Om in yndruk te jaan wer't it oer giet,
hjir njonken sjogge jo in stikje fan side 1r.
De tekst is net sa dúdlik it bled is troch de papierieltsjes
oanfretten en der sit ek wat waar yn. It stikje is bedoeld as in soart
foaropwurd en is skreaun yn in wat âldere hân, dy't letter
yn it hânskrift net wer foarkomt. It is in stikje út de
Collationes (petearen) fan Cassianus, dat útrint op in stikje
út it libben fan Sint Antonius en it giet oer it libben fan
iverige muontsen.
IT BOEK:
is in oersetting fan in hânskrift út de
stêdsbybleteek fan Brugge, MS 558.
It hânskrift is ôfkomstich út de samling fan in
biskop fan Brugge, dy’t op ‘e earste siden in beoardieling en koarte
ynhâld skreaun hat, tekene mei:
J.B. eveque de Bruges.
Dat blykt nei in meidieling fan de Argifaris fan it bisdom Brugge,
biskop Jan-Baptist Malou te wêzen, berne yn Ieper yn 1809,
bybletekaris fan de universiteit fan Leuven fan 1838 - 1848 en biskop
fan Brugge fan 1848 oant syn dea yn 1864, in kundich man en in
leafhawwer, kenner en samler fan boeken. Der is in oantekening yn de
katalogus fan A. De Poorter út 1934 dy’t dit befêstiget en
dêr’t yn opmurken wurdt dat net bekend is hoe’t Malou oan dit
hânskrift kaam wie. It is ús ek noch net slagge út
te finen hoe’t it yn ‘e midsieuwen of letter út it kleaster yn
Burgum wei yn België te lâne kaam is.
De skriuwers fan de Monasticon Windeshemense ûntdieken dat it yn
it kleaster fan de reguliere kanunniken fan Augustinus yn Burgum
skreaun wie, út de tekst blykt om 1460 hinne.
Om’t der hast neat út it kleaster sels bekend wie like it de
muoite wurdich it hânskrift oer te skriuwen en oer te setten. Mei
help fan Avero foar de kosten fan de mikrofilm en de Gemeente
Tytsjerksteradiel foar de kopiën, en in protte stúdzje is
dat no slagge. Der is in ôfskrift foar it grutste part yn it
latyn, dat op har Boarneside op it ynternet publisearre wurde sil troch
de Fryske Akademy.
It hânskrift is in sammelbân fan allerhande oantekens dy’t
men bewarje woe. Koerslisten, krûden foar de siken, materiaal
foar in ferbouwing oan kleaster, tsjerke en mûne, modelbrieven in
kursus briefskriuwen, mar ek traktaten, kleasterregels, nije dekreten,
preken en ferhanlingen oer it libben yn kleasters.
It is net allinne nijsgjirrich foar de pleatslike skiednis, mar foaral
ek foar it tinken en de geastlike ûntjouwing, sa krekt foar de
reformaasje, yn in kleastermienskip fan de kongregaasje fan Windesheim,
dat wol in 80 kleasters omfette, fan Switserlân oant yn
Skandinavië.
Al foar dat it útkomt hat bliken dien dat der dingen ynsteane
dêr’t bygelyks stúdzjes oer de munten yn midsieusk
Fryslân mei ferbettere wurde koenen.

DE SKRIUWER:
Wenne op it Kleasterhôf, oan’e Kleasterloane te Burgum, doe’t hy
frege waard ûndersyk te dwaan nei de skiednis fan it kleaster. Hy
hie altyd nocht oan skiednis hân, mar hie gjin oplieding yn dy
rjochting en moast him dus earst it latyn en it lêzen fan
âld skrift eigen meitsje foar dat hy der mei útein sette
koe. It hat ek nei de ûntdekking fan it hânskrift yn
Brugge, noch in hiel wurk west foardat it ôfskreaun, oerset en
bestudearre wie. Ik hoopje dat it oan de ferwachting fan de
lêzers foldocht, ek as it faaks wat oars is as hja ferwachte
hienen.