Oer Shakespeare en Kening Lear

It libben fan Shakespeare
Shakespeare is berne yn 1564. Syn bertedatum kinne wy net, mar hy waard dope op 26 April. Syn âlden wiene fan goede komôf. Syn heit John Shakespeare hat meardere bestjoersfunksjes hân, ûnder oaren boargemaster. Syn mem Mary Arden Shakespeare wie de dochter fan in rike grûnbesitter. Dat Shakespeare sil goed ûnderwiis hân ha. Ut syn stikken blykt dat er op 'e hichte is fan 'e klassiken.Yn 1582 troude er Anne Hathaway. Se krigen trije bern: Susanna (1583), en in twilling, Hamneth en Judith (1585). Tusken 1585 en 1592 hearre wy neat oer Shakespeare. Wy witte ek net wat er yn dy jierren útheefde of út 'e wei sette. Yn1592 wurdt der foar it earst yn Londen melding fan him makke. En dan hearre wy ek faak fan him, of better sein, fan syn stikken, oant 1612 ta. Shakespeare wie ek sels akteur. Hy wie lid fan 'e toanielgroep "The Lord Chamberlain's Men", dy't ek wol foar de keninginne foarstellingen joech yn 1594-1595. De groep spile har stikken yn "The Theatre", boud troch James Burbage. Doe't der wat juridyske problemen mei dat plak wiene, bouden se har eigen teater "The Globe Theatre", dat eigendom wie fan sân haadakteurs fan 'e groep. Ien fan harren wie Shakespeare.Shakespeare brocht syn lêste jierren, fan 1597 ôf, troch yn Stratford, dêr't er ien fan 'e bêste huzen kocht hie, mei de namme 'New Place'. Ut dokuminten blykt dat Shakespeare in betûft sakeman wie. Dat wie syn heit oars ek, dy't yn it sakelibben sukses hân hie, ear't er yn bestjoersfunksjes telâne kaam. Shakespeare ferstoar op 23 april 1616. Neffens in ûnbewiisd ferhaal soe dat ek syn jierdei west ha. Neffens in oar ûnbewiisd ferhaal soe er ferstoarn wêze nei't er tefolle mei Ben Jonson en Michael Drayton, twa oare skriuwers út dy tiid, pimpele hie. Fierders binne der ek ferhalen dat de toanielstikken fan Shakespeare net troch Shakespeare mar troch in oar skreaun wêze soene. Mar dy ferhalen komme neffens de learden út deselde koker as ferhalen oer UFO's en Atlantis.

It ferhaal fan Kening Lear
Kening Lear is skreaun earne tusken 1603 en 1606; better kinne de learden it stik net datearje. It is basearre op âldere ferhalen, mar Shakespeare hat it materiaal op eigen wize bewurke. Kening Lear is it ferhaal fan in misset, teweibrocht troch healwizens, gekkichheid, in ûnfermogen om jinsels en minsken om jin hinne emosjoneel-psychologysk goed yn te skatten; en dêrtroch ek in ferhaal oer heechmoed, flaters en it dêrtroch skriklik lije moatten ear't it emosjoneel wer goed komt, ek al hat it stik fierders gjin lokkich ein want de haadpersoan Lear giet dea,en de dochter dy't safolle fan him hold en oarsom allyksa. Mar yn alle gefallen sjocht Lear syn emosjonele en dêrtroch teweibrochte praktyske flaters ear't er stjert wol yn, en is er ek fermoedsoend mei syn dochter as er stjert. By einsluten moat Lear miskien ek stjerre om't er neat mear ha kin. Hy is op.
