UT DE OANTEKENS FAN MYN
ALDOMKE
YNHALD:
|
IN
WURD FOAROF
Ik ha de redaksje fan Meiinoar
(De doarpskrante fan Suwâld) frege
oft ik wat skriuwe mocht oer de ynhâld fan it Veeninga argyf,
dat binne de oantekens fan myn
âldomke Albert Arjens Veeninga,
timmerman, oannimmer, mûnemakker te Suwâld, fan 1889 oant
1926, berne yn Ljouwert 18 des, 1863 en stoarn yn Suwâld 8 sept
1944 en dêrnei fan syn soan, de arsitekt en oannimmer Arjen
Veeninga
Hjir op ‛e foto Albert
Veeninga mei syn frou Wytske Bosma en de bern Nynke, Anne
en Arjen. Hja wennen doe yn it hûs dat no
nûmere is as Tsjerkebuorren 22 . Dat wie yn 1890 boud troch
syn skoanheit Jan Petrus Bosma (as rinteniershûs?) en yn
1893 kocht troch Albert en Wytske, dy't der in timmerwinkel fan makken,
hja wennen dêr oan't 1926, doe namen Arjen en Trijntsje it oer.
Albert en Wytske wennen doe by
har skoansoan Warrens Kamminga en har dochter Nynke yn oan'e oare
kant fan de skipfeart, no nûmer 20.
Us
beppe, Sijke Bosma, in suster fan Wytske, hie in grutte
bewûndering foar him omdat hy in protte oan ûndersyk fan de
skiednis fan Suwâld die en doe al dwaande wie mei wat no tige
populair is "genealogie". Doe‛t ik in jonkje wie seach ik him faak
fytsen, as hy nei Ljouwert gie nei de ‛Kânselerij‛, dêr‛t
doe noch de Provinsjale bybleteek yn wie, foar syn histoarysk
ûndersyk.
Ik wie der altyd
nijsgjirrich nei wat dêrfan op ‛e hispel
kaam wie, en omt ik fan‛t simmer
tiid hie bin ik der efkes
yndûkt. Alles is lang net geskikt foar publikaasje en guon is wol
wat
achterhelle, mar der bliuwe genôch spikers oer om in histoarysk
ferhaal oan op te hingjen. Guon
dingen binne letter ek al
brûkt troch dûmny P. Datema yn syn skiednis fan
Suwâld : "Suawoude
bijgenaamd
Kanaän" Laverman Drachten 1971.
|
Een
oude historie gezet in het raam van zijn tijd
Dit earste is in stikje Suwaldster skoalleskiednis, dat net alhiel
oerienstimt mei it boekje ‛Suawoude‛ fan P. Datema siden 165/66.
Albertom lit dit wat romantisearre ferhaal yn 1730 begjinne, mar
neffens ds. Datema kaam Klaas Bouwes net fan fierrens, mar wie hy in
soan fan master Bouwe Bouwes, skoalmaster yn Suwâld fan 1688 -
1721. Klaas wie dus hikke en tein yn Suwâld en sil syn
buorfamke
Marijke Wierds faaks fan jongsôf kent ha. Hy naam it wurk
fan syn heit al oer yn 1722.
It is wol mooglik dat yn 1730 doe‛t
hy trouwe soe syn salaris yn oerlis
mei de grytman ferhege is.
Dit is
een feestlike bydrage oan it feest fan it 25-jierrich bestean fan de
Kristlike Skoalle yn
Suwâld. Albertom begjint yn it hollânsk en giet dan oer yn
it frysk, yn
dy tiid, 1924, waard der
noch net safolle frysk skreaun grif net yn in otterdoks doarp as
Suwâld
en dêr wie dus wol
wat moed foar nedich, hy moat dus in tige frysksinnich man west hawwe.
Syn stavering is
folslein eigen mar sûnder mear begryplik, al sil it foar in
protte
hjoeddeiske minsken faaks wat
swierrigens jaan. Dêrom set ik alles mar yn ‛modern‛ frysk.
In âld
ferhaal sjoen yn it ramt fan syn tiid
Omt
der yn in feestjûn sa as wy hjoed hawwe meie, om it 25jierrich
bestean
fan ús skoalle te
fieren, dêr‛t master Bouma dy 25 jier ek as haad oan ferbûn
wie,
ferskate sprekkers optrede
om dit op in noflike wize feestlik te betinken, wol ek ik master Bouma
fan herte lokwinskje mei
it heuglike feit dat de Heare him dizze 25 jierren yn it libben sparre
hat, en omt ik der fan
oertsjûge bin dat hy mei nocht en iver it Kristlik
ûnderwiis hjirre
dizze 25 jier tsjinne hat en dat
de fruchten dêrfan net útbleaun binne en ek fierder net
útbliuwe sille,
is it myn hertlike winsk
dat de Heare him ek fierders ta in rike seine foar it Kristlik
ûnderwiis yn Suwâld sette mei. Ik
soe hjir noch hiel wat lofprizings oan tafoegje kinne, mar omdat ik net
de earste en foaral ek
net de bêste sprekker bin, swij ik dêr mar oer, master
Bouma hâldt dêr
ek net sa fan. En no
is ek wat ik jimme fan‛e jûn fertelle woe my net foar de fuotten
weimeand.
It
wie yn de simmer fan 1730 dat Suwâld in nije skoalmaster hawwe
moast.
No wie dat
net sa slim as men mar foar de winter ien hie, simmers hie men gjin
master nedich. In oprop
yn de kranten dat wie der noch net by, want dy wienen hjir doe noch
net. Doch waard it wol
yn in wide krite bekend, en doe‛t de hjerst kaam hienen de 19 boeren
fan Suwâld foaral net
te min en ek wol in romme kar, om dêr de bêste út te
kiezen en ien mei
de namme Klaas wie
de lokkige dy‛t keazen waard.
Klaas
hie ommers alle goede eigenskippen dy‛t easke waarden, hy wie fan de
reformearde
tsjerke, it Heitelân tige tagedien, koe ek wol wat lêze en
skriuwe en
de Psalmen fan David
tige moai sjonge, wat woe men noch mear.
It
salaris waard yn oerliz mei de grytman fêststeld op 60 gûne
it jier,
plus seisdeheal stoer foar
elk bern yn it fearnsjier, fan dy alden dy‛t it betelje koenen en de
bern nei skoalle stjoerden.
Ta masterswente krige hy it achterhûs fan de pastorije fan
dûmny
Duursma hjirre.
Klaas
wie mei dat alles wol op‛tskik, 1 oktober moast er begjinne en
fjirtsjindagen fan te
foaren wie er al yn syn wente, om alles earst wat op te knappen en ree
te meitsjen.
Klaas
hie ek noch rjocht op de heale tún fan dûmny Duursma, dat
wie it
skipfeartlân, tusken
de skipfeart en de reed fan de pastorije pleats (dêr‛t Jentsje de
Vries
no- 1924- wennet) dêr‛t
de skipfeart doe noch oan ta rûn.
Dûmny
hie oan Klaas in flinke help krige foar de tún, Klaas naam it
wurk dat
der noch
te dwaan wie foar syn rekken, mar dan mocht hy meidiele yn de fruchten
dy‛t dûmny ferboud
hie. En wylst dûmny deis op húsbesyk wie, wie Klaas drok
dwaande yn ‛e
tún. En middeis
soarge Juffer Sjoeke, de frou fan‛e dûmny, dat Klaas in miel iten
krige,
want hy hie noch net in
wiif.
Mar
wa is dat dochs dy‛t dêr alle dagen wol in pear kear by de
skipfeart
komt om wat út te
spielen, fan‛e moarn ek al wer, tinkt Klaas. Dat moast ik fan‛e middei
de juffer mar ris freegje
tocht Klaas. No dy wist it wol! En juffer Sjoeke dêr wie hy al
aardich
mei thús!
En
doe‛t de juffer him syn middeis iten wer brocht, weage hy it om har
dêr
nei te freegjen.
Wol
sei se, dat is Marijke, de dochter fan Wierd en Wytske, mear frege
Klaas mar net, want
Wierd Bouwes dat wie ien fan de grutte boeren, dat wist hy noch wol fan
syn sollisitaasje, en
hy wist it grutte stânsferskil tusken in boer en in skoalmaster.
Mar
op in dei dat Klaas al in pear wiken skoalle hâlden hie, en de
moarns
yn ‛e tún wie,
kaam Marijke ek wer by de feart. ‛Moarn master‛rôp Marijke ‛wat
ha we
hjoed in moaie dei
net?‛ ‛Moarn Marijke, sei Klaas, ja it is hjoed kostlik moai.‛ Klaas
wist net rjocht wat hy der fan
tinke moast, master sei se, woe se him soms de gek oan stekke, mar dat
woe er eins ek net
leauwe en mear waard der doe ek net sein, mar de jûns doe‛t er yn
syn
keamerke siet kaam
Marijke him wol wer yn it sin.
De
oare deis doe‛t Klaas in koal foar de juffer út‛e tún
helje moast, kaam
Marijke wer
even by de feart om in dweil út te spielen.
Doe
sei Klaas: ‛Krije jimme hjoed ek koal yn ‛e pot Marijke?‛
‛Nee,
sei Marijke, de bargen hawwe ús koal opfretten.‛
‛Da‛s
minder moai‛ sei Klaas, en elk gong wer syn eigen wei.
De
oare deis, it wie al op ‛e jûn, wie Klaas noch wat mei de
wâl by de
skipfeart oan it
opsnoeien, Marijke hie him der wol wer sjoen en makke in boadskipke by
de feart om even
mei him te praten.
Sil
master de wâl wat opsnoeie‛sei se.
‛Ja,
ik mei it graach wat knap lije,‛ sei Klaas, ‛Sa‛n feart sa ticht by
hûs
is wol in gemak foar
jimme‛ lit er dêr op folgje. ‛Ja‛seit Marijke, ‛dy moatte we alle
dagen
wolris brûke.
Doe‛t
Klaas dy jûn wer allinne yn syn keamerke siet tocht er: ‛Dy
Marijke
liket my dochs
wol in aardich famke ta, en ek neat net grutsk,‛ mear doarst hy
dêr ek
al net fan te tinken.
En
wat tocht Marijke: ‛Dy nije master is dochs mar in knappe feint en ek
wol in aardige jonge.‛
Hoe‛t
it ek wie, hja wisten it beide net, mar Klaas mocht graag op it
skipfeartlân wêze en
Marijke woe dan wol graag nei de skipfeart om te spielen, en dan
tochten beide wolris: ‛Koe
ik noch mar tichter by dy komme.‛ Mar dan wie altyd de skipfeart der
tusken.
De
oare moarns doe‛t Klaas in roggenbrea fan 10 pûn fan de
Hurdegarypster
grutterswein krige en dêr it earste stik ôfsnie, tocht er:
‛It wie eins
better sa‛n brea tegearre
op te iten as dat ik dêr allinne oer gear moat‛ en sa mimere hy
wol
mear wat yn him sels,
mar hy prate der ek wol fertroulik mei de juffer oer, dat wie, tocht
Klaas, ek in hiel aardich
minske, dat wie ommers ek ien út de geringe stân.
Dûmny hie har ommers
hjir ek fûn doe‛t er
hjir as kandidaat kaam wie. En sadwaande wist de juffer ek wol dat
Klaas oars wol wat
bestek op Marijke hie.
En
sokke froulju dy‛t al in jiermannich troud west ha, binne noch slimmer
as de feinten en
fammen. De jûns nei skoaltiid sei juffer tsjin Klaas: ‛Master, jo
moatte jûn even mei in koal nei
Wierd Bouwes‛
‛O
heden‛ tocht Klaas ‛dat wurdt wat.‛ Oer dei koenen de bern fan
dûmny‛s
wol even in
boadskip dwaan, mar jûns net, dat wist Klaas wol.
No,
de jûns, al ryklik skimerjûn, striek Klaas him wat op, gie
nei de
juffer en sei: ‛No
juffer, ik soe de koal noch even fuort bringe, ik sjoch der wol wat
tsjin oan, mar ik sil wol gau
even hin en wer, mei ik him wol ta de doar yn sette en dan wer
fuortgean?‛ ‛Ja, ik sil earst ek
noch wol roppe: ‛In koal fan dumny‛s.‛
‛Harkris
even master, jo sizze: ‛De
groetnis fan Sjoeke,‛ want sa neame Wierd en Wytske my
altyd, ‛en hjir wie in koal.‛
No wit ik
it wol sei Klaas, ik siz: ‛De
groetnis fan juffer en hjir wie in koal.‛
En
Klaas op sjou, mar doe‛t er syn boadskip sein hie sei Wytske: ‛No
master, mar even
yn ‛e hûs, Wierd is noch yn‛t bûthus, mar hat aanst gau
dien, en dan
prate we noch wat, en
Wytske joech master in stoel, en rôp oan Marijke, dat dy de
master even
in kalkenpiip krije
moast, Marijke hie wol fernaam dat master by harres siet en sei tsjin
har broer Bouwe: ‛Krij
do master even in piip.‛ Wylst striik Marijke har wat op, hja wie earst
ek noch wat skruten om
yn ‛e hûs te kommen, mar it duorre net lang of se sieten allegear
om de
tafel yn de
foarkeamer.
En Wierd
en master hienen al gau in
petear oer de stimming, dat dat allegear fuort yn
ienkear eins mar flot fan steapel rûn wie. ‛Ik sei al,‛ sei
Wierd, ‛dat
is de man dy‛t we ha
moatte en dat hie ik ek net iens missjoen, dat blykt wol oan de
útslach
fan de stimming.‛
Master
en Wierd koenen it dy jûne wol aardich pratende hâlde.
Wierd moast no
en dan
wol even sizze: ‛Lit dy spinwielen no ris even stean, want men kin sa
net meiinoar prate.‛
‛Hoe lang
is master hjir no?‛
‛Sân
wike‛ sei master.
‛En mei
master hjir wat wêze?‛
‛Ja, hiel
graach.‛
‛Kom,
dêr bin‛k bliid om.‛ sei
Wierd.
‛Ja, ik
ek‛ sei Wytske.
‛Kin
master ek aardich mei Sjoeke
oer de wei?‛
‛Ja, hiel
skoan boer,‛ sei master
‛Ja, dat
wol‛k ek wol leauwe,‛ sei Wierd,
‛dat hat altyd in bêst minske west, sy hat it no ek
noch al wat drokker krige yn ‛e pasterije no der in master yn kaam is
sûnder wiif.‛
‛Ja dat is
ek sa, boer,‛sei Klaas.
‛Foar in
wike of wat kin dat wol, mar op
‛en duer net master,‛ sei Wierd.
‛Nee, dat
is ek sa, boer,‛sei Klaas, en
it swit briek him hast út.
‛Of hat
master soms al hast ien ree?‛
‛Nee boer
ek net.‛
‛No ik soe
myn bêst mar ris dwaan.‛
‛Ja boer,
dat sil ik ek, mar ik moat no
ek noadich wer fuort, it wurdt al wer letter,‛ sei Klaas,
‛dat ik siz jimme allegearre mar goejûn‛ en Klaas der út.
‛Kin
master it wol sjen?‛sei Wierd,
‛Marij, bring do him mar even oan ‛e posterije ta!‛
Klaas en
Marije hienen it nei it
lêste
petear yn ‛e hûs beide waarm krige, en wat wie se bliid
dat se Klaas nei hûs bringe moast, want no wie de skipfeart net
mear
tuskenbeiden.
Doe‛t se
der út wienen sei Wierd
tsjin
Wytske: ‛Ik tochte, ik sil dy nije master mar ris goed
fiele litte dat er no ek mar gau sjen moat om in wiif, want Sjoeke
kriget op 'en doer har nocht
der fan om master altyd iten en drinken te bringen.‛ Wierd wie tige
op‛tskik dat er it dy nije
master sa moai sein hie.
Marije
kaam wer thús en gie fuort
nei it
tsjustere gonkje om har út te klaaien en gau op bêd,
want Marij woe jûn leafst net folle mear mei heit en mem prate.
Wytske sei
noch al: ‛Dat duorre noch al
wat, wie it sa tsjuster?‛
‛Ja,
master wie samar ferdwaald as ik him
net thús brocht hie.‛ ‛Nacht mem,‛ sei Marij.
Klaas koe
dy jûn mar net yn ‛e
sliep
komme, hy tocht der oer nei wat boer Wierd mei him
bepraat hie.
Marij koe
likemin yn ‛e sliep komme, sy
wie bliid dat se even allinne mei Klaas west hie, mar
se wie ek bang dat Klaas it yn fertrouwen oan Sjoeke fertelle soe, en
Sjoeke wer oan dumny
en dûmny wer oan har heit, en dan wie‛t net sa wakker.
No,
freonen ik skei der mei út,
oars
seinen jimme: ‛Hy hat ús in frijers ferhaaltsje ferteld!‛ En
dat wol‛k net fan jimme hearre.
No sil‛k
jim dit allinne noch al even
sizze, dat se mekoar noch al krige hawwe, mar Sjoeke
krige de measte skuld der fan, want dat fernamen Wierd en Wytske wol,
dat dy der alles fan
ôf wist, en dy moast sa wiis west ha dat se tsjin Klaas sein hie:
‛Jonge, doe meist hjir yn
Suwâld net oan in boeredochter komme. Mar dûmny naam it
foar syn frou
op en hat de
gemoederen wer wat ta bedaren brocht.
En dy‛t de
22e april 1731 hjir
yn de tsjerke wienen hawwe heart dat dûmny Durandus
Duursma de moarns ôfkundige:
De eerste huwelijks afkondiging van
Klaas
Bouwes en
Marijke Wierds, beiden van Suawoude.
En de folgjende snein yn Tytsjerk
en de tredde wer
yn Suwâld, dat wie de 6e maaie en dy sneintemiddei
is
harren houlik hjir tsjerklik ynsegene.
En dat
houlik bleau ek net sûnder
bern,
tusken 3 juni 1732 en 2 maart 1751 krigen se 4
soannen en 5 dochters. De tredde dochter waard earst nei de mem fan
Marijke neamd en de
twadde soan wie in Wierd, dêrút kin men wol opmeitsje dat
yn de earste
jierren de ferhâlding
noch net sa goed wie. No wit ik net folle fan dy neiteam, mar wol wat
en dan binne dêr fan‛e
jûn ek noch wol guon fan yn ús fermidden.
Taljochting:
It ferhaal
liket wat fantasearre, de
nammen binne histoarysk, mar de feiten lykje net alhiel te
klopjen. Yn 1738 en 1748 wie Wierd Bouwes hierder fan de pleats fan
140 pm, noard
fan de pastorij, eigendom fan de bijsitter Foeke Hayes fan Burgum, mar
wêr‛t it hûs stie wit ik
net, dûmny Datema tocht fan achter de âlde kristlike
skoalle. Mar
Albertom hat faaks tocht
dat it tjinoer D. van der Meulen stie, en dat de skipfeart dêr
doe noch
tusken de pleats en de
pastorije rûn. Op‛e kaart fan Schotanus/Halma, fan 1700 stiet
dêr wol
in hûs, mar hâldt de
feart achter de pastorij op. It soe oars wol begryplik wêze dat
se by
it ferfarren fan de tsjerke
in 100 jier earder in feart groeven hienen oan it tsjerkhôf ta,
sadat
se it materiaal fuort teplak
losse koenen, as immen fan de lêzers dêr mear fan wit wol
ik it wol
graach hearre.
Mear oer
master Klaas Bouwes dy‛t 69 jier
skoalmaster yn Suwâld west hat, fan 1722 oant
1791, fine jo yn P. Datema ‛Suawoude‛ siden 166,167.
Marijke
wie de dochter fan Wierd Bouwes
en Wytske Harrits berne op 22 nov. doopt op 3
des. 1710 yn Suwâld as Marike neffens it doopregister. Sy
hie dus
altyd yn Suwâld wenne. Klaas Bouwes moat ek yn Suwâld berne
wêze
om 1705 hinne, mar ik koe him yn it doopboek
net fine!
DE FEESYKTE YN
SUWÂLD YN DE 18e IEU
Dit is in wat minder romantysk ferhaal, mar it hâldt wol
ferbân mei it oare.
Wat my opfoel by it neisykjen wer‛t Wierd Bouwes wenne hie, foel my op
dat de man yn 1749 mar 2 kij hâlde op in pleats fan 140
pûnsmiet. Dat wie fansels mar sa‛n bytsje dat der moast wol wat
oan‛e hân wêze.
Ik wie it yn Albertom syn oantekens ek alris tsjinkaam, dy hie him der
blykber ek al oer fernuvere, mar hy joech gjin ferklearring. En jo
kinne it ek fine by Datema, bylage E, side213.
Nei‛t yn 1648 de tachtichjierrige oarloch ophâlden wie, liken der
gouden tiiden te kommen, men neamt dat no noch ‛de Gouden Ieu‛ mar sa
bleau it net en it duorre ek lang net in ieu. Yn 1672 barste der in
oarloch los mei Ingelân, Frankryk en de bisdommen Munster en
Keulen, dy‛t de Republyk hast ta in bankroet brocht en de lannen op
hege lêsten kaam te stean. Yn it begjin fan de 18e ieu gie
it stadich wer wat better, mar yn‛e winter fan 1713-14 kaam de
feesykte, dy‛t men letter feepest neamde en dy‛t al in skoft yn Europa
omware, ek yn Fryslân.
It wie net sa dat de sykte tasloech en dan wêr ophâlde, mar
it ware mar om yn it lân, dan hjirris dan derris guon gie it
foarby oaren waarden as hja wer nij fee oankocht hienen fuort wer
troffen en guon wol trije kear.
Dan like de sykte alhiel fuort te wêzen, waarden der
tankstûnen hâlden en feesten fierd, en dan nei in jier twa-
trije kaam it dochs wer.
Der wienen trije weagen dat it der slim oanwei gie. Fan 1713-1719, fan
1744-1767 en fan 1768-1786.
Yn 1748 wie it folk troch earmoed en ellinde yn opstân kaam tsjin
de hege lêsten en de misstanden yn it reginte bestjoer. Ien fan
de maatregels dy‛t ferbettering bringe moasten wie it ôfskaffen
fan it útbesteegjen fan de belêstingen oan in soarte fan
‛tolgearders‛ de ‛cherchers‛ en dat op te dragen oan de doarpsrjochters
en in ûntfanger. Amtners dus dy‛t it neist harren oare wurk
dienen.
En de oantekens dêrfan, de jierlikse ‛Specie Cohieren‛ jouwe in
dúdlik ynsjoch hoe it der yn de grietenij mei de feebesetting
foarstie.
It gie oer fiif soarte lêsten;
Skoarstienjild, trije en in heale gûne de
skoarstien.
Haadjild, trije gûne foar elke folwoeksene.
Minder begoedigen, arbeiders en ruinearde boeren joegen de helte en
wienen dus ‛heale haden‛.
Kij wienen belêste mei 14 stoeren, rierren mei
7 stoeren.
It besiedde boulân, (it braaklizzende wie dus
frij) die 3,5 stoer it pûnsmiet.
In hynder die ek 14 stoeren.
Hoe slim it yn Suwâld yn 1714 - 1717 west hie wit ik net, mar
doe‛t yn jannewaris 1749 foar it earst de belêsting gegevens
opnaam waarden, stie it der yn de hiele grietenij net sa bêst
foar en yn Suwâld ek net.
In grafykje lit dat better sjen as in protte sifers.
Yn
jannewaris 1749 wie it feebeslach, kij en rierren byinoar opteld,
mear as de helte minder as gewoan, it gewoane beslach rekkene op tusken
de 250 en 300 bisten sille der yn 1748 dus in 150 bisten deagien
wêze. De deade bisten moasten mei kalk bedutsen bedobbe
wurde, hja mochten net slachte wurde, guon dienen it wol en der like
harren neat fan te oerkommen.
De boeren besochten it mei bou om dochs wat oanslach en ynkommen te
hawwen en faaks ha se dêrneist skiep hâlden, dy wienen net
fetber foar de sykte, mar dy wienen ek net belêste dus dêr
bin gjin sifers fan. As it oantal kij wêr tanimt sjocht men dus
de bou wer krimpen, al giet it net lykop, want foar bou wie dong nedich
en sûnder fee hie men dêr fierstentemin fan.
Yn 1763 wie
de stân wer hast gewoan, mar yn de winter 1769 - 70
sloech de sykte wer ta en stoar wer hast de helte fan it fee, it duorre
tsien jier foar‛t it wer op it gewoane tal wie en doe kaam it yn 1780
nochris, al gie it doe gelokkich net sa mâl as yn ‛48 en yn ‛70
en de boeren hienen leard dat boulân ek winst jaan koe mei minder
risiko‛s as fee en bouden nije fruchten lykas jirpels en sûkerij
neist rogge en boekweit. En der waard ek nochal wat klynlân
fergroeven om turf te meitsjen. 
De grafyk hjir neist lit it tanimmen
fan de konsumpsje fan jirpels sjen
sa as dat yn de 18e* ieu yn Flaanderen gie.
dêr sloech de feesykte ek slim
ta.
Ut: Boter en kaas in de Kasselrij Veurne (16de-begin
19de
eeuw) (Laurent Hoornaert) Hoofdstuk 7: Handel en verbruik van zuivel
It sprekt fansels dat soks op de wolfeart en it wolwêzen fan de
minsken in grutte ynfloed hie. Guon grutte boeren hienen gjin 600
gûne mear - doe blykber de earmoede grins - en telden as
healehaden ûnder oaren ek Mr Klaas Bouwes en syn broer Johannes
yn ‛48,
en ek in grut boer as syn skoanheit Wierd Bouwes yn 1758 en sels
dûmny Veenstra yn 1766.
Guon fersegelen in keamer en lieten de skoarstien tichtmitselje om
belêsting út te sparjen. Mei mar 1 ko wienen hja gjin
grutfaam mear nedich, en twa feinten waard ek in lúkse. Der moat
grutte earmoed west ha, en dochs wienen der yn it djipst fan de krisis
mar 2 ‛gealimenteerden‛ yn in diaconij keamer.
Mar doe‛t yn 1795 it revolusjonêre bestjoer oan‛e macht kaam en
de lêsten wat ferlichte waarden, wienen der yn Suwâld 12
húshâldings dy‛t alhiel of foar in part frijsteld
waarden,(de knik yn‛e brune line yn 1793 komt troch dat de
"bataafske"bestjoerders in part fan de ‛heale haden‛ frijstelde fan de
lêsten). Mar de revolúsje brocht ek fuort noch gjin
wolfeart en
de sykte ware noch altyd om. Yn de gritenij wie it dan ek neat better
as yn Suwâld
It ferrin fan
de kohier oanjeften yn
Tytsjerksteradiel
fan 1748 - 1796.
Yn
binnen en bûtenlân waard socht om middels om de sykte te
foarkommen, te bestriden en de slachtoffers te helpen.
Ferfier, en foaral ynfier fan fee waard strang ferbean. Bedriuwen dy't
besmet wienen moasten in swart krús op'e hikke sette. Hja
mochten sutelders en omswalkjend folk gjin ûnderdak jaan, en as
dat by ûngelok al bard wie, moast it strie dêr't hja yn
slept hienen ferbaarnd wurde.
Gelearden P. Camper yn Frjentsjer en W. Munnik yn Grins sochten om
brûkbere medisinen, en omdat bisten dy't de sykte hân
hienen it net wêr krigen, wienen der guon dy't proeven dienen mei
ynintsjen. Yn Fryslân weage dûmny Eelke Alta syn eigen kij
oan sa'n proef, mar hja stoaren allegear! Slim, mar Alta hie wat
leard, de bisten wienen al besmet foar't hy se yninte, hy wie te let.
Geart Reinders fan Bedum hie mear sukses. Hy ferspile twaris syn
beslach, mar ûntdiek dat it jongfee as it op'e tiid yninte wie de
sykte wol krige, mar maklik oerlibbe. De gelearden lokwinsken him, en
yn Hollân levere it him in gouden en in sulveren medalje op en 65
gouden dukaten om fierder te gean mei syn proeven.
Ek al doarste noch lang elk en ien syn fee net yn te intsjen,
yn Grinslân en Fryslân skilde it yn tsjien jier wol
mear as twa miljoen gûne troch dat der minder fee stoar!
En it Bataafske bestjoer stelde in fûns yn, om bedriuwen dy't
romme
wurde moasten, te mjitte te kommen.
IT
GEFAL JACOB HARMENS
Wy bliuwe
noch efkes yn de 18e ieu, en de gefolgen fan de feesykte.
Ut‛e handelingen fan de tsjerkerie hie Albertom, oantekens makke oer it
gefal fan Jacob Harmens in mooglik slachtoffer fan de feesykte.
Handelingen van de kerkeraad 24 apr. 1763.
J. Harmens op de V.G. wordt onderhouden over het verlaten van vrou en
kind, met medenemen van zijn kleederen, haar laten zitten zonder gelt
eten en schip.
Zonder kleeren kon hij niet reizen hij hat een overtollig hemd
megenomen hij had het met de booze kop gedaan vertrokken hij was ook
weder gekomen, vragende op een zeer onbeschofte wijze, of zijn daad wel
erger was als die van zuke menschen ja zelfs predikanten die haar
vrouwen schopten sloegen en bij het haar trokken, tonende zoo in plaats
van boetvaardig zeer kwaadaardig en verlaten te zijn.
Art. 3: Ten slotte is hij gevraag of hij niet op de zelfde tijd met
zijn gewezen meid vertrokken was naar Amsterdam, zoo heeft hij dat stuk
niet bekend maar gezegd hij had ze na Leeuwarden gebragt wijders
gevraagd of hij niet in een veepraam met haar naar Amsterdam gevaren
was? Antwoorde hij zoo zulks geschied was hij haar dat niet konde
beletten, wijders dat hij niet Paapsch was en voor de kerkeraad niet
dagte te bigten.
Art. 4 Sensure van Jacob Harmens (op de kant)
De kerkeraad hem doende buiten staan en de zaak overwegende heeft
besloten J.H. voor gesensureerd te houden door hem te weeren van de
tafel des Heeren ter tijd dan dat hij berou bewijze en betone met
woorden en daden is aan hem bekend gemaakt.
Andries oudl. S.R. Veenstra pr. Wouter Wijbes oudl. Eelke Dirks diaken.
Den 27 Maij 1764, Dom. S.R.V. komende van de predik stoel heeft de
kerkeraad die volledig teegenwoordig was of in den zaak van Jacob
Harmens nu iets naders moeste gedaan worden dan boven gemelde sensuur
als zijnde het nu een bekende zaak dat hij zijn egte vrou en twee
kinders verlaten en na alle oogenschijn met zijn gewezen meid was
doorgegaan, de zaak voor de kerkeraad te zwaar zijnde heeft Ds.
Veenstra gelascht om zulks de Classis Leeuwarden voor te dragen en haar
om een advies te vragen. Het advies der Classis was met afsnijding te
wachten tot eerst de polieti er zich mee bemoeit.
Handelingen van de Eerwaarde Kerkeraad van Suawoude en Tietjerk
gehouden in de kerk van Suawoude den 8 nov. 1767. Nadat de
vergadering door de gebeden was ingezegent, raporteerde Ds Veenstra dat
Jacobus Harmens gesensureerd lidmaat in de huisbezoeking voor hem en de
ouderling Leijkele Ritskes beleden had dat hij rechtvaardig
gesensureerd was, dat zijn bedreven zonden hem hartelijk leed waren en
dat hij die menigmaal met tranen voor God beleden had en verzoening
over dezelfde zogt in het bloed van Christus zijn de begeerig van zijn
sensuur ontslagen te worden en weder tot het gebruik van het avondmaal
toegelaten te worden. Op zondag van af de predikstoel den gemeente
bekent te maaken en hem weer toegang te verlenen.
Dizze Jakob Harmens wie in soan fan Harmen Jans dy‛t wenne op Tytsjerk
nr. 12 neffens de specie cohieren.Fl. nr.30a, tsjin de Lune en de
Haringsleat oan.
Jakob begûn sels yn 1753 te buorkjen op nr. 23, Fl.nrs 29&30;
meiinoar 69 pûnsmiet pastorijelân, dat lei tusken de
Haringsleat en de Feart en hast tsjin de âlde Lune
oan.
Oer de
Haringsleat, binnen de swarte line de
pastorijepleats fan Tytsjerk.
Hy wie krekt
út tsjinst kaam,18 jier âld en troud. Hy begûn mei 4
bisten, 2 jier letter hie er 11, mar it jier dêrop mar 5 mear. Yn
1757 4 en in hynder. It gie Jacob net sa wakker, blykber stoaren der
hieltyd wer kij, want hy kaam net fierder as 2 of 3 kij en 1 of 2
rierren, in hynder en in stikje bou. Yn 1761 krigen se in lytse poppe,
Rinske, en yn novimber liet er him dope en die er belidenis om ek it
lyts famke dope te litten.
Fan syn âlden en syn frou kin ik net fine dat se lid fan in
tsjerke wienen, ek net wannear en wer‛t se troud binne. Mooglik wienen
se roomsk of menist.
Yn 1762 stjoar syn heit Harmen Jans, en blykber hie dy wat neilitten
want doe hienen se in faam, 4 kij, 4 rierren, 1 pm bou en in hynder.
Mar yn 1763 wie de faam al wer fuort en de bou en it hynder ek. En yn
1764 wienen se sels ek "Vertrokken zonder te weten werwaarts"
Blykber hat er it as skipper besocht. Want yn‛e handelingen fan‛e
tsjerkeried fan april 1763 giet it oer Jakob Harmens op de V.G. en
wurdt him ferwiten dat hy syn frou en bern achterlitten hat
sûnder jild , iten en skip, en dat hy mei syn faam op in feepream
nei Amsterdam gien wie, dat hy dat net tajaan wol is te begripen,
útfier fan fee wie yn dy tiid strang ferbearn en yn Hollân
de ynfier ek. It wie dus sa goed as ûnmooglik, en as it barde wie
it slûkjen en tige riskant.
Wie hy der wier yn 1763 mei de faam fan troch gien? Foar de tsjerkeried
ûntkende hy dat en yn April wie er al wer wêrom. En 2
oktober ‛63 lit hy syn twadde dochter Tryntsje dope, syn frou en alden
wienen gjin lid, dus dat moat hy sels wol dien hawwe en yn it doopboek
is neat bysûnders oantekene.
De classis ferwiisde nei de plysje. Mar ek dat hat blykber neat
oplevere.
It liket ek wol dat dûmny der folle swierder oan tilde as de
tsjerkerie en de classis; fielde er him misledige, wie hy sa wreed oer
syn frou?
Earst yn novimber ‛67 doet se wer yn in hûs yn Tytsjerk wennen
waard it skeel mei de tsjerkerie bylein en de sensuer opheven.
Yn 1768 wennen se by Oene Sybes yn op nr. 33 yn 1769 op nr. 36 mei 1
ko, yn 1770 op nr 47. Yn 1777 op nr 26 in ôfbaarnd hûs dat
krekt wêr opboud wie, yn ‛78 op nr 59, in nij hûs boud op
in kâld stee (dus net op in besteand hiem) sa‛n hûs wie
tsien jier frij fan skoarstienjild, en dêr rêsten ek gjin
florenen op, dus dat fynt men yn de cohieren net wer, dêr wennen
se oan‛t 1804, doe ferhuzen ze nei nr. 55. Yn 1818 wenne syn widdo
dêr noch, mar dat wie syn twadde frou. Wat hy nei 1763 by de ein
hie stiet net yn de cohieren, faaks is er skipper bleaun, mar hy sil
wol gewoan arbeider west ha, it faak ferhúzjen wiist dêr
op. Oan fee weage hy him blykber net wer, mear as 1 ko foar de molke en
soms in rier der by hat hy letter nea.
Yn 1811 by it oannimmen fan famyljenammen naam hy de namme Hoekstra oan.
Syn dochter Rinske 50 jier âld wenne doe yn Ingelum, en Tryntsje,
48 jier âld wenne yn Lekkum. Under de oanjefte stiet: Is door de
president en de secretaris onderteekend vermits de comparant verklaarde
niet te kunnen schrijven.
Hy stoar 17 0kt. 1815 yn Ryptsjerk, 83 jier ald. Syn twadde frou wie in
Tryntsje Bouwes, in dochter fan Bouwe Wierds, en dan sitte we wer yn de
famylje fan Klaas en Marijke dêr‛t we mei begûn binne, de
wrâld is mar lyts.
DE ADMINISTRAASJE
FAN IT SET MEI BARTEN OP'E RUCHFINNE
Nei dat der
al earder klage wie oer de tastân fan it paad fan de Lytse Geast
nei Suwâld, kamen der echte problemen nei
dat yn‛e hjerst fan 1859 it Nijdjip útslatten wie, en
dêrby wie it barteset en de draai dêrby opromme en de widdo
Bergsma, dêr‛t reed en paad oer it lân rûn, wie net
fan plan om it op har kosten wêr op te knappen. In tal ynwenners
fan Suwâld en de Lytsegeast tsjinnen in fersyk yn by it gemeente
bestjoer, dat hie ommers it Nijdjip slatte litten, om in oplossing. Hja
wiisden der dêrby op dat Ietsje Bergsma it lân kocht hie
belêste mei paad en reed en ûnderhâld fan de draai.
It wie ommers noch foardat de nije wei nei Tytsjerk oanlein waard, en
sûnder it fuotpaad moast men hast by Hurdegaryp om, om yn
Tytsjerk te kommen. Dat wie wol in oere om as men fan Lytsegeast nei
Suwâld nei tsjerke moast, of út Suwâld nei
Ljouwert nei de merk.
Of it gemeente bestjoer wat meiholpen hat wit ik net, mar yn 1861 wie
der wer in barteset. Sa‛n barteset bestie út oan beide
wallen in stalt fan ierde fersterke mei hout en dêr tusken in
houten ‛brêge‛, sûnder leuning, dy‛t meastal bestie
út 2 of 3 barten fan sawat in meter breed, op‛e einen sieten
ringen dêr‛t men se oan optille en der ôflûke koe.
Under elke barte lei dan faak in ‛juffer‛dy‛t tusken de stalten paste
en dêr‛t men de barte oer oanlûke en wêrom skowe koe
as der in skip troch moast.
Yn de
oantekens fan Albertom fûn ik de administraasje fan dat barteset
op‛e Rûchfinne, eartiids beoardere men sokke dingen sels.

