kin mei it libben, mei de natuer. Want de leagen heart likegoed by it libben as de wierheid. En it is mar al te faak sa dat de leagen better is as de wierheid. Fertelle wy bern altiten de wierheid? Fertelle wy ús meiminske altiten de wierheid? De wierheid is mar al te faak destruktyf. Yn de leagen, opfette as fantasy, opfette as leauwe omtrint jinsels, sit de mooglikheid ta selsbeskerming, beskerming tsjin jinsels en beskerming tsjin de wrâld. Yn de leagen sit in konstruktyf en kreatyf elemint dat yn de wierheid ûntbrekt. Wierheidsleafde rint faak út op synisme, in wil ta wierheden dy't jinsels en oaren sear dogge, en as de wil dêrta mar sterk genôch is, kinne wy ek net mear fan wierheden sprekke.

It lette wurk fan Nietzsche is yndie faak ûnnedich synysk. "Zur Genealogie der Moral" (1887) befettet swakke passaazjes oer folksaard en genetika, "Der Antichrist" (skreaun yn 1888, publisearre 1895) is hjir en dêr hystearysk fan toan. Nietzsche kriget yn syn lette wurk hieltyd mear oanstriid om it kristendom de skuld te jaan fan de ûndergong fan de yn syn eagen prachtige antike wrâld, mar it konsept skuld past net by syn eigen filosofy. De antike wrâld koe boppedat ommers allinnich mar te'n ûnder gean om't er swakker wie as it kristendom. Mei oare wurden, dat binne natuerlike prosessen dy't men akseptearje moat, sa't Nietzsche yn oare konteksten oaren graach foarhâldt.

Mar Nietzsche libbet dan al tefolle mei de antike wrâld mei, en hat de objektive toan ferlern fan "Jenseits von Gut und Böse" (1886), "Die fröhliche Wissenschaft" (1882) en oar wurk út de middelste perioade, dy't yn "Also Sprach Zarathustra" (1885) syn bekroaning fynt. Oan de ein fan syn libben wurdt syn morele iensumens grutter, en allyk de behoefte oan erkenning. It sil him grif stutsen ha, dat er syn libben yn tsjinst fan de filosofy steld hat, dat er de moralen fan milennia trochskôge hat en der prachtige boeken oer skreaun hat en Š gjinien dy't nota fan him nimt. It is in slimme foarm fan ûnrjochtfeardichheid om postúm ferneamd te wurden. Men wit net wêrom't Nietzsche op de ein fan syn libben kranksinnich waard, mar de romantyske ferbylding soe graach ha dat er út leafde foar de wierheid en út lilkens om it gebrek oan gehoar dêrfoar it ferstân ferlear.

Oarekant Goed en Kwea: sterke en swakke kanten
Lykas sein, Nietzsche skriuwt yn al syn boeken oer wat him dwaande hâldt. Dat betsjut dat er gauris fan it iene ûnderwerp nei it oare "zapt", om in modern begryp te brûken. Foar de lêzer is dat krekt ûnderhâldend. De meast nijsgjirrige ûnderwerpen wurde ôfhannele yn de haadstikken 1 - 5 en 9. Yn it earste haadstik, "Oer de foaroardielen fan 'e filosofen", lit Nietzsche him kenne yn syn favorite rol as wierheidsfeint en ûntmaskerder fan foaroardielen. Hy lit sjen dat de metafysisy foarûnderstelden dat in ding net út syn tsjinoerstelde ûntstean koe. Dêrtroch koene se net begripe dat dingen feroarje en moasten se allegearre ferburgen oarsaken oannimme, God, goaden, in oare wrâld, in ideale wrâld, en sa mear. Nietzsche stelt de fraach oft sokke tsjinstellingen net earder gradaasjes binne en oft dy tsjinstellingen net relatyf oan jins perspektyf binne.