Lit ús earst it ferhaal fan Kening Lear fertelle. It stik begjint daalks mei spanning, drama. Lear fiert syn idioate plan út om it keninkryk te ferpartsjen ûnder syn trije dochters en dan sa, dat dy't him it measte priizget it grutste stik kriget. In útnoeging om te sjerpsmarren en alhiel gjin wier hifkjen fan tagedienens, lykas Lear yn syn healwizens ûnderstelt. De twa âldste dochters, Goberil en Regan, besjerpsmarre de âlde kening om it hurdst. Cordelia, dy't Lear syn eachappel wie, wol oan dat spultsje net meidwaan. As de kening har freget wat sy as lof te sizzen hat, seit se "Neat". De kening wurdt dûm en ûnt-ervet Cordelia, wylst de twa oare dochters in helte fan it keninkryk taskikt wurdt. De trouwe ealman Kent, dy't foar Cordelia in goed wurdsje dwaan wol en behoedzje de kening foar oerhastige misse setten, wurdt troch de (ûntankbere) kening ferband. Hy sil lykwols trou bliuwe.De twa âldste dochters betoane hielendal gjin tankberens. De âlde kening dy't om bar by harren útfanhuzet mei sa'n hûndert man gefolch, fine se te lêstich en hy moat him mar bekrimpe en syn minsken moatte har mar koest hâlde. Hy kriget tehearren dat âlde minsken lykas him gjin al te grutte mûle ha moatte, ek om't se sa stadichoan de senile kant neist wurde. Lear rekket fansels troch alles hinne, troch de misledigingen en ûntankberens fan syn dochters, mar ek troch syn ûnmacht om der wat tsjin te dwaan. Hy hat ommers syn macht út hannen jûn, oan de ferkearden. Lear fljocht midden yn in stoarm it hûs út en de natuer yn, tegearre mei syn nar, dy't ommers de healwizens fan 'e kening bekommentariearje mei, as nar (=healwizeling). Nei in barre tocht fynt er Cordelia wer. Se fermoedsoenje har en Lear sjocht no ek yn dat Cordelia ûnrjocht oandien hat. Beide wurde nei in fjildslach lykwols finzen nommen. Krekt as it liket dat se rêden wurde sille, blykt Cordelia al eksekutearre te wêzen. Lear komt op mei har lyk, rekket troch alles hinne en stjert. Merk op dat Lear syn ellinde troch himsels teweibrocht wurdt.
Parallel oan dy ferhaalline, dat ek de haadline is, is in twadde ferhaalline mei de 'earl' fan Gloucester. Dy hat twa soannen (Edgar en Edmund), en ien derfan, de bastert Edmund, is in smjunt. Troch handige yntriges makket Edmund earst syn broer sa swart dat dy troch syn heit ferstjitten wurdt. Edmund, syn libben ûnwis, fermomt him as de gek (healwizeling) anneks bidler "earme Tomke". Dêrmei komt it tema healwizens nochris nei foaren, en mei de dûbele boaiem dat dy healwizeling, likemin as de nar (healwizeling) fan Lear, echt healwiis is: beide sizze besteklike dingen. De wiere healwizeling is gjin healwizeling, mar kening. In oare smjunt, Cornwall, makket Gloucester blyn, en Edmund docht neat om it te behinderjen. Gloucester kriget dan it wiere aard fan Edmund yn 'e rekken.Gloucester wie ek ta in hichte healwiis om him troch Edmund te pakken nimme telitten, mar Edmund syn yntrige wie ek hiel knap. Gloucester is folle minder ferantwurdlik foar syn eigen trageedzje as Lear, mar folle mear slachtoffer fan oaren. Dochs is it ferskil tusken Lear en Gloucester earder gradueel as absolút. Gloucester lit him, blyn no, liede troch de healwizeling "earme Tomke", sûnder tewitten dat it syn soan Edgar is. Edgar / Tomke lit syn heit syn eigen dea belibje, troch him wiis te meitsjen dat er (hy wol selsmoard plege) fan in klif ôfspringt. Yn wurklikheid is der gjin klif. Nei dy terapy fermoedsoenje de twa har, en foar har is der in lokkich ein. Behalve dat har (kweade) broer en soan Edmund oan 'e ein stjert. De twa plots wurde mei-inoar ferbûn, trochdat de kweade dochters fan Lear beide fereale wurde op de kweade soan fan Gloucester, Edmund.