De minsken dy‛t earne meiinoar gebrûk fan makken, dienen soks
foar eigen rekken,mar omdat it om jild gie moast it wol ferantwurde
wurde.
Blykber wie dêr al in reed ûngefeer dêr‛t no de Simen
Halbeswei rint. De minsken mei lân dat dêr reed lâns
hie wienen de ûnderhâldsplichtigen en moasten neffens de
grutte fan it lân in bedrach it mêd betelje. Der
wienen 14 dielnimmers en it gie om 133 mêd meiinoar.
De grutste
dielnimmers wienen J.A de Boer mei de 33 mêd fan ‛De
Rûchfinne‛ en de tsjerke fan Suwâld mei 25 med. De oaren
hienen lytsere perselen. En de kosten lykje mar lyts, it earste skoft
fan 1861-1869 betellen se 40 sinten it mêd oer 8 jier, dat wie
dus mar in stoer it mêd it jier!
It wurke sa, der wie ien administrearjend kommisjelid, dy‛t oeral mei
rêde moast en as dy ophâlde, waard der in rekkendei
hâlden en neffens de útkomst dêrfan waarden de
kosten oer de dielnimmers omslein. Dan waard er in nij administrearjend
kommisjelid keazen en koe men wer jierren fierder.
Dit wienen sa foar en nei:
Simen Oeges Hoekstra 1861-1869;
Jelmer Alberts de Boer 1869-1886;
Kornelis Wytses van der Wal 1886
- 1890;
Widdo J.A. de Boer. 1890 -
1898.
Op de rekkendei fan 7 april 1881 wie de kontribúsje 80 sinten it
mêd oer 7 jier, ryklik 11ct it jier dat gie wol wat bot! De
foljgende kear wie der jild oer! De lêsten wienen ferdield sa as
hjir ûnder folget:
Van Bartele R Algra
f
3,20 De kadasternûmers sille wol net te
lêzen wêze, mar as ien dy witte wol moat er even op HISGIS
sjen.
,, de School
Hardegarijp ,, 2,40
,, Erven H.G.
Kooistra
,, 0,80
,, Aant Hedzers
Castelein ,, 8,80
,, Trijntje P.
Boonstra
,, 3,20
,, de Kerk te
Suawoude ,, 20,00
,, Wopke. Y.
Bergsma
,, 4,00
,, J. P Bosma
,, 7,20
,, diakonie
Tietjerk
,, 1,60
,, Ritske O. Vries
,, 6,40
,, Dr N.R.
Brouwer
,, 8,00
,, W.A. Looxma Ypey
,, 8,00
,, Andries Snoek
,, 6,40
,, Jelmer A. De Boer N.
E ,, 26,40
Yn de
kommisje kaam Jan Petrus Bosma yn it plak fan Riemersma en de
ôfrekkening wie by herbergier Jan B. van der Meulen op‛e Suderein.
Op 23 sept. 1886 wie der wer in rekkendei, no by herbergier Tjeerd
Klases Hoekstra it saldo is noch grut genôch dus gjin
kontribúsje! Jelmer Alberts de Boer wie ferstoarn, dêrom
moast der ôfrekkene wurde. Kornelis Wytses van der Wal komt foar
him yn it plak. It stik is tekene troch J.P. Bosma, W.Y Bergsma, J.D.
van der Meulen, K.W. van der Wal, W.S. Hoekstra en A. Antonides de
skoalmaster dy‛t de skriuwer wie.
Op 26 sept. 1890 wie de kontribúsje 1 gûne, want de
moasten nije barten komme en in nij set. Mar op‛e folgjende rekkendei 1
sept. 1898 is de widdo fan J. A.de Boer de administrerend gecommiteerde
en de kontribusje is 25 sinten oer acht jier. En it is de earste kear
dat der in post fan ƒ1,00 foar de fertarring opfierd wurdt, en dat A.A.
Veeninga op de rekken foarkomt. De rekkendei wurdt hâlden by T.K.
Hoekstra, en as folgjende administrearjend kommisjelid wurdt Klaas
Jelmers de Boer keazen. Fierders wurdt dizze lêste rekken
ûndertekene troch : K. J de Boer, O. B. Vries, J. D. v.d.Meulen,
M. M. Miedema, H. K. Deelstra, F. W. v.d. Veen, J.P. Bosma en T.P.
Miedema. Blykber alle oanwêzige dielnimmers. Nei de
ûndertekening folget:
Tevens werd besloten dat er over het Nieuwe Diep een draai zal gelegd
worden waarvan de Wed. De Boer de helft van de kosten zal betalen,
terwijl de andere helft door de verschillende belanghebbenden in
verhouding tot elks oppervlakte zal betaald worden. Dat wie dus it ein
fan de administraasje.
Op de lêste side stiet noch in batich slotsaldo fan ƒ25,53 wylst
der noch ƒ 9,50 oan kontribúsje betelle wurde moat.
Tekene op dyselde 1 sept. 1898 troch in nije skriuwer F.J. Mook.
Oft de draai der kaam is? Op‛e kaart fan de militaire verkenningen 1922
stiet der wol ien oanjûn in bytsje noardlik fan de Skipfeart, mar
op‛e Rûchfinne wie doe al in daam, troch it oanlizzen fan it
wetterskip Tytsjerk yn 1922.
Dat de famylje De Boer sa‛n belang by dat set en de draai hie kaam
omdat Jelmer Alberts de Rûchfinne kocht hie fan de Baron van
Breugel, en dêr in pleats op sette litten, al wenne hy yn 1871
noch yn Sumar.
DE
RUCHFINNE PLEATS
Dêr
wie ik de oare kears goed mis! Ik tocht dat Jelmer de Boer al gau
neidat hy de Rûchfinne kocht hie dêr fuort in pleats op
sette litten hie. Mar dat blykt net sa te wêzen. Yn 1882 doe‛t
syn jongste soan berne waard wennen se noch yn Sumar op it hoekje fan
de Achterwei en de Buorren en dêr is Jelmer ek stoarn.
Nei 1890
kaam Roelofke mei 6 bern yn Suwâld te wenjen, op nr 1.
Foar har wennen dêr Hendrik Pieters Riemersma en Baukje
Daniëls van der Meulen, dy‛t yn 1872 troud binne. 
Ik tink dat dat de pleats is dêr‛t Jelmer Hoekstra no wennet,
Noarderein 9, fanwege dizze earste stien, dy‛t se by de ferbouwing sa
moai restaurearre hawwe. Op dy pleats wennen letter Roelofke har
dochter
Grietsje en har soan Pieter dy‛t beide net troud wienen.
In boufergunning foar de pleats op‛e Rûchfinne waard yn
febrewaris 1908 oanfrege troch de Wed. J.A. de Boer en de pleats sil yn
dat jier ek wol boud wêze. De boumaster wie A.A. Veeninga, en de
earste bewenners wienen Jan Jelmers de Boer en Tryntsje Daniëls
van der Meulen. (ús mem har âldste suster.)
Ik ha gjin foto fan de pleats sa‛t dy doe wie. Mar wol de boutekening
dy‛t by de oanfraach foar de boufergunning siet.

It hûs is letter ferboud, it hie earst in trochrinnend
bûthús op it suden, mei in doar yn‛e gevel, de yngong fan
de wenning wie op it noarden en it dak fan de achterein wie mei reid
dutsen. Apart is dat de tekening gjin gevels en oansichten jout,
allinne mar in plattegrûn en twa trochsneden.
Jo kinne sjen dat der plak wie foar 22 melke bisten en wat jongfee yn
it dwarsbûthús. Yn 1928 waard der noch in lytshûs by
boud. 
Dat Yttje Douwes Douwma de widdo fan Yke Ritskes Bergsma it set en de
draai net ferfange woe lei dochs wol yn‛e reden. De ferplichting foar
it ûnderhâld dêrfan wie foar Jr. Van Breugel al hiel
fanselssprekkend, hy hie in hiel grutte pleats, 25 ha west fan it
Nijdjip en noch 36 ha east fan it Nijdjip. It set lei doe midden yn syn
pleats en waard dagelijks brûkt. 
Ytsje hie
dat belang alhiel net hja hie alhiel gjin lân oer it Nijdjip en
dus hie hja ek net folle belang by it meitsjen fan in nij set en draai,
sa as de minsken út Suwâld en Lytse Geast hawwe woenen,
dat wie earder in mear algemien belang. Der wienen ek Garypers by de
ûndertekeners en it spile yn de tiid dat men rûnom yn de
provinsje en yn de gemeente mei de wegen dwaande wie, ek mei in wei fan
Swarteweisein nei de Suderein fan Suwâld en Garipers en
Suwâldsters woenen dêr graach in brêge.
De gemeente
hie al earder blike litten dat hja har net drok makken oer it paad nei
Ljouwert.
De
pleats
fan Jonker van Breugel east fan it Nijdjip binnen de swarte line, en dy
fan Frou Bergsma binnen de reade line. De brune streek is de reed nei
it set, en de giele streek de âlde wei fan Suwâld nei
Tytsjerk.
En dus
draaiden de eigeners fan lân oer it Nijdjip op foar de kosten fan
it barteset sa as bliken die út‛e administraasje.
DE THEECLUB "GELIJKHEID
EN FRIJHEID
De Thee Club Gelijheid en Frijheid
De Sondagse Thee comparitie opgericht binnen Franeker in den jare 1785.
Allen dengenen welke dezen zullen zien of deze horen lezen Heil
en Broederschap.
Alzoo Pieter Adama Dr. en Advocaat voor den hove van justitie in het
voormalige gewest Friesland zich van ons heeft geadreseerd verzoekende
om geällegeerde redenen, om als lid der voorschreven:
Theecomparitie honorabel te worden gede-mitteerd. Zoo is het dat wij na
examinatie der redenen door hem P.A. bijgebragt en de gegrondheid van
dezelve penetrerende, tevens in consideratie genomen hebbende dat
voornoemde P.A. zich gedurende zijn lidmaatschap in voorschreven
Comparitie ten allen tijde conform de heilsame bedoelingen van dezelve
heeft ge-comporteerd, na rijpe deliberatien hebben goed gevonden en
verstaan het verzoek van hem P.A. niet alleen gratieuslijk te
accordeeren, maar dat deze teffens zal strekken ten geblijke dat
gemelde comparitie ten uitersten voldaan is over het gedrag van hem
Pieter Adema gedurende zijn lidmaatschap gehouden en also gene
zwarig-heid maakt, denzelven aan alle Theecomparitien welke binnen deze
Republiek en elders mogen exteren, instantelijk te recommanderen en zal
deze ten decharge van gemelden P.A. en om hem te strekken naar behoren,
worden afgegeven.
Aldus gegeven onder ons groot Sigille Sampt Praesi et Secretari
subscriptien ad causas etc. Actum in onze gewone Theecomparitie
gehouden binnen Franeker de 26 December 1798 het vierde jaar der
Bataafsche Vrijheid.
J. Vriemoet Drabbe
V.T.
T. Ord tie van dezelve
S. Wijbenga

Lings beneden, bijwijze van zegel, de afdruk van de keerzijde van een
Nederlandsch drie-gulden stuk. Het gebruiken van een geldstuk geschiede
niet bij gebreke van een eigen stempel. Men had zelfs en bijzonder
aardig kopern cachet in doorsnede 3,4 cm keurig vrij diep uitgesneden
de voorstelling van een theepot, daarboven in een halve boog: ‛Deze
beschermen wij,‛ en er onder het jaar 1785.
Wat was nu
de aard van deze Theecomparitie, die reeds 13 jaren bestond toen voor
het lid Pieter Adama zulk een deftige ontslag brief werd opgemaakt? Het
oprichtings jaar 1785 wijst er immers al aanstonds op, dat wij met een
club Franeker patriotten te doen hebben, die bij een onschuldig kopje
thee gretig de couranten en tijd-schriften lazen die de regeeringsdaden
aan scherpe kritiek onderwierpen en toetsten aan de leer der
volkssouvereiniteit. Het politiek bewustzijn der menigte begon te
ontwaken, het verzet tegen de regenten te groeien. Het broeide en giste
destijds in het Vaderland. Het woord onvrijheid had toen geen hollen
klank in Friesland. In geen Friesche stad vonden de democratische
beginselen meer aanhang dan te Franeker. Daar is in 1786 een
fraterniteit opgericht, die zekere vermaardheid kreeg toen curatoren
der Franeker universiteit er bij de Friesche staten over klaaagden, dat
zelfs hoogleeraren er lid van waren; Prof. Valckenaer, de bekende
patriot, zelf pre-cident.
Toen in Mei 1787, de staten met een Aristocratische meerderheid, de
profesoren in het ongelijk stelden waren een viertal, zoo ontstemd, dat
zij hun ambt neerlegden. Hun voorbeeld werd den 21 Mei nagevolgd door
Franeker studenten, die zich lieten schrappen als Academici en
verklaarden ten hoogste bezwaard te zijn door het verbod om vooraan
eenig lidmaatschap in eenig exterzitiegenootschap of in eenig andere
sositeit, de minste zoo genaamde relatie tot de zweevende geschillen in
het Vaderland te hebben te houden of te continueeren, onder deze
sositeiten was ook de V.Z. der Theecomparitie. De theeclub was dus zeer
zeker een patriotische vereeniging.
P.C.J.A. Boeles, 'De Theecomparitie, opgericht binnen Franeker, 1785',
De Vrije Fries 29 (1929) 83-86.
Yn skrift II, dêr‛t ek it ferhaal fan master Klaas Bouwes yn
stiet, fûn ik dit stikje alhiel oerskreaun út de Vrije
Fries.
Ik frege my ôf wat in Antirevolusjonêr man as Albertom der
ta brocht hawwe koe om dit stikje oer te skriuwen. Ik koe gjin relaasje
fine mei ien fan de dêryn neamde persoanen:
Pieter Adama, wie berne te Fjentsjer yn 1715.
S. Wijbenga is Skelte Andries Wybenga, berne yn Frjentsjer 16 april
1747 en stoarn yn Harns 26 april 1797.
Johannes Vriemoet Drabbe wie berne yn1768 en ynskreaun as studint yn‛e
Rjochten yn1784, yn 1793 wie hy abbekaat by it Hof fan Fryslân.
En koe my ek net foarstelle dat ien fan syn foarfaars ta de patriotten
heard hie, hoewol, der wie by de Suwâldster patriotten in Jan
Petrus dy‛t him letter Bosma neamde en dat wie de oerpake fan syn frou
Wytske. As men teminsten de minsken dy‛t yn 1796 op oanstean fan ds.
F.Hellendoorn Cramer frijwillich de suveringsakte tekenen, ‛patriotten‛
neame mei. It wienen, Sybren Aukes, Klaas Sytses, Sije Willems, Sake
Jans, Albert Jans, Jan Petrus en Jan Wybrens. Sybren Aukes wie wat
âlder, de oaren wienen allegear jonge troude mannen mei lytse
bern, it wie eins in kommisje om in skoalmaster te kiezen, mar faaks
troch dûmny útsocht as foarútstribjende
partijgongers om sa ek in ‛Bataafse‛ skoalmaster te krijen. Sake Jans
wenne op Alde-miede nr 23. Jan Wybrens wie syn buorman op nr 24. Albert
Jans wenne op Alde-miede nr 25 en Sije Willems wenne op Alde-miede nr
26. Klaas Sytses wie arbeider (by syn heit Sytse Klases op nr 28) en
wenne sels op nr 29. ( De nûmers binne fan de Specie-Cohieren)
Jan Petrus wenne yn Suwâld op nr 14, de Bosma pleats, no De
Twadde Hikke en
Sybren Aukes op nr 15 in dûbeld hûs, dêr‛t er de
helte fan ferhierde. Hy hie sels in pear kij en in stikje bou. Hy wenne
dêr al sûnt 1776 earst as frijfeint, letter hie er miskien
in hûshâldster, hy wie yn elk gefal net tsjerklik troud.
Wylst dus hast de hiele Aldemiede fertsjintwurdige wie, wienen der mar
twa út de buorren fan Suwâld. In jier letter tekenen alle
‛gezinshoofden‛ om dêrmei kiesrjocht te krijen. Want op 11 maart
1876 hienen de ‛Provisionele Representanten van het Volk van Friesland‛
besletten dat nimmen in fertsjintwurdigjende funksje útoefenje
mocht as hy de eed fan trou oan de Bataafse Republiek net ôflein
hie. Sa grut wie harren ‛vrijheid‛ no ek wer net!
It gie net sa fan herte, mar foaral op oanstean fan dûmny, dat
der letter ek in frijheidsbeam oprjochte waard en dêr sil ek wol
sprutsen, dûnse, dronken en klonken wêze op de
revolutionêre frijheid, mar dat it net fan herte gie en net sa
‛spontaan‛ blykt wol, omdat it doe al yn‛e simmer fan 1896 wie, wylst
de earste frijheidsbeammen al yn febrewaris 1895 oprjochte waarden,
Suwâld rûn yn‛e revolusje dus net bepaald foarop, mar
blykber wienen se op Aldemiede wat foarútstribjender as yn‛e
buorren, of kaam dat omdat se dêr wat mear op‛e frijsinnige
klaai, Warten, Warstiens en Himpens rjochte wienen?
IT MENU FOAR IN WIKE
YN IT SINT ANTONY GASTHÚS
Troch de
macdonaldisearring is it no wat oars, mar foarhinne wie it miel fan
gewoane minsken eins altyd ôfmakke mei ierpels mei fleis en
griente en sûpengroattenbrij nei.
Guon koenen har net foarstelle dat de minsken net ferhongeren doe‛t der
noch gjin ierpels wienen. Mar ierpels kamen earst yn it midden fan de
achtsjinde ieu yn gebrûk en waarden letter ek betelber foar
gewoane minsken.
En wat ieten se foar dy tiid dan?
No hjir is it menu foar in wike yn in fersoargingshûs fan dy
tiid, it âld Sint Antony gasthús, ierpels binne der noch
net by! Mar se ferhongeren net hear.
It Sint
Antony Gasthús yn Ljouwert, 1780.
Moarns alle dagen: Bier-en-bôle sean mei sjerp, en koarnbole mei
bûter en tsiis.
Moandeitemiddei: Bêste grauwe earten en waarm
pikelfleis en wite beannen mei bûter en jittik en
waarm rikke spek mei bûter en tsiis.
Jûns: Sûpengroattenbrij mei sjerp, in
skûtel hutspot mei ryssop, op smaak brocht mei krûderij
(specerijen),
of mei griente, en bûter en tsiis.
Tiisdeitemiddei: Potmarge mei reade bûter of
mei farsk smoar en sjerp en in skûtel griente
‛aardvruchten‛
rapen, koal en woartels mei farsk spek.
Jûns: Sûpe-en-bôle sean mei anys
en sjerp. ‛Gebraad‛ of gebak sa as boekweiten koeken en lykas oars
bûter en tsiis.
Woansdeitemiddei: Stokfisk, kabeljau of skylfisk mei raande bûter
en kâlde moster.
Sûpe-en-bôle sean mei jittik en sjerp.
Bûter en tsiis.
Jûns: Bierenbôle goed sean mei sjerp, in
goede skûtel hutspot en foar elke persoan in heale grauweiten
bôle. Bûter en tsiis.
Tongersdeitemiddei: Wite of grauwe earten mei reade
bûter, pikelfleis of rikke fleis en spek; bûter en tsiis.
Jûns: Brij fan sûpe en pelde garst goed
(lang) sean. In skûtel hutspot mei in goed sop fan griente, en
lykas altyd bûter en tsiis.
Freedtemiddei: Potmarge mei allinne bûter, of mei farsk smoar en
sjerp.
Mei in skûtel ‛ierdfruchten‛ sa as rapen,
koal, woartels, griene snijbeannen, roomske beannen of
eartepûlen, mei in hutspot fan kofleis, woarst, farsk spek of
bargeribbe en genôch bûter en tsiis.
Jûns: sûpe-en-bôle goed besean mei
anys en sjerp.
En fierders in skûtel bûtengewoan
(extraordinaris) iten en bûter en tsiis.
Sneontemiddei: brij fan molke-en-groat, goed sean,
en pikelfleis of rikke fleis en spek en goed bûter en tsiis.
Jûns: Molke mei weitenbôle goed sean, en waarme bôle
mei bûter en tsiis.
Sneintemiddei: Rizenbrij mei in goed stik
pikelfleis, rikke fleis en spek, safolle‛t men wol, goed bûter en
tsiis. Om‛e oare snein in skûtel weitenbôle weakke yn it
sop fan keallefleis of skjipfleis, en mei goede reade bûter
stoofd. In goede skûtel hutspot mei aaisop, mei krûden en
sitroensop op smaak brocht.
En foar in elk alle sneinen in heale weiten
bôle mei de simmels bakt en genôch bûter en tsiis.
Jûns: Molke mei twiebak goed besean, en in
gebraad fan kofleis, keallefleis of skjipfleis en
in neigesetsje en fansels bûter en tsiis.
Rommert Doedes Joenkema (1516-1585) neamde de roomske beannen, ‛turkse
earten‛ en dêr komt ús wurd tusearten fan.
Koarnbôle is bôle fan garst, gerstebrood, garst wurdt yn it
frysk meastal koarn neamd, mar koarn kin ek brûkt wurde as
sammelwurd foar alle oare ‛granen.‛
De húl om de kerrel fan garst is tige hurd, dy wurdt der
dêrom ôfslipe en dan is it groat.
Bierenbôle waard as ien wurd útsprutsen ek yn it
hollânsk ‛bierenbrood‛ it wurdboek neamd it ‛biersoep‛. Sa hie
men ek molkengroat, seane groat mei kâlde skjipmolke.
Molke mei bôle neamde men ek ‛weakebôle‛ en molke mei
twiebak ‛molkenbak‛
Potmarge wie in pot fan stiifseane groat mei krinten of rezinen en
bûter of
smoar.
Ek fan in proveniershûs yn Weesp is in wike menu
bekend:
Sint Antony Gasthús
Zondag: warme ketel
(koek) en ’s avonds vers vlees
Maandag:grauwe erwten,Turkse bonen,koud vlees,’s avonds zoete melk en
rijstebrij.
Woensdag: vers vlees of taling (eend) en ’s avonds bierenbrood.
Donderdag: kort warmoes (groenteschotel) en ’s avonds sla en eieren.
Vrijdag: stokvis of andere vis en ’s avonds wittebroodpap
Zaterdag: rapen of groene erwten en ’s avond brij.(út
Weespernieuws 21-5-2006.)
Aardvruchten
neamde men doe de fruchten dy‛t net oan beammen, mar op of yn‛e
grûn woeksen, koal, rapen, woartels en biten (koarn, earten en
beannen net).
Resepten foar hast al dizze âlde gerjochten kin men fine yn de
Fryske Petiele fan Simke Kloosterman, bewurke troch Wieke de Haan
(1986) en fansels ek op Wieke har side op it ynternet. Ik soe sizze
besykje
it marris.
It Sint Antony Gasthús wie in hiel
kompleks, dêr moast
foar hiel wat minsken iten sean wurd, en dat wie doe noch net op in
gaspitsje of fornús, mar yn potten en goatlings oan‛e heak boppe
in iepen fjoer; foaral yn‛e simmer min en gleon wurk.
Of yn‛e oven, want se sille sels wol bôle en brea bakt hawwe, en
as de oven ienris hyt wie koe der ek wol wat oars yn bakt of waarm
makke wurde.
Dit plaatsje fan de keuken is hast 200 jier letter makke, mar it wie
faaks wol deselde romte. It hie net mear in iepen fjoer, mar in grut
fornús en in stookpot. Hjoed sjogge jo yn gewoane huzen
faak noch grutter keuken as dizze.
Ek de keamers sille yn ferhâlding lyts west hawwe. Dochs wienen
der hiel wat, foaral âlde minsken sûnder bern, dy‛t in plak
as ‛provenier‛ yn it gasthús sochten, dêrby naam it
gasthús de soarchtaak fan de bern oer, mar ek it erfrjocht. Hja
moasten dan al har habben en hâlden oan it gasthús
neilitte. Sa dwaande hie it gasthús hiel wat lân en
pleatsen yn hiel Fryslân.
DE ADMINISTRAASJE FAN DE
SKIPFEART POLDER EN MUNE
Op‛e kaart fan de militaire
verkenningen út de twintigerjierren fan de foarige ieu steane
twa mûnen oanjûn oan de skipfeart, út myn jeugd
heucht my noch dat dêr, it baaiersplak en eintsje foarby, in wat
wider plak wie dat wy it mûnegat neamden, mar de mûnen dy‛t
dêr stien hienen ha ik ek nea sjoen. Hat ien fan jimme ea foto‛s
sjoen fan Suwâld, dêr‛t wat fan dizze mûnen oan de
skipfeart op te sjen is? Ik nim oan dat it gjin grutte mûnen
wienen mar spinnekoppen lykas dizzen, dy‛t yn in soartgelikense
sitewaasje stienen, elk oan in kant fan de feart dêr‛t se op
útmealden. 
Op Hisgis sjogge jo twa mûnen
op dat plak oan de Skipfeart, oan‛e noardkant dy fan Ytsje Douwes
Douma. Oan‛e súdkant dy fan Reinder Wybrens Gerritsma. Fan dizze
lêste mûne,dy‛t de Skipfeartpolder bemealde wie
Albertom ferskate jierren de boekhâlder, en dy administraasje fan
1903 oan‛t it oergean nei it wetterskip de Suderkrite en it
ôfbrekken fan de mûne, is bewarre bleaun.
Blykber wie de mûne earst fan
Daniël Bouwes van der Meulen west, dy‛t wenne yn wat no
Tsjerkebuorren 57 is, dat wie doe noch gjin pleats, de skuorre is der
letter achter boud. It
hiet no in ‛masale‛ mûne, d.w.s. yn mienskiplik gebrûk en
dus moast der in administraasje fan wêze. Dit skrift is it
lêste, it begjint mei in batich saldo fan de foarige rekken, dat
der wie al earder in administraasje west.
De ‛administreerend gecommiteerde‛
wie yn 1903 S. Andringa, dy‛t wenne op de pleats fan de erven fan
Rinderd Daniëls v.d. Meulen, no Tsjerkebuorren 59.
Der waard ienkear yn it jier yn maaie
in rekkendei hâlden, earst by Oege Antonides, letter by Easger
Roels Westerhof yn ‛Vaartzicht en Overzet‛ op‛e Suderein en allinne de
lêste kear, 21 desimber 1925 yn it Chr. Volksgebouw (voormalige
Chr. School). Dat dat sa let yn it jier wie kaam omdat doe de pot
ferdield wurde moast en dus moasten earst alle skulden ôfdien en
alle ynkomsten ynbard
wêze.
Spinnekoppen by
Barrahûs