De filosofen jouwe heech op fan it bewustwêzen; Nietzsche suggerearret dat it bewustwêzen likegoed yn tsjinst fan 'e ynstinkten stiet. Hy yllustrearret dat troch derop te wizen dat filosofen krekt dogge as binne har mieningen har ynjûn troch in kâlde objektivens, wylst it yn feite tsjinstfeintsjes fan de besteande moraal binne. Dêrnei wiist er op it subjektive karakter fan de filosofy:

Linkendewei is my dúdlik wurden wat alle grutte filosofy oant no ta west ha: nammentlik de selsbekenning fan 'e útfiner en in soarte fan ûnwillekeurige en ûnbemurken memoires" (1.6).

De stoïsy wurde oanpakt om't se "neffens de natoer" libje woene, wylst nimmen wit wat "neffens de natoer" is, mei't de natoer net differensjearre is. Kant wurdt ûntmaskere as in ordinêre konservatyf dy't in âldfrinzige ûnderwerping oan de moraal preket, syn "kategoryske ymperatyf". Nietzsche wiist derop dat men yn de natoerwittenskip ôfweefd hat mei allerhanne foaroardielen, lykas mei it atoom as unike, ûnfergonklike, net op te partsjen ienheid, en dat it no saak is itselde te dwaan mei de siel as unike, ûnfergonklike, net op te partsjen ienheid. De wil ta selsbehâld is allyk gjin basale driuwfear, it is ommers net mear as in spesjaal gefal fan wil ta macht, dy't alle organismen eigen is want alles wol him útwreidzje.

En dan it foaroardiel fan de taal: "Ik tink", seit de taal, dus der bestiet in "ik" en in "tinken". En sa komt Nietzsche mei krityk op it subjekt-predikaatsbegryp. It "ik" is likemin ûndielber as de siel dat is. It ik is earder in mannichfâldichheid fan driuwfearren dy't him dat almeast net bewust is. De frije wil en de ûnfrije wil beide binne allyksa foaroadielen en yllúzjes, mei teweibrocht troch ús beheinde fermogen ta selsobservaasje.

Yn it wurklike libben giet it inkel om sterke en swakke willen" (1.21).

Yn feite besiket Nietzsche hieltyd mei de blik fan in natoerwittenskipper de foarûnderstellingen fan filosofen te hifkjen, en meastal blike de foarûnderstellingen foaroardielen te wêzen.

Haadstik 2 "De frije geast" borduert fierder op de hâlding dy't in wiere filosoof en ûndersiker fan de moraal ha moatte soe, oer de relative iensumens dêr't er yn libbet, oer syn krityske hâlding oangeande wat algemien leaud wurdt, en dat er fral net tinke moat sels de wierheid yn pacht te hawwen: gjin "martlerskip foar de wierheid" en de dêrmei mank rinnende ferûntweardiging: "En nimmen liicht safolle as wa't ferûntweardige is" (2.26). En wier is ek net wat wy noflik of foardielich fine, al hoe ferliedlik as it ek is om sa te tinken. (Miskien dat Nietzsche oan de ein fan syn libben al yn dy fûke rûn, sjoen de heftige toan fan syn lette geskriften.) Unôfhinklikheid is it skaaimerk fan de frije geast, en hy moat nocht ha oan aventoeren, oan kennisaventoeren. En fanút syn ûnôfhinklikheid set Nietzsche fraachtekens by de moraal dy´t al in pear ieuwen foar master opslacht: de moraal fan it meilijen, fan it libjen foar jins meiminske. Dat is ek mar in middel ta macht, en men soe hast taheakje: sa't alle direkteuren fan leafdiedichheidsorganisaasjes mar al te goed witte.

Haadstik 3 "It religieuze aard" analysearret tagelyk de opkomst fan it kristendom yn de antike wrâld en de aard fan it kristendom, doe en no.

It kristlike leauwe is fan it begjin ôf opoffering: opoffering fan alle frijheid, alle grutskens, alle selswissens fan 'e geast; tagelyk it lytsmeitsjen en it húnjen, it skeinen fan jins sels (3.46).