Kening Lear is Shakespeare syn meast kontroversjele trageedzje. Dat komt troch de ein. It liket op in lokkich ein ta te gean en dan is der hommels, as in tongerslach by heldere loft, Lear mei de deade Cordelia yn 'e earms. De kritisy ha dêr mar wakker mei ompakt. Ik tink lykwols dat de treast him sit yn it feit dat Lear en Cordelia har fermoedsoene foar harren dea, en dat Lear syn flater ynsjocht foar't er stjert. Likegoed is it in ridlik wreed ein, mar net sa wanhopige pessimistysk as guon kritisy ha wolle. It is oars al wier dat Lear net fredich stjert, mar folslein troch alles hinne. Fan datoangeande hat er neat leard: hy is minsklik, hy is healwiis.

De twa ferhaallinen fan Lear en fan Gloucester
Lear ferrifelt himsels wylst Gloucester earder it slachtoffer fan 'e yntriges fan syn bastertsoan Edmund is. Yn beide gefallen is in bern ek slachtoffer: dochter Cordelia by Lear, soan Edgar by Gloucester. Beide wurde ommers ferstjitten. De parallellen en kontrasten gean fierder. Gloucester is letterlik blyn troch de smoarge misdie fan Cornwall, de man fan Lear syn kweade dochter Regan. Figuerlik is er amper blyn, behalve yn sa fier as er slachtoffer fan de yntriges fan Edmund is. By Lear is it krekt oarsom. Syn eagen binne prima, mar figuerlik is er sa blyn as wat foar (i) syn eigen domme optreden oangeande it opspjalten fan it keninkryk oan de dochters dy't him priizgje (ii) de falskens fan syn âldste dochters (iii) it ûnrjocht dat er syn jongste dochter Cordelia oandocht. Doe't Gloucester syn eagen noch hie, en it him goed gie, wie er blyn foar de yntriges fan Edmund. En no't er syn eagen kwyt is, sjocht er de yntriges fan Edmund:
GlosterDochs, goede freon, jou dy hjirwei; och gean; Dyn stipe kin my dochs gjin goed mear dwaan, En dy faaks kwea.AldmanJo kinn' jins wei net sjen. GlosterIk ha gjin wei, en dus gjin eagen brek;Ik stroff'le doe't ik seach. Men sjocht sa faak, Us goed fiert ús ta oermoed; ús tekoart Wurdt ús ta rike winst. - O soan, o Edgar, Dêr't dyn bedragen heit syn grym mei fuorre! Belibbe ik jit, ik seach dy troch myn taasten, Ik sei, ik ha wer eagen!(IV,1,17)
Mar it is noch folle mear fan tapassing op it ferhaal fan Lear, dêr't it ferhaal fan Gloucester in yllustraasje fan foarmet. As Gloucester blyn is, kriget er syn eigen soan en slachtoffer Edmund yn fermomming fan Earme Tomke as begelieder. Edgar yn fermomming lit him yn in fantastyske psycho-terapeutyske sêne springe fan wat Gloucester tinkt dat in hegeklif is:
Gloster Hoenear ha wy de top no fan dy hichte?EdgarJo gean der no by op. Wat kliuwt it swier! GlosterMy tinkt, de grûn is sljocht.EdgarIn skrik, sa steil.Hark! Hearre jo de see?GlosterNee, neat dêrfan.EdgarFaaks wurde dan jins oare sinnen minder Troch 't lijen fan jins eagen.Gloster't Kin sa wêze.My tinkt, dyn lûd is no ek oars; do praatst, Fan stof en foarm, ek better as koart lyn. (180)EdgarDat roait nei neat; ik bin yn neat feroare As yn myn klean.GlosterMy tinkt, jo sprake is better.EdgarKom, fierder, hear; hjir is 't. Bliuw stean. Hoe grousum En dûzjend is 't, it each omleech te slaan!De ka's en krieën, wjokjend djip hjirûnder, Hja lykje krobben, grutter net; dêr hinget, Seefinkel garjend, healwei jit in man, Skraach grutter as syn holle; in skriklik fak! De fiskers, dêr oan't kuij'rjen op it strân,Bin mûzen lyk; en dat grut boat, foar anker, Lyts as syn jol; syn jol in boei, te lytsHast om te sjen; it rûzjend sêfte dynjen, Dat sljurket oer ûntelb're stientsjes grint,Heart me sa