Homepage Eric Hoekstra

Linguistics | Contact | Literature | ELF classics in Frisian | Friedrich Nietzsche | Diogene in a barrel | Politics | Columns | Bhagavad Gita

It begroetsjen fan 'e dage

Sjoch dizze dei, dit is
it libben, it eigenste libben.
Yn it koarte bestek fan hjoed
leit dyn hiele bestean besletten:

De blidens fan it groeien
de gloarje fan it dwaan
de tsjoen fan it moaie.

Want juster is mar in dream
moarn mar in fisioen.
Mar hjoed goed libje, dat makket
elk juster in dream fan wille
elk moarn in fisioen fan hope.

Achtsje dus goed dizze dei!
Alsa wurdt de dage begroete.

(Kalidasa)

Collatz and Fibonacci