De boekhâlders wienen: S.
Andringa 1904. W. Andringa 1905 oan‛t 1907. Daniël Rinderts van
der Meulen fan 1908 oant 1912. Dernei oant 1925 A.A. Veeninga.
De mûne moast fansels ek meald
wurde, yn it begjin wienen S. en W. Andringa de mûnders foar ƒ45
it jier yn 1903-4 en ƒ50 yn 1904-7, dernei wie Jan Scholte mûnder
achterienfolgens foar ƒ 69, ƒ 64,ƒ 70, ƒ 75, ƒ84, ƒ100,ƒ 97,50 it jier
en dan J.D. van der Meulen, (ik wit net of‛t dat Jan Durks of Jan
Daniëls is) foar ƒ125, mar dat gong te bot fansels, dan moatte der
ynskriuwbryfkes ynlevere wurde en giet de mûne foar ƒ100 en
letter foar ƒ70, en ƒ49 nei Petrus Harms Bosma, mar dat is it
lêste jiers, as it lân ten oasten fan de wei net mear
meidocht en it jier ek net mear alhiel folmakke wurdt. De hege kosten
fan 1915 oan‛t 1921 komme troch de djoere tiid yn de earst
wrâldoarloch en fuort dêrnei.
Meallen mei in spinnekop wie gjin
swier mar wol min wurk, foaral as it ûnlijich en buiich waar wie.
In
spinnekop hie net folle binneromte, en men koe in draaiende mûne
by wat bluisterich waar ek net allinne litte, dus dat waard
klûmerjen by nacht en ûntiid yn‛e smoute fan‛e mûne
want, sa as jo op dizze iepenwurke tekening sjen kinne, men koe yn sa‛n
mûne net iens goed rjochtop stean. As it reinde koe men faaks yn
in hoekje fan‛e sigerige mûne, by in stoarmlantearne wat sitte te
nifeljen, dan bleau men alteast droech, mar it wienen foar komelkers as
Jan Scholte en Petrus Bosma tige wolkomme, mar ek soer fertsjinne
sinten.
Lykas by de administraasje fan de
barten, waarden earst de ûnkosten berekkene en dan wat elk,
neffens de grutte fan syn lân yn ares bydrage moast yn de kosten,
sadwaande wie der nea te min en altyd mar in hiel lyts batich saldo.
Meastal waard der rekkene yn breuken, dus net ƒ0,0225 mar 2¼
sint en by it ferdielen fan de pot yn 1925 mei 11 7/8 sint de are. En
omdat se earst útrekkenen wat elk ha moast en se dus wat
ôfrûnings fouten makken kloppe it net alhiel. Der bleaunen
noch 79 sinten oer, en dy skonken se oan de boekhâlder!
De totale kosten yn dy 22 jier wienen
ƒ2295 dat is 82½ sint de are, of ƒ3,75 de ha trochinoar yn it
jier. Dat is minder as 1% fan wat in hûshâlding
sûnder hûs of lân no oan it Wetterskip Fryslân
betellet!
De polder besloech yn it begjin 2562
are, en groeide oant 2782 are, it is it gebied dat al as polder
oanjûn is op de kaart fan 1847. De lêste stikken nei it
Nijdjip ta wurde as bûtlân rekkene en dogge net mei.
Neffens it kadaster wie it oerflak fan dizze polder 2993 are dus wie
der goed 200 are fan dit gebiet dat net mei die. De tsjerken
ûntbrekke op de list en de wei kinne we der ek
ôflûke, Ik tink dat it dan aardich kloppet.

De skipfeartpolder
op in kaart fan
1847.
As foarbyld twa ferantwurdingen op rekkendagen, de earste oer 1903-1904
en de lêste de ôfrekken by de opheffing.
Ferantwurding op ôfrekkendei:
Yn 1903-1904 By O. Antonides;
kosten mûnder en ûnderhâld ƒ63,19 
S. Andringa kommiteerde en
mûnder
Eigenaars:fêste bijdragen:
Oer fan de foarige
rekken
f. 8,50
W.S.Hoekstra
f. 1,50
W.J.Mulder
f. 4,50
Dr. R
Reeling-Brouwer.
f. 5,00
G.H. Kooi
f.
2,50
erven R.D. van der
Meulen
f.
7,25
K.G.Bosma
f. 1,00
Kontribusje betellers: f. O,014 de
are, dus 14 sinten de 10 are.
S.Andringa
foar 986
are f. 13,86
B.D. van der Meulen
504
f.
7,08
D.R. van der M en A.A.
V 434
f. 6,105
G.H. Kooi.
260 f.
3,655
J. Scholte
90
f. 1,265
J. D. van der
Meulen 216
f. 3,035
K.J. Bokma.
55 f.
0,775
A.A. Veeninga.
17
f. 0,24
2562 are f. 66,265
1924 - 1925 dit is de
ôfrekken
fan de polder, yn in foarôf wurdt útlein dat de polder
opgien is yn it wetterskip Suawoude zuid. En dat it wetterskip de
mûne oernaam hat foar de skatte gebrûkswaarde fan f. 400 en
him dêrnei ferkocht hat foar de sloop. De mûne hat stien
oan de skipfeart tusken de ien med en de twa med. De lêste
jierren wienen der gjin gekommiteerden mear beneamd sadat men oannaam
dat Daniël Rinderts van der Meulen en Wytse Jans Mulder noch yn
funksje wienen, mar no wienen dy beide al ferstoarn en dêrom hie
Veeninga oerlein mei Eabele Talstra dy‛t op de pleats fan Mulder wenne,
om mei de
ôfrekken te wachtsjen oan‛t it Wetterskip
de mûne
betelle hie sadat men yn ien kear de saken ôfdwaan koe.
De ynkomsten wienen
f. 406,67
de útjeften
f. 75,56
te ferdielen
f.331,11
Wed. Daniël Rinderts van
der Meulen foar 986
are f.117,08
Albert Arjens Veeninga.
481
are
f. 57,11
Erven Wytse Jans
Mulder
347
are
f. 41,20
Pieter Gerks
Kooi.
315
are f. 37,40
Erven Andries Joukes
Bosma
253 are f. 30,04
Wed. Dirk Jans van der
Meulen
200
are f. 23,75
Hendrik Klazes van der
Veen
80 are f.
9,50
Diaconie gebruikt door J.
Scholte
55 are f. 6,53
Erven Gerk Hendriks
Kooi
55 are
f.
6,53
Frans Feijes
Hoekstra
10 are
f. 1,18
2782 are f.330,32
Doe wie der noch 79 sinten oer, en dy
skonken se oan de
boekhâlder!
Fakwurk, in nije skroef meitsje.
Yn ien fan Albertom syn oantekenboekjes stiet:
In het jaar 1892, Domini Zoete was even in Suawoude, was het hek voor
de kerk te Suawoude met palen en al geheel aan nieuw onderhevig. Wij
hebben toen, misschien wel in overleg met de Ds. en de smid Jelle de
Jong die het ijzeren hek geleverd en met ons geplaatst heeft, een Sleuf
gegraven, tot aan de bodem van de oude gragt tot het vaste zand p.m.
2,25 m. beneden den begaanen grond. Daar hebben we een zware
doorgezaagde balk in gelegd met de platte kant naar beneden, waarin
gaten zijn gekapt waar in weer de eiken palen staan, van boven rond,
waar omheen de daarvoor bestemde ijzeren onderdelen waarop de hekpalen
ieder met 4 schroefen zijn, en dan beneden de grond beneden de ijzeren
onderstukken van het hek een eiken gordel met bouten gevast waar
tusschen scheve eiken schoren voor het in de haak blijven voor het
draaijen van de hekken. Toen hebben we met de Smid de jong de hekken
geplaats Toen heeft Smid de jong de Sijvers 1892 gemaakt, naar de
Sijver formen gemaakt door Ds Zoete. En nu we het jaar 1944 hebben
draait alles nog nettjes.
Suawoude 17 juni 1944 A.A. Veeninga Sr.
Dit is in hiel nijsgjirrich stikje, net allinne omdat it stek noch
altyd yn wêzen is en noch altyd goed draait, mar omdat it
ús leard dat der dus eartiids ek in grêft foar de tsjerke
wie. Dat wie foar safier as ik wit út gjin oare boarne bekend.
Soe der eartiids in brêge west ha foar de tsjerke? En wannear soe
dy grêft ticht makke wêze, by it oanlizzen fan de ferhurde
wei? Of al folle earder? Fan Klaas Wynia hearde ik dat it stek der by
de lêste restauraasje alhiel wei west hat, en dat der ek al
earder ris in peal fan omriden is troch de auto fan in stienhouwer. De
lêste restauraasje is útfierd troch de firma Hoekstra, mar
Pieter Gosse koe út syn administraasje net mear achterhelje
hoe‛t de fundaasje der djipper yn‛e grûn no útsjocht. It
is mooglik dat de houten fundaasje út 1892 noch foar in part
bestiet, en dat men der no stikken beton opstoart hat mei triedeinen
dêr‛t de stekpeallen op fêst skroefd binne.


De tekening hjirby jout in foarstelling hoe ik tink dat it der yn‛e
grûn sawat útsjoen hat. It is dus in skets dy‛t ik makke
ha en gjin tekening dy‛t by de oantekens wie. It stek past der
net sa moai op mar dat komt omdat de foto dêr‛t
it fan ôf naam is net presys heaks op it stek naam is, de sit wat
perspektyf yn.
Ik wit noch dat der achter en oan beide kanten fan de tsjerke in gracht
wie, en dy wie ek wol aardich breed, de bern rieden der wol op as it
iis
sterk wie. By de útwreiding fan it tjerkhof binne dy oan de
noardkant en eastkant tichtmakke, wat der no as freding is binne mear
sleatten as grêften en dy steane ek meastal droech. Dêr oan
kin men sjen hoe ‛t de grûnwetterstân yn de lêste 60
jier noch al wat ferlege is.
Jan van der Meulen fertelde my dat de wynmotor yn‛e
Suderkrite, dy‛t it wurk fan de mûne út it foarige stikje
oernaam, as er der no noch stie it wetter net iens mear rikke koe.
De wettersteatkundige tastannen binne yn‛e rin fan‛e ieuwen gâns
feroare, op‛e tekening fan Suwâld op it omslach fan it boek fan
Ds. Datema liket Suwâld in eilantsje yn it hege wetter. Ek yn it
begjin fan de foarige ieu wie dat út en troch noch mooglik. Der
binne foto‛s foaral fan Tytsjerk en Warten út de winter fan
1909-10 dêr‛t alles blank stiet, doe sille de simmerkrytsjes yn
Sûwâld it ek mei muoite droech hâlden hawwe.
It
heechste punt fan Suwâld is de Ljippenstâl 50 cm boppe AP
en neffens de ferslaggen út Tytsjerk stie it wetter dêr
doe 90 cm boppe AP.

Dizze foto út "In Skoallelibben yn Tytsjerk"
jout in dúdlik byld fan de sitewaasje, dy‛t de ministers fan
Lânbou en Wettersteat dêre te sjen krigen.
Minsken út Suwâld dy‛t dy deftige hearen ek wolris sjen
woenen koenen rjochtút rjochtoan oer it lân nei Tytsjerk
farre!
Beppe hat my wolris ferteld dat hja fan Aldemiede ôf altyd mei de
boat nei tsjerke gienen. Ferfier mei it skip wie maklik en skjin en
oeral wienen doe noch opfearten. De minsken koenen fan de Lytsegeast en
Tytsjerk ôf fakentiden ek makliker mei de boat yn Suwâld
komme as te gean oer de wei. Ear‛t de wei troch it doarp ferhurde waard
en dus noch in sânreed wie moasten der oan beide kanten wol
sleatten wêze om de reed sa droech mooglik te hâlden, en
dan wie it by‛t winter en yn wiete riten noch in drekboel!
Op it plak fan de grêft by de wei lâns wie yn elk gefal yn
1880 al in hage.
Doe wie de skoalle ôfkard omdat er te lyts wie en moast der en
nijen boud wurde, de tsjerkerie hie in terrein, mar dat lei neffens de
wet te ticht by it tsjerkhof. Hja fierden oan dat de âlde skoalle
ek al net oan dy eask foldien hie; dat de skoalle 23 meter fan it
tsjerkhof ôf wie, dêrt in 2 meter hege hage omhinne siet,
sadat de bern der alhiel gjin lêst fan hienen.
Eartiids sieten der ek grachten om de pastoarije. Doe‛t yn 1765 de
pastoarijepleats ferkocht waard en ôfbrutsen feroare dat de
yndieling fan hûs en hiem alhiel en waard de tsjerkerie
ferplichte de grachten om de pastoarije hinne op‛e nij te slatten.
Dêrby is grif it stikje skipfeart, dat earst noch oan ‛t achter
de pastoarij ta rûn, tichtmakke om in frije reed te meitsjen foar
de nije pleats achter de pastoarije.
Op‛e foto‛s fan de âlde pastoarije fan 1869 sjogge jo dat dy
krekt sa‛n stek hie as de tsjerke, suver it selde model mooglik wat
leger, wa wit wêr‛t it bleaun is?
OM
DROEGE FUOTTEN TE HÂLDEN.
By de stikjes oer de mandieligemûne fan de Skipfeartpolder en it
Tsjerkestek ha we it al efkes oer de âlde wettersteatkundige
sitewaasje
fan Suwâld hân, no noch wat oer hoe it eartiids mei
de ôfwettering fan
Suwâld en omkriten der foar stie.
De ôfstream fan it wetter moast earst oer it
Alddjip, dat in
fuortsetting wie fan de Wide Ie en Wiid Hop en oer Warten en Wergea nei
Barrahûs rûn, dêr‛t it yn‛e Middelsee útkaam.
Dat wetter kaam út it
Burgumermar dy‛t earder Lutsmar hiet, de daam by Burgum hjitte doe ek
noch Lioedsmersdaam. De stream hiet dus Luts en ûntsprong op it
hege
fean tusken Surhústerfean en Drachten. Der wienen grif ek noch
mear
streamkes dy‛t op‛e Burgumermar útkamen en ek tusken
Suwâld en it
Nijdjip hat noch in Alddjip west, dat earne tusken Ryptsjerk en
Feanwâlden begûn.
It wienen kronkeljende streamkes en dat kronkeljen wie ien fan de
beswieren dy‛t hja hienen! Foar de skipfeart wienen rjochte kanalen
folle foardieliger en dy fierden it wetter ek folle better en flugger
ôf dus waarden de streamkes ferfong troch fearten.
Doe‛t men de Middelsee begûn te bedykjen kaam der by
Barrahûs in syl en
by dy syl in úthôf fan it kleaster fan de regulieren yn
Burgum. Dy
regulieren fan Burgum behearden ek de ‛Lioedmersdaem‛ en hienen de
fiskrjochten yn de tynjes by Suwâld en by Risens. Yn‛e mande mei
de
Leppa hat it kleaster grif in grut oandiel hân yn it
tastânkommen fan
in bettere ôfstreaming en it ferfier oer it wetter.
Want trochdat de Middelsee hieltiid fierder opslike, waard de
ofwettering minder, sadat men oare wegen sykje moast om it wetter kwyt
te wurden. Earst is doe it Langdiel slatten, dat it wetter oer it
Alddiel en de Moark ôffierde nei de Dokkumerie.
Letter hat men it Wiidhop troch it slatten fan it Skalkedjip en de
Langemear mei it Langdiel ferbûn. En men hat in bettere ferbining
makke
mei de Ried by Ryptsjerk troch it Nijdjip te slatten.

No wie dy âlde stream dwars troch de Stûken nei Warten de
grins tusken
de doarpen Garyp en Suwâld. Troch it graven fan de Langemear wie
dat
stik fan Suwâld dus fan it doarp ôfsnien en allinne noch
oer of troch
it wetter te berikken. It kleaster hie yn‛e Stûken ek noch 200
pûnsmiet
lân lizzen. By it graven fan it Skalkedjip sil men dus op it plak
dat
letter it Biezemmakkersset hiet fuortdalik wol in troch-waadber set
makke hawwe.
Sa‛n set wie in mei balstiennen befluorre paad troch it wetter
mei op
en ôfritten, op de kaart fan Eekhof binne dy noch te sjen.
Troch de ieuwen hinne hat men dus altyd mei de ôfwettering oan de
gong
west, omdat de ierde al ieuwen opwaarmet, sadat it seewetter
heger
komt en it lân troch ynklinken en troch it sakjen fan de
grûn leger
komt te lizzen. Dêr kaam noch by dat sûnt der mûnen
wienen der hieltiid
mear polders kamen en de ‛boezem‛ dus lytser waard. De natuerlike
ôfwettering troch de silen wie by‛t hjerst mei wiet waar al lang
net
grut genôch mear. It wie net alle winters sa slim as yn 1910, mar
dochs
wol faak.
De oerstreaming fan 1910 rôp om in oplossing, earst yn 1920
kaam der ferbettering, it ir. D.F. Wouda gemaal by Teakesyl. Dat joech
fuort it frij om grutte stikken fan de eardere boezem yn te polderjen,
en sa ûntstienen doe oeral wetterskippen. Sa
waarden ek de eardere
winterkriten yn Suwâld útwreide ta Suder en Noarder
krite. Neffens
S.J.v.d.Molen L.C. 13-01-1965

Op dit stikje kaart fan Eekhof binne de dykjes om dy eardere kriten
moai oanjûn.
Te begjinnen krekt bûten de doarpsgrins yn Tytsjerk fine we:
1 De polder fan Baron Van Breugel mei in mûne oan‛e westkant hast
by it Nijdjip.
2 De polder fan Reinder Sipkes Algra, dy mûne stie der noch doe‛t
ik in jonge wie.
3 It polderke fan Sake Ritskes Bergsma (veldwachter) de mûne wie
in tsjasker.
4 De polder fan G Wilhelmy, de mûne stie dêr‛t de knik yn‛e
Daniël Bouweswei sit.
5 De polder fan Douwe Ykes Bergsma
6 De Skipfeartpolder mei de mandielige mûne oan de Skipfeart.
7 Derneist de polder fan Andries Joukes Bosma mei in mûne by it
Heechhiem.
8 Derneis it polderke fan de diakenij, it mûntsje stie
dêr‛t no de iisbaan is.
9 Oan de oastkant fan de wei de polder fan Jan Bouwes van der Meulen.
Sa besocht men yn Suwâld om 1840 hinne de fuotten yn de winter
droech te hâlden.
Doe‛t ik begûn mei it Veninga argyf waard my ferteld dat Albertom
út in húshâlding mei 25 bern kaam. Dat like my wol
wat frjemd, mar ik lit de gegevens fan de boargerlike stân sa as
ik dy op it ynternet fine koe hjir folgje.
Man : Arjen
Wygers Veninga, oud 28 jaar, geboren te Tietjerk
Vrouw : Antje Alberts Miedema, oud 24
jaar, geboren te Tietjerk
Datum : 14 mei 1857, akte nr. 30
Bern :
Sytske Veninga, geboren 9 april 1858
troud 1 dec. 1877;
Eelkje Veeninga, geboren 17 november 1860
troud 12 mei 1883
Albert Veeninga, geboren 25 december 1863
troud 10 mei 1890
Jan Veninga, geboren 9 februari 1865
troud 11 mei 1889
Rykele Veninga, geboren 2 februari 1868
troud 5
mei 1894
Catrinus Veninga, geboren 6 april 1869
troud 5 mei 1900
Otte Veninga, geboren 7 december 1875
troud 1 juni 1901
(De bern dy‛t yn Ljouwert oanjûn waarden hawwe de namme mei twa
e‛s! )
Antje Miedema stoar 31 december 1875 43 jier âld, goed trije wike
nei dat se befallen wie fan har 7e bern.
Doe‛t Arjen wertroude wie noch mar ien fan de bern de doar út.
Froukje begûn dus yn in húshâlding mei 6 bern
wêrfan de âldste mar 3 jier jonger wie as harsels en de
jongste noch mar 2 jier en 7 moanne.
Man : Arjen Wygers
Veninga, oud 49 jaar, geboren te Tietjerk
Vrouw : Froukjen Kornelis Boonstra,
oud 21 jaar, geboren te Garijp
Datum : 20 juli 1878, akte nr.
81
Bern:
Lolkje Veninga, geboren 4 februari 1879
troud 10 mei 1902
Kornelis Veninga, geboren 14 februari 1880 overleden
16 september 1896
Tjeerd Veninga, geboren 26 augustus 1881 troud
7 februari 1903, overleden 19 januari 1905
Pieter Veninga, geboren 5 augustus 1883 ,
overleden 26 juli 1902
Maria Veninga, geboren 8 juli 1885
troud 15
mei 1909
Gjalt Veeninga, geboren 5 september 1887 troud 28
april 1910
(Wer in e tefolle mar no yn Burgum.)
Arjentje Veninga, geboren 25 april 1892 Opm.: Vader overleden, troud 7 september 1916
Arjen Wiegers Veninga, overl. 4
februari 1892 Oud 62 jaar,gehuwd
It duorre 11 jier eart Froukje wer troude:
Man : Gjalt Wijma, oud 58
jaar, geboren te Oudega,
Vrouw : Froukjen Kornelis Boonstra,
oud 45 jaar, geboren te Garijp
Datum : 18 april 1903,
Gjalt Minzes Wijma hie alve bern by syn earste frou, Iekje Kooistra,
werfan 4 al troud wienen.
Froukje hie noch 4 bern yn‛e hûs.
De bern fan Arjen en Antsje wienen doe allegear de doar al út
mar noch yn libben.
De bern fan Arjen en Froukje wienen 2 fan ferstoarn en Tseard wie yn it
selde jier troud mei in dochter fan Gjalt en Iekje.
Arjentje troude letter mei har styfbroer Wyberen Wijma
Froukjen Kornelis Boonstra, overleden
24 juli 1916 Oud 59 jaar, gehuwd
Gjalt Wijma, overleden 15 december
1935 Oud 91 jaar, weduwnaar
Der wienen dus 7 bern fan Arjen en Antsje en 7 bern fan Arjen en
Froukje, en 11 bern fan Gjalt en Iekje, dat makke meiinoar 25; mar men
kin it min ien húshâlding neame. 
Hja wennen wol yn it selde hûs, dizze pleats fan it Sint Anthony
Gasthús fuort by de Hegebrêge oan it Alddiel.
Sint Anthony Gasthús hie de pleats yn 1865 fan Marijke Veninga
E.A. kocht.
Arjen Wygers Veninga hierde de pleats fan 1873-1898, syn widdo Froukje
oant 1903, en Gjalt M. Wijma fan 1903 oant 1917.
De pleats stiet der noch, mar it is no net mear Alddiel ûnder
Ryptsjerk mar
Ljouwert Grienestjer.
It kaartsje hjirûnder jout de sitewaasje sa as dy wie yn
1832. Fuort ten suden fan de Aldfeart stienen doe 2 pleatsen, de
súdlike bewenne troch in Van der Meer, de noardlike hie as
eigener bewenner Arjen Tseards Veninga. Letter wennen dêr syn
soan Wyger Arjens en Sytske Jans van der Veen, en dêrnei syn
pakesizzer Arjen Wygers en Antsje Miedema. Yn septimber 1863 stoar
Sytske de widdo fan Wieger Arjens, en har erven ferkochten de pleats
oan it Sint Anthony Gasthús dêr‛t se earder ek al
lân fan hierden. Arjen en Antsje waarden de hierders. Der kamen
gâns feroarings, de âldfeart gie ticht, stikken lân
waarden byinoar lutsen, it Gasthús wreide syn besit dêr by
de wielen flink út. Yn 1879/80 waard de aldpleats
ôfbrutsen en in nijen boud oan‛e oare kant fan de feart (by it
krúske op‛e kaart), de pleats hjirboppe. Dêrby feroaren se
fan wenplak want de Aldfeart wie de grins tusken Tytsjerk en Ryptsjerk.

LEAN EN WURK YN‛E TACHTIGER JIERREN FAN DE
19E IEUW
Der is in oantekenboekje mei in hurdkartonnen kaft, dêr‛t
ferskate siden alhiel of foar in part útsnien binne, dy befetten
faaks te fertroulike ynformaasje. Der steane oantekens yn foar rekkens
foar klanten, fan maaie 1887 oant 1890; foar ûnderhâlds
wurksumheden, materialen, lean en kostjild.
Albertom wie doe 23 jier en blykber foar himsels begûn as
timmerman. Wer‛t er it fak leard hie is my net bekend, yn Ljouwert wie
sûnt 1881 in ambachtskoalle, hja wennen dêr net sa fier
ôf, der wienen yn dy tiid eins noch gjin fytsen, mar de minsken
wienen it rinnen went. It soe wêze kinne dat hy dêr ien fan
de earste learlingen wie; mar fierwei de measten begûnen doe
noch,
lykas ieuwen her, gewoan as learling by in baas en hy sil grif earst ek
by in oar wurke hawwe om it fak te learen.
It liket foaral te gean om klanten op it Alddiel, Aldemiede en de
Lytsegeast en ien grutte klant, it St. Anthoany Gasthús yn
Ljouwert, dat hie twa pleatsen op it Alddiel en trije op‛e Lytsegeast
en ferskate mûnen.
Blykber hie hy dêr doe op it Alddiel sels in wurkpleats. It
boekje jout in moai byld fan de prizen leanen en kosten yn dy tiid. Der
is húshâldlik lytsguod by lykas in pear nije reedhouten
mei it slypjen 90 sinten, speaken yn in stoel, in nij linnenrak, in
pear stoven, mar ek in kast foar in jong faam dy‛t de doar útgie
foar ƒ 28,00
Putsjes lykas in bân om in houten melkamer en in pear kear
in amerrak, litte jo fernimme dat it noch foar de tiid fan de
molkfabriken en de
molkbussen wie. De kij waarden doe noch molken yn
teakhouten amers dy‛t yn grutte
earnamers lege waarden, dêr‛t twa fan oan in jok nei hûs
sjouwd waarden. 
Dat "earn" komt noch fan it alde wurd foar brûns,
mar waard ek brûkt foar koper, in earnamer wie dus in koperen
amer, wol twakear sa grut as de lettere galvanisearre amers, ik tink
dat der wol 30 liter molke yn gie, men hie der by it dragen faak in
houten lid op om it spotten foar te kommen.