heech hjir net. Mear wol 'k net sjen, Oars draaide it my, en fan 't omdiiz'ne sjenFoel ik foaroer faaks.GlosterSet my, wêr't jo steane.Edgar Jaan my jins hân; jo bin gjin fuotstap mear Fan d' ôfgrûns râne. Ik sprong hjir net oerein,Foar alles ûnder 'e moanne.GlosterLit my los.Hjir, freon, is jit in pong mei in juwiel,It nimmen wurdich foar in earme. Goaden, Jaan it, by him, jim lok mei! No moatst gean. Sis dei, en lit my hearre datsto fuortgiest. EdgarFarwol dan, goede hear.GlosterFan herten, freon!EdgarSa boartsje ik mei syn lijen, mocht it wêze Dat ik him sa genês.Edgar brûkt net om 'e nocht it wurd "genêze". Dit is psychoterapy fan it boppeste buordsje. Gloster nimt ôfskie fan it libben:
Gloster(knibbeljend) O macht'ge goaden!'k Wol ôfstân dwaan fan dizze wrâld; wês tsjûgen Dat ik berêstend dellis dit swier leed.Koe ik it langer tôgje sûnder opstânTsjin jim grut wollen, dêr't gjin war tsjin is, Dan soe de piid fan dit my wearzich libben Fansels tebarne. Seinje, as 't kin, myn Edgar -No maat, farwol. (Hy falt foaroer.) Nei dizze symboalyske dea en wjeropstanning is Gloucester wer nij en sjocht er de dingen net allinnich klear mar is er ek wer fol fan libbenspiid:
GlosterNo sjoch ik alles klear; tenei wol ik Dit libben tôgje, oant it út eigen driuw"Genôch" ropt, en dan stjerre.En as Gloucester it al wer efkes ferjit om't de troepen fan Lear de fjildslach ferlern ha, bringt Edgar (werkend as Tomke) him de fitalistyske basishâlding wer yn it sin:
EdgarKom mei, âld man; jou my jins hân; hjirwei. Lear hat ferlern, is finzen mei syn dochter. Jou my jins hân, kom gau. (194)GlosterNet fierder, hear; ek hjir kin men fergean. EdgarWat, wêr dy tsjoede tinzen? Wy as minsken Moatte ús ús fuortgean treastgje, lyk ús kommen. Ree wêze is alles, kom.GlosterEk dat is wier. (Of.) (5.2.)
It Gloucester-ferhaal is mear as in didaktyske yllustraasje fan Lear syn ferhaal. By Gloucester is de ellinde dy't de wrâld him oandocht folle grutter as wat Lear tefernearen kriget. Mar by Lear sit it djipper om't it foar in grut part út Lear sels komt.Lear draait himsels de bedelte yn, net allinne troch syn flater oan it begjin fan itstik, mar ek trochdat er hieltyd net trochhat wat der bart. Hy brekt leaver as dat er,net bûcht mar begrypt. Yn in suver komyske sêne suggerearje de kweade dochter dat heit him mar bekrimpe moat wat tsjinners oanbelanget. En om't Lear syn status hast eksklusyf oan it tal tsjinners en sokke bûtekant saken ôfmjit, meitsje se himsels sa hieltyd lytser, en sa fielt Lear dat ek.Dus oan it begjin fan it stik ha se him earst mei wurden priizge en opblaasd, om in part fan it keninkryk te krijen. Aspriuwke folget hjir de lofsang fan Goneril:
GonerilHear,Mear leavje ik jo as 't wurd it ea beskriuwt, Djoerder as ljocht yn d' eagen, romte en frijdom, Heger as hokfoar wearde, ryk of frjemd;Sa leaf as libben, trêft, rom, sûnens, skientme; Sa tige as 't bern ea fielde, in heit ea fûn; Leafde dy't earm it lûd, 't wurd machtleas makket; Sa, fier jit oer dat alles, leavje ik jo.(1.1)
En no't se fan him ha, wat se ha woenen, prippe se him lek. Se begnobje him op syn tsjinners, syn folgers, oant der neat fan him oerbliuwt:
ReganWat, fyftich folgers? Is dat net moai? Wêrta ferlet fan mear?Sels fan safolle, om't lêst en noed har beide Tsjin sa'n heech tal fersette? Kin sa'n heap, Yn ien hûs gear en hearrend nei twa masters, De frede warje? Slim is 't, hast ûnmooglik.Goneril Wêrom, hear, kinne jo net tsjinne wurde Fan dy't behearre ta har folk, of mines? ReganWêrom net, hear? fersleauken hja jins winsken, Wy setten har te plak. Dat, woll' jo komme, - Want no sjoch ik ek spoek - nim dan net mear As fiif-en-tweintich mei; mear bergje ik net,En wol 'k gjin spul mei ha. LearIk joech jim alles -ReganHear, it waard ek tiid. LearIk makke jim myn fâden, myn behearders, Mei foarbehâld fan in gefolch allinne,Dat tal. Moat ik no by dy komme, Regan, Mei fiif-en-tweintich? Hasto dat wier sein? ReganIk sis it jitris, hear; by my net mear.LearFaak lykje tsjoede skepsels jit oannimlik As oaren tsjoeder binne; it bringt wat lof, Is men de tsjoedste net. (Tsjin Gon.) Ik gean mei dy; Dyn fyftich is jit dûbeld fiif-en-tweintich;Dyn leafde twaris riker. (150)GonerilHear my, hear;Wêrta ferlet fan fiif-en-tweintich, tsien, Of fiif, wylst yn ús hûs dûbeld safolle Lêst hat en tsjinje jo?ReganWêrta fan ien?(2,4)
Dat Lear wurdt foargoed straft foar syn heechmoed, mar hy hat der ferskriklik oan om te akseptearjen dat de saken binne sa't se binne: dat er him ferskriklik fersind hat yn syn dochters, dat er al syn macht weijûn hat, dat er in dwaas, in nar, in healwizeling west hat, hy, de grutte Lear. Dêr rint syn geast op stikken. En as de krisis al wat belunet, oan 'e ein, dan soarget de hommelse dea fan Cordelia dat er brekt as in stokje:
LearHongen, myn earme lytse! Nee, gjin libben. Moat der in hûn, in guds, in rot bestean En do gjin siken ha? Nea komsto wer,O nea net, nea net, nea net!Beleaven, doch dy knoop los: hear, myn tank. Mar sjoch dochs, sjoch har lippen, sjogge jim 't? O sjoch dêr, sjoch - (stjert.) (5.3)

De healwizens as boarne fan tragyk en fan wierheid en la "condition humaine"
In oare parallel tusken Lear en Gloucester is dat se yn har ellinde beide beselskippe wurde fan in gek. Lear ûndergiet de stoarm yn it selskip fan syn nar.Gloucester ûndergiet syn blinens yn it selskip fan earme Tomke, dat eins syn soan Edgar is. Kritisy ha wol suggerearre dat de nar fan kening Lear eins Cordelia yn fermomming wêze soe. Dat koe maklik want alle frouljusrollen waarden yn 'e tiid fan Shakespeare troch jonges spile. Dat sokke "froulju" koene maklik wer foar manlju trochgean. Ut it eachweid fan parallelisme soe it moai wêze dat de gek by Lear krekt as de gek by Gloucester in eigen bern yn fermomming is. Fierder is it sadat Lear syn gek ferdwynt koart foar de kening Cordelia wer sjocht. De gek en Cordelia binne nea tagelyk op it toaniel. Oan 'e oare kant komt by Gloucester foar it ljocht dat syn gek syn bern is. By Lear is dat nea sa. Dat soe der miskien op wize kinne dat Lear syn eigen gekkens nea werkent, sels net as er him mei Cordelia fermoedsoenet. Yn alle gefallen is it in nijsgjirrich idee. It gek, it healwiis wêzen fan 'e minske is in wichtich tema yn Shakespeare überhaupt, en benammen yn Kening Lear. Dat blykt út de oanwêzichheid fan 'e twahealwizelingen dy't Lear en Gloucester begeliede op himsels al. En Lear seit oerde wrâld en de minsken:
LearWolsto myn lot beskrieme, nim myn eagen.Ik ken dy goeddernôch: dyn namme is Gloster; Ei, jou dy del; wy kamen kritend harren;Do witst, sadrê't wy d' ierde' loft mar rûke, Dan gûzje en gûle wy. Hear ta; 'k wol preekje. Gloster Wee, wee sa'n dei!LearDaalk by ús berte skrieme wy ta 't kommen Op sa'n toaniel fan sotten. -(4.6)
Dat lêste sitaat reflektearret in earder petear tusken kening en nar, dêr't de nar dekening in sot neamt: LearNeamsto my in nar, feint?NarAl dyn oare titels hast ommers weijûn; dizze bist mei berne. (1.4.)