It kristendom mei syn freze Gods wurdt kontrastearre mei de Grykske religiositeit fiellen, dêr't tankberens de dominante emoasje wie. Fierders hat religy de funksje de ûnderlaach kontint te hâlden:

Faaks is oan it kristendom en it boeddisme neat sa respektabel as har keunst en lear it sels de geringsten noch oan om harsels troch frommens yn in hegere skynoardering fan 'e dingen te pleatsen en sa de nocht oan 'e wurklike oardering, dêr't se in hurd libben ûnder ha, - en krekt dy hurdens is nedich! - by harsels fêst te hâlden. (3.61).

Kristendom en Boeddisme binne dan ek by útstek religys foar minsken dy't lije.

Haadstik 4 "Spreuken en tuskenstikjes" is in samling aforismen. Haadstik 5 "Oer de skiednis fan 'e ûnjouwing fan 'e moraal" lit sjen dat tinkers nea in objektyf-wittenskiplike hâlding foar de moraal oer hân ha. Foar Nietzsche jildt: de moralen binne ek allinne mar in symboaltaal fan 'e affekten (5,187). By in bepaald karakter heart no ienris as ûnderdiel dêrfan in beskate moraal, it stjoermiddel dat in karakter noasket as er it net oplein krigen hat. Ferskate moralen wurde koart besprutsen: de Ingelske, de Joadske, dy fan Plato, dy fan heale rôfdieren en misdiedigers lykas Cesare Borgia, de nuttichheidsmoraal. Bytiden stekt Nietzsche de gek mei beskate moralen want hy hâldt wol fan wat gekjeierij. Nietzsche wiist derop dat de moderne moraal keppeldierminsken kreëarret. En yndie sjogge wy yn ús tiid hoe't de minske hieltyd mear in ûnderdieltsje wurdt fan de grutte masinery fan de ekonomy, fan multinasjonalen, fan burokrasy, fan it wurk - en dat wylst de rike westerske wrâld har boargers mear frije tiid jaan kinne soe as ea.

Haadstik 6 "Wy Gelearden" giet oer de ferhâlding tusken filosofy en wittenskip, en oer de opkomst fan de wittenskiplike minske. De filosofy moat stjoer jaan, mar de ferachting foar filosofy fan guon wittenskippers is neffens Nietzsche begryplik sjoen de earmoed fan de hjoeddeistige filosofen. De wittenskiplike minske is in tsjinstfeint, de leechste yn de hierargy fan typen: oaren fertelle him wat er ûndersykje moat. Objektiviteit moat in heuristyk wêze, as ideaal tsjut it wilsearmoed oan. Fiellingen binne gjin arguminten foar de wierheid of ûnwierheid fan filosofyske stellingen. Nietzsche wiist der hieltyd op dat men filosoof mei jins hiele wêzen is: it is net in berop, en men hat der earder de mentaliteit fan in kriichsman foar nedich.

Haadstikken 7 "Us Deugden" besprekt psychologyske meganismen, algemien en tiidsspesifyk. It oansjen fan morele attitudes, dêr't gauris de wierheid skea mei oandien waard, wurdt hieltyd minder, it ropt hieltyd mear ferachting op. Fierders is it fan belang minne ûnderfiningen te ferjitten: "Sillich binne dy't ferjitte: want dy komme ek mei har domheden 'klear'." (7, 217). Nietzsche bekritisearret de Frânske psychologyske skriuwers lykas Flaubert, en it morele oardieljen yn it algemien:

"It moreel oardieljen en feroardieljen is de favorite wraak fan 'e geastlik-beheinden op dyen dy't dat minder binne, en ek in soarte fan skeafergoeding foar dat se fan 'e natuer net folle taparte krigen ha, te'n lêsten in gelegenheid geast te krijen en subtyl te wurden: - grime begeastliket. It docht har yn it djipst fan it hert goed dat der in mjitstêf is dy't ek dyen dy't mei almeugende jeften en foarrjochten fan 'e geast beloege binne mei harren lykslacht: - hja stride foar de gelikensens fan alleman Š" (7, 219).