Jok en amer
út ALD ARK fan A.K.Mulder.
In nij ammerak koste mei it
skilderjen ƒ4,06. In nij linnenrak ƒ3.50 en
6 nije stoven ƒ4,50.
Der is ek in protte mûneripperaasje by, dêr wienen ek
nochal wat mûnen op it Alddiel. Op de kaart fan Eekhof
binne der op it Alddiel, Aldemiede en de Lytse
Geast 18 mûnen oanjûn. Mûnemeitsjen wie
spesjalistysk wurk, dat koe lang net elk en ien.
En dat wienen faak ek gjin lytse putsjes, in nije mûneskroef
koste ƒ65,80 en dêr siet 22 dagen wurk yn. Fan 14 desimber oant 2
janewaris ‛89 makke hy yn 14 wurkdagen in nije
mûneas, saagje, draaie en ynbouwe, it materiaal en ƒ14,00
wurklean, meiinoar ƒ67,25.
Amerrak mei earnamers nei in skilderij fan
Ids Wiersma
Dat sil de minsken fan 2007 faaks bespotlik goedkeap lykje, wat keapje
jo no noch foar ƒ 70 of sels foar 70 €, mar in tientsje út dy
tiid kostet no 150 € dat is ƒ330 en in gûne út dy tiid
dy‛t der wat knap útsjocht is no wol 25 € wurdich, mar goed dat
bin prizen fan samlers.
De goudwaarde fan in tientsje fan doe 6,048gr is no ryklik 99 € dat is
hast ƒ220. Mar de waarde fan it sulver fan in gûne fan doe is no
1,30 €, ƒ2,87. Goud en sulverpriis lizze dus no folle fierder
útinoar as yn 1890. De prizen fan doe binne dêrtroch lykas
it libben fan doe, min te ferlykjen mei dy fan no.
It oerlean wie earst 11 letter 12,5 sinten yn‛e oere, it oerlean fan in
boufakker is no 12,5 €, dêroan soe men sizze dat in euro no
likefolle wurdich is as doe in sint!
De deihier wie by‛t winter ƒ1,00. yn‛e maytiid en simmer ƒ1,25 en ƒ1,50
mar dan wienen de dagen ek langer, by‛t simmer 12 oeren! It
wyklean wie dus by‛t hjerst en winter heechstens ƒ6,00 en by‛t simmer ƒ
9,00 mar dat wie dan wol in wike fan 72 oeren!! Seis kear tolve. It
wyklean fan in boufakker is no sawat 500 € dêr giet fansels
nochal wat ôf, mar dêr stean ek wer in protte sekerheden
tsjinoer dy‛t men doe net hie. As dy boufakker no 72 oeren yn‛e wike
meitsje soe, Ik tink net dat de arbowet dat lije wol, dan soe hy mei
1090 € thús komme en dêr soe er grif gâns rejaler
fan libje kinne as Albertom doe fan ƒ 9.
It kostjild wie ƒ3,50 yn‛e wike, foar in wike fan ƒ9 skilt dat net
safolle, mar by‛t winter wie dat wol djoer. Hy wie in krekt man en it
kostjild is sekuur byhâlden, it wie net alle wiken likefolle,
sadat ik oannim dat er by guon karweien de kost ta hie, en dat
ôflûke mocht fan it kostjild. It wie stadichoan wol
in grutte húshâlding by Arjen Wiegers, sunt hy yn 1878 mei
Froukje Boonstra troud wie, wienen der alwer 5 bern by kaam en yn 1887
kaam er noch ien by. En der wienen noch mar twa úttroud, dus doe
wienen der noch 5 fan Arjen en Antsje en 6 fan Arjen en Froukje, it
waard dus wol tiid dat der wat romte kaam. It soe dus bêst kinne
dat hy in wurkpleats fûn hie en dêr ek earne yn‛e kost wie.
Net foar lang, it boekje hâld op begjin 1890 want op 10 maaie
1890 troude hy en sette de saak fierder fuort yn Suwâld.
Boer Symen of de begraffenis fan juffer
Berber (1)
Yn in boek dat ik efkes brûke
mocht fan Wytske Elzinga-Kamminga leinen in pear feltsjes mei potlead
beskreaun papier, mar krekt mear te lêzen, mei dêrop in
"samenspraak" mei allegear
nammen fan minsken út Suwâld en omkriten fan om 1750
hinne. It petear giet mar tusken 2 persoanen boer Symen en syn arbeider
Tsjibbe Minnerts en it ropt in pear nijsgjirrige fragen op, mar
dêroer letter, earst it stik.
Boer
Symen
Tsjibbe: Goejûn boer.
Symen: Jûn
Tsjibbe, Jo bin‛ ek noch let yn‛e baan.
Tsjibbe: Ja boer,
dat komt ek al troch omstandigheden.
Symen:
Omstandichheden? Wat is der no wer?
Tsjibbe: Ja boer,
dat si‛k jo sizze, ha jo it noch net heard? Berber is ferstoarn.
Symen: Is
Berber ferstoarn, wat jo sizze, it wie ek wol te tinken dat it mei
Berber net lang mear duorje soe, want der is de lêste nachten ek
al
by har wekke ha ik wol heard.
Tsjibbe: Ja
de lêste trije nachten is der by by har wekke wurden.
Symen:
Hienen jo berjocht krige Tsjibbe, dat hja no ferstoarn wie?
Tsjibbe:
Ja,
Antsje fan Eelke Wopkes hat my achtermiddei helle, Eelke woe wol dat ik
plicht foar him die, hjir wie nochal wat drokte oan
ferbûn en dat
paste Eelke net sa bêst mear.
Symen: En it
paste jo wol Tsjibbe dat jo der fiif stoeren mei fertsjinje en dat
hindert Eelke neat, dan is dat ek mar better, wanneer wie hja
ree?
Tsjibbe: Om
fjouwer oere.
Symen: Binne
jo der doe mei Antsje hinne gien?
Tsjibbe: Ja en doe
ha Antsje en Harmke en Albertsje har beklaaid en ik ha harren wat
bystien.
Ja ik moest jo
ek jûnsizze fan harren, en doe hawwe wy by Eelkenhar de saken
meiinoar bepraat, dêr ha wy doe noch al in hiel skoft
west om alles wat meiinoar te
bepraten, wy wisten fansels wol dat it jo allegearre goed wêze
moast.
Symen: Nou
ja, dat is eksa. En hoe sit dat no, wat is der troch jimme meiinoar
bepraat wurden?
Tsjibbe: Ja
sjoch boer, dat is nochal wat oars as dat wy tocht hienen.
Symen: En
wat is dat dan Tsjibbe?
Tsjibbe: Dat
sil‛k jo sizze, Berber hie nochal wat begearten.
Symen:
Berber nochal wat begearten? Mar dêr hoege wy dochs net oan te
foldwaan, as dy ús net oansteane?
Tsjibbe:
Nee, dat is ek sa, mar dan moat men jin ekris wer yn har plak stelle,
it is altyd in lêste wils beskikking.
Symen: No
Tsjibbe fertel my dan marris wat dat dan wol is.
Tsjibbe: Ja
boer, dat sil‛k jo sizze, Harmke en Albertsje ha de lêste nacht
by har wekke, en doe hat se it dêr oan ferteld, en ek sein wer‛t
se it
grêfbewiis yn har kaske
fine koenen, en sa hienen wy dat fan‛e jûn ek opsocht.
Symen: In
grêfbewiis Tsjibbe, hie Berber dan noch in eigen grêf?
Tsjibbe: Ja
boer.
Symen:
Wêr is dat dan?
Tsjibbe: Yn
Tytsjerk yn‛e tsjerke.
Symen:
Wat siz jo dêr Tsjibbe? Sa‛n earm sloof, dy in eigen grêf
en dan ek noch wol yn‛e tsjerke, hoe is‛t no mooglik Tsjibbe, hoe komt
dat
minske dêr oan?
Tsjibbe: Ja
folgens dat bewiis dan moat it noch in famyljegrêf wêze.
Symen: Ja,
dat sil‛t dan wol, Berber wie noch wol wat fan komôf, hoewol har
heit mar in skuonmakker wie, yn Ljout op it Saailân sa goed as
ik wit, Berber hie ek in famylje
namme, lykas wol bekend is wie har folle namme Berber Symens Attema,
dat seit minstens safolle
dat se út de eigenerfde stand is.
Tsjibbe: Ja
sjoch boer, dat is wat dêr‛t ik gjin ferstân fan ha, dat
witte jo folle better omdat jo sels ek in achternamme ha, ik hyt
Tsjibbe
Minderts en dat is my ek
altyd genôch.
Symen: Ja
no, en hoe tochten jimme der oer doe‛t jim dêr by Eelke Wopkes
byinoar wienen?
Tsjibbe: Ja,
Sytse Douwes wie der doe ek noch by, dy kaam dêr even, dy hie ek
noch alris by har wekke, dy woe ek wolris it ien en oar witte,
dy tocht ek lykas wy, dat se yn
har eigen grêf, yn‛e tsjerke yn Tytsjerk, beierdige wurde moast.
Symen: No,
wat begearte hie se noch mear?
Tsjibbe: Ja,
har begearte wie ek, dat Piter Andries fan Tytsjerk har deafet makke.
Symen: En is
der oars ek noch wat?
Tsjibbe: Ja
en dat is dat jo as earste fan de famylje har neifolgje.
Symen: Dat
is flink fan Berber, mear is der no ek net wol?
Tsjibbe: Ja
noch al wat.
Symen: En
dat is?
Tsjibbe: Dat
ek de dragers en de kloklieder noege wurde op de begraffenis.
Symen: En
hat se ek sein wa, en hoefolle fan har famylje oansein wurde moatte?
Tsjibbe: Hja
hat sein wy moasten yn Ljout Willem fan Raak oansizze, en as dy dan sa
goed wêze wol de oare famylje even fersykje te wollen,
en dan Rinse Douwes en bysitter
van der Meer fan Aldemiede foaral net ferjitte as famylje út te
noegjen, en dan hjir op it Heechhiem
allegearre, en dan fansels Domeny as de leider en
master Klaas Bouwes, en dan de tsjerkfâlden, Wierd Bouwes en
Jochem Roels
en de tsjerkerie. En dan de
deagraver master Jan Jansen fan Tytsjerk ek noegje.
Symen: Ja
Tsjibbe mar hoefolle kinne der dan meiinoar wol net komme?
Tsjibbe: Ja
boer, dat witte wy ek net sa krekt, want wy witte net hoefolle
famyljeleden as der komme kinne en komme sille.
Symen:
Dêr hoege we net folle foar te rekkenjen, de famylje die oars ek
al net folle foar har, de diakens ha se der ommers de lêste
jierren
sawat alhiel
mei rêde litten, no‛t se earm wie, ik wol der net oer prate as
doarpsûnfanger, dat begripe jo wol Tsjibbe, mar tsjin jo
sein, se hat ús wol wat koste, yn 1729 is se
hjir troch har famylje yn Suwâld kaam, omdat se hjir ek noch
famylje hie, doe wie hja al
foar de twadde kear widdo, har lêste man wie
in Coenders, dat wie in offisier, of‛t se ek bern hân ha wit ik
net, dêr ha ik noait wat
fan heard, mar lyk as jo ek wol witte, wie it earst
altyd ‛juffrou Berber‛ en sa woe se altyd noch wol graach neamd wurde.
Tsjibbe: Ja
boer, en sa neamde ik se ek altyd noch.
Symen: No ja, dat wol‛k ek noch wol leauwe,
mar
ik net, as‛t se by my kaam dan wie it: dei, of jûn Berber; mar om
fierder te gean Tsjibbe,
wer woenen jimme dy
begraffenis dan hâlde, want as der safolle minsken noege wurde
sille, wer moat men dy dan bergje?
Tsjibbe: Ja just boer, dat hienen wy ek al tocht, it
like ús it bêste ta, yn‛e tsjerke. Dêr soe tocht
ús yn dit gefal ek neat op tsjin wêze.
Symen: Dat kin tominsten frege wurde!
Tsjibbe: No ja, wy binne hjoed 27 febrewaris, de
skuorren binne no ek noch net leech oars soe dat noch wol kinne, mar no
giet dat ek net sa
bêst.
Symen: Mar Tsjibbe, hawwe jim it der ek oer
hân wat der dy dei foar dy begraffenis wêze moat?
Tsjibbe: Ja, ja, mar no woe ik wol boer dat jo dat
no earst marris seinen.
Symen: Harkris Tsjibbe, jimme hawwe der mei
jim
fiiven wol twa oeren oer praat, dat kin ik sa yn ienen mar net sizze.
Tsjibbe: Nee, no dan sil ik it earst wolris sizze,
ik ha it op in pompierke stean en it allegear sa sunich berekkene as wy
mar koenen, sjoch hjir
ha‛k it.
Symen: No siz it my mar.
Tsjibbe: Ek goed, in fet bier, net ien fan de
grutste, 100 mingels hienen wy tocht. Acht mingels brandewyn, 105
leedbreaën, santich wite en
fiifentritich mei krinten en 14 fearn bûter.
En dan tochten wy boer, dat jo de bûter mar leveren en dy acht
mingels brandewyn dêr ha
wy ien fan
ferbrûkt by it ôflizzen fan
Berber, dat hie ik dy jûns daliks mar meinaam, lykas jo ek wol
witte, ha ik altyk wol wat mingels
krûkjes yn‛e kelder stean, en it leedguod dat
moat Hindrik Piters fan Burgum mar bakke tochten wy, en it bier fan
Gaikema fan
Burgum en de brandewyn fan Hindrik Harkes fan
Tytsjerk.
Symen: No,No dat komt my meiinoar noch al wat
te kostjen.
Tsjibbe: Ja dat is wol wier, mar ik stel my sa
foar dat de famylje wol mei de begraffenis kosten rêde sil.
Symen: No, jo ha better ferwachtings as ik,
mar wy sille wol sjen hoe ‛t dat útpakt. Jo Tsjibbe, Jo moatte
daliks nei de begraffenis nei Piter
Andries gean foar de rekken fan
it deafet en ek fan de oare ûnkosten.
Tsjibbe: Goed hear
----------------------------
✤ ------------------------
2e
bedriuw deis nei de begraffenis.
Symen: Jûn Tsjibbe.
Tsjibbe: It koe noait moaier.
Symen: Ja it koe dêr net oars, och ja,
ik bin der oars ek wol foar dat earme minsken eare oandien wurdt.
Tsjibbe: Wa soe dat ek net!
Symen: Lit marris sjen. Wegens het maken fan
een tweeduims eiken doodvat voor wijlen Juffrouw Berber Attema, laatst
weduwe fan den
eerzaamen heer
Coenders officier in den dienst enz. De somme van 20 caroly guldens en
13 stuivers. Die 13 stoeren is foar de
drank
fansels.

Nota van J. Jansen schoolmeester
en doodgraver te Tietjerk wegens het maken van
een graf in de kerk te
Tietjerk, somma 1 caroly gulden en 10
stuivers.
Sokke dagen hat master ek net
folle yn syn libben dat er
safolle fertsjinnet.
Goed smyt se dêr mar del. Nee ho!
Fuort net fuortrinne.
Ik sil it jo earst allegearre mar
even betelje en dan moatte jo moarn daliks mar
hinnegean en betelje de
lju en bring my dan sa gau as it kin de
rekkentsjes wer werom.
De bûter giet der ôf
dy notearre neffens 22 gûne de fjidder dat wie tiisdei de priis
1ste
keur yn Snits hat Sytske sein en
dy tinkt dêr altyd goed om.
Bûterbryfke
------------------------
✤ -----------------------
3e
bedriuw in dei letter
Symen: Goejûn Tsjibbe, kom
bin jo der, ik hie jo justerjûn al ferwachte, mar ik bin bliid
dat jo der no mei komme.
Tsjibbe: Ja, dat hie ek bêst kind.
Symen: Frege Piter ek wat ik fan de rekken
sein hie? No Tsjibbe kin ik jo fertelle dat ik ek yn dizze saak wer
‛ûntfanger‛ west ha. Fan‛e
moarn hat Willem fan Raak hjir
west en dy hat de obligatie ten laste fan Berber 35 gûne mei de
rinte fan 15 maaie 1731 meiinoar
46 - 16 car.gûne foldien, en fan‛e middei ha
Rinse Douwes en Fokke van der Meer hjir west en dy ha my 80 gûne
brocht foar it goed
dat wy oan
Berber dien hienen, no noch wat út it boelguod fan har meubels
en har fjirde part fan it hûs op it Saailân, dan kinne we
wol wer
tefreden wêze!
Tsjibbe: Ja dat hinget net ôf fan de
goedens fan de famylje.
Symen: Goejûn Tsjibbe!
---------------------------
✤ --------------------------
De minsken dy‛t neamd wurde wienen allegear minsken út
Suwâld en omkriten en libben dêr om 1745 hinne, Juffer
Berber kaam yn de kohieren fan 1749 net mear foar, dat de begraffenis
moat al wat earder west hawwe. No sille jim wol nijsgjirrich wêze
nei wa‛t dat allegear wienen, en foaral wa‛t dy Juffer Berber wie, ik
sil myn bêst dwaan dat út te sykjen foar it folgjende
stikje.
Inkele persoanen
dy‛t yn it stik spilen
Allle nammen dy‛t yn it stik foarkomme binne nammen fan minsken dy‛t yn
dy tiid yn Suwâld libbe hawwe, guon dêrfan kinne jo ek noch
fine yn P Datema Suawoude siden 213,214 en 215. Ik sil se hjir net
allegear nei foaren helje, mar fan guon falt dochs wol wat mear te
fertellen.
TSJEBBELE MINNERTS wie doopt as Tjebbele, soan fan Minnert Yans yn
Eastermar 1712. Doe‛t Tsjible Minnerts en Sietske Wouters trouden, 4
nov. 1739, kamen se beide út Suwâld. Se krigen twa bern:
Wouter 28 apr. 1749; Roel, 3 mrt. 1751; beide doopt yn
Suwâld yn 1761. Fan Roel is fierder neat te finen, mar Wouter
troude 16 maart 1777 mei Maaike Tjeerds; hja hienen trije bern:Tjeerd
1777; Sytske 1780 en Tsjible 1786. Tseard troude 18 maaie 1804 mei
Eelkje Piters
Yn 1811 namen Wouter Tsjibbeles en syn bern de namme Hiemstra oan:
Tjeerd mei syn bern: Maryke en Maaike wennen yn Suwâld
Tjibbele en syn bern: Eelkje wennen doe yn Readtsjerk
Tsjible en Sytske wennen yn 1749 as arbeider mei in pear kij op nr 2,
dat is dêr‛t no it leanbedriuw fan Van der Meulen sit. Yn myn
tiid, de tritigerjierren, wenne dêr in Tije Luinstra, it wie in
âldhûs, dat yn twaaën bewenne waard, mooglik de
foarein fan in âldfryske pleats. Yn de tiid fan dit
ferhaal, sa om 1750 hinne waard it faak ek troch twa
húshâldings bewenne werfan ien fee hie, of sûnder
fee, mar dan waard it lân en de stâl troch in oaren
brûkt, byg. Sipke Symens Algra yn 1769.
Yn 1750 wennen se op nr 22, it fierste hûs op it reedsje
súdlik fan de iisbaan, mei noch ien ko, yn 1751 op itselde
reedsje yn in keamer by Boate Sybrens op nr 20 it pleatske fan de
diakenije, mar yn 1752 is dy keamer leech en de skoarstien ticht
mitsele, dan hoechde Boate der gjin skoarstienjild fan te beteljen. En
doe wennen Tsjible en Sytske op nr. 18 op it Heechhiem mei oantekening
‛wordt onderhouden‛ yn 1753 stiet der "Tjibble Minnerts wordt
onderhouden, in zijn plaats Albert Wessels." Der stiet net by wer‛t
Tsjibble hinne ferhuze wie. Yn‛e floreenkohieren komt hy dan wer foar
yn 1756 op nr. 33 it diakenijehûs op‛e Noarderein, oan‛t 1768. Yn
1769 wennet dêr syn widdo noch; "wordt onderhouden en woont in
een armenkamer." Yn 1776 wurdt meld: "Tjeble Minderts weduwe getroud
aan Tjeerd Harkes van Tietjerk".
Har soan Wouter Tsjibles en Maaike Tseards begjinne dan it oare jier op
nr. 2.
Oan‛t safier de floreenkohieren. En dan de diakenije rekkens:
Yn 1758 cg 0.17.8 reperaasje oan Tjibble Minnerts hûs (it
diakenijehûs op‛e Noarderein). Yn 1760 nochris cg 2.24.16 en hy
barde 16 stoeren foar in putsje hekkeljen, yn 1761 stoar Heere
Cornelis, dy‛t doe yn nr 18 op it Heechhiem wenne, en barde Tsjible 10
stoeren foar it beklaaien, yn‛e kiste lizzen en de dêrby
brûkte 1¼ mingel jenever en 1 stoer foar in grouwweiten
bôle. Yn 1764 barde hy noch 4 stoeren foar in ½ mingel
jenever by de ferhier fan Albertje Martens 1½ med. 3 febrewaris
1769 barde master Klaas Bouwes, doarpsrjochter en ûntfanger
sûnt 1755, 4 stoeren foar it opsizzen fan hierkontrakt fan it
hûs fan Tsjible Minderts, mooglik wie hy yn janewaris 1770
stoarn, mar de widdo mei de bern bleau op itselde nr. te wenjen.
En 17 febr. 1770 betellet de diakenije 6 stoeren foar "een pomp bij
diaconiehuisje bewoond door de wed. Tjible Minderts."
Wat Tsjibbele mankearde witte we net, mar hy hat nei 1749 it wurk as
boerearbeider net mear oankind en waard troch de diakenije
ûnderhâlden. Syn bern wienen lokkiger, en ik tink dat der
noch hielwat fan syn neiteam yn Suwâld wenje.
ALBERTSJE = Albertsje Martens
Dûmny Datema mient dat Albertsje Martens dêr earder ek yn
dat diakenijehûs wenne hie en dêr stoarn wêze soe om
1753 hinne. Mar neffens de floreenkohieren wenne hja yn by Hinke Eelkes
yn nr 31 dat foar it earst yn 1753 neamd wurdt, en dat duorre noch
oan‛t 1760. Dat kloppet mei Albertom syn oantekens. Dy skriuwt dat
Albertsje Martens it hûs nr 18 op it Heechhiem yn 1758 skonk oan
de tsjerke op foarwaarde dat hja der oan‛t har dea yn wenjen bliuwe
mocht en hja stoar yn 1761. Yn july 1763 betellet de diakenije oan de
erfgenamen fan Albertsje noch in jier húshier fan it hûs
op it Heechhiem, dêr‛t Heere Cornelis yn wenne hie (nr 18) en dat
yn maaie 1761 al betelle wurde moatten hie. Mar dan is it hûs net
mear fan de tsjerke, mar fan Kornelis Meints. En letter fan dy syn
widdo, dy‛t dan by Hinke Eelkes op nr 16 ynwennet, mar nr 18 yn
eigendom
hat. Deselde fersoargings sitewaasje; Knjilles Meints keapet it
hûs fan de tsjerke, syn frou skinkt it wer oan de tsjerke, op‛e
selde foarwaarden as Albertsje Martens earder en wurdt oan Hinke Eelkes
útbestege foar fersoarging.
Albertsje Martens oardelmed lân hie hja oan de diakenije skonken,
mar hja barde noch de helte fan de hier as ûnderhâld, de
diakenije betelle de kosten fan ferhier en hekkeljen. Mooglik hat hja
har net mear allinne rêde kinnen en is hja oan Hinke Eelkes foar
fersoarging útbestege, dan hie hja noch rjocht op de hier oant
har dea ta. De âldereinsoarch gie doe noch wat oars as no.
BOER SYMEN De boer is de doarpsrjochter/ûntfanger Symen
Folkerts Algra, dy‛t wenne op nr 1, Syn pleats stie dêr‛t no H.F.
van de Meulen wennet. De yn it stik neamde Sytske wie syn tredde
frou Sytske Sipkes, der‛t hy 7 december 1738 mei troud wie. Hja
krigen noch trije bern, yn 1739, 41 en 43, dy‛t folle letter as
folwoeksenen doopt waarden. Yn‛e ledematen list stiet ek dat der
problemen wienen en dat se net mear meidienen oan it nachtmiel, hoewol
hy in pear jier earder noch diaken wie. Sytske stoar 28 jannewaris
1751. En Symen 4 july 1754 (sjoch P. Datema Suawoude side
145)
EELKE WOPKES Eelke Wopkes en syn suster Antsje Wopkes wennen op
nr 21 hy wie bakker en sil him slim passeard field hawwe, dat in
burgumer bakker de bôle foar it leed levere, wylst hy by de buert
hearde.
SYTSE DOUWES Sytse Douwes wie feanbaas en komelker en wenne op nr
17 de pleats op it Heechhiem, dy‛t hy hierde fan Eelke Wopkes. Mooglik
dat syn frou Harmke hiet.
WIERD BOUWES Wierd Bouwes tsjerkfâld wenne op nr 6.
De pleats fan Wierd Bouwes brânde yn 1762 ôf. Nei de dea
fan Wierd Bouwes yn 1763 kaam Rinse Douwes op dy pleats, dy‛t it
eigendom wie fan syn styfskoanheit Foeke Hayes.
Foeke Hayes van der Meer wie bysitter (it gritenijgerjocht bestie neist
de grytman út twa bysitters, deftich hiet dat assessor) hy wenne
yn Burgum, hy wie de twadde man fan de mem fan Rinse Douwes syn frou
Aaltsje. It is mooglik dat hja beide famylje wienen fan Juffer Berber,
want dy waard earder ek neamd as mei eigener fan dy pleats. (sjoch P.
Datema Suawoude side 53 en 146)
DUMNY dat wie dûmny MartinusVitringa, 1741-1750; Juffer Berber
komt yn de
kohieren fan 1748 net mear foar, sadat we oannimme moatte dat hja doe
al wei wie. (sjoch foar de wenten dy‛t by de nûmers hearre
P. Datema Suawoude siden 213-15.)
JOCHUM ROELS, tsjerkfâld wenne op Nr 3 sunt 1752 en kin
doe‛t Berber stoar dus noch gjin tsjerkfâld west ha.
MASTER JAN JANSEN, wie skoalmaster, koster, kloklieder en deagraver yn
Tytsjerk.
HINDRIK PITERS, mei bynamme Haagjes wie bakker yn Burgum
EGBERT CORNELS GAIKEMA, wie bierbrouwer en doarpsrjochter yn Burgum
oan‛t 1745, doe folge syn soan
Kornelis Gaikema him op as brouwer en as diaken.
Tige begoedige minsken mei net allinne in brouwerij mar ek buorkerij en
in protte lân.
In juffer Berber Synes Attema, widdo Coenders, dy‛t sûnt
1729 yn Suwâld wenne, mei in famylje grêf yn
Tytsjerk! Sa stie it yn de ‛samenspraak.‛
No, doe‛t hja troude neamde hja har Berber Sijnes Attama. Mar hja wie
doopt yn Ljouwert as dochter fan de master skuonmakker Siene Freerks en
dy syn twadde frou Diltje Harmens, 30 aug. 1674.
Dat hja it earder ek al net
rom hie
blykt út in feroardieling wegens skoaien op it Bild. Op 12
septimber
1710 waard hja mei twa oare froulju oppakt by St Anna, omdat hja op
trije plakken skoaid hienen om in stik iten, mar jild krigen en oannaam
hienen, wylst hja bewearden mei hannel by de streek te wêzen.
Berber
blykte dêr doe ek in pas fan it provinsje bestjoer foar te
hawwen. En
neidat hja finzen naam wienen, hie hja yn'e herberge noch twa
spegeltsjes en in string jern ferkocht. Hja waard feroardiele ta
fjirtsjendagen tuchthûs.
In jier letter troude hja op 8 november 1711 mei luitenant Sybrand
Walta van Coenders
fan Wurdum, mar hja wie doe al 37 jier en faaks al widdo en wenne doe
ek yn Wurdum, mar fan in earder houlik en bern ha ik neat fine
kinnen, faaks wie se doe dus noch ‛âldfaam.‛ Siebrand wie berne
yn 1660 as soan fan Jonkheer Johan Coenders en Jonkfrou Margareta van
Walta. Hy wie doe‛t hy mei Berber troude dus ek al 51jier.
Ek fan him ha ik gjin earder houlik fine kinnen.
De Walta‛s wienen lju fan ‛adel‛ en meast hege militairen. De
Coenders wienen ek beropsmilitairen, en guon nochal hege. Hja
trouden faak mei adelike dames en de dochters mei hege militairen, faak
bûtenlanders dy‛t yn tsjinst fan de Republyk wiene.
Dat Juffer Berber yn 1729 yn Suwâld kaam te wenjen stiet
net yn de ledematen list fan de tsjerke. En yn de Specie kohieren
fan Suwâld fan 1749 komt Berber net mear foar, mar noch wol yn it
register fan húsgesinnen yn Tytsjerksteradiel fan 1744, hja
wenne doe tusken Wopke Sieerds (moat Wopke Eelkes wêze!) en
Kornelis Meines, en der stiet by ‛wordt gealimenteerd‛ It is mooglik
dat hja op nr 13 by Kornelis Meines ynwenne. Neffens ds Datema wenne dy
op it Hiemstee, krekt foar dêr‛t no Jan v.d.Meulen wennet. Of der
moat noch in hûs stien hawwe tusken it Hiemstee en wat no ‛de
twadde hikke‛ is, dêr‛t doe Wopke Eelkes wenne, of dochs op it
Heechhiem, sa as Albertom tocht. It is mooglik dat hja, omdat hja
harsels net mear rêde koe, har eigendommen oerdroegen hat oan de
diakenije, yn ruil foar fersoarging oan‛t har ferstjerren.
It grêf yn de tsjerke fan Tytsjerk is nr. 6310 út "Friezen
uit vroeger eeuwen" de tekst op de stien wie: Anno 1705 den 2 juni is
in den Heere ontslapen den eerbaren deughleijke Diltie Harmens wedue
van Synne Freerks in leven mr. Schoenmaker binnen Leeuwarden in haar
61e jaar en leit alhier begraven.
Mijn lichaam leit hier onder‛d aard
Mijn ziel is met mijn God gepaard
Sta leezer en bedenk dees‛ korte woorden zin
Alwie met Cristus leeft is sterven groot gewin.
Dat wie dus it grêf fan juffer Berber har mem, mar it is
net mear werom te finen yn de tsjerke fan Tytsjerk, dy‛t neitiid
gâns feroare is en dêr‛t de âlde grêven op twa
nei ûnder de estrikken flier ferdwûn binne.
Ynwenners fan Tytsjerksterdiel, nr G2501 fan de bybleteek fan it
Streekmuseum yn Burgum hat:
Siene Freerks Attema, Mr schoenmaker te Leeuwarden.overleden 1698 of
1702,
Hy wie troud mei Diltje Harmens, Suawoude 31-8-1673; en hja hienen twa
bern: Hermanus en Berber.
Siene wie mede eigenaar "nomina uxoris" van Suawoude stem 7(1640 Harmen
Sjoerds), 1708 de erven. (Nomina uxoris betsjut út namme fan syn
frou)
En yn 1678 mede eigenaar "nomina uxoris" Bergum stem 9. (1640 Beern
Theunis) en dat wie Diltsje har pake. Beide pleatsen wienen dus foar in
part fan Diltsje en letter fan har bern Hermanus en Berber.
Juffer Berber har mem Diltje Harmens kaam dus fan Suwâld en
wie de twadde frou fan Siene Freerks. (By har houlik kaam de namme
Attema of Attama noch net foar mar út "ynwenners fan
Tytsjerksteradiel" blykt dat Siene Freerks sa wol bekend stie, en har
soan Hermanus, dy‛t dûmny wie yn Burum, neamde him ek Hermanus
Attema.)
Siene wie earder troud mei in Kinske Alberts fan Ljouwert, en hie
dêrfan ek al in dochter dope litten mei de namme Berber. Blykber
hie hy frou en bern ferlern.
Sa troude hy yn 1673 mei Diltsje, dy‛t 29 juni 1645 doopt wie yn
Suwâld as dochter fan Harmen Jans en Siouck Beerns. Harmen kaam
fan Tytsjerk en Siouck fan Sumar. Hja hienen fjouwer bern:
Michiel, Jan, Wilke en Diltsje.
Harmen Jans wurdt ‛de weert‛ neamd, hy wie blykber herbergier yn
Tytsjerk, op Altenburg? Hy die belidenis yn Suwâld yn 1651,
hy hie dêr ek twa broers te wenjen, Jan Jans en Sikke Jans.
Sjoukje Beerns wie berne yn 1613, as dochter fan Beern Theunis, dy‛t yn
yn Burgum en yn Noardermar earmfâld wie en eigenerfd boer, earst
yn Sumar, letter yn Noardermar, en yn 1640 eigenaar fan Burgum stim 9;
stoarn yn 1670.
Bern: Sjoukje, Aukje en Theunis, dy‛t him letter Terwisga neamde.
Sjoukje troude yn 1657 (Harmen wie doe blykber al wei) mei in
Hillebrand Hillebrands, en erfde yn 1670 it spul fan har heit.
Har soan Michiel wie doe herbergier op Altenburg, (faaks hie syn heit
dat foar him west)
Har twadde soan Jan Harmens troude mei in Wytske Klazes, en harren soan
Harmen Jans, wie eigener bûker fan de pleats mei stim 7 en 8 yn
Suwâld, diaken yn Suwâld 1706-1708, mei keaper fan Algera
state yn Tytsjerk en troud mei in Aukje Alles en hja hienen
sân bern: Wytske, Sytske, Michiel, Alle, Jan, Sjouke,( jong
ferstoarn) en Sjoukje dy ‛t 11-1-1722 berne waard, mar yn it selde jier
rekken Harmen en Aukje beide al wei, want doe waard de pleats ferkocht
foar £2000 mar de skuld wie £ 6000, sadat de wezen ferearme
achter bleaunen.
En sa lêze jo by Datema, side 51 dat yn 1640 in Harmen Sioerds
eigener wie fan de pleats mei stem VII en floreen nr 6, yn 1698 Jan
Harmens, Siene Freerx en syn frou Diltsje Harmens en har omke Theunis
Beerns Terwisga.
En tsien jier letter yn 1708. De erven fan Siene Freerks, ds Hermanus
Attema, en Berber Sienes Attema weduwe fan Luitenant Sybrand Walta van
Coenders.Yn 1720 hawwe hja dy pleats ferkocht oan Harmen Jans en Aukje
Alles.
Jimme sjogge dat it net slagge is om folle mear oer Juffer Berber en
har man Sybrand te witten te kommen. Fansels moat der noch hielwat
famylje fan har yn Suwâld wenne ha fan it Harmen Jans folk. En
faaks wenje der noch wol in protte fan yn de omkriten,
Mar fan de famylje Coenders van Walta stiet yn it Stamboek fan de Adel
neat.
Tafallich fûn ik yn in skrift mei oantekens út it
argyf fan de tsjerke fan Suwâld in oantekening fan Albertom,
dêr‛t hy alles yn byinoar brocht hie oer Berber Sijnes Attama
laast weduwe Coenders, en dat wie in hiele list.
Dy hiele list sil ik hjir mar net oanhelje, mar gearfette wienen der
oan kosten foar ferpleging en sykte fan Juffer Berber Attama makke 363
caroli gûnen 7 stoeren en 12 peinjes. Oan neikommen rekkens
wienen der noch 116 car. g. 5 st. 8 p; de begraffenis koste 48 car.g.
en 9 st. sadat der oan onkosten wienen 528 car.g 2 st. 4 p.
Dêr stie oan ynkomsten tsjinoer, wat fan de famylje, in kwart fan
it hûs oan it Saailân yn Ljouwert en fan it boelguod fan
har neilittenskip meiinoar 224 car.g. 11 st. sadat der oan kosten foar
de tsjerke oerbleaunen 303 car.g. 11 st. 4 p.
Dat wie in hiel fermogen yn dy tiid en ik ferûnderstel dat hja
dêrfoar, doe‛t hja har sels net mear rêde koe en help
nedich hie, op‛e selde manier as Albertsje Martens, har hûs yn
Suwâld oan de tsjerke of oan de diakenije skonken hie, op
foarwaarde dat de diakenije har fierdere fersoarging regele en betelle.
Dat dat hûs der wie blykt wol út de rekkens foar
ripperaasje oan it hûs fan Berber Attama.
Dat hja meieigener wie fan‛e Douma‛s pleats en in hûs oan‛t
Saailân, en in eigen hûs hie yn Suwâld, lit wol sjen
dat hja dat net út earmoed die, mar harsels net mear rêde
koe en ferpleging nedich hie.
Ut de rekken blykt dat hûs oan it Saailân de
sulversmidswinkel te wêzen fan Dominicus Silversmid. Mooglik dat
dy it by har ferstjerren wol kocht hat fan de famylje Attama.