De gek mei de wierheid sprekke: "do hiest lyts fernim yn dyn keale kroan, doesto dyn gouden weijoechst".(1.4.)
De gek stekt ek de draak mei Lear syn selsmeilijen en syn narsistyske rjochte wêzen op himsels.
LearWee my! Myn hert, it smoart my! Del, hert, del!NarJa heitsje, dat moast it mar taroppe, lyk as de kokenfaam tsjin de ieltsjes,doe't hja se libben yn it daai die; hja sloech se mei in stok boppe op 'e kop,en rôp: "Lizze, jim springers, lizze".(2.4)
De gek is by Shakespeare hast in mythyske figuer. Hy wurdt it symboal fan de paradoksale sitewaasje dêr't de minske himsels yn fynt as produkt fan it rasjonele en it yrrasjonele. Deselde paradoks fine wy ek hiel dúdlik yn Erasmus syn "Stultitiae Laus" ("Lof fan 'e Healwizens", Fryske oersetting fan P. W. Brouwer, Stifting ELF, Ljouwert), dat Shakespeare grif kend hat, en dêr't de gek allyksa it paradoksale symboal fan "la condition humaine" is, en sels de wiisheid noch as in part fan syn rike, alomfiemjende healwizens yn him hat.

"Kening Lear" yn Fryslân
Douwe Kalma, de oersetter fan Kening Lear en fan it folsleine wurk fan Shakespeare, waard berne op 3 april 1896 te Boksum, groeide op te Dearsum en stoar op 18 oktober 1953. It libben fan Kalma is oer te lêzen op de webside fan it FLMD.
Kalma hat noch krekt foar syn dea de oersetting fan it folsleine wurk fan Shakespeare dien meitsje kinnen. De Shakespeare-stifting naam it útjaan fan dat wurk op him. It waarden acht mânske dielen, dy't útkommen binne yn 'e perioade 1956 - 1976.
Foar Kalma wie der earder al ris ynsidinteel wurk fan Shakespeare oerset, lang foar't de Hollânske Burgerdijk-oersetting ferskine soe. Rinse Posthumus makke fertalingen fan "De keapman fan Venetië" en "Julius Caesar" (1829), "As jimme itlije meie" (1842) en "De Stoarm" (1852, pas útjûn as Estrik troch it Frysk Ynstitút te Grins yn 1957). Letter makke T.E. Holtrop in fertaling fan "Julius Caesar" en fan "Hamlet". Sjoch fierder it wiidweidige essay fan Jo Smit, dêr't wy boppesteande ynformaasje fan oernamen: "Shakespeare en wy", (De Tsjerne 1964, werprinte yn Jo Smit "De moderne roman as moraliteit", 133-179).
Hoewol't der in protte dokumintaasje is oer de earste fjouwer dielen fan it Shakespeare-projekt, dy't útkamen tusken 1956 en 1963 (respektivelik 1956, 1959,1962, 1963), hat de oersetting fan "Kening Lear" yn Fryslân net folle omtinken krigen. Yn 'e dokumintaasje fan it FLMD wie neat te finen, en al likemin yn de Taaldatabank fan 'e Fryske Akademy. It brek oan omtinken foar "Kening Lear", dat yn 1969 ferskynd is, stiet net op himsels. It hat nei alle gedachten te krijen mei it weromrinnend omtinken foar it Shakespeare-projekt yn 'e santiger en tachtiger jierren, en mei in weromrinnen foar omtinken foar oersettingen yn it algemien yn dat a- of sels antyhistoaryske tiidrek.