It wichtichst is de krityk op it ideaal en op it ferhearlikjen fan it "sûnder eigenbelang", want alles bart út eigenbelang. De moderne minske wol it lijen ôfskaffe, mar:

"Hast alles wat wy 'hegere kultuer' neamme, berêst op 'e fergeastliking en ferdjipping fan 'e wredens - dat is myn stelling; dat "wylde bist" is hielendal net deamakke, it libbet, it bloeit, it hat him allinnich mar - fergodlike." (7, 229).

De posysje fan de frou wurdt noch koart besprutsen, mar froulju hat Nietzsche noait net folle nijsgjirrichs oer te melden.

Haadstik 8 "Folken en heitelannen" giet oer de Dútske folksaard. It is sûnder mis it swakste haadstik. Fansels, wy binne hjoeddedei like kritysk as Nietzsche foar it nasjonalisme oer, mar dat is âld nijs. En fansels binne wy as lêzers ek net ynteresearre yn Nietzsche syn Wagner-obsessy. Nietzsche is eins yn trije gefallen ferfeelsum: as er skriuwt oer froulju, Wagner of Dútsklân.

Haadstik 9 "Wat is foarnaam?" is wer in hearlik haadstik. Dêr besprekt Nietzsche wat syn sympaty hat, de foarname minske, de foarname kultuer.

"Alle ferbettering fan 'e "minske" as soarte wie oant no ta it wurk fan in aristokratyske maatskippij - en sa sil it hieltyd wer wêze: as in maatskippij dy't leaut oan in lange ljedder fan rangoarder en weardeûngelikens tusken minske en minske, en it slavedom yn ien oft oare foarm nedich is. Sûnder it patos fan distânsje, lykas waakst út it opklearre ûnderskie tusken stannen, út it kontinue útsjen en delsjen fan 'e hearskjende kaste op ûnderdienen en wurkark en út har likegoed kontinue oefening yn it om sizzen jaan en it beslissen, it ûnder hâlden en it op ôfstân hâlden, sûnder dat soe ek dat oare heimsinniger patos hielendal net waakse kinne, dy langst nei hieltyd nijere fergrutting fan distânsje yn 'e siel sels, it staljaan fan tastannen hieltyd heger, seldsumer, fierder, spannender, omfangriker, dat is koartsein no krekt de ferbettering fan 'e "minske" as soart, it trochgean mei de "sels-oerwinning fan 'e minske", om in moralistyske formule yn in boppe-moralistyske betsjutting te brûken." (9, 257).

Nietzsche presentearret syn basale ûnderskie tusken twa moralen: dy foar foarname minsken en dy foar massaminsken. Foarname minsken leauwe yn it patos fan distânsje en yn ûngelikensens tusken de minsken, massaminsken leauwe yn de gelikensens fan de minsken. Dy twa moralen befjochtsje inoar, sawol binnen ien minske as yn de skiednis. Hoe soe Nietzsche dat ûnderskie betocht en útwurke kinnen ha, as er net yn himsels "slaaf en hear", de foarname minske en de massaminske, oanwêzich wist?

"Oarekant Goed en Kwea" hat in losse struktuer en ûntlient syn ienheid mear oan de ynhâldlike koherinsje fan Nietzsche syn tinken as oan in strakke formele opset. Dy informele, bytiden suver deiboekeftige, toan makket dat it noflik lêzen is.

"Oarekant Goed en Kwea" is it twadde boek dat útkomt yn de rige Nietzsche-oersettingen. De earste wie "Dat sei Zarathustra", dêr't de oersetter de Obe Postma priis foar taskikt waard.

Eric Hoekstra, Mexico City, 17 july 2003.