Sulvermerk fan Wibe Dominicus
Dominicus, Wibe. Werkzaam te Leeuwarden. Geboren Leeuwarden 1720.
Huwelijk te Roordahuizum in 1757 met Tieltje Andeles. Mr. 1744.
Activiteiten als zilversmid gestaakt voor 1781. Overleden te Leeuwarden
20 mei 1789.
Oernaam fan:http://members.home.nl/jan.schipper/merkenfrindex.html
Aldereinsoarch yn‛e 18-de ieu.
Aldereinsoarch hat der altyd west, meast waarden de âlden troch
de bern
meiinoar, of troch ien fan de bern, dêr‛t dat lang fan te foaren
al mei oerienkaam wie, fersoarge.
Troch boeren waard de pleats faak neilitten oan ien fan de bern, soms
de âldste mar faak ek de jongste fan de jonges, dy‛t op de pleats
bleau en by heit en mem ynwenne mei it betinkst dat hy meidertiid
de pleats oer kriege en de fersoarging fan syn âlden op him naam.
By rike lju wie it gjin probleem, dy koenen folk genôch betelje
om har te fersoargjen.
En as hja sels net mear goed mei de holle wienen, dan koe in notaris of
in rintmaster dat wol foar harren regelje.
Mar foar immen dy‛t safolle jild net hie, en gjin famylje en gjin bern;
en dy‛t him of har net ynkeapje koe yn in gasthús, wie it wol in
probleem en dat moast op‛e tiid regele wurde.
Earder yn de midsieuwen wie dat in taak foar de kleasters. Dy namen
faak sokke minsken op, en waarden dan de ienige erfgenamd, dy alle
eigendom en alles dat harren noch tafalle mocht út erfpoasjes of
fergoedings yn eigendom krige en dêrfoar de minsken oan‛t harren
ferstjerren ta fersoargen en ek noch dêrnei foar begraffenis en
sielemissen boarch stienen.
Gasthuzen en earmhuzen hienen yn‛e stêd dy taak oernaam. Yn in
gasthûs koe men jin ynkeapje, yn in earmhûs soargen
stedsbestjoer of tsjerke foar de nedige stipe.
It hong hiel bot fan de fermogensposysje fan sa‛n gesticht en fan de
kundigens fan de lieding ôf hoe goed dy fersoarging wie. Men kin
fan tinken wol ha dat it yn it gasthûs aardich better wie as yn
it earmhûs!!! Mar it wie foaral foar siken tige ‛primityf.‛
Siken leinen faak mei in protte minsken yn ien seal, en faak mei twa of
mear!! yn ien bêd of bedstee. Gjin wûnder dat de measten
leaver thús bleaunen en har troch bekenden fersoargje lieten en
yn it doarp wie ek gjin gasthûs.
Foar Berber begûn it yn 1729, hja kin al wol langer yn
Suwâld wenne ha, mar dêr ha ik gjin bewiis foar of tsjin.
Yn 1729 wurke hja sels noch mei en krige fergoeding foar it meitsjen
fan 2 himden foar Durk Gerbens.
Mar fanôf 2 jannewaris 1730 wurdt der betelle foar har
ûnderhâld. Soms kriget hja wat bûsjild, de rekkens
fan leveransiers wurde foar har betelle en guon minsken wurde betelle
foar soarg en ferpleging dy‛t hja oan Berber jûn hawwe.
Dat liket dochs wurk fan de ‛buert‛ te wêzen; it binne
foaral Antsje Wopkes en Albertsje Martens dy‛t har fersoarge hawwe. En
Sytse Douwes en Wopke Sierds, dy‛t holpen as dat nedich wie. En fierder
binne it allegear minsken fan‛e Suderein en it Heechhiem.
Dat wie foar
har dus de ‛buert‛. En dat wiist der ek op dat hja op it Heechhiem
wenne.
Fan 5 des. 1751 oan‛t 27 febr. 1752 waard hja ferplege yn it hûs
fan Ludzer Tseards in arbeider, dy‛t neffens Datema wenne dêr‛t
yn‛e 70-ger jierren Tjitte Kooi wenne, by de iisbaan, no Suderein 20.
Ludzer syn frou Harmke Joukes ferpleechde har doe en tsjinne dêr
foar by de neikommen rekkens, boppe it kostjild foar dy 12 wike 14
car.g. 5 st., noch in rekken yn fan 3 car.g. Earder wie it
ûnderhâld iderkear 11 stoeren yn‛e wike, mar de ferpleging
kaam dêrmei op mear as it dûbele, 29 stoeren yn‛e wike.
Omdat it kostjild 27 febrewaris 1752 ophâld, nim ik oan dat hja
yn dy lêste wike ferstoarn wie. (En dus net foar 1749 sa as ik
tocht omdat hja net yn de kohieren fan 1749 foar kaam. Mar dêr
fine jo Wopke Sierds ek net yn, en dy komt yn‛e doop en trou boeken fan
Suwâld/Tytsjerk wol foar, en ek yn dizze rekkens.)
Boer Symen, wurdt yn‛e rekkens allinne neamd foar it leverjen fan
bûter op‛e begraffenis. En Tsjebbele Minnerts, dy‛t in haadrol
spile yn it stik komt alhiel net yn de rekkens foar; allinne syn frou
Sytske Wouters ‛voor ghedane diensten aan Berber Attama‛ 6 stoeren, hat
hja betsjinne by de begraffenis? Hja wennen doe op it Heechhiem en
hearden dus by de buert.
De measte minsken dy‛t yn‛e rekkens foarkomme ha we al besprutsen yn it
maart nûmer 2008 fan Meiinoar en dy steane ek wol yn "P. Datema
Suawoude" side 214.
En hja sille de lêzers fan dizze stikjes stadichoan hast like
bekend yn‛e earen klinke as de Suwâldsters fan hjoed-de-dei.
Yn de oantekens fûn ik noch in mienskiplike
administraasje yn Suwâld yn de 19de ieu.
Yn dy administraasje, dy‛t Albertom net alhiel oerskreaun hat, mar
allinne dat dat hy fan belang fûn, giet it oer it
ûnderhâld fan twa brêgen, in grutten en in lytsen.
Ik wie hiel nijsgjirrich wêr‛t dy brêgen
wienen, want dat stie der nergens by.
Gelokkich stienen der ûnkosten yn foar it skriuwen fan
‛rekwesten‛. It wie dúdlik dat dy oan it gemeentebestjoer
rjochte wienen en dat joech de kâns dat dy yn it gemeente argyf
wêrom te finen wienen. En dat bliik ek sa te wêzen.
It gie neffens de "Inventaris Eilers" nr 259 "over het wegnemen
van het brugje bij de Hogendijk onder Tietjerk"
Yn eltsgefal ien brêge, mooglik beide, leinen dus yn de Alde
suwâldsterdyk.
Ik naam oan dat de brêgefâlden en de
kontribúsje betellers de belanghawwenden by de brêgen
wienen, omdat hja dêr gebrûk fan makken om by har hûs
of lân te kommen, krekt sa as dat gie by de barten op‛e
Rûchfinne, dat wie hjir folle minder maklik fêst te
stellen. Fan mar in pear minsken wurdt de namme neamd foar it beteljen
fan kontribúsje en dat allinne omdat hja ien of twa jier achter
wienen mei beteljen.
Achternei bliik dat it ûnderhâld
fan dy âlde Suwâldsterdyk of Hegedyk foar rekken fan de
ynwenners fan Suwâld wie. It hiele doarp betelle der dus oan mei.
De oantekens begjinne yn 1810, (dus noch yn de ‛frânske tiid‛) en
rinne oan‛t 1861.
Yn 1810 begûnen Wybren Rinderts Gerritsma "als
administreerend Bruggevoogd te Suawoude en Yke Ritskes Bergsma als
toeziend voogd aldaar." Blykber begûnen hja yn july nei in
rekkengearkomste dêr‛t de ôfgeande brêgefâlden,
de "Weduwe Sipke Symens Algera en Tseerd Wouters (Hiemstra)
volgens akkoord bij de stemming " noch 20 gûne fan oerdroegen,
dat wienen doe noch de caroligûnen ferdield yn 20 stoeren en de
stoer yn 16 penningen of ‛duiten‛, skreaun as: 1-19-15, ien gûne
19 stoeren en 15 duiten. Dat rekkenjen yn caroligûnen gie noch
troch oan‛t 1830, doe waard de skriuwwize foar datselde bedrach ƒ
2,00;(de 15 duiten ôfrûne nei boppe makket de 20 stoeren
fol en dan is it twa gûne.)
De jierlikse kontribúsje wie net foar elk gelyk, en wie ek
net alle jierren gelyk, sadat ik oannim dat de oanslach rekken
hâlde mei de grutte fan it lân en mei de kosten dy‛t yn de
tiid fan de ôfgeande brêgefâlden makke wienen en op
de rekkendei fêststeld waarden. Sa gie it by it barteset en de
mûne ek.
De ûnkosten gienen oer de reparaasjes oan de brêgen, it is
meastal wurklean en materialen, hout (hânsmeide)spikers,
izerwurk, ferwe, tarre en fracht.
Yn maart 1823 wie it brêgedek fuort, mei
heechwetter en stoarm der ôfslein? Klaas Mellema krige 8
stoeren om it wer op te sykjen.
Yn 1853 en ‛54 waarden der ferskate ‛rekwesten‛ skreaun "over het
wegnemen van het brugje" mar yn 1855 wurdt der wer goed ƒ 8,–
útjûn foar it opmeitsjen fan it bregje, it bleau dus
bestean.
Gelokkich binne de rekwesten, dy‛t master Beerda yn 1854 skreau, noch
yn
it argyf fan de gemeente en ek de antwurden fan it gemeente bestjoer
dêr op.
It blykt te gean oer de de "brug in de Hogedijk" en "in de Suawoudster
Oudedijk lopende tussen de Zomerweg en de Warren" en twa kear "de brug
in de weg naar Suawoude. De Suwâldsters, fertsjintwurdige troch
Douwe Ykes Bergsma en Daniel Bouwes van der Meulen, wolle it bregje
opromje en ferfange troch in daam mei in pomp dat is folle minder
kostber en folle feiliger foar de "rijtuigen".
Mar it gemeente bestjoer hat de fjildwachter der op útstjoerd om
de miening fan de oare belanghawwenden te hearren, en dy woenen der
neat fan witte, omdat dat de wetterlossing yn gefaar bringe soe.
Sadwaande koe it gemeentebestjoer it fersyk net tastean en waarden de
brêgefâlden der op wiist dat hja dus ferantwurdlik bleaunen
foar degelik ûnderhâld fan de brêge en trochstreaming.
Dy fjildwachter sil wol net de suwâldster fjildwachter west ha;
Sake Ritskes Bergsma, dy‛t buorke dêr‛t no it leanbedriuw fan van
der Meulen sit, en súdlik dêrfan. Yn it kadaster komt hy
foar as ‛de veldwachter R.S.Bergsma, hy folge yn 1819 syn broer Yke
Ritskes op as brêgefâld oan‛t yn 1823 en ûndertekene
ek letter noch ôfrekkeningen.
Noch yn 1858 kaam der foar ƒ30,50 in nij brêgedek, mar der stiet
net by foar welke brêge, dus ik tink foar de grutte. In earder
brêgedek foar de lytse brêge koste mar ƒ8

Fan ‛59 bin der gjin rekkens, mar yn april ‛60 wurdt de beskoeiing wer
opmakke en de leuning fernijd. Op 6 juni 1861 wurde de lêste
kosten betelle oan Yke Douwes Bergsma, in kwartsje foar it
rûnsizzen fan de ôfrekkengearkomste.
Ut dizze ûnkosten blykt wol dat it om houten brêgen gie,
gjin barten, se koenen dus net flapt, draaid of ôflutsen wurde.
Dan leinen hja net oer fearten dêr‛t gruttere skûten troch
farre koenen, heechstens in pream of in fiskersskou dy‛t der
ûndertroch koe.
De ynkomsten blike te bestean út "contributie van ingezetenen
van Suawoude" 10 gûne 4 stoeren foar twa jier, ut it ferhieren
fan de fiskerij yn de brêge (oan‛t 1822), en it ferhieren fan it
gêrs op de ‛hoge dijk‛. Dy namme hegedyk sei my ek neat, mar
faaks binne der guon fan de lêzers dy‛t noch witte dat de
âlde suwâldsterdyk sa neamd waard.
Yn it gemeente argyf wurdt de wei dêr‛t de brêge yn lei
Hogedijk neamd, en dumny Datema neamde de âlde wei fan de
Noarderein nei de Simmerdyk ek Hogedijk
(P. Datema, Suawoude, side 89)
Doe‛t yn 1830 oergien waard op de nije nederlânske
gûne waard de ferhiering fan it gêrs op de hegedyk
oerlitten oan notaris Brouwers. Mar dat levere mar sa‛n bytsje op, dat
se it yn 1837 wer ûnderhâns dienen. Yn 1855 barden se
foar it ‛rijs‛ ,(biezemriis), fan de hegedyk ƒ0,30. Blykber wienen
dêr dus beamwâllen mei bjirken.
Yn 1851 barden se foar it earst ƒ 5,25 subsydzje fan de gemeente. Yn
1860 noch ris ƒ23,50 en dat wie blykber om de brêgen op te
heffen, want op 6 juny 1861 waard de lêste rekkendei hâlden
" ten huize van Bouwe Daniëls van der Meulen, hij wordt door allen
bedankt en de brugadministratie ontbonden."
En wer kinne dy brêgen no lein hawwe. It stikje kaart hjir
njonken is in stikje fan de kaart fan Eekhof út dyselde tiid. It
lit de hegedyk sjen mei namme de oude-weg fan de Simmerdyk oan‛t de
Warren, der binne twa plakken dêr‛t hja wetter krúste, by
de eastlike hals fan de "Zanding" en efkes súdliker
dêr't de feart om itselde polderke de wei krúste.
( Sjoch de pylken ) Mooglik wienen dat de plakken dêr‛t de
brêgen leinen.
Wis is dat lykwols noch net, dat as immen der mear fan wit wol ik dat
wol graach hearre.
It ferhaal oer Wybren Wybrens fan Hegbeintum en de moard op de
doarpsrjochter fan Jannum is beskikber as Moard te Jannum .pdf dokumint
dat jo hjir fine kinne.
Sterfgevallen
waarvoor wij de doodkist hebben gemaakt
Sa as we by de stikken oer de begraffenis fan Juffer Berber al
seagen, yn Meiinoar fan febrewaris 2008, waarden alear de deakisten
troch de doarpstimmerman op maat makke. Yn de oantekens fan Albertom
komt dan ek in boekje foar mei de nammen en leeftiden fan de minsken
dêr‛t Albertom fan 1891 oant 1926 in deakiste foar meitsje moast,
meiinoar 220 stiks.
De administraasje is net alhiel krekt as men it ferliket mei de
gemeente administraasje, it is faaks letter út it
ûnthâld optekene, en soms binne nammen en leeftiden net
mear bekend, en stiet der "kindje van D. Oosterman oud?" of
"Hielkje J. van der Meulen" sûnder datum of leeftiid, wylst it in
Sijke blykte te wêzen fan 7 dagen âld.
It koste efkes tiid om de bern sûnder namme en leeftiid op te
spoaren mar mei help fan Ria van Hemmen op it gemeente argyf en
www.alle friezen.nl is it dochs slagge.
In pear opmerkings
It past net om dy list hjir alhiel ôf te printsjen dochs
jout it oanlieding ta in pear opmerkings.
Elk wit dat de sûnenssoarch goed hûndert jier ferlyn sa
goed noch net wie as no en it wie fansels ek net oeral gelyk. Yn de
grutte steden, foaral de steden mei universiteiten en akademyske
sikenhûzen wie it in stik better as op it plattelân, mar
dêr wie ek in soart fariaasje troch omstannichheden, earmoed,
tradysjes, gewisse beswieren, bygelyks tsjin ynintsjen ensafuorthinne.
Bernestjerte
Opfallend is it hege stjerte sifer foar bern oant en mei 1jier, 48, en
fan bern fan 2 oant 5 jier ,8, meiinoar 56, dat is mear as 25 % fan it
tal ferstoarnen.
En it is ek net sa dat der nei 1900 folle ferbettering is. De heechste
getallen komme foar yn 1892,-93 en -95,elk jier 3 en foaral 1904 mei 7
en 1905 mei 4 springe der út, mar dat jild ek foar de
âldere leeftiids groepen, wylst der trochinoar 6
ferstoarnen yn it jier binne , binne der yn 1904 meiinoar 15 en yn
1905 18. En ek it oantal ferstoarnen yn de gemeente wie yn dy
jierren ûngewoan heech, sûnder dat de jierferslaggen
melding meitsje fan slimme of besmetlike sykten. Men soe sizze, der
moat dochs wol wat oan‛e hân west hawwe.
Net goed genôch foar statistyk
No wie it net sa dat Albertom de ienige wie dy‛t kisten makke. Yn 1894
makke hy 4 kisten, mar der wienen 9 begravingen yn Suwâld. Yn
1900 makke hy 2 kisten, mar der wienen 10 begravingen, neffens de
jierferslaggen fan de gemeente.
Dat makket dat dizze list fan Albertom allinne net goed geskikt is foar
in statistyk oer de berne-stjerte yn Suwâld yn it earste kwart
fan de foarige ieuw, dan moat men djipper yn de gemeente administraasje
dûke, en alle oanjeften fan ferstjerren neisjen. Dy komme
meidertiid allegear op it ynternet te stean yn www.alle friezen.nl, fan
guon gemeenten steane se der no al yn, Tytsjerksteradiel moat noch
skent wurde, dus dat duorret noch efkes, mar nammen en data binne al
oernaam, dy binne dêr dus al te finen.
De Spaanske gryp
Eins hie ik ferwachte dat der foaral yn‛e earste wrâldoarloch
troch earmoed en min iten, en foaral yn 1918 en -19 troch de Spaanske
gryp, folle hegere sifers wêze soenen, mar dy wienen mar in
bytsje heger as trochinoar; 10 yn 1918 en 9 yn 1919, en dêr
wienen grif in oantal slachtoffers fan de gryp by, de âlderen fan
jimme kinne der fêst in mannich út har famylje opneame.
De T.B.C.
Ek is it mei dizze list net mooglik de ferskate golven fan tuberkuloaze
nei te gean. Dochs wie dat yn it begjin fan de foarige ieu, ek yn
Suwâld, noch in folle foarkommende kwaal. It heucht my dat der yn
Suwâld yn‛e tritigerjierren ferskate ‛tintsjes‛ stienen,
gelokkich stoaren dy, meast jonge minsken, der net allegear oan, mar de
sykte wie minstens sa berucht as de kanker hjoed-de-dei.
Rampen
Dochs komt men wol in oantal skrynende gefallen tsjin.
Bouwe Wouters Hiemstra ferlear syn earste frou Antsje 10 dagen nei dat
hja befallen wie fan in lytse Wouter.Hy troude 4 jier letter wer mei in
Geartsje Loonstra, en hja krigen noch fjouwer bern. 15 jier gie alles
bêst, doe sloech it needlot ta. Geertsje wie al 44 doe krigen se
noch in neikommerke, in Martinus Johannes, mar 9 dagen letter stoar
earst Geartsje, in pear wike letter de lytse Martinus, it folgjende
jier jannewaris Aafke fan 12 en yn maart Antsje Geartsje fan 6jier. Yn
ien jier fjouwer stjergefallen yn ien húshâlding. En
sokken wienen der mear, ik ha te min romte om se allegear op te neamen.
Mar guon waarden ek âld.
De âldste yn de list waard 92jier. Dat wie Hendrik Ruurds
Posthuma berne 28-11-1834 yn Aldegea Sm en ferstoarn 24-12-1926
Suwâld. Hy wenne dêr yn by syn soan Ruurd Posthuma. Hja
wennen neist bakker Sipke Wadman, yn wat doe nr 61 wie, yn 1928 wenne
Ruurd dêr noch allinne.
Douwe Siemens Algra waard 90 jier en 10 moanne;
Ieskje Jans Haarsma,de widdo fan ds Kreulen 90 jier en 8 moanne;
Sijke Lefferts Annema, widdo fan Anne Piekstra 89 jier;
Anne Eetzes Sikma, (de heit fan "Sake Baaie"), 88 jier en 11 moanne.
Yn de list steane 30 dy‛t âlder waarden as 80 jier. 13,6% fan de
220.
De libbenstiidferwachting by de berte wie doe net heech ik skat it net
heger as 40 jier. No is de libbenstiidferwachting yn ús gemeente
foar manlju 75 en foar froulju 80 jier. Dat is al in hiele ferbettering
neffens 75 jier ferlyn.
In goed foarútsicht dus foar ús jongerein, at se
teminsten goed op har sûnens passe!
Mar it is net elk jûn om sa âld te wurden. Sûnens is
in jefte dêr‛t je sels mar in bytsje oan dwaan kinne en dus tige
tankber foar wêze moatte.
DE
OFHANNELING FAN IN UNGELOK
Minsken binne net altyd foarsichtich genôch en dus giet it faak
noch krekt goed, mar soms giet it goed mis, en dan sprekt men fan in
ûngelok. Dat wie by âlds al krekt lykas no, al wie it
ferkear doe hiel oars as no, ûngelokken kamen doe ek foar en soms
ek slimme mei in protte slachtoffers. Fierwei it measte ferfier fan
fracht en persoanen gie doe mei beurtskippen. Suwâld sil ek altyd
wol ien hân hawwe.
Yn de oantekens sit in beskriuwing fan de ôfhandeling fan in
ûngefal op‛e krúswetters ûnder Garyp.
De oanjefte wurdt op tekene troch de sikretaris fan Tytsjersteradiel
Jetze van Sminia, mei as getuge Fokke Ypey, as ‛mederegter‛. Hja
makken dêr dit stik fan op:
"Inventarisatie en beschrijvinge van de losse goederen door Jan
Jochems, Pyter Symens, Goijtzen Atzes en Jan Reins veerschippers van
Optwijzel en Cootstertille alhier int regthuis gebragt van een
vreemdeling genaamd Harmen thuishoorende in de Pekel A.
Hja wienen de 25'ste juny mei ûngefear 60 persoanen op har skip
ûnderweis nei Snits. – It sille foar in part ‛hantsjemieren‛ west
hawwe, ûnderweis nei de greidhoeke om de boeren dêr te
helpen yn de ûngetiid--. Harmen wie troch it omgean fan de fok
oerboard slein en ferdronken.
Syn plunjesek wûrdt yn it bywêzen fan de skippers
‛visiteerd‛; de ynhâld bliik te bestean út:
Twa manlju‛s
himden murken mei de letters H.N.
Twa âlde
Turkslinnen broeken. Ien âlde linnen ‛hemd rok‛.
Ien pear
‛gespikkelde Uitlandsche kouzen‛.
In koker mei
in skearmes.
In Amsterdamse
almanak fan it jier 1787.
In pear skuon
mei riemen.
In âlde
blikken tabaksdoaze mei wat stopjern, in swarte manlju‛s hoed.
En in
dûbele linnen sek.
Aldus geinventariseerd door ondergeteekenden: en dan folgje de seis
hanteekens.
En dan is der noch in rekken mei oantekens fan de doarpsrjochter
fan Burgum, Hinse Wytses.
De doarpsrjochter fan Garyp hat sa lang socht dat se de ferdronkene
fûn hienen en him oan lân brocht en mei de wein nei Garyp
ferfierd en dêr beklaaid, kiste en begroeven. Dat blykt út
de rekken:
Dorpsregter
van Garijp heeft bij de overledene aan geld bevonden 21 cargld.
De losse
goederen, (dat wie dus it guod fan de ynfentaris hjir boppe) wienen by
opbod ferkocht en hienen opbrocht 9-9-8 meiinoar dus
30-9-8
It finen,
út it wetter heljen en ferfier fan de Krúswetters nei
Garyp 2 - 4-0
in lekken en
in deadshimd
1-12-0
beklaaien en
ôflizzen
1 - 8-0
foar de
kiste
7 - 0-0
Oan de
deagraver foar it begraven
0-16-0
en foar de
oeren, onkosten en reiskosten fan de doarpsrjochter
5 - 0-0
meiinoar 19 - 0-0
Der wie dus noch oer 11-9-8 as neilittenskip foar de widdo of erven.
Ut neat blykt dat de neibesteanden berjocht hân hienen of dat it
jild dêr hinne stjoerd of brocht waard. Dat koe ommers net
sûnder kosten, en dan wienen dy grif oanjûn. Alles meiinoar
wie it yn in goed wike ôfhannele, de datum ûnder de rekken
fan Hinse Wytses is 2 july 1787.

