|
Songtekst
|
<< songteksten index |
|
De bugel fan Looft den Heer / Hy wie sa earm as in lūs In lytse klint as āldershūs Wźr't elke sint in daalder wie Wźr't hy tsien broers en susters hie Wźr't sels in mūs gjin krommel fūn Mar by it korps op freedtejūn Fūn hy syn treast yn de muzyk Blaasde himsels fan earm ta ryk Bespile trinten as in fear De bugel fan Looft den Heer Hy hie gjin kāns op in bestean Gjin oare wei as fourt te gean Nei Kanada, in nij begjin De tiid wie aldermachtichst min It doarp begriep it skoan mar sei Jou him by God syn bugel mei Dy freugde sil hy nedich ha Dus fan de boat nei Kanada Klonk oer de haven heech en klear De bugel fan Looft den Heer Hy wraksele op de frjemde grūn Fan iere moarn ta lette jūn Mei frjemdfolk, freonen yn de need Troch winterlān, ūnbidich wreed Faak sleept'er syn ferwrotten lea Mei stean en fallen lāns de dea Mar kaam de maitiid wer werom Dan klonk oer wetter, wāld en blom Yn't lān fan wolf en grizzlybear De bugel fan Looft den Heer No is hy āld, hy hat it hān De sinne skynt yn't fiere lān Noch yn de jūn fan syn bestean Op't nije hūs, syn wrotterslean En komme letter op 'e jūn Soms bylden fan syn bertegrūn En al wat yn't ferline leit Dan strielt er mei ynmoedichheid Syn lytse rykdom fan alear De bugel fan Looft den Heer |
|