Sint Brendan
YNLIEDING
Dat der op Skylge in fjoertoer stiet mei de namme Brandaris sil de
measte
lêzers wol bekend wêze, mar wêr`t dy namme weikomt en
hoe`t dy toer op Skylge dêr oankomt dat is in nijsgjirrige
fraach.
It like ús de muoite wurdich, mei it each op it
fjouwerhûnderd
jierrich bestean fan de Brandaris wat oandacht te jaan oan de hillige
dêr`t
hy nei neamd is en in antwurd te jaan op de fraach wêr't dy namme
weikomt.
De namme Brandaris is in ferfoarming fan de namme Brandanus en
Brandaan,
dy`t foarme binne út de yn it Latyn meast brûkte foarmen
Brendanus
en Brendan, dy`t Latinisearringen binne fan de Ierske namme Brenaind of
Brenain. Foar it neist wie de útspraak fan beide lettergrepen
lang,
dus Breenaand of Breenaan.
Dizze hillige, ferneamd om syn seereizen, waard yn in grut part fan
Noardwesteuropa tige fereare as patroan fan seefarders en as
ôflieding
fan syn namme,op`e klank ôf, ek as beskermer tsjin fjoer en
brân, en sa koe hy dus ek sjoen wurde as in beskermer fan it
kustljocht
dat de seefarders de wei nei de feilige haven wiist. Want it doel fan
elke
hillige is optlêst om te wizen nei De Wei nei De Feilige Haven.
Dy`t
Jo, sa as Jo yn de Navigatio lêze kinne, sûnder Jo
persoanlike
patroanhillige nea fine kinne.
Oer Brendan binne ferskate boeken skreaun troch de ieuwen hinne. De
oarspronkeliksten dêrfan hienen wy hjir gearbrocht.
Dat binne:
sa as dat troch de pater Jezuit Paulus Grosjean S.I. út
ferskate
Latynske hânskriften gearstald is en publisearre yn Vita
Sanctorum
Hiberniae.
sa as gearstald troch Carl Selmer yn it boek mei dy namme.
neffens it middelnederlâns gedicht "Van Sente Brandane.
2284 fersrigels, oerset en oerdichte troch Klaas Bruinsma,
neffens
it Comburgse hânskrift
yn de útjefte fan Dr.Maartje Draak ,dy`t opnij berime wie
troch Bertus Aafjes.
útjûn troch J.Meulenhof, Amsterdam, 1949.
En oerdichte troch Klaas Bruinsma
Malperthús, Aldemardum jannewaris 1994
BOPPESTEANDE TRIJE WURKEN WURDE NO TROCH BRUINSMA YN DRUK UTJUN
SADAT HJIR ALLINNE NOCH OERBLIUWT
út Acta Sancti Brendani fan kardinaal Patrick Francis Moran.
En dêrmei hawwe wy no in folsleine samling oer Sint
Brendan
yn it Frysk.
Omdat it net mooglik is De Oratio útjûn te krijen,
publisearje ik dat hjir op it ynternet.
De Histoarje
De navigatio sancti Brendani Abbatis, is in leginde oer de Ierske Abt
Brènaind
soan fan Findlug út it súdwesten fan Ierlân. Oare
boarnen
neame Alltraighe Caille en Ciarraighe Luachra, plakjes fuort by Traigh
Li (Tralee) oan`e mûning fan de rivier de Li. Yn Kyarraghi
(Kerry)
yn it súdlikste part fan Ierlân dat doe it keninkryk
Munster
wie.
Hy moat berne wêze yn it lêst fan de fyfde ieu en stoarn
yn`e santiger jierren fan de seisde. Hy soe doopt en grutbrocht
wêze
troch de Biskop Erc of Kerry.
Syn feestdei is 16 maaie, neffens de Vita soe hy op dy deis stoarn
wêze, mar wis is dat net. De Grutte W.P. hat ca 480 - ca 577. Dan
soe er ûngefear 97 jier wurden wêze en dat is in
respektabele
leeftiid. Hy is net de iennige Ierske geastlike fan dy namme. The Book
of Leinster, side 366.col.5 neamd santsjin Brenand`s. De earste is
Brenand
abt fan Birr, en de twadde is Brenand mac Hua Alta "The Navigator".
Hy stifte in mannich kleasters yn west Ierlân. It wichtichste
Clonfert yn Connacht yn Galway. Hy wurdt dan ek wol Brendanus fan
Clonfert
neamd. Mar hy soe ek kleasters stifte ha yn Skotlân,
Ingelân
en Bretagne.
Yn "Vita Columbae" wurdt praat oer in besite fan Brénaind mei
noch trije kleaster stifters oan Columba op Iona.
Columba libbe fan 521 oan`t 597. Hy wie in Iersk man fan heech
komôf,
dy`t ek ferskate kleasters stifte hie op Ierlân en op`e eilannen
west fan Skotlân. It bekendste dêrfan wie it
eilânkleaster
Iona, dat yn syn tiid en lang dêrnei it ferneamdste sintrum fan
de
Ierske tsjerke wie. Brénaind wie dus in wat âldere
tiidgenoat
fan Columba.
Ek yn de Vita is sprake fan in seereis, dus syn seereis kin histoarysk
wêze. De Vita skynt wat âlder te wêzen as de
Navigatio,
de Navigatio soe dêr troch ynspirearre wêze kinne.
De Eftergrûn.
Ierlân hie net beset west troch de Romeinen, en hie dus oars as
it
grutste part fan Westeuropa, mar krektlyk as Fryslân,
Skotlân
en de Skandinavyske lannen, syn eigen bestjoer systeem behâlden,
al wienen der wol gâns kontakten en handel mei it Romeinske ryk.
Dus ek mei it kristendom dat yn 381 yn it Romeinske ryk
steatsgodstsjinst
wurden wier.
Yn 431 wienen der yn Ierlân al safolle kristenen blykber, dat
der in biskop beneamd wurde koe, en de paus stjoerde in sekere
Palladius
as biskop nei Ierlân. Yn dyselde tiid wurke dêr yn it
noarden
fan Ierlân in Ingelskman, mei namme Patrick, yn it Latyn
Patricius,
dy`t earst troch Ierske rôvers as slaaf meinaam wie nei
Ierlân,
mar ûntsnapte, en him letter roppen fielde yn Ierlân it
evangeelje
te ferkundigjen. Hy is de ferneamdste Ierske hillige wurden, Sint
Patrick
of Sanctus Patricius.
Troch it bestjoer fan de tsjerke yn oerienstimming mei Ierske begripen
oer maatskippij en steatsopbou yn te rjochtsjen, de Ierske hegerein de
lieding ta te betrouwen, de frijstelde gelearden, keunstners en
dichters,
dêr in funksje yn te jaan, krige men sûnder folle
wjerstân
in typysk Ierske tsjerke, dy`t yn letter ieuwen tige aktyf west hat yn
de sinding yn Westeuropa.