Harmen wie dus blykber gjin meander, want dy namen har ark, in seine en
harring sels mei. En dat komt yn de ynhâld fan syn plunjesek net
foar. Mar ek gjin hannelswaar fan in bakjerinner. It sil dus dochs wol
in ûngetider west hawwe.
Men freget jin ôf, mar hat men mei safolle minsken op it skip dan
neat dien om de man dy‛t oerboard foel te rêden? Wie der net ien
oanboard dy‛t swimme koe?
In protte k:âns fan net, ek skippers koenen doe meastal net
swimme.
En dan wol 60 minsken op sa‛n beurtskip, wie dat net wat te
folle? Wy binne sa gelokkich dat der krektlyn in ‛replika‛ fan sa‛n
beurtskip yn Earnewâld te wetter litten is, dan kin men wol sjen
dat 60 minsken op sa‛n skipke wol in hiele protte is en dat der dan, by
it troch de wyn gean en it omgean fan de fok, maklik ien oerboard slaan
kin
En it is net mooglik mei in silend skip samar te stopjen of om te
swaaien. As de drinkeling net fuort yn it foarbyfarren oppikt wurdt,
duorret it foar ien dy‛t net swimme kin fierstentelang eart it skip wer
by him is. Oer feilichheids maatregels as swimfesten, reddingsboeien of
sa beskikte men doe noch net. Hoewol út de "oktrooyen en
reglementen" foar beurtskippen blykt dat de skippen goed ticht, feilich
en oerdekt wêze moasten en dat dat troch de oktrooy jouwers, de
stêds en grytenij bestjoeren ek geregeld kontrolearre waard.
Oerbeladen wie ek net tastien, as der tefolle fracht oanbean waard of
tefolle minsken mei farre woenen, dan moast de beurtskipper foar in
reserve skip soargje en de lêst ferdiele. Allinne as dat minder
opbrocht as ƒ15 mocht er dat wegerje.
Yn it argyf fan de Leeuwarder Courant kin men in hiele protte rampen en
ûngelokken mei beurtskippen fine, de measten op de
Sudersee/Isselmar mar ek ferskate op‛e binnewetters
En sa as men koartlyn lêze koe, giet it ek hjoeddedei by
skûtsjesilen wol ris mis, reitsje der minsken te wetter, of komme
mei stikkene ribben yn it sikenhûs te lâne. Mar no is der
hast altyd wol help by de hân, draacht elk in swimfest, en kinne
de measten goed swimme! En dat wie eartiids wol oars.
De Aebelina
JURJEN SCHENK VAN
TOUTENBURG
Yn de oantekens is in stik fan 8 kantsjes, oer de steedhâlder
foar keizer Karel V, Schenk van Toutenburg. Net sa frjemd fansels,
Albertom kaam op syn reizen nei Ljouwert altyd de Swartewei lâns
en it plak dêr‛t de Toutenburg oan‛t 1856 stien hie foarby.
Albertom wie fan 1863 en hie dat âld kasteel dus sels net mear
kent, mar sil der noch wol in protte oer heard hawwe en it sil him
altyd wol tige ynteresearre ha.
Jurjen (of George) Schenk van Toutenburg
wie yn 1496 mei Frederik fan Baden, biskop
fan Utert yn it
lân kaam, en yn 1502 troch dy biskop oansteld as syn drost yn
Oeryssel op syn kasteel yn Vollenhove. Yn 1517, by de dea fan biskop
Frederik, gie hy oer yn de tsjinst fan Karel V, dy‛t yn oarloch wie mei
Gelre, dat ek in grut part fan Fryslân en Grinslân beset
hie. Yn 1521 beneamde Karel him ta steedhâlder yn Fryslân,
dat joech him de mooglikheid sels in kasteel te bouwen by Vollenhove en
foar syn wurk yn Fryslân ek ien by Ryptsjerk oan‛e sânwei
fan Ryptsjerk nei Tytsjerk. De ferbining mei Ljouwert wie min, by‛t
simmer oer de Lytsegeast, dan troch it fjild nei it Tynjeset op‛e ein
fan de Tynjedyk. En by‛t winter oer Gytsjerk, de Canterlânsdyk,
Miedum en Lekkum en de Lekkumedyk nei de Hoeksterpoarte. Doe allegear
noch reden en sânpaden, op‛t hynder wol te dwaan, mar mei riderij
tige min.
De Swartewei
Yn 1529 stelde hy de steaten foar om in wei oan te lizzen fan de
stêd nei syn hûs en dy te fersjen fan brêgen en mei
pún te ferhurdzjen. De steaten seinen dat hja har beriede
soenen, de stêd Ljouwert stie foar in treddepart fan de kosten en
Eastergo sei 800 florenen ta, mar de oaren woenen fan neat wite,
hja hienen der gjin belang by.
Twa jier letter by de lândei wie der noch neat bard. Mar
doe hienen de Ljouwerters har nocht en begûnen mei it oanlizzen
fan de wei earst oer de Lekkumerdyk oan‛t de Bonkefeart, dêr‛t se
in tolhûs setten om de kosten te bestriden, en doe fierder
bylâns de Bonke, mei in hegebrêge oer it Alddiel en de
skânsenbrege oer de feart tusken de Grutte en de Lytse Wielen,
dêr kamen noch twa skânsen by om de wei nei de stêd
te ferdigenjen by in oanfal, en sa nei de Toutenburg, en dêr hyt
it no noch altyd Swarteweisein. Twa jier letter regele it Hof fan
Fryslân de fergunning foar it tol, dus doe wie de wei klear.

De Gelderske oarloch
As steedhâlder wie van Toutenburg it meast beset mei de oarloch
tsjin de Geldersken, dy‛t yn‛e mande mei Eastfryslân, Grins en de
Fetkeapers, har tsjin it Boergondyske gefaar fersetten. Derby hie hy
gâns sukses, ek al omdat it it Boergondyske ryk net oan jild
ûntbriek, en hy net sa bang wie en dêrby ek faak syn
libben weage en sels gauris ferwûne waard, yn 1522 in skot yn syn
skonk foar Genemuiden, by Surhuzum yn in slach mei de Geldersken in
skot yn‛e earm, in wûne oan‛e skouder foar Dokkum en ien yn‛e
side foar Sleat, tagelyk mei syn fjildoerste Wassenaar. Hy hie it gelok
dat syn wûne wêr bettere, wylst Wassenaar in pear dagen
letter stoar.
Yn 1528 waard de wrâldske macht oer Oeryssel en Drinte oerdroegen
oan de Keizer en doe waard van Toutenburg huldige as steedhâlder
fan Oeryssel en Drinte.
Yn 1536 hie hy Grinslân ek alhiel yn hannen en waard dêr
doe ek steedhâlder.
Sa waard hy ien fan de machtichste mannen fan it Boergondyske ryk.
Ridder yn de oarder fan it Gouden Flues, in rûntsje fan de 50
machtichste mannen fan syn tiid.
Hy wie gjin maklik man om mei om te gean. Tige betûft mar ek tige
wreed yn syn oarloch fieren. Albertom neamd as foarbylden: It
deaslaan fan Heerke Feykes fan Marsum en syn mannen, by it ynnimmen fan
Waltahûs te Wiuwert. It ophingjen fan njoggen man fan de
Geldersken, dy‛t har oerjoegen by de ferovering fan Warkum en it
ophingjen, ûnthalzjen en fersûpen fan de dopersken nei de
ferovering fan Blomkamp.

De Werdopers
Neist, en mei troch it oarlogjen en de opkommende reformaasje en troch
earmoed en ûnrjocht, wie der in protte soasjale
ûnrêst en opstannen.
Keizer en steedhâlder wienen dêr fûl tsjin en
besochten it mei geweld te smoaren.
Net sa frjemd as je wite hoe‛t it der yn Münster oanwei gien wie.
Dêr wienen de dopersken oan‛e macht kaam en hienen al wa‛t him
net dope litte woe de stêd útjage. Hja rôpen de
stêd út ta it Nije Jeruzalim, alle eigen besit waard
ôfskaft, op it sûndigjen tsjin de tsien geboaden kaam de
deastraf, hja ferwachten elk momint it lêste oardiel.
Hja stjoerden boaden út nei alle lannen om dopersken op te
roppen har te helpen en de stêd, dy‛t troch de ferjage biskop
belegere waard te ûntsetten. Yn Fryslân kaam as boade Jan
van Geelen en sammele mear as 300 dopersken, dy‛t har nestelen yn it
kleaster Blomkamp by Hatwert, peaske 30 maart 1535.
Toutenburg belegere it kleaster en besocht har earst mei
ûnderhanneljen ta reden te bringen. Hy woe gjin opstân
útlokje; mar hja rekkenen der op dat it folk yn opstân
komme soe
om har te helpen. Dat barde net.
Nei sân dagen fan besjitting en ferskate bestoarmingen waard it
kleaster ynnaam, de measte ferdigeners deaslein, de lêsten
ophong,
de froulju meinaam nei Ljouwert en dêr troch it Hof feroardiele
en fersûpt yn de Himpenser mar.
De Diken
By al dat oarlogjen wienen de diken min ûnderhâlden
en by stoarmen yn 1524 en 25 foaral yn Westergoa slim beskadige.
De dykplichtigen dienen har bêst, mar koenen it net allinne oan
en
woenen help hawwe fan de binnendyksters (eastlik fan de Slachte)
mar dy en Eastergoa, dat syn diken ynoarder hie, woenen fan neat wite.
De
steedhâlder slagge der yn in regeling te treffen. Seis stoeren
op‛e floreen yn trije jier te beteljen. It duorre oan‛t 1533 eart
der in goede regeling kaam foar it ûnderhâld fan de diken
yn Westergoa en de Sânwâlden. Dy regeling it ‛Grut
arbitramint‛ gie 7 maaie 1533 yn.
Op 2 febrewaris 1540 stoar Jurjen Schenk van Toutenburg, noch gjin 60
jier âld, op syn kasteel by Vollenhove oan de behandeling fan de
wûne oan syn skonk, dy‛t hy by de belegering fan Genemuiden
opdien hie en dy‛t nea alhiel bettere wie. Syn soan Carel erfde
it slot Toutenburg op Swarteweisein.
Yn de oantekens binne der in pear skriften mei skoalle ferhalen,
ynplakte kranteknipsels fan stikken dy‛t master F. Bos om 1910 hinne yn
it Nieuwsblad van Friesland skreaun hie ûnder de titel:
‛Schooltoestanden voor 100 jaar.
It giet oer de skoallen yn it 4-de ynspeksjedistrikt yn Fryslân,
mei as ynspekteur ds. Horatius Nieubuur Ferf; en dy ferhalen komme
allegear út de ferslaggen yn it "Memoariaalboek" fan de
ynspekteur. In man dy‛t syn wurk mei in protte tawijing die.
It giet dus om ferhalen oer tastannen út in wide krite om
Suwâld hinne, Suwâld foel ek ûnder dyselde ynspeksje.
No de skoalletastannen yn Suwâld yn dyselde tiid binne al troch
ds. Datema beskreaun, siden 169-179, dus sjogge we no efkes by in oar,
mocht der noch al wat nijs oer Suwâld te foarskyn komme dan nimme
we dat ek wol mei.
Krektlyk as yn Suwâld wienen ek yn de oare doarpen de
skoallen in oanbouw fan it kostershûs, dat wie yn de ieuwen
dêrfoar altyd sa west. Troch de grutte bernestjerte, en de
earmoed wienen der faak mar in pear bern dy‛t nei skoalle gienen.
Twintich op in doarp as Suwâld of Jistrum wie in protte.
Underwiis oan in hiele klasse wie dus net mooglik, master rôp in
pear bern fan sawat deselde leeftyd en beleardens by syn ‛kateder‛ en
behannele mei harren in leske, joech se wat opjeften mei en rôp
dan in folgjend groepke. It wie net maklik sa oarder yn‛e skoalle te
hâlden, guon bern ferfeelden har ferskriklik en ferfoelen dan
maklik ta kattekwea. Yn 1806 kaam der in skoalle wet en dat
betsjutte ynienen folle mear bern en dêr wienen de masters, de
skoallen en de learmetoaden net op berekkene.
Bûtenpost
De master yn Bûtenpost gie dat oer de fûst, hy hie wol 80
bern yn ien lyts lokaal ûnmooglik om les te jaan en oarder te
hâlden, sadat hy oan‛e drank rekke en de bern mar frij joech
‛omdat de loft blau en de master dronken wie‛. Yn 1808 waard hy
ôfset, en it duorre noch oant 1823 eard der in nije gruttere
skoalle kaam.
Burgumerheide
De bern fan‛e Burgumerheide, wol in 100, hienen alhiel gjin skoalle,
hja rûnen neffens de ynspekteur as wylden om yn‛e heide of joegen
in protte oerlêst, omdat hja nei de omlizzende doarpen stjoerd
waarden om te skoaien.
Yn it begjin wie Kúkherne noch it sintrum, alles gie doe noch
mei‛t skip, mar it slagge, ek mei help fan de ynspekteur, net
dêr in skoalle fan‛e grûn te krijen.
In skoalle yn
Kûkherne soe bern lûke út trije gemeenten, en it wie
ûnmooglik dy trije gemeenten ta in ienriedich beslút te
krijen.
Dat feroare earst doe‛t der in wûnder barde. Der kaam in
strjitwei! fan Ljouwert nei Grins. Dwars oer de heide fan Hurdegaryp
oan‛t de Swarte tille. Dat makke dat der oan beide kanten fan de nije
wei heide oanmakke waard en pleatsen en hûzen boud, sadat de
bewenning no by de strjitwei lâns kaam.
En wûnder boppe wûnder, de kening sels, kening Willem II,
"De held fan Waterloo", kaam yn july 1841 nei de heide en stoppe
dêr efkes, sadat de heidebewenners harren held bewûnderje
en ta jubelje koenen. Fan dy gelegenheid makke de ynspekteur
gebrûk om de kening in petysje oan te bieden, om befoarderje te
wollen dat der in tsjerke en in skoalle kaam op‛e heide, sadat de bern
dy‛t him no tajuichten en dy‛t gjin inkel ûnderwiis krigen, net
opgroeie soenen ta galge en rêd, mar opfied wurde mochten ta alle
kristlike en burgerlike deugden.
Om‛t er bang wie dat sa‛n fersyk by alle drokte útewei reitsje
soe, skreau er fuort ek in brief oan de goeverneur fan Fryslân,
de baron Van Sytzama, en melde him dat hy de kening in fersyk dien hie
ta it stiftsjen fan in tsjerke en skoalle op‛e heide. De kening soe de
goeverneur grif om advys freegje, hy hope op en geunstich advys en
stelde út om it dêrmei ûntsteande tsjerkedoarp
Kûkherne te neamen. Lykwols, ek dat levere neat op.
De oplossing kaam fan in hiel oare kant, april 1842 besleat it
gritenijbestjoer fan Tytsjerksteradiel, om op‛e heide in earmhûs
te stiftsjen foar minsken dy‛t harsels net mear redde koenen. En sa
kaam der net sa fier fan de strjitwei in gebouw mei in romme ytseal,
dy‛t ek wol ta skoalle en tsjerketsjinsten brûkt wurde koe.

De skoalle yn it earmhûs.
Ds. Nieubuur Ferf seach fuort dy mooglikheid en sette alles yn it wurk
om dat foarinoar te krijen.
Hy hie ek al in ûnderwizer dy‛t himsels oanmeld hie, mar dy‛t hy,
as ien fan syn learlingen ek tige goed koe en heech wurdearre.
Bouwe Sjoerds Teijema, in soan fan de skoalmaster fan Garyp, dy‛t al
ûnderfining opdien hie yn Suwâld, Tytsjerk, Burum en
Nijegea-De Pein.
De ynspekteur sette fuort útein, al foar dat der offisjeel ta
besletten wie, dat de ytseal fan it earmhûs dêrfoar
brûkt wurde mocht. Mar it gritenijbestjoer en de earmen
kommisje en de provinsjale steaten gienen akkoord. En sa kaam der
in earmenskoalle, yn de ytseal fan it earmhûs; dêr hoegden
de bern, dy‛t dat net koenen, gjin skoaljild te beteljen, en dat hie ek
noch foar dat bern, dy‛t thús gjin of temin iten krigen,
dêr
middeis mei ite koenen.
Folwoeksenen dy‛t lêzen en skriuwen leare woenen koenen
dêr jûns les krije en sneins waard itselde lokaal
brûkt foar in tsjerketsjinst. De lange tafels en banken koenen
gewoan stean bliuwe, as de itenspannen opromme wienen, kamen de
inketpotten op‛e tafels of sneins de psalmboekjes. Sa sjogge jo wat in
goede ûntsluting foar in achterbleaungebiet betsjutte kin.
De19-de novimber 1843 waard master Teijema oansteld as tydlik
skoalmaster en boekhâlder foar de earmfâlden en op 6
desimber waard de skoalle troch ds. Nieubuur Ferf iepene, doe wienen
der al 91 learlingen, in hiele opjefte foar sa‛n jonge master, hy wie
doe 23 jier. As ‛provisioneel‛ fertsjinne hy ek noch hast neat,
mar hy hie frije kost en ynwenning yn it earmhûs. En de earmbaas,
Jan Visser, hie twa grutte dochters, en mei Minke de âldste koe
hy tige opsjitte. As by‛t simmerjûns it wurk dien wie, swalken
hja
graach tegearre oer de bloeiende heide, sadat de tiid dy‛t hy wachtsje
moast op in fêste oanstelling en in goed traktemint him net
lâng foel. Yn desimber 1844 wie it safier, de kening hie 200
gûne subsydzje tasein, doe moast der noch in ferlykjend examen
ôflein wurde, en 31 maart 1845 krige hy syn fêste
oanstelling as ûnderwizer fan‛e 2-de rang, dêr‛t hy krekt
ek examen foar dien hie, en yn augustus waard hy ek lid fan it
widdowfûns, in teken dat hy net fan plan wie om frijgesel te
bliuwen.
TSJIPKE FOLKERTS
FENNEMA
In Skoalmaster yn it begjin fan de 19-de Ieu
De oare kears seagen we al dat it skoalmastersfak hiel wat fan in
minske ferge, dêr wie lang net elk geskikt foar. Fansels wienen
der gjin twa gelikense, mar omdat we se net allegear besprekke kinne ha
ik der ien útkeazen: Master Tsjipke Folkerts Fennema út
Sumar. Net omdat it sa‛n "geweldigen" is mar krekt omdat hy sa
typearjend is foar de masters en de omstandichheden fan syn tiid, de
earste helte fan de 19-de ieu.
Tsjipke Folkerts, wie al jong skoalmaster wurden. Hy wie it al yn 1806
doe‛t de earste ûnderwiis wet kaam en doe wie hy noch mar 20
jier, hy hie der ek net foar leard.
Mar de wet fan 1806 skreau foar dat hy in rang hawwe moast. Dat de
dûmny fan de gemeenten Sumar,Garyp en Earnewâld, W.
Beekhuis, dy‛t doe ‛Schoolopziener" wie naam him in examen ôf en
ferliende him dêrneffens de 4e rang. Dat wol sizze dat hy knap
lêze en skriuwe koe, en de bern de begjinsels fan taal en
rekkenjen by bringe koe. Genôch foar in begjinnende
ûnderwizer, mar it wie fansels net de bedoeling dat it
dêrby bleau.
Mar it wie de grins fan master Fennema syn kapasiteiten, mear hie er
net leard en oan fierder learen kaam er net ta. En dochs wie hy sa‛n
iverich en goed skoalmaster, dy‛t sa goed mei bern omgean koe, dat de
skoalle ynspekteurs, Beekhuis en letter Horatius Nieubuur Ferf him net
ôfsette woenen.
Master Fennema hâlde skoalle fan allerheljen oan‛t
âldemaaie. Yn maaie kamen der gjin bern mear, dan wie it
waar al sa moai dat de lytse bern wol bûten boartsje koenen, dus
wat soenen se dan noch yn dy stjonkende skoalle. En de grutteren
moasten dan noadich heit en mem helpe om troch de tiid te kommen, dat
dy bleauen ek wei.
In skoalmaster moast ek ite. Hy sil grif en stikje bou of in tún
hân hawwe. Fierder fertsjinne er de kost mei fiskjen mei
fûken en dôbers op‛e mar, en as los arbeider,
skieppeknipper, of ûngetider by de boer, en by‛t hjerst en winter
mei it jeijen op einen en guozzen, de slachpennen koe hy dan wer oan de
bern ferkeapje foar pennen, ek de inket makke hy sels. Hy wie dus neist
skoalmaster in drok beset man. En blykber koe hy der fan
rûnkomme, want 25 septimber 1808 troude er mei Foekje Minzes van
der Sluis. En yn 1810 hienen se al twa jonges.
Men lêst fan him net dat er, sa as meastal mei skoalmasters, der
ek koster, deagraver, kloklieder en foarsjonger by wie. Dat makket dat
ik tink dat er master wurden is omdat hy lichaamlik net goed bysteat
wie it swiere boere wurk te dwaan, en dus ek kosterjen, deagraven en
kloklieden him te swier wie. Dat hy net bêst sjonge koe, wurdt
troch de ynspekteurs wol opmurken, as de bern mar goed lûd songen
fûn hy it al moai.
Ds. Beekhuis jout as beskriuwing: in boersk mantsje, klaaid yn boere
klean, op klompen, dy‛t hy folstoppe hat mei strie om gjin kâlde
fuotten te hawwen. Mei in grutte keppel bern, yn in ald hok mei in
liemen flier, in iepen fjoer yn‛e midden en in gat yn it dak
dêr‛t de reek ta‛n út moat, de doar stiet midden yn‛e
winter yn‛t wiidst iepen oars soenen de bern smoare. De bern sieten op
lange banken, mei har skoallebakje, in houten doaske mei in skodeksel
dêr‛t se it skriuwark, laai en griffel, papier,guozzefearren en
inketpotsje en learboekjes yn meinamen, op‛e knibbels, omdat der gjin
of temin tafels wienen.
Spelend leren.
Hja hienen ek net allegear deselde boekjes. Guon
brûkten noch it
âlde Hoanneboek.
Wylst masters en ynspekteurs leaver de nije methoade "Spelend
Onderwijs" fan ds Jan Hendrik Nieuwold fan Wergea brûke woenen.
Guon boekjes wienen al hiel âld en wienen troch heit of mem of
pake of beppe en hiel wat omkes en muoikes ek al brûkt.
Earmoede en ûnbegryp makken dat it ûnmooglik wie jild te
finen foar ien goede methoade foar allegear, en boeken fan de
skoalle.
Op 24 juny 1815 krige master Fennema in rûnskriuwen oerhandige
troch master Bosma fan Eastermar, dat hy nei it lêzen te hawwen,
neffens it roaster dat der ûnder stie, wer fierder bringe
moast nei Earnewâld, nei master Zwaagman. Dy siet yn‛e
ûngetiid en die him it lêzen net oantiid, sadat hy
Fennema de brief fuort mar mei wêrom joech, en dy levere him noch
de selde deis wêr yn by ds Nieubuur Ferf yn Burgum.
It wie in oankondiging fan ds Nieubuur Ferf, dat hy no yn it plak fan
de ferstoarne ds. Beekhuis troch de kening oansteld wie as
‛schoolopziener‛ en wat fan plannen as hy dêr by hie. Dat hy him
mei ds. Visser fan Warns en ds Nieuwold fan Wergea al lang ynspand hie
foar better ûnderwiis. Dat de ûnderwizers, dy‛t har
fansel ek ta it úterste ynspanden ta better ûnderwiis, fan
him op in krêftige stipe rekkenje koenen.
Nieubuur Ferf neamde yn in brief oan it grietenijbestjoer yn 1818: In
Suameer is de school zulk een bokkinghang, dat ik niet begrijp hoe de
kinderen het er in uithouden, daar de deur midden in de winter wijd
open staan moet, zullende de kinderen niet verstikken, om van andere in
het oog loopende gebreken maar te zwijgen. En yn 1820: Het
schoolgebouw, de meubelen en het onderwijs in Zuidmeer
zijn zo boven alle beschrijving slecht, dat het welzijn van het
opkomende geslacht de tussenkomst van het grietenijbestuur aldaar
dringend vordert.
Hy makke him dan ek tige drok om in bettere skoalle en in better
salaris foar de skoalmaster, dy‛t wol te min oplieding hie, mar fierder
tige syn bêst die en net ûnbekwaam wie. Hy woe dan ek dat
master Fennema in jonge helpûnderwizer neist him krije soe, mei
tredde of noch leaver twadde rang sadat de kwaliteit fan it
ûnderwiis ferbetterje soe. Want hy koe der net takomme om
him ôfsette te litten.
Dat slagge op‛tlêst beide. Yn 1827 kaam der in nije skoalle mei
skoallehûs. En in traktemint fan 120 gûne en frij wenjen,
dat wie earder 30 gûne en dan moast er sels in hûs
hiere. In geweldige ferbettering foar master Fennema. It hie sa
moai wêze kinnen, mar hy hie yn novimber 1824 krekt syn frou
ferlern. Dat hy kaam as widdener yn it nije hûs dêr‛t hja
sa nei útsjoen hienen.
Mar hy troude yn it selde jier mei in Eelkje Stel út Jistrum. En
troch in fersyk fan de ynspekteur en it gemeentebestjoer oan de kening,
krige er der ek noch 75 gûne jiers by út de steatskas.
Sadat er no foar syn dwaan in rejaal ynkommen hie.
Hy naam net in helpûnderwizer, mar joech al syn oare wurk deroan
en sette him alhiel yn foar de skoalle. Sa dat de skoalleopsjenner net
oars dwaan koe as syn iver priisgje.
Dat foel mei syn âlderwurden en it tannimmende tal bern
noch net ta. Oan nije fakken sa as natoerkunde, ierdrykskunde en
skiednis kaam er alhiel net ta.
Hy en ek de measte âlden fûnen dat ek alhiel net nedich. Dy
bern wisten folle mear fan de natoer as de measte stedske boekje
skriuwers. En wat moasten dy bern, dy‛t faaks har hiele libben net
fierder kamen as it eigen doarp, har tiid fergrieme mei ierdrykskunde!
Mar de pleatslike tasicht kommisje, Hindrik Krol en Albert Jelmers de
Boer en de ek al griis wurdende skoalleopsjenner, lieten it der net by
sitte. Master gie achterút, it tal bern naam ta, der moast in
helpûnderwizer by fan minstens tredde rang en dat koe no‛t de wet
feroare wie út de grietenij kas.
De grytman wie it der net mei iens. En dus waard it fuort neat. En
master Fennema sette allinne troch, oan‛t hy op 23 jannewaris 1847 yn
Huzum, der‛t hy by syn soan Wolter op besite wie, ferstoar noch mar 61
jier âld
Noch in pear opmerklike skoalmasters binne de Beerda‛s.
Teake Reints Beerda waard yn 1805 skoalmaster yn Driesum. Hy kaam doe
fan Gruttegast en wie oansteld as foarlopich ûnderwizer, mar
fêst fan plan om it fierder te bringen, en oertsjûge dat
der in protte oan it skoalle-wêzen en ûnderwiis ferbettere
wurde moast. Hy wie ien fan de oprjochters fan it
ûnderwizersselskip, it waard by him oan hûs oprjochte en de
skoalleopsjenner, dûmny M. Martens fan Holwert, wie dan ek tige
oer him te sprekken.
Problemen kamen der, doe‛t yn 1815 dûmny Nieubuur Ferf
skoalleopsjenner waard.
Hy hie de ûnderwizers fan it selskip, dat by toerbeurt by ien fan
de ûnderwizers oan hûs gearkaam, oanrêd, om dan ek de
skoalle fan dy ûnderwizer dêr‛t hja gearkamen te besjen.
Beerda hie grutte beswieren en wegere, mar koe dat net folhâlde
en moast belies jaan.
Yn maaie 1819 moast Beerda foar it kantongerjocht ferskine om him te
ferantwurdzjen oer in klacht fan de kastlein yn Driesum, dat hy him en
syn dochter, in famke fan 9 jier, mishannele hawwe soe. Beerda waard
net skuldich befûn, mar wol feroardiele ta de kosten fan ƒ 25.
Ds.
Nieubuur Ferf fertroude it net en liet him by him thús foar it
ferhoar komme. Master betsjoege it famke straft te hawwen en nei
hûs stjoerd, mar doe wie de heit, mei tefolle drank op, by him
kaam en hie him bedrige. Beerda hie him mei de tange ôfward, de
man wie dêrby stroffele en hie de holle beseard. Dûmny en
master tekenen dy ferklearring, mar dûmny liet it der net
by sitte.
Hy frege om in kopy fan it presesferbaal fan it kantongerjocht, dat
waard him wegere. Doe besocht hy it by de tsjerkerie fan Driesum, want
hy hie heard dat Beerda ûnder sensuer steld wie en fan it
avondmaal weard. No dat wie ek sa net, de tsjerkerie hie him fermoanne
en Beerda hie betterskip tasein.
Dûmny kriich oplêst dochs in kopy fan it
kantongerjocht. En doe klage hy Beerda oan by de provinsjale
kommisje fan ûnderwiis, Beerda woe wol omlyk en sei betterskip
ta. Mar it oardiel fan dûmny Nieubuur Ferf oer Beerda wie sa
geunstich net as dat fan syn foargonger.
Gedrag: verdacht; ijver: matig, een oploopend en kruiperig man.
It bûtere net sa tusken de master en de skoalleopsjenner en dat
waard net better doe‛t de tsjerkerie fan Driesum, op oanstean fan
master Beerda, yn 1827 de skoalle ferboude, sûnder de
skoalleopsjenner dêr berjocht fan te dwaan.
Ds.Nieubuur Ferf yn syn eare oantaast en ferwoest!
Doe waard yn 1831 it ynintsjen tsjin pokken ferplichte. In protte
minsken yn‛e Dokkumerwâlden hienen dêr gewisse beswieren
tsjin. Master Beerda en syn soannen, Julle yn Kollumersweach en Reint
yn Suwâld hienen dy beswieren ek.
Master Reint Beerda yn Suwâld wie de fûlste en krige
dêrom al yn 1838 syn ûntslach en moast fierder as
mostermûnder en keapman yn moster troch de tiid.
Julle makke yn Kollumersweach gjin spul en besocht de ferplichting
safolle mooglik te ûntdûken.
De skoalleopsjenner klage master Teake Reints Beerda yn Driesum oan,
mar de goeverneur makke der noch gjin drokte om, hy krige in
warskôging fan de grytman, en dêr bleau it by.
Der wie ommers in probleem, der wie noch gjin learplicht. As
âlden de bern net ynintsje litte woenen, en dat woenen de measten
net! En master se dus net op skoalle talitte mocht, dan hâlden se
se thús en dan miste master it skoaljild, en ûntstie der
faaks in "illegale" skoalle.
Mar doe‛t der yn 1842 wer in goarre fan de pokken kaam en in protte
bern en folwoeksenen de poksykte krigen, waarden de regels en it
tasicht ferskerpe en rûnen Teake en Julle Beerda beide tsjin‛e
lampe, omdat se, wollens en wittens, net yninte bern op skoalle
hienen. Hja wienen net de ienigen, ek yn Damwâld,
Ikkerwâld, Burdaard en Westereen wie dat sa.
De skoalleopsjenner klage doe master Teake Reints Beerda, 71 jier
âld, oan by de provinsjale kommisje, om him wegens bedroch,
opsteande foet, sûnder pensjoen, út it amt te setten. Dat
barde net, der waard in pleatslike kommisje fan tafoarsjoch oansteld,
dy‛t der omtinke moast dat master Beerda him oan de wet hâlde,
sadat hy noch 4 jier folmeitsje mocht.
De wiere reden ûnder de kwesjes tusken ds. Nieubuur Ferf en de
Beerda‛s wie, dat hy it grut foarstander wie fan better
ûnderwiis, yn bettere skoallen, tsjin folle better salaris. En
dêr die er ek syn úterste bêst foar! Mar dan wol
iepenbier ûnderwiis neffens de wet en ûnder tasicht fan de
steat, dat wol sizze, fan de skoalleopsjenner!
En de Beerda‛s wienen it folsslein mei him iens oer better
ûnderwiis, skoallen en salaris, en it wienen goede skoalmasters,
mar hja hienen har by de ôfskiedenen foege, tsjerken by
dûmny Van Velzen yn Droegeham, en wienen foar in kristlike
skoalle ûnder ferantwurdlikens fan de alden. En dat wie nei it
oardiel fan Ds. Nieubuur Ferf, sektaryske driuwerij.
It wienen dan ek net allinne de Beerda‛s, dy‛t mei de skoalopsjenner yn
konflikt kamen. Ek de skoalmasters fan Damwâld en Ikkerwâld
hienen dy problemen en dat joech in flinke oanfarring mei master
Feenstra fan Ikkerwâld, dy‛t neist syn skoalmasterskip mei in 150
learlingen, ek noch boer wie en fransk, latyn en wiskunde studearre. Dy
weage it om wat te skriuwen tsjin in stik fan dûmny J. van der
Zwaag fan Foudgum en Raard en dat skeat de skoalleopsjenner alhiel yn
it ferkearde kielgat.
Earst besocht hy it mei ‛freonskiplike fermoanning‛; doe mei in ekstra
kritysk besyk oan de skoalle; en doe‛t dat master Feenstra ek net ta
oare gedachten bringe koe, klage hy him oan by de provinsjale kommisje.
Mar de kommisje krige yn dy tiid safolle fan dat soart klachten,
dy woe gjin maatregels nimme tsjin masters dy‛t fierders goed
ûnderwiis joegen.
Master Teake Reints Bearda stoar 4 july 1846, 75 jier âld, syn
soan Jan, dy‛t al help ûnderwizer by him wie, hja hienen
dêr mear as hûndert bern op skoalle, folge him
‛foarriedich‛ op yn Driesum. Ut de rede, dy‛t ds. Nieubuur Ferf yn
augustus fan dat jier op de jiergearkomste fan it
ûnderwizerselskip hâlde, blykt wol dat it ferstjerren fan
master Beerda, ûndanks harren mienings ferskillen, him lang net
kâld liet.
Dochs waard Jan Beerda net de opfolger fan syn heit yn Driesum. Soks
moast de offysjele wei lâns en dat betsjutte sollisitearje en in
ferlykjend eksamen.
En hoewol Jan de twadde rang hie, en ek de skoalle al in jier op‛e noed
hie, en krekt de haadpriis yn in wedstriid yn ‛schoonschrift‛ wûn
hie; der waard in oaren keazen. Ek dêr sil it feit dat hy
Kristlikgriffermeard wie grif yn meispile hawwe.
DUMNY -
SKOALLEOPSJENNER HORATIUS
NIEBUUR FERF
Ik kin my foarstelle dat guon fan jim sizze: "No, fan dy man ha we no
al safolle heard." Dat is ek sa, mar dat wie wol wat iensiedich
en die gjin rjocht oan de betsjutting fan dizze man foar de wide
omjouwing, troch syn skoalleopsjennerskip foar it fjirde district yn
Fryslân; Tytsjerksteradiel, Dantumadiel, Achtkarspelen,
Kollumerlân/Nij-Krúslân en in part fan
Smellingerlân, en syn posysje as Dûmny en aktyf
foaroansteand lid fan de doarpsmienskip yn Burgum.