It fyfte diel (1965) befettet de skiedniskundige toanielstikken. Dy binne útsoarte minder nijsgjirrich, dat in brek oan belangstelling foar krekt dat diel hoecht ús net tefernuverjen. Mar "Kening Lear" is ien fan Shakespeare syn absolute klassikers. It sit by Kalma yn diel 7, tegearre mei Othello (de moar van Veneesje),Macbeth, Timon fan Athene en Antonius en Cleopatra. Diel 7 is dus in sterke bondel, en it brek oan belangstelling dêrfoar moat dan ek op konto fan 'e tiidgeast skreaun wurde (as it FLMD te'n minsken net fan dokumintaasjestyl feroare is yn dy tiid). De tiidgeast soe ek it brek oan omtinken ferklearje foar diel 6 (1966), dat trageedzjes lykas "Hamlet" en "Romeo en Julia" befettet.
It Shakespeare-projekt hat dus fral omtinken fan 'e media krigen yn 'e fyftiger jierren en de earste helte fan 'e sechtiger. Ferskate kritisy ha Kalma syn oersettingen kritysk hifke. Dat binne net de minsten: Anne Wadman, Jo Smit, ommar ris in pear te neamen. De algemiene teneur is yn trije punten wer te jaan. Foarst, it wurdt algemien beskôge as in goede saak dat Shakespeare yn it Fryskoerset wurdt. Twad, der sit wolris in Kalma-rookje oan de oersetting, dy't wat fierder giet as de inkeld mar tafallige persoanlike sinjatuer fan de oersetter rjochtfeardiget. Der falle wolris konkrete wurden of frazen wei lykas "inside lip","clock" en ynstee dêrfan dûke bytiden al, bytiden net sloppe abstrakta op lykas"ynlik" en "tiid" (sjoch niisneamd artikel fan Smit foar mear foarbylden). Tred, it algehiele effekt fan 'e Kalma oersetting op 'e lêzer, los fan rasjoneel analysearre oersettingskwestje, is sûnder mear ymposant.
De Shakespeare-oersettingen fan Kalma binne wat te stiif om sûnder oanpassingen sa mar opfierd te wurden. Lykwols kinne se hiel goed as basis foar in mear sprektalige opfiering tsjinje. Nettsjinsteande de krityk op it Kalma-rookje oan de oersetting en dy syn oanstriid ta ynsidinteel ûnnedich brûken fan abstrakta, liket it oardiel fan Yge Foppema("Monumint foar in trijetal", De Tsjerne 1960) de lêzersûnderfiningen goed gear te fetsjen:" ... de krityk woe te'n earsten net swije, mar mear en mear krige ik it gefoel dat ik troch alles hinne Shakespeare hearde en seach - Shakespeare 'vu a travers untempérament", Kalma syn temperamint, mar dochs Shakespeare. Komt it om't derfoar de lekken en brekken safolle moaie fynsten oer steane?"

Foppema ferfettet mei in oanhelling fan Kalma dêr't wy dit stik mei ôfslute:

"Ik moat earlik sizze, dat as it oersetten fan Shakespeare foar my net sa'n grut geniet wie, wierskynlik noch nasjonale plicht, noch hokfoar oare oantrún my de krêft jaan soe dêr jier yn jier út mei fuort te farren".

Eric Hoekstra
Ljouwert
april 2003

Oer de oersetting en werútjefte dêrfan.
De oersetting fan dr. Douwe Kalma is yn syn hiele hear en fear oernommen. It artistyk-keunstmjittige Frysk fan Kalma is in perfekt stik ark foar it werjaan fan it artistyk-keunstmjittige Ingelsk fan Shakespeare yn it bysûnder; it wie yn Shakespeare syn tiid ek hiel gewoan. De noaten fan Kalma binne allyksa oernommen. De tekst is omstavere fan 'e âlde stavering (de Akademystavering,1948-1980) nei de nije stavering (de steatestavering). Kalma brûkt apostrofes om ritmyske weilittingen fan ûnbeklamme lûden wer te jaan, en dat hawwe wy oernommen.

Wy betankje de Provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting. Sy ha ús fernijende Shakespeare-projekt mooglik makke: tanksy printing-on-demand sil dit boek nammentlik net lykas oaren nei in pear jier út de boekhannels ferdwine, mar besteld wurde kinne sa lang as de stifting ELF en Utjouwerij Bornmeer besteane.

www.elfelf.nl
www.bornmeer.nl