Horatius waard 17 septimber 1776 berne yn Ljouwert.
Dêr folge hy de legere en latynske skoalle, en gie doe nei Utert
om godgeleardheid te studjearjen. Dêr promofearre er yn 1799 op
in proefskrift oer: De Berchrede fan Jezus yn Matteus 5-7.
Op 18 maaie 1802 die hy, as kandidaat, syn yntrede yn Molkwar, en op 25
septimber 1806, as dûmny, yn Burgum. Dêr wurke hy net
allinne
as moderne dûmny fan‛e Grinzer rjochting, dy‛t hiel goed preekje
koe. Hy die ek mei yn it Nut, en soarge mei foar in Nutssparbank yn
Burgum: "ter bevordering van nijverheid, spaarzaamheid en verbetering
der zeden," en dêrfoar stimulearre en holp hy ek mei oan it
oprjochtsjen fan bybleteken yn Burgum, Trynwâlden en
Eastermar.
En dêrneist wie hy dus fan 1816 ôf oant 1857
skoalleopsjenner fan it fjirde distrikt en lid, en faak bestjoerslid,
fan de provinsjale ûnderwiiskommisje.
Dat we safolle fan him witte, en fan syn skreppen foar better
ûnderwiis foar de bern, bettere skoallen om les yn te jaan, en
better salaris foar ûnderwizers, om sa de kwaliteit fan it
ûnderwiis te ferbetterjen, dat komt omdat hy alles dat hy die,
foar de ynspeksje, byhâlde yn in "memoriaalboek" ek
ôfskriften fan‛e brieven dy‛t hy ferstjoerde.
Ferskate minsken ha dêr gebrûk fan makke foar
stúdzje oer de skiednis fan it ûnderwiis.
Ut de artikels fan master Bos, P.L. van Eck jr., en J. van der Bij,
dy‛t dat memoriaalboek bestudearre hawwe, kriget men in aardich
dúdlik byld fan dizze dûmny-skoalleopsjenner,wat him
dreau, wat hy berikte, en wat wurdearring hy dêrfoar krige.
Men moat dat dan ek sjen neffens de tiid dêr‛t hy yn libbe. It
ein fan de 18-de ieu, doe‛t hy as jonge yn Ljouwert libbe, wie in tiid
fan ekonomyske achterútgong, ûnfrede tusken ‛patriotten‛
en oranjeklanten, dy‛t útrûn op de revolúsje, de
Bataafske republyk, de franske tiid ûnder Napoleon, dy‛t it
lân frijwat útrûpele; oan‛t yn 1813 it keninkryk
Nederlân ûntstie, en men tochte dat alles no wer better
wurde soe, "lykas by âlds".
Mar âlde tiden komme nea
werom! It lân wie earm, en it oansjen en de betsjutting fan
Nederlân yn‛e wrâld wie sterk fermindere, de hannel moast
alhiel fan‛e grûn ôf wer opboud wurde. Doe kaam der noch
oarloch mei België, dat ynpleats fan better
waard it al mar minder, de leanen wienen noch hast itselde, de prizen
mear as twakear sa heech. Tsjin dy achtergrûn moat men ek it
tsjinakseljen fan tsjerke en gritenijbestjoeren sjen, tsjin it
ferheegjen fan de salarissen en it ferbetterjen fan de skoallen. De
Suwâldster ‛commitearden‛ ferklearren yn 1824 dat hja ek wol
seagen dat it sa net langer koe, mar hja hienen it jild net! En faak
seagen gritenijbestjoeren ek wol dat der wat barre moast, mar dat stie
dit jier noch net op de begrutting en hja hienen neat oer.
Tsjin dy hâlding moast de skoalleopsjenner oproeie, want hy seach
it as syn ferantwurdlikens, dat der oan de wetlike noarmen foldien
waard.
Omdat de wet fan 1806 hast syn iennige stipe en boarne fan arguminten
foarme, wie hy ek deadsbenaud foar frijheid fan ûnderwiis.
Foaral omdat hy bang wie dat dan al syn skreppen om‛enocht west hie.
Yn 1841 skreau hy: Nog nimmer begon ik in nieuw jaar onder donkerder
uitzichten voor het schoolwezen, dan dit welk ik nu ben ingetreden.
Terstond na de aanvaarding van de regeering van koning Willem 2 verhief
zich de luide kreet: "Vrijheid van Onderwijs!" in een menigte
petitiën van Roomsgezinden, op aanblazen van paus en Jansenisten.
Hy wie blykber allinne bang foar de roomsken, want oer Groen van
Prinsterer en de ôfskiedenen praat er net, mar Groen wie
doe ek noch foar in Herfoarmekristlike iepenbiere skoalle en dat wie ek
it ideaal fan Ferf. Dat blykt foaral út de rede, dyt hy
hâlde by it feest ta eare fan syn 25 jierrich jubileum en syn
64-ste jierdei yn 1840.
"Over het allergrootste belang van een
echt godsdienstige vorming der jeugd."
Hy set dêr yn útien dat de bern net allinne kennis
bybrocht wurde moat, mar dat ek harren "zeden", foarme wurde moatte, en
dat dat fierwei it bêste kin troch se kristlike neistenleafde by
te bringen en foar te libjen en har it foarbyld fan God, de al Goede,
en fan Jezus, it grutte foarbyld fan genede en neisteleafde foar te
hâlden. Hy wie der ek foar, dat men de lessen mei in earnstich
gebed begûn, en om de bern dêrfoar yn‛e goede stimming te
bringen, earst in psalmferske song.
En dat men ek de lessen mei in tankgebed en sjongen fan in psalm of
gesang ôfsluet.
Ek moasten hja net allinne "vaderlandse" mar ek bibelske skiednis
leare, troch har ferhalen út de bibel te fertellen. Dêrmei
woe hy de ‛driuwers ‛, dy‛t in kristlike skoalle woenen, de wyn
út de seilen nimme. De skoalle moast iepenbier wêze, dus
foar elkenien, mar net ûnkristlik, mar geskikt foar kristenen fan
alle nominaasjes, herfoarmen, luthersken,
menisten, sûnder de neidruk te lizzen op de ferskillen, mar op
wat yn it algemien foar wier oannaam waard. Sa woe hy de ienheid yn
doarp, tsjerke en skoalle bewarje.
De ûnderwizers út syn distrikt ferearen en tanken him
tige. En mei rjocht, want hja hienen in protte oan him te tankjen,
dochs misten der in pear op syn feest, dy‛t net meidwaan woenen
"oan it
ferôfgoadzjen fan de skoalleopsjenner". Soks rekke him pynlik,
want hy wie alhiel net in man dy‛t op eigen rom útwie, mar krekt
alles oer hân hie om harren in better libben te besoargjen. Dat
hy dêrby ek grutte fouten makke hie, wie hy him wol bewust. Hy
wie
in taaie trochsetter, dy‛t it himsels en oaren net maklik makke, mar
dêrtroch yn syn distrikt en yn de provinsje in protte foar it
ûnderwiis berikt hie.
Haadynspekteur Wijnbeek beoardiele him yn 1845 sa:
Bejaard, doch nog vol vuur en een levendige belangstelling voor
verbetering van het onderwijs. Doch deze schoolopziener is
bevooroordeeld ingenomen met hetgeen hij noemt de leerwijze van
Nieuwold en wil met onverbiddelijke strengheid, dat men zich daaraan
houdt. Sommige onderwijzers kennen die leerwijze niet. Anderen, die
niet van stilstand in het onderwijs houden volgen een verbeterde
leerwijze, in spijt van het drijven van de schoolopziener.
Dûmny Horatius Nieubuur Ferf lei syn amt as skoalleopsjenner del
yn 1857, hy wie doe 81 jier, it kin om syn sûnens west hawwe. Hy
ferstoar 6 septimber 1859.
Dat Albertom tige ynteresjearre wie yn polityk wist ik troch in
ferslachje fan him, dat hja nei in gearkomste fan de A.R.
kiesferiening yn Burgum west hienen, ik tink fan foar in sprekkerij fan
Ds. A.S. Talma yn 1901. Yn‛e tritigerjierren siet er blykber mei yn it
stimbero. No‛t we midden yn de ferkiezings sitte, is dit wol in aktueel
ûnderwerp.
Hoe kamen we oan stimrjocht?
It rjocht foar guon minsken om te stimmen en har eigen wrâldske
en geastlike lieders, rjochters en prysters te kiezen is wierskynlik
folle âlder as de skreaune skiednis.
It heart by ferienings en dat model foarme de basis fan de
‛demokraatsy‛, (bestjoer troch it folk). Dat harket moaier as it wie en
is,
want meastal wie in grut part fan de befolking (earmen,froulju,
bern, slaven, frjemdlingen) dochs útsletten fan kiesrjocht.
Mar dat it oan de basis fan ús kultuer stiet, dat lêze jo
yn de Edda: as der wat bysûnders barre moat, dan komme de goaden
(de goadinnen likegoed) yn gearkomste byinoar en nimme besluten. It sil
by ús ek sa west ha, dat alle warbere man opkaam op de
lândei en dêr syn stim útbrocht. Dat sil by ‛foar‛of
‛tsjin‛ roppen dien wêze en dat wie dus stimme! Sa gie it
teminsten by âlds op Iislân, en noch net sa lang lyn ek
noch op plakken yn Switserlân.
Of‛t de minsken dêrby allegear gelyk achte waarden, is tige de
fraach. Dat liket wierskynliker by de ûntginning fan de
feankontrijen, de tige lykmjittige ferdieling fan it te ûntginnen
gebiet, wiist op gelykberjochtichheid fan de dielnimmers. Dy sille
harren belangen yn gearkomsten besprutsen en by mearderheid fan stimmen
besletten hawwe. En dêrút ûntstie ek it idee dat
hja, de eigeners en dielnimmers yn de ûntginning, it dêr
foar it sizzen hienen. Dat hawwe hja mooglik net iens doe betocht,
faaks wie it ‛altyd al sa west‛ dat it rjocht om mei te beslissen
bûn wie oan it eigendom fan de grûn. Doe‛t dy grûn ek
de grûnslach fan de belêsting waard, waard it noch folle
dúdliker. Dyjingen dy‛t belesting betellen, mochten mei beslisse.
Stimrjocht yn Fryslân nei 1500
Yn de oantekens is in artikel oer ‛Het Stemrecht in Friesland‛ sa te
sjen oerskreaun fan Petrus Wierdsma syn boekje mei de selde titel
út 1792. Koart gearfette:
Doe‛t de Saksers, hjir baas waarden, hienen hja sward de Fryske
frijheden en gebrûken te respektearjen en de belesting net te
ferheegjen, mar foar har oarlogjen hienen hja altyd temin jild, en it
systeem dêr‛t yn Fryslân de belesting neffens betelle waard
foldie de Saksers net. Yn 1511 moast, ûnder eed, fan elke pleats
de hierwaarde yn florenenen oanbrocht wurde, en neffens dy florenen
waard tenei belesting betelle.
Doe‛t Karel V hjir baas waard wie der ien probleem dêr‛t hja it
net oer iens wurde koenen.
Wa beneamt de prysters, en oare legere
geastliken yn doarpen en stêden? Omdat de keizer krap siet, wie
hy nei lang ûnderhanneljen ree,
it rjocht dat hy dêrop miende te hawwen, ôf te stean
en it te litten sa‛t it wie. Dat waard dêrby fêstlein en
dêrút blykt dat stimrjocht hienen: "Heerschappen,
eigenerfden, huisluiden en andere inwoonderen hebbende schotschietende
huizen ofte ploeggangen." De eigeners fan belesting beteljende
hûzen en lânnen hienen stimrjocht. Dat bleau sa yn de
republyk.
Dizze ‛floreenplichtigen‛ waarden de woansdeis foar de earste moandei
yn febrewaris, troch kloklieden byinoar roppen, en brochten dan har
stim út, ‛sûnder oansjen fan stand of steat‛ en de measte
stimmen jilde. Dat waard de manier wêrop de pryster, de
tsjerkfâlden,de doarpsrjochter, de grytman en syn bysitters, en
de ôffurdigen nei de steaten (de folmachten) stimd waarden.
De eigeners, en dus besochten de adeliken safolle mooglik hûzen
en dus stimmen yn besit te krijen. Under de republyk wienen der safolle
klachten oer, dat der yn 1640 aparte stemcohieren foar elk doarp
fêstlein waarden. Mar doe gie it der dus om of‛t in stim yn it
cohier stie en net of‛t der belesting op betelle waard, dat joech noch
mear mooglikheid ta sjoemeljen, troch de stim allinne op it
‛hoarnleger‛ it oarspronklike hiem te lizzen, en dat te ferhieren foar
net te folle, en it lân mei de lesten te ferkeapjen en sa in
protte stimmen en dermei in protte macht te sammeljen, sûnder
belesting te beteljen of folle grûnbesit te hawwen, dat sette dus
it oarspronklike systeem op‛e kop. Doe‛t der yn 1748 oproer
útbriek, mei oer ditsoarte misstannnen,
waarden de stimmen wêr safolle mooglik op de hiele pleatsen
lein. Sa gie it oan‛t de Bataafske republyk.
Yn it keninkryk
Nei 1813 wie der earst ‛census‛ kiesrjocht, dat wol sizze dat allinne
minsken mei foldwaande oplieding en fermogen kiesrjocht hienen. Dat wie
minder frjemd as it liket, want wy ha yn de stikjes oer de
ûnderwiistastannen sjoen, hoe min de oplieding fan it sljochte
folk wie, fierwei de measten koenen lêze noch skriuwe.
Mar troch better ûnderwiis feroare dat hurd, en dêrtroch
easken en krigen hieltyd mear minsken stimrjocht, oan‛t yn 1919 sawol
de manlju as de froulju, boppe de 25, letter 21 en noch letter 18
jier, aktyf en passyf stimrjocht hienen, dus stimme meie en stimd
wurde kinne, foar gemeenterieden, steaten, twadde keamer, of Europeesk
parlemint.
Mar yn it doarp hienen nei de fransketiid de floreenplichtigen it noch
altyd te sizzen.
De skoalle en de tsjerke waard noch oant 1887 ta, bestjoerd troch de
floreenplichtigen, en dat wienen op in protte plakken de
grutgrûnbesitters, faaks guon dy‛t alhiel net yn it doarp wennen.
Dy beneamden de dûmny en de tsjerkfâlden, en hoechden net
iens lid fan de tsjerke te wêzen!
Sjoch oer de sitewaasje yn Suwâld "P.Datema, Suawoude" siden
29-39.
De tritigerjierren.
Yn de tritigerjierren wie der noch net salang algemien stimrjocht, en
it heucht my dat guon dat stimrjocht foar froulju,(sûnt 1919),
alhiel net sa nedich fûnen, ‛wat ferstân soenen dy fan
polityk hawwe!‛ Dochs moasten doe ek de froulju stimme, der wie doe
noch opkomstplicht, wa‛t net opkaam krige boete. Dus waarden der listen
fan alle kiezers makke, dat ús no in prachtige list fan
de Suwâldsters foar de keamer ferkiezings fan 1937 oplevert.
Op de
alfabetyske list binne de kiezers oanjûn mei kiezersnûmer,
hûsnûmer, en bertedatum; de jongsten binne fan 1912, want
om stimme te meien moast men 25 jier wêze. Alle stimmers dy‛t
opkamen krigen in streepke, sa dat ik no noch krekt sjen kin wa‛t wol,
en wa‛t net stimd hawwe.
Op in aparte list waard oantekene yn wat folchoarder hja opkamen.
Pieter Jelmers de Boer fan nr.1 wie de earste, de twadde wie Binne
Vriezema fan nr. 138, op Aldemiede, de tredde wie ús heit,
Geart E.van der Veen. De lêste mei folchnr. 346 wie Frans Joh.
Bergsma. Der binne frjemde nammen by, dy‛t ik net ken, dêr steane
krúskes by, en op‛e kant fan it blêd is oantekene: "de
namen met een kruisje zijn poldervolk van elders die hier gestemd
hebben." Sadwaande hienen se doe 346 stimmers. Dat wie mear as oars, yn
1933 en 1935 wienen der 306 en 305, yn 1939 330 kiesgerjochtigden,
wêrfan 328 stimden, twa wienen foar de ferkiezing stoarn, in pear
wienen siik, en de oaren "onbekend of afwezich. Likegoed, in opkomst
fan 99%! Jim moatte it al hiel goed dwaan as jim dat yn juny
ferbetterje.
No hie ik yn it stikje oer ferkiezings de stemmingsregeling yn de
Bataafske republyk oerslein, omdat it alhiel ôfwikend regele wie,
en sa faak wer feroare, dat it in hiele protte útlis fergje soe.
Mar no kaam ik yn it Streekmuseum in kopy tsjin fan:
De
Lyst der Stemgeregtigde Burgers
behorende tot de Grondvergadering nom.
4 in het District Tietjerksteradeel, uit welke door de stemgeregtigden,
één tot Ringkieser moet worden benoemd, en de navolgende
vereischten moet bezitten.
Ten eersten, Dat hy zy Stemgeregtigd Burger, staande ter goeder naam en
faam.
Ten tweeden, Dat hy geduurende de laatste ses Jaaren binnen het
Deparement hebbe gewooond en als nog woonagtig zyn moet.
Ten derden, Dat hy behoore tot de Grondvergadering waar uit gekozen
word, ten waare geen drie gequalifiseerde Burgers tot de post van
Kieser gevonden wierden, in welks geval de keuse zal mogen geschieden
uit de geheele Gemeente waartoe zoodanige Grondvergadering behoort.
Ten vierden, Dat hy de volllen ouderdom van 25 Jaren hebbe bereikt.
Ten vyfden, Dat hy ingevolge Art. 26 der Staatsreegeling, en
Stemreglement van den 18 February 1803, in eigendom of vruchtgebruik,
drie duizend guldens aan Vastigheden, niet bezwaard met Speciale
Hypoteecq, en geleegen binnen het Departement, moet bezitten.
En dan folgje de nammen fan de 23 ‛stemgeregtigde‛ Suwâldster
manlju, dy‛t net allegear oan dy easken foldienen, mar immen kieze
moasten dy‛t dêr wol oan foldie. Dy ‛ringkiezer‛ moast harren
fertsjintwurdigje op de districtsgearkomst.
List fan kiesgerjochtigden
| 1
Rindert Wybrens |
7
Ritske Lykles |
13
J.(arig) Eeltjes
|
19
Claas Sytses |
| 2
Albert Clases |
8
Claas Hendriks
|
14
Petrus Ydes |
20
Sye Willems |
| 3
Jacob Clases |
9
Jurjen Andries |
15
Bouwe Johannes |
21
Lykle Allerts |
| 4
Jacob Sybes |
10
Jippe Tsjerks |
16
Hendrik Jans |
22
Claas Allerts |
| 5
Jelle Clases |
11
Theunis Peters |
17
Theunis Durks |
23
Abraham Sytses |
| 6
Rindert Sipkes Algra |
12
Jan Wybrens |
18
Sake Ritskes |
|
1 Rindert Wybrens aldfeint, soan
fan Wybren Rinderts, Gerritsma op nr 11
2 Albert Clases fan de Algra‛s
pleats nr 1
3 Jacob Clases op nr 12, yn1804 nei nr 3 Bosma
4 Jacob Sybes op nr 16, yn 1804 wennet dêr
Lammert Harryts
5 Jelle Clases
6 Rindert Sipkes Algra wenne yn Tytsjerk mar buorke op nr 2
7 Ritske Lykles nr 5
Bergsma
8 Claas Hendriks nr 32 Allema
9 Jurjen Andries nr 10 van
der Wal, yn 1811 yn
Hurdergaryp
10 Jippe Tsjerks
11 Theunis Peters
12 Jan Wybrens nr 24 op âldemiede, Miedema
|
13 J.(arig)
Eeltjes nr 17 opt Heechhiem; van der Kooi
14 Petrus Ydes nr 22 yn 1804
op31 geallimenteerd.
15 Bouwe Johannes nr 4 De Vries
16 Hendrik Jans nr 13 yn 1811 Hurdegaryp?
17 Theunis Durks nr 34 Feenstra
18 Sake Ritskes
Bergsma
19 Claas Sytses nr 30 Aldemiede
20 Sye Willems nr 26 de Boer
Aldemiede kooipleats
21 Lykle Allerts nr 18 Heechhiem
ôfbrutsen
22 Claas Allerts nr 33 ? Aldemiede
23 Abraham Sytses nr 28 Kroodsma Aldemiede
|
de nûmers binne de
hûsnûmers fan de
speciekohieren, de achternamme dêr achter, de namme dy't yn 1811
oannaam waard, foarsafier bekend.
Mar 23 !; der wienen 37 hûzen, en yn guon wol mear as 1 man. In
grut part waard dus útsletten, net omdat hja te earm wienen,
want yn dizze list sitte ek minsken dy‛t troch de diakenij
ûnderhâlden waarden, of net lêze of skriuwe koenen,
mar omdat hja as politykûnbetrouber oardiele waarden, mooglike
oanhingers fan it âlde federale en oranjegesinde bestjoer, dy‛t
de eed fan trou oan de ‛ien en ûndielbere‛ Bataafske republyk net
ôflein hienen.
De ‛grondvergadering‛ bestie út ‛500 zielen‛ en de
districtsvergadering út 40 grondvergaderingen, en
fertsjintwurdige dus lykernôch 20.000 ‛zielen‛.
De grondvergadering stoerde 2 man, in ringkiezer en in ferfanger, nei
de distriktvergadering, en dy stjoerden dan wer in
folksfertsjintwurdiger en in ferfanger nei folksfertsjintwurdiging. Hja
mochten ek oars neat dwaan as dat. Nei de ferkiezing moasten hja fuort
wer útinoar gean. De ‛Bataafske gelijkheid‛ easke dat elk op de
gearkomsten gelyk wie, gjin oerlis mei oaren hie en alhiel nei syn
eigen bêste witten stimde. Elke partij of klykje foarming wie
ferbearn.
En ik fûn ek noch wat werom fan it stik fan Albertom oer de
ferkiezingsgearkomst yn Burgum yn 1901. In úttypt stik fan
Hindrik Algra, dat foar de Nederlandse Gedachten bestimd wie.
It giet oer de ferkiezing fan Ds. A.S.Talma, foar it kiesdistrict
Burgum, dat 5 gemeenten omfette, Tytsjerksteradiel,
Smellingerlân, Achtkarspelen, Kollumerlân en Dantumadiel.
It lân wie doe ferdield yn sokke kiesdistrikten, dy‛t elk ien
fertsjintwurdiger nei de Twadde keamer ôffurdigje mochten. De
fertsjintwurdiger hoechde net út it distrikt te kommen, al
hienen de measte minsken dat leaver wol.
Yn 1897 hie de A.R. kandidaat Jan Durks de Vries, haad fan de kristlike
skoalle yn Burgum it ferlern fan de S.D.A.P. kandidaat Piter Jelles
Troelstra.
Men moast foarkomme dat dat wer barde, want Troelstra wie wer de
kandidaat fan de S.D.A.P. Dêrom moast de C.H.U de kandidaat
fan de A.R. stypje, en dy fielden net safolle foar de griffermearde
master De Vries. De tsjerklike tsjinstellingen wienen sa koart nei de
doleânsje tige grut.
De gearkomste wie yn de no ôfbrutsen Drie Gekroonde Baarzen op de
Daam.
Sa as Albertom al tocht hie, en him ek it bêste like, woe it
distriktsbestjoer de herfoarme dûmny fan Arnhem, A.S. Talma
kandidaat stelle, omdat dy foar de Kristlikhistoarysken ek tige
oannimlik wie en lid wie fan de A.R. Mar in protte yn de seal
woenen dêr neat fan wite. Hja koenen dy man net, en hoe koe sa‛n
man út Arnhem no it distrikt Burgum fertsjintwurdigje, hja
woenen dus master De Vries foarstelle en der waarden noch mear nammen
neamd. It like der op dat hja it net iens wurde soenen.
No wie der yn‛e seal ek in lid fan it
provinsjaal bestjoer fan de Antirevolusjonaire partij, Dr. H.H. Kuyper,
dûmny te Ljouwert, dy‛t fansels net mei prate mocht, mar nei
ôfrin fan de diskusje dochs it wurd frege en krige. Hy lei
út dat as hja in kâns hawwe woenen in ôffurdige nei
de keamer te stjoeren, hja dochs folle mear kâns hienen as hja in
yn it hiele lân bekende en tige wurdearre persoan lykas
dûmny Talma, de foarsitter fan Patrimonium, en in bekende
drankbestrider, kandidaat stelden. Dy soe ommers net allinne de stimmen
fan de A.R. en C.H.U. loeke, mar ek fan in protte oare minsken, dy‛t
leaver net op de S.D.A.P. of de Liberalen stimden. Dat soenen hja mei
in oare kandidaat, foaral omdat hja it dêr net oer iens wurde
koenen, nea berikke. Doe wie der eins wat fersleinens, want elk begriep
dat de man folslein gelyk hie. Doe‛t der stimd waard, krige Ds. A.S.
Talma wol 90% fan de stimmen en waard dus kandidaat steld foar it
distrikt Burgum.
Mei grut sukses. Nei in pear kear sprekken yn it distrikt en diskusjes
mei Piter Jelles Troelstra, dy‛t hij skoan oankoe, wie elk it der oer
iens dat dit de júste man wie.
By de ferkiezing waard ds. Talma fuort by de earste stimming keazen,
mear as 3000 stimmen tsjin goed 1200 foar Troelstra en goed 1100 foar
de Liberale kandidaat De Kanter.
Minister Ds
A.S.Talma
En hy foldie yn it distrikt sa
goed, dat hy ek yn 1905 wer kandidaat steld waard. Fan 1901 oant 1908
wie hy lid fan de twadde keamer, en fan 1908 oant 1913 minister fan
‛Handel Nijverheid en Landbouw' dy‛t in begjin makke mei soasjale
wetjouwing. Yn 1963 ha se yn Burgum in boarstbyld fan him oprjochte.
De krisis fan de tritigerjierren, dy‛t doe faak noch de ‛malaise‛ neamd
waard, makke dat in protte minsken djip yn‛e earmoed rekken, AOW en
bystân wienen der doe noch net, in bytsje steun foar de
wurkleazen, en in pear sinten fan de earmmaster of de diakenije,
dêr moasten de minsken fan rûnkomme, en dat sopke net sa
rom. Nei fiif jier, yn 1934-35 wie de krisis op syn djipst,
dêrnei
begûn it wer wat te betterjen.
Yn dy tiid wienen tochten foar alde minsken wat nijs, dat wie mooglik
wurden troch dat der hieltyd mear auto‛s kamen. De measte âlde
minsken kamen it doarp noait út. In protte koenen net iens fytse
of hienen gjin fyts mear. Nei‛t my ferteld waard wienen der doe noch
minsken yn Suwâld dy‛t yn har libben it doarp oars nea út
west hienen, as doe‛t se nei Burgum west hienen te trouwen! In reiske
fan in hiele dei wie foar har dan ek hiel wat bysûnders!
En reiskes kamen doe, ûndanks de earmoed, yn‛e moade.
Skoalle-reiskes, op‛e fyts nei Skûlenboarch oan de Burgumermar te
poatsjebaaien. Letter mei de bus nei Olterterp.
Reiskes fan de knapenferiening, de "jongelings" -en "meisjes"-
ferienings.
Of in boattocht fan de musykferiening mei de stoomboat de
"Burgemeester" út Garyp.
Yn in bult doarpen waard de alden fan dagentocht in jierliks
útsje foar de alde minsken. Der waard jild foar ynsamle en
minsken dy‛t in geskikte auto hienen, stelden dy beskikber foar minsken
dy‛t min út en yn‛e bus komme koenen.
En yn Suwâld is dat oan‛t yn de tachtiger jierren
folhâlden, en hjir en dêr wurde se noch organisearre, mar
dan foar beheinden of minsken út âldereintehûzen.
Foar it organisearjen waard soms in aparte kommisje oprjochte, mar yn
Suwâld waard it troch doarpsbelang organisearre.
Yn de oantekens fûn ik dit stikje fan
Arjen Veeninga, út
de Burgumerkrante van 25 sept. 1964.
It ferslach fan Albertom, dêr‛t oer
praat wurdt, koe ik yn‛e oantekens net fine, mooglik is it oerplakt mei
kranteknipsels.
Yn it stikje is sprake fan 26 en 31 dielnimmers, yn dat lêste
sille de autobestjoerders mei teld wêze. Ik tink dat de leeftyd
dêr‛t men as âlderein op mei mocht op 65 jier steld wie,
neffens myn administraasje wennen der doe 34 minsken yn Suwâld
dy‛t yn of foar 1869 berne wienen, fansels wienen der guon dy‛t net mei
koenen of woenen, mar de measten dienen blykber wol mei.
It heucht my noch dat ik de oankomst fan de auto‛s en de bus en it
ynheljen mei musyk fan Speelt Wel meimakke ha. Der waard troch ien fan
de dielnimmers, in ferslach fan wat hja belibbe hienen jûn en in
tankwurdsje sprutsen, mar ik wit net mear wa‛t dat die. It soe moai
wêze as der noch immen wie dy‛der foto‛s fan hie. Der sille grif
wol foto‛s makke wêze.
Ek fan de auto‛s ha ik gjin foto‛s fine
kind, wol B-nûmers. En
mooglik in foto fan de bus. It stiet my wol foar dat it sa‛n soarte bus
wie,
In Spyker C 2
Foar safier as ik wit, fan hearren en sizzen, hie Marten Piekstra in
Spyker, wat foar auto it wie in luxe of in bus fan dit model, de
ienige bus dy‛t Spyker makke hat, dat wit ik net.
Hoewol‛t der yn dy tiid noch net folle auto‛s rieden yn Suwâld,
of faaks ek wol krekt dêrtroch, rekke myn broer Daniël, doe
in jonkje fan njoggen jier, doe‛t er sûnder út te sjen fan
it skoalleplein ôf de wei op rûn, by Marten Piekstra
ûnder de auto. De foet stikken en nei it diakonessenhûs.
Nei in pear dagen kaam er mei de foet yn it gips wer thús. En hy
gie noch net wer nei skoalle, doe‛t master Schreiber yn Suwâld
kaam te wenjen, it moat dus yn febrewaris 1932 bard wêze; en it
heucht my dat men it der oer hie, dat dy auto fan Marten Piekstra in
Spyker wie en dat ik dat in rare namme foar in auto fûn, dat like
ommers neat op in spiker.
It stiet my net by dat Piekstra ea in bustsjinst fan Suwâld
út begûn is. Wol dat hy minsken nei Ljouwert of nei
Tytsjerk nei de trein brocht. Hy hie mooglik 2 auto‛s, mei de
nûmers B-3658 fan 1920 en B-15889 fan
1931(http://www2.tresoar.nl/kentekens/)
De aldenfandagen tochten binne noch in moai skoft trochgien, yn
"Suwâld Bylden fan Alear" stiet in foto fan de dielnimmers oan in
tocht yn 1963.
It is altyd in toer om de minsken op âlde foto‛s teplak te
bringen as de nammen der net by steane. Wy moasten eins nochris in
jûn of dei belizze, dêr‛t alle minsken út
Suwâld mei alde foto‛s mei ûnbekende persoanen byinoar
kamen, om te sjen oft we se teplak bringe kinne; twa witte mear as
ien!
Doe‛t der hieltyd mear auto‛s kamen waarden foaral yn de gruttere
doarpen de kolonnes sa lang, dat it ta gefaarlike sitewaasjes late, sa
gefaarlik, dat it yn guon gemeenten ferbean waard mei safolle auto‛s yn
kolonne te riden. Dêrby kaam dat de soasjale needsaak ferfallen
wie, om‛t hast elk sels in auto hie, en aow en pensjoen, sadat men net
mear by de doarren lâns hoefde om jild foar in reiske foar de
alde minsken byinoar te heljen.
Sturtswylje
It rint mei dizze stikjes út de oantekens fan Albertom nei de
ein. Dit is dus noch wat sturtswyljen, as jimme teminsten noch witte
wat dat is.
Wat der noch oer is, is in stikje nei oanlieding fan in ûngelok
dat yn it lêst fan syn libben him yn Suwâld foar die. It
ferdrinken fan twa jongkeardels yn it Nijdjip op pinkstermoandei, 29
maaie 1944.
Der wienen doe noch net folle swimbaden, en ek gjin skoalleswimmen, wy
moasten it ússels mar wat leare mei help fan âldere bern.
As lytsje bern poatsjebaaiden we yn‛e nije sleatsjes by de nijewei
lâns, en letter meast yn it baaiersplak yn‛e skipfeart. As je
dêr no komme kinne jo je net yntinke dat dêr ienris skippen
farre koenen, en dat dêr in moai plak te baaien wie mei sawat 80
sm wetter.
It kaam ús as jonkjes fan in jier of tsjien oan it boarst ta.
Doe‛t we wat swimme koenen swommen we ek wolris yn it Nijdjip,
dêr wie it wat djipper, mar men koe it dêr yn‛e midden
dochs wol bedjipje.
Letter swommen we op‛e Suderein yn it kanaal, ik wie doe tolve jier
tink ik, ik moast earst wol in proef fan bekwaamheid ôflizze!
Twa fan de aldere jonges namen my mei nei de midden fan it kanaal en
lieten my dêr los, ik moast sels mar sjen dat ik wer by de kant
kaam. No dat is sûnder ûngelokken slagge, oars hienen
jim dit no net lêzen.
It heucht my noch dat wy yn‛e Bolderen hearden dat der yn Suwâld
twa jonges ferdronken wienen, en dat ik my doe net foarstelle koe,
hoe‛t dat barre koe, as it dêr net djipper wie as heechstens 1,20
meter, it wienen gjin lytse bern mear.
Mar it is fansels altyd mooglik dat der ergens in djipper plak wie, en
it wie noch maaie, dan is it wetter ek op in waarme dei noch frij
kâld, mei in flinke kâns op kramp foar guon dy‛t net went
binne te swimmen.
Yn it berjochtsje yn de Ljouwerterkrante stiet ‛boerenknechts‛, mar
neffens de leeftiid kinne it ek beide ûnderdûkers west
hawwe.
Dit
ûngefal komt sa yn de oantekens foar:
Den 29 mei 1944 2de pinksterdag heeft te Suawoude zich een droefig veit
doen voorkomen 2 jongelingen gingen in de namid te baden in het
Niewediep even ten zuiden van het betonbrugje bij de ruigfenne, en niet
kunnende zwemmen en het water te diep, zijn jammerlijk verdronken. De
ene hete Sietse Wijbenga van Giekerk wonende bij Klaas Hulder oud 15
jaar en de andere Dirk Greidanus wonende bij Klaske Hulder, wed. G.
Fekkes oud 20 jaar afkomstig van Winsum.
Yn de Ljouwerter krante fan 31 maaie 1944 stiet dit berjocht:
Suawoude 29 mei: Twee boerenknechts, de 18- jarige D. afkomstig fan
Winsum en de 16-jarige S.afkomstig fan Giekerk en werkzaam bij de Wed.
Fekkes en K. Hulder alhier gingen hedenmiddag baden in het Nieuwe diep
onder Suawoude. Daar zij niet op tijd thuis kwamen te melken, trok men
op onderzoek uit. Toen men de kleeren achter de polderdijk vond vreesde
men het ergste en ging aan het dreggen. Vrij spoedig werden de
drenkelingen gevonden, doch de levensgeesten waren bij beiden reeds
geweken. Beiden waren de zwemkunst niet machtich.
Sa as jo sjogge is der in lyts bytsje ferskil yn de leeftiden yn de
beide berjochten.
En dan noch in kranteknipsel fan 16 augustus 1963 fan Arjen Veeninga,
mei as titel "Ooievaars". Ik nim it hjir mar oer sa as it der stiet,
want in foto is net goed mooglik troch de plakbân dêr‛t it
mei ynplakt is.

Ooievaars.
Toen ik enkele dagen geleden las van het terugbrengen van een jonge
ooievaar in het nest te Oudega, kwam bij mij in herinnering een geval,
nu 60 jaar geleden, met twee jonge ooievaars. De boerderij van onze
buurman werd van buiten geverfd, ook kregen de ûlebuorden een
beurt. Nu was er al jaren een ooievaarsnest gebouwd tegen de makelaar
van het achterste (ûleboerd). Al waren de ooievaars en zwaluwen
in die tijd bij ons als jongens, favoriet in de bescherming boven de
andere vogels, de schilder dacht er misschien iets anders over, in elk
geval de beide ooievaarsjongen kwamen naar beneden en het nest werd
gedeeltelijk verwijderd. De jongen moesten dus menselijke bescherming
zoeken en ik had de eer die op mij te nemen.
Een "stukje" in de courant deelde het geval mede, met de aantekening,
dat het zoontje van de dorpstimmerman zich over de jongen had ontfermd.
Wat een eer!
Die eer moest ik hoog houden en nam fol moed de verzorging ter hand;
eerst met wormen en kikkers, later begonnen de vogels al een gedeelte
voedsel zelf te zoeken, maar ze kwamen steeds bij hun jonge baas terug.
Wel kreeg ik af en toe bericht de ooievaars vast te houden, omdat ze
noch al eens een kuikentje bij een kloek weg pikten, ‛t welk met
veer en al naar binnen werd gewerkt.
Vasthouden ging evenwel niet, het zijn vogels die alleen dierlijk
voedsel eten.
Dit werd langzamerhand een plobleem, en over naaar warme streken te
trekken, dachten ze niet!
Een van hen ging het wel iets zuidelijker zoeken, ik meen van naar
Wirdum en kwam bij een slager terecht; die had misschien noch wat
afval. De blijver kon men noch zien lopen, soms naast ons op het ijs in
de dorpsvaart ( skipfeart), maar koude en honger kregen de overhand en
daarmee de dood.
Tegenwoordig zou daar wel een oplossing voor te vinden zijn geweest,
maar 60 jaar geleden was dat moeilijk en er waren immers ooievaars
genoeg, zeker 8á 10 nesten in ons klein dorpje, zodat er door
een jonge vogelliefhebber dan ook geen probleem van werd gemaakt.
16 augustus 1963 A.V.
Safolle earrebarrenêsten ha ik yn Suwâld ek net mear mei
makke, al wienen der doe, yn‛e tritigerjierren, noch wol in pear, mar
ik
doar net krekt sizze hoefolle.
Yn dy tritich jier wie it dus al aardich
ynkoart en doe‛t nei de oarloch de DDT en oare bestridings middels
populêr waarden en ruilferkaveling en djipûntwettering har
leefgebiet oantaasten, liken de ooiefaars alhiel útstjerre te
sillen. Gelokkich binne der troch fokprogramma‛s, lykas it Eibertshiem
yn Earnewâld, noch in pear oerbleaun, en troch it tanimmen fan
natoergebieten, groeit it oantal no wer, sadat jo om Earnewâld en
Beetstersweach hinne no wer gauris ooiefaars weidzjen sjen kinne. En
dat is ek mar goed, want it binne prachtige fûgels, dy‛t by de
minsken altyd heech wurdearre waarden.
DE
FAMYLJE VEENINGA YN SUWALD
Doe‛t Albert Veeninga en Wytske Bosma trouden yn maaie 1890, kamen hja
yn in nij troch Albert boud hûs te wenjen, njonken de skipfeart,
no
Tsjerkebuorren 22. "de katoenen
tsjerke" 
De ‛earste stien‛ is net sa goed mear te
lêzen, mar der is noch wol út op te meitsjen dat er lein
is yn 1890 troch syn skoanâlden Tryntsje Daniëls van der
Meulen en Jan Petrus Bosma.
Hjir op'e foto yn 1900 of
1901 mei trije fan harren
pake en
beppe-sizzers Antsje Veeninga, en de
twilling
Hinke en Petrus van der Meulen
Omdat der yn dy tiid noch net in boufergunning fereaske wie, dat kaam
earst yn 1903, witte we net folle fan de bouwurken dy‛t hy yn dy earste
jierren boude, der sil grif boud wêze, allinne witte we net wat
en troch wa.
De tsjerke
Wol lêze we dat hy tige aktyf wie op tsjerklikgebiet. By de
stifting fan de Griffermearde tsjerke yn Suwâld yn 1894 wie hy
diaken, omdat hja doe noch gjin eigen gebou hienen, kamen hja earst
gear
yn‛e pleats fan Van der Laan, en doe‛t dy ferkocht waard oan W. Mulder,
fan 1895 oan‛t 1899 yn de timmerwurkpleats fan Albertom, dy krige de
namme "katoenen tsjerke", omdat it plak fan gearkommen mei dekkleden
ôfskut waard.
Ut de jierferslaggen 1920 - 1942 blykt dat hy ek noch tsjerkeriedslid
wie fan 1919 - 22;1928/29;en 1931 - 34.
En út in krante berjochtsje fan 1934, oer it 25 jierrich
jubileum fan de begraffenis feriening, blykt dat hy dêr al dy
jierren foarsitter fan west hie.
De skoallen
Hy wie in grut foarstander fan Kristlik ûnderwiis, en hie in
protte belanstelling yn ûnderwiis en skoallen en de
skiednis dêrfan, sa as we sjoen hawwe út syn stikjes oer
"Skoalletastannen". Al foar dat der in Kristlike skoalle yn
Suwâld wie, stjoerde hy syn soan Arjen nei Tytsjerk nei de
Kristlike skoalle. Hy wie fan begjin ôf lid fan de feriening foar
Kristlik ûnderwiis yn Suwâld, levere de banken foar it
needlokaal by de Griffermearde tsjerke, dêr‛t de skoalle
úteinsette; hy bea de bougrûn oan foar de skoalle en
mastershûs, makke dêr bestek en tekening foar en hie it
tasicht op de bou dêrfan. Hy siet fan it begjin oan yn it
bestjoer, earst as lid, al gau as foarsitter en oan‛t 1918 as
skathâlder. Yn 1922 bea hy de skoalferiening de grûn oan
foar de nije skoalle, no de Suderfinne.
De buorren
Foar 1910 stienen der yn de buorren, fan de skipfeart oan‛t de
griffermearde tsjerke oan beide kanten noch dikke iken beammen.(sjoch
it plaatsje yn "bylden fan alear") foto 16. Oan de súdkant
rûn in sleat en it lân dêre wie leech, neffens Datema
wie it útfeante, neffens de lêste foto yn "bylden fan
alear" wie it in poel.
Albertom kocht it lân yn 1909 fan W.Mulder en 3 jannewaris 1910
joegen B & W tastimming foar it dimpen fan de sleat en it roegjen
fan de stobben. De beammen wienen blykber earder al kapt. Mei
grûn fan hegere stikken ten noarden fan de buorren waard de sleat
en de poel dimpe en it lân ophege en geskikt makke foar
bouterrein.
As men de lêste foto yn "bylden fan alear" sjocht, soe men sizze
dat it as in soarte wurkferskaffing útfierd waard. Wol 20 man
oan it wurk yn‛e winter, dat wie de muoite wurdich! Mar der is yn it
gemeenteargyf en yn it tsjerke-argyf gjin spoar fan te finen.
Allinne yn de Ljouwerter krante fan 8 maart 1910 stiet in berjochtsje
oer dizze grûn ferpleatsing. Dat ien fan de arbeiders, in J.v.d.W
by it ferfier fan sân mei kypkarren op smelspoar, tusken twa
karren beknypt rekke en dêrby in djippe fleiswûne en in
brutsen skonk oprûn. Dr. Hingst ferliende earste help.
Sa ferrûn it wurk dus net sûnder tsjinslaggen en
ûngefallen, want it seldsum hege wetter fan begjin febrewaris,
wol 90 sm boppe A.P. sil ek wol in strop west hawwe.
Mar like goed begûn de hûzebou yn‛e buorren al yn april
1910 mei it hus, no nr. 28; dernei folge in slachterij, nr. 46 foar
Bouke Boonstra yn 1913; in winkel foar Dirk W.Bergsma, nr. 30, yn 1914.
Yn‛e oarloch stoppe it even. Yn 1918
in dûbel wenhûs foar widdo A.R Kooistra, nrs. 42/44 en in
hûs mei postkantoar foar de Widdo A.Geertsma, nr. 40, yn 1919; in
wenhûs mei winkel en bakkerij, nrs 32-34, yn 1920; yn 1923 in
bargehok en yn 1925 in skuorre mei feestalling achter nr 28; yn 1926 in
winkelhûs foar Kobus Hiemstra, nr 26; doe wie der noch 1
bouterrein oer, en dêr boude Sipke Visser yn 1938 in hûs
op.
Sa wie troch it stribjen fan Albertom it oansjen fan de buorren fan
Suwâld gâns feroare.
1910 wie dochs in drok jier want doe waard oan
de oastkant fan de wei in skuorre mei feestalling boud achter it
hûs, nr 57, dat yn 1901 boud wie foar dumny J.R. Kreulen,
as men de styl fan dat hûs ferliket mei dat fan nr 22 wit men
fuort wa‛t it boud hat.
En yn de nacht fan 3 op 4 septimber brânde de pleats
dêrneist, bewenne troch de famylje Andringa, troch heabroei
ôf. Troch kordaat yngripen fan oerbuorman Jan Scholte, dy‛t de
brân fernaam en der doe fuort hinnegie en de ruten ynsloech, sa
dat de minsken wekker waarden en troch de ruten ûntsnappe koenen,
wienen der lokkich gjin persoanlike ûngelokken. En ek dy grutte
pleats moast foardat de kei op stâl koenen wêr opboud
wurde. Yn de Louwerter fan 25 oktober 1910 stie in nijsgjirrich
berjochtsje, dat de stienparrebeammen neist de pleats, dêr‛t alle
bledden troch de brân ôfskroeid wienen, no stienen te
bloeien. En sels yn in efangeeljesaasjeblêdsje yn Hollân
waard dat oanhelle as in blyk fan "nei libben út de dea."
Ek yn de twintigerjierren waard der noch hiel wat boud, dochs gie it
saaklik net sa goed mear, it waardeleas wurden fan de russyske spoarwei
oandielen, en it fallyt gean fan in pear minsken, dêr‛t hy yn de
goede tiid boarch foar wurden wie, makken dat hy en syn frou yn in
keamer by syn dochter Nynke en skoansoan Warrentje Kamminga de
lêste jierren fan har libben slite moasten. Syn soan Arjen, dy‛t
al in skoft yn it bedriuw meiwurke, sette nei 1 jannewaris 1927 it
bedriuw troch.
Wikemuoi, dy‛t wat swiersettich wie, koe min oer dy tsjinslaggen, mar
Albertom bleau oan‛t syn ferstjerren yn 1944, warber foar it doarp en
de polityk en syn skiednis stúdzje. En dêrmei ferlear it
doarp in man dy‛t him, salang as hy dêr wenne, tige ynset hie
foar de mienskip en it oansjen fan it doarp belangryk feroare hie.
DE FAMYLJE ARJEN VEENINGA
Arjen Veeninga wie as jonkje frijwat beheind,
troch te lytse heupkûmen wie syn iene skonk langer as de oare,
dêrtroch koe er min rinne en dat wie eat dêr‛t yn dy tiid
noch neat oan te dwaan wie, as in dikkere soal ûnder de skoech.
Doe‛t hy yn Tytsjerk op skoalle gie, waarden se dêr dan ek hinne
brocht mei in hûnekarre. De ald hûn wie hast blyn sadat de
karre ek alris yn‛e sleat bedarre. Omdat syn heupen net rjocht stienen
fergroeide ek syn rêch.
As bouvakker, op‛e steiger of yn it swiere wurk wie hy net geskikt. Mar
hy koe goed leare en lei him as architekt mear ta op tekenjen en
boukunde as op timmerjen.
Sa as we yn it stikje oer de oaiefaars al seagen, wie hy in leafhawwer
fan fûgels, in echte fjildman. Hy mocht graach aaisykje en jije,
hie dêrom altyd in jachthûn, en hâlde thús
kanarjes en dowen en koe eins alle fûgels, planten blommen en
bisten dy‛t er yn it fjild tsjinkaam.
Arjen Veeninga en Tryntsje Bakker mei harren dochters flnrj Joke, Nynke
en Wytske.
Lykas syn heit sette hy him ek tige yn foar it doarp, de tsjerke,
skoalle, en polityk.
Sa wie hy riedslid foar de Antirevolusjonaire partij fan 1939 oan‛t
1940 en fan 1946 oan‛t 1953. Blykber die hy, foar de pleatslike A.R.
kiesferiening, ienkear yn it jier ferslach fan it wurk dat de rie yn it
ôfrûnejier ferset hie. Dy ferslaggen binne der noch.
Dêr út blykt wol dat hy him soargen makke oer de nei
oarlochse politike feroarings, de sintralisearring en burokratisearring
fan it bestjoer, wêrtroch de gemeenterie allinne noch jaknikke of
neeskodzje mocht op alles dat "den Haach" en de amtenaren foarbakt
hienen. Sa bleau der fan de ferantwurdlikens fan de gemeenterie, dy‛t
neffens de wet oan it haad fan de gemeente hearde te stean, net folle
mear oer.
Ek de manier werop den Haach him bemuoide mei de leanen fan de
arbeiders wie him bot yn‛e wei. It wie doe in skoft net tastien om mear
as it
CAO lean te beteljen! Dat men in minimum lean fêststelde koe hy
ynkomme, mar dat men in
arbeider, dy‛t mear of better wurk levere of mear ferantwurdlikens
droech, net wat, of aardich mear jaan mocht, dat fûn hy alhiel
ferkeard, omdat it minsken ûntmoedige en net útdage ta
better prestaasjes. En fansels ynteressearre hy him tige foar de
boukundige projekten, sa as Eeburght, Hillemastate, Nij Toutenburg en
de drokke gemeentlike wenningbou fuort nei de oarloch.
Mar ek bûten de polityk wie hy tige warber yn it doarps en
mienskipslibben.
Sa wie hy lid fan de reginten fan de Stichting op Toutenburg. Taxateur
foar stoarmfersekeringen en bestjoerslid van de Boerenleenbank, no
Rabo-bank.
As architekt wurke hy al mei fânôf
1922 oan de ferbouwing fan de Herfoarme tsjerke en de bou fan de nije
skoalle, no de Suderfinne.
Yn de tritiger jierren hâlde hy de timmerwurkpleats noch oan foar
oannimmers- en ûnderhâldswurk, ûnderlieding fan syn
mastersfeint Anne fan Dyk.
Yn de oarloch rekke hy ek by it fersetswurk betrutsen, om
ûnderdûkers oan plak te helpen, mei dûmny Pel en G.W.
Navis en moast ek sels noch in skoftsje ûnderdûke.
Yn syn tiid hat er yn Suwâld en de plakken dêr omhinne, mar
ek yn Ljouwert, Snits, en yn Gaasterlân, noch hiel wat
hûzen, pleatsen en oare bouwurken nei syn ûntwerp boud.
Fierstentefolle om hjir op te neamen.
In moai foarbyld fan syn styl út de tiid foar de oarloch is
bygelyks it hûs Noarderein nr 45, boud yn 1928, yn‛e
tritigerjierren grif ien fan de moaiste en rejaalste hûzen fan
Suwâld.
Of it hûs Lânsbuorren 2 yn Sumar, yn 1939.
Hûzen dy‛t no yn euro‛s 100 x safolle opbringe moatte as se doe
yn gûnen kosten.
Nei de oarloch, doe‛t wy yn Earnewarre wennen, wie ús heit
foarsitter fan de boukommisje foar de ferbou fan de griffermearde
tsjerke yn Earnewâld.
De tsjerke waard te lyts en it wie in toer om it jild der foar byinoar
te krijen, dus moast der tige rekkene wurde en in protte frijwilligers
wurk ferset. Hja moasten ek in architekt brûke, dêrom
reizge er nei Suwâld om Arjen Veeninga te freegjen, oft dy dat op
him nimme woe, mar dan wol Pro Deo! It gie troch!! En as jo no yn de
griffermearde tsjerke sitte yn Earnewâld, of yn de herfoarme
tsjerke yn Suwâld, dan sjogge jo in protte oerienkomsten, al is
dy yn Earnewâld wol in stik ienfâldiger.
Arjen mocht dan beheind wêze, hy hie gjin lêst fan in
minderweardichheid kompleks.
Hy wie de earste dy‛t yn Suwâld in auto hie, en in tillefoan,
Suwâld nr 1! En radio en tillevyzje. Dêr blykt út
dat hy net bang wie foar wat nijs en graach mei syn tiid meigie.
Nei de oarloch lei hy him alhiel ta op architektuer, de wurkpleats die
allinne noch ûnderhâlds wurk, oant ûngefear 1955, doe
waard syn sûnens der net better op en stoppe hy der mei, om noch
in jier of wat fan de A.O.W te genietsjen, dochs noch wat goeds dat dy
soasjalisten betocht hienen. Hy ferstoar yn 1965.
Troch dat Albertom mar ien soan hie, en Arjen en Tryntsje allinne mar
dochters, binne der no gjin Veeninga‛s mear yn Suwâld.
Ek Warren en Nynke, dy‛t doe noch neist de skipfeart wennen, hienen
allinne mar dochters, en dy kamen ek allegear bûten Suwâld
te wenjen.